kin tinke en prate, mar net skriuwe. Dit ferhaal haw ik diktearre oan De Fil. Dy hie daalk in oplossing. Se giet mei my op toernee. Wy trede tegearre op yn teaters en op merken. Se hoecht net mear de baan op. Wy jouwe tegearre in stripsjo en as lêste giet se op myn kulspien sitten en dûnset dan oer it toaniel. Ik fyn dat prachtich, mar foaral opwinend. Ik wit no pas wat ik mist haw yn myn libben.
As De Fil útdûnse is - en útneukt, sis mar - wurde trije froulju útnoadige en weagje ek in dûnske. Elke kear binne der wol in pear dy't soks wolle. De langst nei it útwrydske is grut hjoed de dei.
Lykas do bin ek ik wer werom yn it âlde doarp. As bargebongel, en as trommel. De Fil jout nammentlik ek in drumsolo op my. It skeat my ynienen yn't ûnthâld dat wy dy bongels ek wol as trommel brûkten. Sa kinst mar wer sjen hoe't de bernejierren in rol spyljen bliuwe. Foar my oars as foar dy. Dat sprekt fansels.
Ik kin dy sizze dat ik folslein gelokkich bin. Nei dy omkearde wrâld fielde ik my al folle better, mar no fiel ik my echt senang. It kin frjemd beteare yn it libben, mar úteinlik giet it om it ultime geniet. Dat winskje ik dy ek. Meist alles brûke wat ik dy stjoerd haw. Fergees. In bargebongel kin dochs gjin rjochten kleme. It kopijrjocht fan de unike kutfoto's fan De Fil en in pear oaren krijst ek om 'e nocht. Se hat it faak oer dy, en dan liket it krekt oft se it oer my hat. Frjemd eins. Ast hjir ris yn Antwerpen bist moatst wis del komme. Miskien kinst wol in foto nimme fan my, of fan De Fil en my as se mei my oer it toaniel dûnset. Dy kin dan moai foar op it boek. De bêste groetnis fan De Fil (al de tredde kear!) en har bargebongel.
(P.S. Miskien bin ik wol ien grut each, want myn hele liif sit fol lytse eachjes, en dêrtroch sjoch ik alles ek tige skerp, mar foaral folle helderder. Skriuw se!).