| |
Haadstik 94
Yn de grutte giering troch de buorren
Oer de oarlochstiid hearde De Lytsk net sa'n soad. Noch op skoalle, noch thús. Soms fertelde syn heit in spannend ferhaal hoe't se mei it heale doarp yn in âld pream nei de feangebieten fearen en it hele doarp in wike letter de bleek fol hie mei brune blabber, dat oait in kear turf wurde soe. Mar moaier fûn De Lytsk de sturt fan it ferhaal, doe't bliken die dat de pream fol luzen siet en elkenien wiken dêrnei noch tusken de skonken klaude om dy beesten dea te drukken. As der keatst waard
| |
| |
moast der soms even in skoft ynlaske wurde, omdat de keatsers earst even jûkje moasten. Fjirtjin dagen lang die it doarp oars neat as jûkje. De bynamme waard dan ek al ridlik gau feroare yn ‘De jûkers fan Snyp’. Jierren letter kaam De Lytsk dat noch tsjin as er soms yn in oar doarp keatste of gewoan op besite wie.
Yn 't ginneraal moasten dy oarlochsjierren mar gau fergetten wurde. Eins wie it ferbean en praat oer dat ûnderwerp. Ek dy tiid waard bysetten by de saken dy't negearre wurde moasten. Yn de huzen en op de strjitten. Alles wat oerbleaun wie lei oan de eastkant fan de tsjerke. Djip ûnder de seadden.
It doarp hie ek net in soad fersetsstriders hân. In pear wiene krekt op tiid omswaaid, en koene doe letter beweare dat se grutte dieden op har namme hiene. Gjin mins koe dat kontrolearje, want ferset bets jutte geheimsinnichheid. In pear bewearden dat se guon ferrieders en Dútsers yn de dwinger en yn de feart dêrnjonken fersopen hiene. It grutste part fan de minsken yn it doarp koe har swetsers wol. Sokken feroaren dochs net. Ien kear ow-er, altiten ow-er. Se hâlden de bek yn twa hannen. De Lytsk frege him wolris ôf oft sokke swetsers no better wiene as de pear echte foute lju dy't daalk nei de oarloch en ek lang dêrnei der op oansprutsen waarden. De swarthannelers en de ferrieders koene meastens har libben geryflik oppakke, de echte foutparkearders feroaren yn de negers fan it doarp. En dat wie ek ferdealde maklik, want dêrtroch koene de oaren de hannen moai wyt hâlde. Wite hannen hawwe en hâlde, dêr gong it om.
Soms waard immen sûnder oanlieding as fout omskreaun wylst it neat mei de oarloch te krijen hie. Fout hie de betsjutting krigen fan oars as de oaren. As de mearderheid. Yn tinken en gedrach. En it kranksinnige wie dat it blykber ek erflik like, want guon bern fan echte of ûnechte fouten waarden derop oansjoen wat de heit of de mem útheefd hie, of fan wa't sein waard dat se swart wiene. Se feroaren yn frjemdelingen, yn bûtensteanders. Sa waarden se behannele, en soms noch slimmer. Te heech gers en bygelyks pears gers moast ôfsnijd wurde, en as it droech wie útbaarnd.
It doarp bestie út ûnderskate soarten fan lju, en bûten dy rûntsjes libben dan noch de fouten en de minsken dy't derby hearden. Yn it begjin. Letter feroare dat wat, want de minsken ferjitte gau. Mar
| |
| |
helendal fuortstreke waard it noait. Op netferwachte eagenblikken spile it wer op, en spatte de groede iepen. Oan beide kanten. Dan moast it bloed wer troch de strjitten, dan easke de saneamde gerjochtichheid grutte dieden. Bloed en gerjochtichheid liken wol maatsjes. Wat mear bloed wat better de minsken ferjitte koene.
Ien ynwenner út it doarp wie folslein op it ferkearde paad rekke yn de oarloch. Nei ôfrin moast er sels in pear jier sitte. Hy hie gjin Joaden foar fiif gûne ferret, hy hie net swarthannele, hy hie net huorrearre, nee, hy leaude yn it nije systeem út it easten.
Nei dat boetsjen yn de finzenis of yn in strafkamp wie it net ôfrûn, want ôfen ta waard er der noch op oansjoen. Soms syn bern ek, en syn frou. Se wennen in bytsje bûten it doarp, miskien mei opsetsin, mar dêrfan wie De Lytsk net wis. Se wennen yn elk gefal wat bûtenút, en stiene der ek wat bûten. Mar dat kaam net allinne troch dy heit, De Harch. Yn 't algemien ferskeelden se wat fan de oare ynwenners. Se liezen, se hiene in soad boeken. Dêrtroch fêst praten se ek oer oare saken as wat it doarp by de ein hie. It buorfamke fan De Lytsk, De Mar, wist altiten nijsgjirrige ferhalen te fertellen doe't se dêr wurke as skjinmakster en oprêdster.
De frou fan De Harch stie oan skoalle. Se wie fêst de iennige frou fier yn de omkriten dy't in baan bûten de doar hie. Ek dat levere wolris kommentaar op. Eins wie it abnormaal neffens de doarpsbewenners. Ek dat wie oars, en ek dat krige fansels krityk. De wet sei dúdlik dat troude froulju itensiede moasten, en dit frommes stie nota bene yn in skoalle. De oergeunst spatte soms mei it fjoer út de izers fan de hynders troch de buorren. Foaral yn de smidderij fan De Bor. Want dêr waard wat ôfluld troch de mantsjes dy't de put derút hiene, en no allinne noch mar de spikers foar de hoefizers oan de smid oerlangje koene. De Dil, it grutte plysjegeweld, mocht dêr ek graach omhingje. Yn de smidderij fan De Bor wie it waarm, yn allerhande opsichten. Dêr mocht De Dil wol oer.
De Popsk en De Jol stiene ek bekend as fout. Dat hie ek mei de Dútsers te krijen, omdat se beide ferkearing hân hiene mei in Dútske soldaat. Se hiene der grou jild mei fertsjinne, seine de lju dy't alles altiten better wisten. Hoe't it ek lei, De Jol hie in pear moanne nei de oarloch in bern krigen en dat moast wol fan sa'n Dútser wêze, want
| |
| |
gjin ien man makke gading oan dat bern. Guon dy't it ferskil tusken in jok en in hij net iens ûnderskiede koene wisten no daalk dat it in typysk Dútske kop wie. Koart nei dy berte wie De Jol ferhuze. Se hie tefolle lêst fan de minsken. In frou allinne mei in oerwûn bern, en dan ek noch sa'n bern, makke de lju senuwachtich, men koe dat eins net ferneare.
De Jol en De Popsk hiene se kealskeard. Foaral De Meik hie him útleefd. De Lytsk hie it sjoen. Hy koe it nei in pear wurden helendal weromroppe yn syn holle. Foar syn eagen. It wie foar de tsjerke bard. De Fet en De Eel hâlden de beide froulju fêst, en De Meik hie de knipmasine yn syn hannen. Dy hie er liend fan De Aak, de kapper út Rypslop.
De Meik begûn boppe de eagen, en knipte doe dwers oer de holle nei de nekke. It like wol in feartsje. Dêrnei knipte er fan it iene ear nei it oare. En sa skode er oer de hollen as wie er in skiep oan it skearen. De Jol en De Popsk krigen hele frjemde hollen. Dy fan De Popsk like in rûne fuotbal mei twa lytse eagen dêr't se oppompt wurde koe. De holle fan De Jol hie mear fan in sûkerbyt. Doc't se keal wie stuts har noas fier foarút, en eins har eagen ek, want dy stiene foar in part op stokjes lykas by de kikkerts.
Nei it knippen waarden de beide froulju op deselde karre setten dêr't De Meik mei de befrijing foar in bear spile. De Lytsk hie deabenaud west. En eins wie er dat no wer mei dy twa keale froulju. De karre hiene se troch it doarp lutsen, as wie der wer in befrijing. En miskien wie dat ek wol sa foar guon lju. Guon lytse helden sloegen op trommels, en it korps út Rypslop rûn foaroan. De Gal rûn der mei it findel fan de keatsferiening. Ynstee fan de keatsmedaljes hongen dêr no de pjukken swart en blond hier fan de Jol en De Popsk. Yn de midden wiene twa foto's spjelde fan Dútske soldaten. Se hiene in ierappelsskilersmeske troch it liif. Dêrboppe hongen de twa foto's fan De Jol en De Popsk mei in stik karton oer de eagen. Dêrop stie: ‘Wy hawwe ús doarp skjinmakke en ûnduze’.
Nei de optocht waarden de froulju yn de buorren delsetten. De Popsk jankte, mar De Jol stuts de tonge út as ien in skunnige opmerking tsjin har makke. De Lytsk syn heit en mem bewearden dat der wol mear lju sûnder hier omrûnen. Dy hiene it hier ynwiksele foar bûter, foar folle mear bûter as dat fan de Jol en De Popsk. Dat begreep De Lytsk net sa
| |
| |
goed, mar it waard him ek fierder net údein, ek al frege er it hûndert kear.
Nei dy dei sieten foar De Lytsk dy keale froulju foar ivich yn de buorren. Se feroaren yn ûnsichtbere monuminten. Se nestelen har yn syn holle. En nachts begûnen se ek wol te libjen, en te praten. Ien kear miende er dat syn mem dêr yn de buorren siet mei in keale kop. As er letter nei De Aak moast yn Rypslop foar in knipbeurt wie er altiten bang dat dy him kealknippe soe. Hy brûkte ek deselde masine.
Fan fout, heal fout en goed hie De Lytsk net sa'n soad ferstân. De Nus waard bygelyks ek as fout omskreaun wylst dat neat te krijen hie mei de oarloch. De Nus doogde net, omdat er achter lytse jonkjes oan siet. Soms ek wol achter wat gruttere. Hoe't er der achteraan siet en wat er woe waard op gjin inkelde wize útlein. Mei De Nus aaisykje koe net, by De Nus oer de flier komme like ek ûnmooglik. De Nus wie ek fout. Mar oars fout. Oan De Nus siet in stekje los, en dat moasten je dan mar leauwe as bern.
De Nus rûn yn te moaie klean, De Nus hie altiten in soad jild wylst gjin mins wist wat er útheefde yn de haadstêd dêr't er neffens eigen sizzen wurke. Simmers kuiere De Nus as in atleet yn hele koarte broekjes troch de buorren. De Nus hie ek noait ferkearing. De Nus wie al twa kear oppakt. Dat waard beweard, mar nimmen koe sizze wêrom't er oppakt wie. De Nus kaam helendal ûnder fjoer te lizzen doe't er in auto kocht, en der ek noch mei te riden gong. Dêr begreep echt gjin mins wat fan, want auto's bestiene der hast net yn it doarp. In pear boeren riden yn in auto. En De Wal fansels, mar dy hie dan ek in frachtweinbedriuw.
De auto fan De Nus glom, en as De Nus der yn siet glom er noch mear. Foaral as De Nus in sinnebril op die en it dak iepen skode. Dan stiene De Lytsk en syn maten mei iepen mûlen nei dat wûnder te sjen. Ek sinnebrillen kamen hast net foar yn it doarp. Alles byelkoar foarmen De Nus, syn auto mei in iepen dak en de sinnebril frjemde eleminten yn it doarp. Ek as de sinne net skynde. Miskien sliepte De Nus wol mei syn sinnebril op 'e holle, want hy hie him altiten op 'e noas. De Tjit dy't al wat Ingelsk koe lei op 'e buorren út dat it oan de namme fan de Nus lei. As men dat omdraaide stie der sun, en dat betsjutte sinne. Dêr hie dy sinnebril mei te krijen. De Lytsk leaude dat daalk, mar hy
| |
| |
wist ek wol dat De Tjit in grutte fantast wie. Nettsjinsteande dat hie er it fansels moai útfûn, mar it makke De Nus noch frjemder.
Yn it begjin stie de auto fan De Nus allinne mar op syn hiem. Op sneontemiddei en sneins liet er út en troch de motor rinne en ried er in pear meter foar- en achterút njonken syn hûs. Der stiene altiten in soad jonges om hinne, want dy fûnen it allegearre prachtich. Letter krige De Nus autorydles fan De Wal en soms fan syn feint, De Hin. Op in stuit koe er ride en tufte er stadich troch it doarp. Soms hie er wolris in maat by him yn de auto, of ien fan de grutte jonges. Ek dy hiene dan in sinnebril op 'e kop. De Tjemsk hie ek in pear kear mei te riden west. De Kid hie it sjoen. De Nus en De Tjemsk hiene beide in sinnebril op en in sigaret yn 'e mûle. Dat fertelde De Kid, mar De Lytsk leaude it net heal, want neffens him wie De Tjemsk fierste lyts om te smoken.
Nei't De Tjemsk dea wie ried De Ben wol mei yn de auto. No, dat fûn elkenien helendal frjemd, want De Ben boarte meastens mei poppen en teeservyskes. Dy hie eins folslein gjin belangstelling foar auto's. As er mei oaren boarte wiene dat faak famkes. Hy koe net iens keatse en fuotbalje. De Ben wie memmes popke, en moast ek faak krukjedraaie foar syn mem as dy wat naaie woe op de naaimasine. Dat raasde syn mem dan oer de buorren. De measten neamden De Ben dan ek de krukjedraaister, of gewoan De Kruk.
