| |
| |
| |
Dominy salmasius
Yn ‘It Heitelân’ fan 15 april 1922 freget S.L. wat neiers oer in dominy, dy't fan de stoel ôfkundige, dat er dy sneintemiddeis leaver te Feanwâlden op 'e merke as te Burgum yn 'e tsjerke wêze woe, sadat de middeispreek mar oergean moast. Ut de wurden, wêrmei hy dit sei, blykt dúdlik genôch, dat dizze geastelike hear nimmen oars west hawwe kin as dominy Salmasius, fan wa mear sokke brike setten ferteld wurde. Hy stie lykwols net te Burgum, mar te Ikkerwâlde, yn 't begjin fan de 18e ieu en hy woe graach nei de Burgumer merke ta, dy't yn dy tiid ferneamd wie.
De freger hat it ferhaal út 'e mûle fan syn heit, en no sil it der wol mei gongen wêze as meastentiids mei de teltsjes, dy't ûnder it folk fuortlibje, se feroarje linkendewei trochdat de iene der wat fan ferjit en de oare der wat by makket. Ik fyn b.g. it rymke, dat S.L. oanhellet, yn myn oantekeningen mei Fryske wurden, en wol sa:
Fan 'e middei hoecht nimmen nei tsjerke te rinnen.
Sa'n hûndert slieperige boeren en boerinnen,
Jout hûndert duiten, tretsjinde-heal stoer,
En dy haw ik der sels wol foar oer,
Want ik bin leaver te Burgum yn 'e merke,
As te Ikkerwâlde yn 'e tsjerke.
Dat it oars itselde is, kin elts wol merkbite.
Dy dominy Salmasius skynt in nuver foetfeint west te hawwen, op wa it âlde sechje fan tapassing wie: ‘Hoe groter geest, hoe groter beest’, en al nimme wy oan, dat der folle oerdreaun is yn de teltsjes, dy't der oer him gongen, en dat hy faak op syn rekken krige, wat oaren skuldich wienen, dan bliuwt der jit genôch oer om him plak te jaan ûnder de rare kostgongers, dy't ús Leaven Hear der op neihâldt. Dat syn namme nei twahûndert jier noch net fergetten is,
| |
| |
alhoewol hy no just net safolle bûtenwenstichs útfierd hat, jout ús boppedien in klear bewiis, hoe'n bysûnder plak de dominys altyd mids it Fryske folkslibben ynnomd hawwe. Wol men lêze fan har macht en ynfloed, fan de ferearing dy't se fûnen by har geastelike sibben, dan moat men ‘It Fryske Réveil’ fan Dr. Wumkes nimme. Hjir stiet lykwols tsjinoer, dat de Friezen der ek altyd tige by wienen, as der ris wat mâls of potsichs fan har geastelike foargongers wie te fertellen. Yn de ‘Rimen en Teltsjes’ fan de Bruorren Halbertsma, en b.g.ek yn in boekje fan W. de Jong Jr., dat yn 1840 útkomd is, - ‘De dominys hifke en te licht befûn’ - fynt men hjirfoar bewizen genôch.
It is dan ek maklik te begripen, dat de ferhalen oer dominy Salmasius der by it folk tige yn woenen. Hy wie dochs in man mei grutte jeften, en as er sneins op 'e stoel stie, hie er as preker hast syn gelikens net. Ek wie him fan de hegeskoalle de rop bybleaun fan bûtenwenstige leardens. Mar salang as er dominy te Ikkerwâlde wie, die er yn 'e wike net, wat er sneins de lju foarpreke, en as der jûns let noch ljocht yn syn studearkeamer op wie, dan wisten de minsken hiel goed, dat de boeken dêr gjin skuld oan hienen, mar dat dominy dan mei syn kornútsjes stevich oan 't pimpeljen siet, en dat der allinne oefene waard mei de bibel fan de divel op tafel. Salmasius pielde troch in dei folle mei jeien en fiskjen en it libbe om de pastorij hinne fan einen, gânzen, hinnen en kninen. As it sa ris útkaam doarst dominy ek bêst de herberge ynstappe, net om de oare klanten der út te jeien, mar om sels in bittertsje mei te drinken. Dit ien en oar joech wol tige ergewaasje yn de gemeente, mar nimmen doarst dominy rjucht oan. Foarearst libben de doarpslju, hoewol tige tsjerks, der sels meast noch al rûch hinne, en wa't him skurf fielt, is eang foar de roskaam, dy't dominy soms ûngemaklik brûke koe, benammen as er sneins it wurd allinnich hie. Mar oars wie hy ek altyd wol sa glêd, dat hy der by trochglûpte, as men him te pakken nimme woe, en as hy it yn 'e wike al ris wat bûnt makke hie, dan folge der sneins sa'n trêftige en krêftige preek op, dat hy as in goede harder syn
| |
| |
syn skiepkes wer hielendal ûnder beslach krige.
Ienkear preke dominy Salmasius oer it achtste gebod: ‘Gij zult niet stelen’. Dat noaske de lju goed, want as der al dieven yn de gemeente wienen, dan seach dochs elts syn buorman der op oan. Mar wis foel de koarte en krêftige tapassing op 'e ein fan de preek de measten al wat rou op it liif, doe't dominy beslute mei de wurden: ‘En nu, mijn geliefden! Ik zeg niet, dat gij dieven zijt, maar ik raak al mijn eendjes kwijt. Amen.’
Op in oare kear fernaam Salmasius, dat ien fan de tsjerkfâden wat ryklik op him te sizzen hân hie. Doe't er no de folgjende sneins de tsjerke ynstapte, naam er in âld stik matte, dat by de doar lei, mei nei de preekstoel. Hy hie in taspraak oer de ferdoarnens fan de minsken, en doe it sa te pas kaam, begûn er de smoarge matte op 'e râne fan 'e preekstoel út te klopjen, wylst er útrôp: ‘Zo vol stof deze mat zat, zo vol zonden is de mens’ ensfh. Underwilens stode de moude boppe it klankboerd, mar net in lyts diel kaam terjuchte yn 'e noasters en de eagen fan de tsjerkfâd, dêr't dominy it op munte hie, en dy flak ûnder de preekstoel siet te prústen, dat de triennen as balstiennen him oer de wangen rûnen.
Soms wienen de grappen, dy't Salmasius op 'e preekstoel doarst út te heljen, alhiel ûnfoech. Sa wedde hy ris om seis flessen wyn, mei in rintenierboer, dy'k hjir no mar Westra neame sil, - in man dy't ek yn 'e tsjerkerie siet en dêr't dominy folle mei op en útgong - dat er mei deselde preek it iene diel fan de gemeente oan it laitsjen en it oare oan 't skriemen bringe soe. En hy wûn it ek. De dominys fan dy tiid droegen meast in poeiere prúkje mei in hiersturtsje yn 'e nekke. Under it preekjen kearde hy him no altyd nei de kant fan de tsjerke wêr't de measte âlde wyfkes sieten. En doe preke hy sa ‘beweechlik’, lyk as men alear sei, dat al ringen de bûsdoeken oan 'e eagen kamen. Mar ûnderwilens seagen de oare gemeenteleden in boskje fearren by dominy syn gebearten op syn rêch dûnsjen en koenen har laitsjen net ynhâlde.
| |
| |
Doe't it einlings wat al te slim gyng, naam de tsjerkerie it beslút, dominy ris earnstich op syn tekoartkommingen te wizen. Men hie yn 't fermidden in baas timmerman, in man, dêr't nimmen wat op te sizzen hie, dy't dan mar it wurd dwaan soe. It wie him wol tabetroud, dat hy net te hurd út 'e ein rinne soe.
De baas pakte dominy tige fan de lije kant oan. De tsjerkerie fûn, sei er, dat de harder fan de gemeente him wat mear om syn geastelike skiepkes en wat minder om snoek en bears, hazzen en kninen, hinnen en einen bekommerje moast. Hy wist wol, dat dominy in leard man wie, mar him tocht dat hy yn de lêste tiid de stúdzje al te folle foar de wrâldske dingen ferwaarloaze, en sadwaande it geastelik oerwieht op de gemeente ferlear.
Salmasius liet de baas stil útprate, en doe 't it safier wie, wachte hy noch in toarn mei syn andert. Hy seach fan de iene op de oare, as der noch mear komme soe, mar nimmen die mear in mûle iepen. Doe kaam dominy einlings los, mar sa sêftsedich as men it net fan him wend wie. Syn andert kaam eigentlik del op de fraach, wat de gemeente it leafst hawwe woe: in preek, dy't fan ús Leaven Hear ynjûn wie en rjuchtstreeks fan boppen kaam, of ien, dy gearstald wie mei behelp fan minsklike wiisheid en leardens út tsjokke boeken. Doe't de saak sa foarsteld waard, wie der fansels net folle kar. Elts moast tastimme, dat de earste soart preken de bêste wienen en it meast ta it gemoed sprieken, lyk as dat mei de taspraken fan dominy ek it gefal wie.
Salmasius hie de slach wer wûn, mar it wie de baas noch net moaiernôch. Om te bewizen, dat syn preken him troch de hillige geast ynjûn waarden, die er in útstel. De tsjerkerie mocht de tekst kieze, wêr't hy de oare sneintemoarns oer preekje soe. Mar ... dominy mocht dy tekst foarôf net witte. Dizze koenen se op in pompierke sette, dat hy foar 't earst sjen soe as er al op 'e stoel stie. De middeis soe er dêrnei in bestudearre preek hâlde, sadat elts oardielje koe.
Der sieten freonen en tsjinstanners fan dominy yn 'e tsjerkerie, mar syn útstel waard mei algemiene stimmen
| |
| |
oannommen. Syn fijannen hienen hoop, dat hy stykjen bliuwe soe, en de oaren woenen him ek wol ris te fiter hawwe, want der wie hast gjinien, dy't hy al net ris foar de kroade riden hie. Sadwaande wienen se allegear tige benijd hoe dit útpakke soe.
It waard al ringen ruchtber, wat dominy Salmasius op him nommen hie, sels yn Dokkum en Ljouwert, en mannichten fetten it plan op dy sneins nei Ikkerwâlde te gean. Dominy koe op in propfolle tsjerke rekkenje.
It waard freedtemoarn en de tsjerkerie hie de tekst útsocht, mar bûten de leden wist nimmen dêr fansels wat fan. Doe begûn it dominy dochs in bytsje yn te brânen. Hy bestege meastal net mear dan in foech healoere oan syn preken. Hy naam mar de iene of oare tekst, stelde de gong fan 'e preek sawat fêst en skreau inkele punten op in pompierke. Oan wurden ûntbriek it him noait en sa swaaide hy handich fan it iene punt nei it oare oan it ‘amen’ ta. De stikken, wêryn hy eigentlik neat sei, galme er mei destemear klam út en dy fûnen de hearders soms it moaiste, wylst oaren, dy't om de foarnaamste punten tochten, sizze moasten, dat de preek goed yn elkoar siet.
Mar no soe de reedner neat gjin hâldfêst hawwe! En hy seach ek wol yn, dat der diskear folle fan syn preek ôfhingje soe. As er goed op dreef kaam, soe alles wol goed gean, mar hy hie ek wol ris tiden, dat it fielde, oft syn breinkas leechrûn wie. En no't er begûn wie himsels ûngerêst te meitsjen, koe it wrychtich wol ris misrinne. Hy naam oars wol ris in grut glês brandewyn foar de preek, mar dat doarst er no ek hast net te weagjen. Nee, hy moast besykje wat fan de tekst gewaar te wurden, en de iennichste, dy't him helpe koe wie syn freon Westra. De seis flessen wyn, dy't er fan dizze wûn hie, stienen der noch, en no fersocht er de rintenier om dy de freedtejûns mei him leech te meitsjen. Westra naam it dalik oan, mar lake yn himsels. Dominy soe him net ferrifelje! Hy fette hiel goed, dat it om de tekst te dwaan wie. Him earst fol wyn boarne en dan útkloarkje, mar de boer soe op syn iepenst wêze en neat útlitte.
| |
| |
It kaam lykwols hiel oars as Westra tocht. Dominy skonk wakker yn en prate oer allerhande dingen, mar net oer de preek. It wie de rintenier sels, dy't him einlings net mear stilhâlde koe en frege:
‘Mar hoe komt it no snein, dominy?’
