Se wiist mei de finger, har mûle falt iepen.
De Grutsk is ferbjustere. Hy stiet noch by de doar en sjocht de keamer yn dy't folslein feroare is. De wurden fan de frou hingje noch yn de romte, en de keamer liket foar in grut part opfold mei dy frou. Mei ferwûndering en bewûndering eaget er nei de bank. It is echt it tsjinoerstelde fan it bonkerak. It is wier, syn maat hat gelyk hân. Se is grut, breed, fol, swier en nettsjinsteande dat merkbyt er ien grutte harmony. Dat soks bestiet. Hy hie it net foar mooglik hâlden. Hy skat har op in jier of fyftich, en oan har aksint te hearren komt se yndied út 'e binnenstêd fan de Grutstêd. Hy docht de doar ticht, en rint nei de frou. Hy jout har in hân, en sij stekt har finger út dêr't se noch hyltiten mei wiist.
- Kristenmesiele, - seit se, - dat haw ik ek dien doe't ik oansterkje moast nei de oarloch. Yn it noarden fan it lân haw ik sitten. Op in pleats. En dêr sprongen wy altiten oer de sleatsjes. Dy polsen wiene wat lytser as dizze, en wy klommen ek net omheech, mar wy kamen wol oer de sleat. Sturtsjebrekke fûn ik it handichst. Dan fieldest dy pols lekker tusken dyn skonken. -
Se laket, teart de skammels fansiden en strykt mei har hân oer har krús. Se gibelet.
- Sa sjochst mar, soks ferjitst noait wer. Ik fiel it no wolris temin, - en dan slacht se de rjochterskonk oer de lofter. De frou laket nei him, en wiist wer nei de ljeppers. Se fynt it prachtich. Sa'n fff soe sa'n ljepfideo ris op 'e lokale Grutstêdsinders sette moatte, tinkt De Grutsk. It koe in moaie reklame wêze. In soad lju út 'e Grutstêd sieten ommers yn dy minne jieren yn it âlde lân. Nostalgy ferkocht as de bliksem.
De Grutsk sjocht har nochris op en del oan. Se liket ferdomme op De Het. No hat er it krekt echt yn 'e rekken. It wie de lêste dy't er besteld hie. It tafal spilet him folslein yn 'e kaart. Hy freget har oft se wat drinke wol. Mear foar de foarm, want de measte fan sokke froulju drinke allinne mar wetter, op syn heechst in glês tee. Mar dizze wol wol in gleske bearenburch. De útsûndering befêstiget ek hjir de regel. De Grutsk rint nei de flesse. Hy is benijd. Dit kin wat wurde. - De Kat, - antwurde se, doe't er him niis oan har foarstelde. It sil wol in skûlnamme wêze. Hy hâldt it op De Het, of De Bets. Miskien op in gearmjuks fan beide.