Haadstik 134
Kopijrjochten op it tredde each
Op 'e nij springt De Grutsk in gat yn de loft. Wat in ferslach, wat in analyzes, wat in konklúzjes. It kin net better. Mei sa'n ferslach is er foar ivich ferlost fan dy ikels achter de buro's. As dit de foarriedige ein is fan de fuortgongsreportaazje, dan is syn stratezjy foar hûndert persint slagge. As se him dêr sjogge as in androgyn boarst mei in kulspien dan wurdt er foargoed in (test)kees foar de wittenskip, en kin er as foarbyld in funksje krije yn it iepenbier debat.
It iennige dat him noch argewaasje jout binne de tinkbylden fan syn psyk oer de publikaasjes. Dit is fansels in heel oar gefal as syn eksmaat út de binnenstêd. Dizze trochdraaide kul en opfokte egomaniak mient echt dat er syn ferhalen brûke kin. En mei! Dit is dochs godferdegodferdegodfer in skandaal. Dy dweil. Fertsjinnet al kapitalen oan syn kees, en nettsjinsteande dat ek noch publisearje wolle yn in fyftich-tûzen-fâld kear op syn minst fjouwer gûne makket twa ton. Kassa! It liket kristenmesiele dy steller wol dy't alles oerskreau en ferkocht as eigen tinkbylden. De Dyk! Eins is it eksakt itselde. Opromje dy hap, it mes der plat yn, en dan draaie. Mar safier hoecht it net te kommen.
It wurdt saak en publisearje op koarte termyn. kontinuaasje fan de sitewaasje. Prachtich. Foaral de foto's fan de ûnderskate kutten hiene yndruk makke. Hy soe dy psyk noch even in briefke skriuwe, dat de oktroai- en/of kopijrjochten yn it besit binne fan de froulju en himsels. Hy moat dy egotripper sa lang mooglik ôfhâlde fan publikaasjes. Der sjit him in nijsgjirrige fraach yn 't sin: wa hat eins it kopijrjocht fan in kut? De eigenares, de heit, de mem, de freon of freondinne, de fotograaf of ien fan de bern? Ek dat is in aardige kees foar it nije wetboek op de eigendomsrjochten fan de dielen fan it minsklik lichem.
Lykas De Grutsk al dien hat mei it meastepart fan de ferhalen sil er ek dit idee mar even droppe by syn notaris. Sokke psiken draaie ommers de hân net om foar in stikje plagiaat. De Dyk út De Snit wie dêr krektlyn wer in typysk foarbyld fan. Sweeslaan mei in oar syn sied of in oar har aaikes, dêr wiene sokken ornaris tige sterk yn.
De Grutsk lek it ferslach op syn tafel, nimt in jonkje om de keel te smarren en dan rint er nei it lêste meterke papiertekst. It ferslach fan