Foar de grutte helden fan it doarp betsjutte de auto fan De Nus in soart fan magneet. Se fûnen him skitterjend, mar se misgunden it De Nus ek wol wat. De Loet hie al ris in auto yn de sânbak by de skoalle tekene en útlein hoe't it wurke mei de rem en mei de gas. Letter hiene der in stik of fiif grutte jonges om hinne sitten. De Loet hie útiein wat er eins fan doel wie. De Lytsk snapte it net helendal doe't De Kid it him fertelde, mar hy koe it wol sa fier begripe, dat De Loet en syn mannen wat fan doel wiene. Se koene der net rjocht achter komme wat der barre soe, want se waarden fansels fuortstjoerd doe't se mear witte woene. Lytse bern en grutte minsken fertelden alles troch, en meastens wie it ek noch de wierheid. Dêr hie de Loet gjin nocht oan.
In pear wiken nei de gearkomste yn de sânbak stiene De Lytsk en in pear maten op in woansdeitemiddei by de garaazje fan it frachtweinbedriuw fan De Wal. Dy wie dwaande mei in âlde Amearikaanske legerfrachtwein. It merk Dodge stie der mei grutte letters op. De Wal hie
| |
| |
har al ris útlein, dat de auto ferskriklik sterk wie, omdat er oandriuwing hie op de foartsjillen. De Hin, syn sjofeur, hie al in pear kear sjen litten hoe't soks wurke. De Lytsk fûn it tige spannend en opwinend. Sa'n autotsjil wie hast like grut as hijsels. En achter sieten wol fjouwer fan sokke meunsters.
De legerfrachtwein moast nei it súden fan it lân, omdat se dêr hast fersopen yn it wetter. De diken soene ophege wurde moatte, en miskien koe de frachtwein ek tsjinst dwaan as ferfierder fan minsken. Op de kaart yn skoalle hie De Lytsk sjoen dat it einen fuort wie, dêre yn it súden. De Hin soe de sjofeur wurde. Hy soe dêr fjirtjin dagen achterelkoar ferbliuwe en wurkje, en dêrnei hie er trije dagen frij. Mei it hin en wer riden kaam dat op fiif. De Hin hie der wol nocht oan. Hy wie frijfeint en wurke leafst dei en nacht.
Doe't De Hin de tredde kear thúskaam mei ferlof nie er in gast meinommen. In frou. Se waard De Zees neamd, nei it lân dêr't se weikaam. Se wie in grutte foarse frou mei prachtich swart hier. De Zees koe heel spannend fertelle oer dy ferskriklike nacht doe't it seewetter oer en troch de diken skeat. Yn it doarp dêr't se wenne hie wie mear as de helte fan de ynwenners ferdronken. Foaral bern en âlde minsken. De âlderen leauden it net en woene mei bidden besykje de ramp te kearen. Dat hie ommers altiten holpen. Diskear hie neat holpen en wie it doarp derûnder strûpt.
De Zees hie ek in eigen taal lykas sijsels op it doarp. As De Zees har taal sprats wie se hast net te ferstean. Nei in skoftsje brûkte De Zees trije talen trochinoar, en dan like it wol oft har ferhalen noch aparter waarden. Meastens siet De Zees yn de sinne, foar har hûs, yn in reiden stoel. Soms lei se ek wol yn in swimpak yn de bleek. Ek dat fûnen De Lytsk, De Kid en syn freonen wol apart. Dat die gjin mins yn it doarp. Guon gongen by't simmer wolris nei see, yn de omkriten fan De Fur, en dan swommen se dêre yn swimpakken en swimbroeken. Mar ien dy't op in gewoane dei yn de wike op 'e bleek lei yn in swimpak wie wol heel bysûnder. As De Zees te boadskipjen gong by de omke fan De Lytsk luts se in soarte fan oerjas oan oer har swimpak. En dan rûn se op houtsje-toutsje-sandalen.
It doarp moast fansels earst ek oan dizze frjemdeling wenne, mar dat gong eins frij fluch, want nei in skoftke leine der al mear froulju heal
| |
| |
neaken yn de tún of yn de bleek. Mei De Zees like it wol oft de sinne ûntdutsen wie. Foaral jonge froulju folgen it foarbyld fan De Zees. De susters fan De Kid diene it ek al gau, en De Las dy't kaartsjes knipte op 'e bussen dy't oer de grutte strjitwei fleagen, rûn ek al ris yn har swimpak troch de tún. Al dy froulju liken soms op De juf Annach, want dan hiene de swimpakken de kleur fan de hûd, in mingsel fan read, geel en brún. De Lytsk fûn dat se der prachtich útseagen. In buorfrou bewearde altiten dat sokke froulju te loai wiene om te wurkjen, mar neffens De Lytsk hie dat te krijen mei oergeunst. It mins hie net iens in swimpak. De Zees hie echt wat feroare yn Snyp.
De Wal wie dwaande en helje ien fan de foarste tsjillen fan de Dodge. Der moast in gat yn de bân sitte. De Lytsk en syn maten stiene der allegearre mei de noas boppe-op. De Wal prate oer de grutte giering en de lytse giering. Hy brûkte allegearre wurden dy't se noch noait heard hiene. De Lytsk genoat derfan. Hy herhelle se soms foar himsels, want allinne de klanken al waard er hyt fan om 'e holle. Dy De Wal en De Hin hiene dochs in prachtich berop. Ut te riden yn sokke grutte frachtweinen mei al dy gieringen en it bûnzjend lawaai fan de motor moast wol heel apart wêze. Dêrby fergelike wie in hynder-en-wein - ek al rûnen der dan twa of mear hynders foar - mar in bernespultsje.
De Lytsk hie it net sa stean op it ferwikseljen fan in binnenbân fan sa'n grut frachtautotsjil. Mei swiere brekizers moast de bûtenbân derôf skuord wurde. Eins barde itselde as by in fytsbân, allinne dit frege sterke earmen. Soms fleagen de brekizers as kattepûlen troch de garaazje. Ien kear hie De Hin sa'n izer foar de kop krigen en leine eefkes letter syn tosken op de betonnen flier. It gebit dat er letter hie stuts er meastens yn de bûse fan syn overal. It slingere him faak los yn 'e bek om sa't er net ophâlde te fertellen. Boppedat koe er sûnder tosken better sjekjes smoke, dan smakke it de helte lekkerder. De Hin hie altiten in sjekje oan syn lippen hingjen en in pear reserves achter de earen. Hy keatste net faak, mar ek dan smookte er gewoan troch en sieten de reserves yn syn pet. Sûnder sigaret koe er net libje. De Lytsk hie him ris frege hoe't er dat nachts die, mar doe hie De Hin ferskriklik lake en sein dat er him dat letter wolris fertelle soe.
As de brekizers troch de garaazje fleagen flokte De Wal as in beest. En raze, dat koe er ek tige goed. De Hin die it wat kalmer oan, mar die
| |
| |
wie dan ek fyn. Fan geboarte sei er altiten. Hy nie der no neat mear te sykjen. Sneins sliepte er meastens, en hy koe ek net in oere sûnder sjekje.
De Lytsk, De Kid en har maten sieten eins op dat geraas en geflok te wachtsjen, want dan gong it need. De Wal rekke helendal gek en focht mei dy rotbân as wie er oan it boksen. Soms pûle de binnenbân al troch de bûtenbân as wie it in term fan in deariden hûn. De bûtenbân woe ûntkomme oan de izeren klam, en De Wal besocht op klompen of mei syn swiere legerkistjes it stomme beest yn bedwang te hâlden. Hy dûnse op 'e bân om, en flokte de jonges ta de garaazje út. Der koene wol deaden falle. De brekizers liken wol wat op de mânske messen fan de slachter.
Ek no seagen se mei ûntsach, niget, nijgjirrichheid en spanning nei De Wal. Se hearden in ferskriklike knal, sadat se allegearre fan skrik achterút stoden. It like wol oft De Wal iepenspatten wie. Eefkes mar, want doe skeat ek De Wal nei de iepensteande doarren. It hie net de bân west dy't útelkoar barste, mar der moast wat oars wêze. Mei De Wal seagen se nei bûten, de dyk op, oer de brêge hinne. Dêr kaam mei in ferskriklik lawaai, noch altiten knallend as waard der sketten, in auto oanjeien.
