Even letter leit er mei in sigaret en in romerke drank op 'e matras. Foar de televyzje klimme en springe se as gekken. Eins soene der ek hendykeps ynfierd wurde moatte. Sij sprongen eartiids mei aaien yn de pet, soms sels mei ien yn de mûle. Dat wie al even in oare fertoaning. Yn sokke wedstriden soe dat ek bêst kinne. As it misgong en it aaigeel oer de koppen rûn hie it publyk der ek noch mear oan. Foaral foar de televyzje koe it in moai itemke wurde. Aaien yn de earmsholten, yn it broekje, achter de kiezzen of yn in netsje op de kop. Suvere akrobatyk. Oer baarnend wetter springe litte soe ek wol aardich wêze. Dan krige de wedstriid noch wat fan de âlde heroyk. No hat it mear te krijen mei earmspieren en klimtechniken.
De Grutsk freget him ôf hoe't de springers en springsters de eale dielen beskermje, want dy hawwe moai aardich wat te lijen fan dat skuorjen by de peal lâns. Hy fielt it hjir al hast yn syn krús. Hy stelt syn kul gerêst, want dy wurdt troch al dat hin en wer glydzjen ûnrêstich. Nee jonge, polskespringe is foargoed foarby. Op syn heechst ta it rút út, fan tolve heech hjirre. Mar soks kin mei goed fatsoen net mear sport neamd wurde, hoewol't it de lêste tiid in bult dien wurdt. Soms ek wol sûnder in polsstôk. Dan tinke se dat se in pols yn de hannen hawwe. Dan heart De Grutsk de bel fan syn doar. Trije kear, en heel lang oanhâlden. It liket wol in s.o.s. Wa wit, miskien is it wol wer in bonkerak.