Carla en har manlju
‘No hoopje ik wol, Martha, datst it paad ek werom fine kinst. It is no tsjuster fansels en ik wit hjir niks.’
‘Bern, mei de eagen ticht,’ skepte ik op, ‘ik bin hjir wol hûndert kear lâns rûn,’ mar ik bleau even stean om te harkjen oan hokker kant as de see wie. Wy gongen goed, strak wie der in krúspuntsje en dan moasten wy rjochts. It koe hast net misse.
‘No ja,’ sei Carla wer, ‘moatst my net kwealik nimme, mar dyn rjochtingsgefoel is no net sa geweldich.’
‘Net sanikje, en oars rinne wy mar wat langer. Wy ha krekt sa lang stil sitte moatten.’
‘It wie in moaie preek.’ Carla suchte.
‘Fûn ik ek, mei dy bekende krystlieten. It is wol altyd itselde, mar it docht my dochs altyd wer wat. Dat “in excelsis Deo gloria” sjong ik trouwens it hiele jier troch as ik yn 'e auto sit en net ien my hearre kin.’
Wy hienen de stap der lekker yn, wynstil waar, it frear wat en it wie stjerhelder.
‘Rinst hjir wol faker allinnich?’ frege Carla en seach om har hinne: ‘Dat soe ik net doare.’
‘Ik ek net, mar no wol, mei dy der by. Ik doar net iens by 't tsjuster allinnich nei it strân. Dan sjoch ik alle peallen foar in man oan en dan bin ik bang.’
‘Soe ik ek wêze,’ sei se, ‘Tinkst noait: dêr stiet in frou, en dy docht my niks.’
‘No ja, dy man hoecht dy fansels net wat te dwaan, mar tinkst doch: wat docht dy keardel dêre en it hert stiet dy stil.’
‘Tryst,’ sei Carla, ‘it soe net sa wêze moatte.’
‘Nee,’ sei ik en wy sloegen rjochtsôf, seinen neat mear.