koe, wiene der ferskate siken, dy 't jitteris besochten by in oar man, dy in grutte namme hie as wonderdokter. Dat wie de âld-soldaat fan Herbayum, in man yn dy tiid hast sa bekend as no it Boerke. Hy joech him lykwols wat mear mei divelbannen ôf, en waard sadwaande folle besocht troch âlders, dy mienden, dat har bern op ien of oare wize betsjoend wiene.
Hiel oars as de dokter wie de âld-soldaat in bot en rau man, dy soms rare útfallen dwaan koe, mar dochs oeral fertrouwen hie. Allinne wenne der tusken Herbayum en Ljouwert op syn slot in Grytman, dy beide gelearde lju skoan koe en se yn 'e rekken hie. Hy wie in man, dy syn hiele libben goed om him hinne sjoen hie; hy wie syn tiid fier foarút yn ontwikkeling, mar hâlde as echte Fries dochs ek wol fan in grapke. No hie hy der al lang smucht op hân, de beide gelearde dokters ris byinoar te bringen, yn 'e hope, dat se mekoars lekken en brekken dan ris goed oplêze soenen, en hy sadwaande noch wat mear fan har kwaksalverij gewaar wurde soe as hy al wist. Mar dat slagge mis, want doe't it him einlings lokt wie de twa dokters mei noch oare gasten tagelyk op it slot te krijen, seinen de hearen gjin boe of ba tsjin inoar. De Ljouwter dokter die krekt oft er de divelbanner net seach, en de âld-soldaat sette in gesicht as in lilke bolle, mar hie oars neat te keap.
Middeis oan tafel sieten de kundige mannen flak tsjinoer elkoar en dêr seach de Grytman foar 't earst, dat se wat mei inoar hiene.
De dokter lei earst syn foarste finger boppe de noas tsjin 'e foarholle. Dat die de âld-soldaat him nei, mar dy brûkte twa fingers. Doe makke de dokter mei tomme en finger in rûntsje, de soldaat makke der twa. De iene pakte no in panne beet en tilde dy yn 'e hichte, de oare die itselde mei in wynflesse. De man fan Ljouwert begong mei syn mes yn syn iten om te prippen, dy fan Herbayum die krekt oft er mei syn mes de oare goaie woe. Einlings knikte de earste syn oerbuorman freonlik ta en dizze die him dat krekt sa nei.
Hjirmei wie it petear ta 'n ein.