yn de bargen om. De slachter koe der trouwens ek wat fan.
De man rûn nei it betonnen stek dat om it tsjerkhôf boud wie. It foarme de skieding tusken de grêfstiennen yn de greide om de tsjerke hinne en de buorren. De man bleau flak foar in grouwe fjouwerkante peal stean. De oare manlju linen tsjin de auto en wachten. Ien hie de sek dêr't de kat út kommen wie noch stevich fêst. De jonges seagen nei de man, nei de kat en nei de peal. De man draaide de kat noch altiten yn rûntsjes hin en wer. Dy kat moast sa njonkelytsen wol dronken wêze. Op syn minst mislik. Dy kat hie al folle mear rûntsjes makke as De Jelk yndertiid op 'e merke yn de draaimûne. En De Jelk kotste al as in ielreager foar't er fan de weareld rekke en foar dea delfoel.
De man gong skean njonken de betonnen peal stean. De kat draaide al draaiende mei nei bûten. Even like it oft de man wifele, mar dat like mar sa. Want doe ynienen swypke er de kat as in hoepel boppe syn holle. Ien kear, twa kear, trije kear, en dêrnei kletste er de kop fan de kat tsjin de sydkant fan de betonnen peal. De Lytsk hearde it kreakjen fan bonken en tagelyk kleure de peal read fan it bloed út de kattekop. De Lytsk fielde it yn syn eigen holle en de pine fleach him troch it liif. Hy woe raze, en flokke, op 'e man tarinne en him by syn earm pakke. Mar dat wie mar even, want doe seach er ek dy oare learen figueren. Se rôpen ‘okee, dat wie in bêste slach, yn ien kear kroandea.’
Lykas syn maten stie De Lytsk fêstspikere oan de brêge. Se leauden har eagen net. Se hearden noch it kreakjen fan de kattekop en de lêste gjalp fan de kat. Dy lûden hongen noch boppe de stiennen mei goudene letters op it tsjerkhôf. Dy soene der fêst foar ivich hingjen bliuwe. Dêr koe it lieden fan de klok net iens oerhinne komme.
De man smiet de deade kat nêst de auto. Doe fiske ien fan de oaren in farske kat út de sek. En it soe grif net by ien bliuwe. Dizze kat aksele mear tsjin. Miskien hie se al troch wat der barre soe, want de oare katten hiene fansels de lêste gjalp fan de earste ek heard. Dêre djip yn de sekken. It gong sa need dat de man har hast net yn syn macht hâlde koe. Doe barde itselde wer, mei dit ferskil dat der no twa kear tsjin de peal slein waard, omdat it beest noch ferweegde nei de earste slach. It bloed dripte út har bek en fan de peal. Dy waard reader.
Op it eagenblik dat de twadde kat oan barrels slein waard fleach ien fan de freonen fan De Lytsk nei in leuning fan de brêge, gong der heal oer