‘Snein? My tinkt fan goed,’ andere Salmasius ûnferskillich en begûn wer oer wat oars. Mar hoe minder dominy, nei 't like, fan de tekst witte woe, destemear oandrang fielde Westra om der iderkear wer oer te begjinnen. Earst hie er it deroer, dat der sokke slimme teksten wienen, doe utere er him, dat dy benammen yn it Alde Testamint stienen, en wylst dominy altyd like ûnferskillich bleau, kaam der al gau de namme fan ien fan de Lytse Profeten út, - yn 't koart sein, doe't Westra nei hûs slingermouke, wienen der jit twa fernoege minsken yn 't doarp wekker. Dominy Salmasius wie yn 't skik, omdat er syn tekst wist, en de rintenier, omdat er miende sa snoad west te hawwen neat te ferblaaien.
Salmasius stapte de sneins fol moed nei tsjerke, wêr't gjin plakje ûnbeset wie. Hy hie it bestek fan syn preek yn 'e holle en soe no ris hearre litte, wat er koe. Mar mei al syn snoadens hie dominy om ien ding, of leaver om ien man net tocht. Dy man wie master, dy't meiïens ek koster en skriuwer fan 'e tsjerkerie wie. Hy hie der op rekkene, dat er wol wat oan dominy fertsjinje koe troch him foarút de tekst te sizzen. Dat wie misrûn, mar hy hie fernomd, dat Westra de freeds ta let yn 'e nacht yn 'e pastorij west hie, en tocht dêrom, dat dizze dominy wol op 'e hichte holpen hie. Mar dêr soe hy in spjeldsje by stekke. Master hie de geheime tekst op in dûbeld feltsje pompier skreaun, en liet dit yn 'e kosterij foar tsjerketiid noch efkes oan de tsjerkerie sjen as alles wol yn 'e es wie. Mei opsetsin skuorde hy doe it wite stik fan 't pompier ôf en gyng nei de preekstoel om de tekst op de bibel te lizzen. Mar hy lei it ûnbeskreaune bledsje dêr del. Dat koe letter in fersin hjitte, mar it soe dominy yn 't earst wis tige fan 't stik bringe en dêrmei hie master syn sin.
Dominy kaam hiel rêstich op 'e stoel en wylst de grutte mannichte tige benijd nei him seach, skynde hy it pompier
| |
| |
foar him net iens te merkbiten. Doe't it oan it preekjen ta wie, naam hy it op, en seach oars net as in wyt blêd. As er al efkes kjel waard, dan murk dochs gjinien dit oan him. Hy kearde earst de iene side fan it pompier nei de gemeente en doe de oare, wylst er mei foarse stim begûn:
‘Mijn geliefden! Hier niets en daar niets, en uit niets heeft God de wereld geschapen...’
Hjirop begûn er te bewizen, dat út neat alles is te meitsjen, en wist ûngemurken op de tekst te kommen, dêr't er op rekkene hie. Nea hie dominy Salmasius sa moai preke, moast eltsenien sizze. It hie suver in wûnder west. Allinnich master hie licht kwea fermoeden, mar doarst neat sizze.
Nei dizze oerwinning duorre it in hiele toarn foardat immen it wer weagje doarst wat tsjin Salmasius yn te bringen. Mar dit waard just it ûngelok foar de man, want hy begûn it no al mâler en mâler te dwaan. En dan like syn kweade geast him oan te trúnjen, om benammen sneontejûns let yn 'e herberge te sitten, of fuort te gean en healdronken thús te kommen. Dit moast dan hjitte om heare te litten, dat syn preken him noch altyd fan boppen ôf ynjûn waarden. Mar it kaam safier, dat er sneintemoarns earst in dikkop jenever ynnimme moast, foar't er preekje koe. En doe't er ris fergeat dat er syn poarsje al hân hie en noch ien naam, kaam er stuitsjende op 'e stoel, en wylst tsjerke en gemeente om him hinne skynde te rûntsjemeallen, foel er op syn bankje del en koe gjin wurd uterje.
Dit wie it ein. Yn april 1726 waard dominy Andréas Salmasius ôfset en fierder swijt de skiednis oer him.
|
|