It wie de auto fan De Nus. It spatboerd oan de lofterkant ûntbruts, en achter him hong in ôfknapte elektrisiteitspeal oer de dyk. Dy hie er fêst ramd. De fonken spatten fan de triedden dy't oer de dyk leine. De Nus kaam yn syn auto as in idioat oer de brêge stowen. Hy fleach fan rjochts nei lofts, soms ried er eefkes op 'e midden fan de dyk. De motor raasde as de sirene fan de BB, de toeter jankte. Foar de tsjerke stiene de grutte helden feilich achter it tsjerkestek. Op de betonpeallen foel de sinne op de bloedspatten fan de kattekoppen. De Nus ried oer de bermpealtsjes dy't as lúsjefersprikjes ôfknapten. De moude út de berm fleach withoeheech. In stik izer fan de brêgeleuning bleau oan de auto hingjen en klettere op de dyk. It reinde fjoer.
Elkenien hâlde de siken yn. Ek de beammen, de peallen yn de bermen en de huzen stiene stokstiif. De fûgels fleagen net mear en sieten op 'e elektrisiteitstriedden. Doe raasde De Wal dat se yn de garaazje komme moasten. Dêr soe it mei sa'n projektyl op 'e dyk it feilichst wêze. De Nus kaam yntusken tichterby. Alles wat fêst stie sneuvele ûnder de
| |
| |
auto. Faak like it dat er yn ien fan de bermfeartsjes stowe soe, mar dan skuorde De Nus oan it stjoer en skeat de auto de dyk wer op. It like op in wyldwestfilm dy't De Lytsk in kear sjoen hie op in film fan it Reade Krús dy't in skoft lyn yn de tsjerke draaid wie. Dêr gong it doe ek need.
Doe't de Nus op de garaazje ôfkaam seach De Lytsk dat syn holle op it stjoer lei. De sinnebril siet op it puntsje fan syn noas en syn hannen hie er njonken syn earen om it stjoer klamme. De toeter jankte oan ien tried troch. De auto like op in kugel út in kattepûl.
De Nus ried yn in blikken deadskiste, want dat er hjir net libben út komme soe koe elk op syn fingers neitelle. Doe't er foarby sketten wie fleagen se nei de dyk. De auto slingere wat langer wat mear, sprong doe ynienen in ein omheech, fleach by it hûs fan De Dil omheech en ried as in steiletonnerider tsjin de gevel fan De Wir en belanne yn it sleatsje njonken it fine tsjerkje Rehoboth, de rudige bonken sa't se altiten seine. Sa fier en net fierder. De auto lei op 'e harsens, de tsjillen draaiden noch en de toeter jankte mar troch. De stilte waard midstwa snijd en ferpulvere.
De hele famylje De Wir skeat ta de doar út. Se hipten as dronken fûgels om de auto hinne. De Wal pakte syn fyts en reesde nei it ûnheilsplak. De Hin die itselde. Beide namen se de brekizers mei. Doe kamen der mear lju foar it ljocht. Elkenien draafde yn de optocht nei de auto fan De Nus. Se woene helpe, se rûkten miskien bloed, en it koe ek fan alles wat wêze.
De Lytsk fûn it janken fan de toeter ferskriklik. It hie echt wol wat fan de sirene fan de BB as dy oefeningen hâlde, en der allegearre frjemde mantsjes troch de fearten krûpten. Dan moasten se de toer feroverje dy't healwei Rypslop stie. Dêr siet in papieren fijân yn. Dy manlju boarten dan as bern soldaatsje. Yn it doarp neamden se dy lju de jildfrettende paadfiners fan de steat.
De Lytsk doarde net rjocht nei de ferûngelokke auto. De Nus soe wol hartstikke dea wêze. Miskien wie syn holle wol fan syn liif snijd sa't se lêstendeis op in film sjoen hiene yn skoalle. Hy koe der net oer. De Lytsk rûn de dyk in eintsje op en hy seach dat De Wisk der mei syn beide hynders oan kaam. De Hin kaam werom. Miskien woe er ien fan de frachtweinen ophelje, de grutte Dodge bygelyks. Dy wie sa sterk as
| |
| |
in dyk, en soe de auto fan De Nus yn in omsjoch op 'e dyk helpe.
De grutte helden dy't achter it tsjerkestek stiene skeaten him foarby. Se keakelen en raasden trochelkoar hinne. De Lytsk rûn werom nei de buorren. Nei't syn pakes stoarn wiene woe er neat mear te krijen hawwe mei deade minsken. En De Tjemsk koe er ek net ferjitte. It gong mar mâl yn it doarp. As it sa trochgean soe koe de grêfdoller wol oan de gong bliuwe.
|
|