kerpûdsjes stowe alle kanten út, mar it papierke dêr't ik om sykje is nergens. De dokter docht alles wer yn myn tas, seit derby, dat it mar moai is, dat ik sa'n gruttenien ha.
‘Ja.’ Wy laitsje.
‘Wêr binne se hinne, Martha?’
‘No, nei Grikelân en Turkije en Finlân en Afghanistan of Mexico en miskien geane se ek noch even yn Bulgarije oan of sa. Se kinne ommers alle kanten út!’
‘Ja.’ De dokter seit dat it de fraach is oft se dat ek dogge, en dan gean ik wer.
‘Oant moarn,’ sizze wy dan.
Op it plysjebureau ha se myn beurs noch net fûn, seit de plysje. Ik rin der elke dei even lâns om te freegjen.
As ik wer ris thúskom, stiet der in auto. Martin tilt in tas út 'e koffer en set him op 'e stoepe del. Hetty stiet yn 'e doar. Se hat in bân om it hier hinne. It rûkt nei kofje as ik deryn kom, en op de tafel stiet in doaze mei taartsjes.
‘Wy binne der wer,’ seit Hetty en tutet my op allebeide wangen, en Martin timmert my op it skouder: ‘Dach Martha, dach Martha.’
‘Hat it hjir altyd sok moai waar west?’ freget Hetty, ‘dan hast it better troffen as wy, net wier Martin?’
Ik knik fan ja. Hetty reaget mei de kopkes en pantsjes om, seit:
‘Hast it wat nei't sin hân?’ Myn holle knikt mar fan ja. Martin komt ek wer yn de keamer, hy moast earst syn hannen even waskje, seit er.
Samar rinne der triennen út myn eagen wei. Se meitsje donkere plakken op myn griene rok. Hetty griemt mei de kofje en ropt: