‘Bist noch al wat fan plan,’ sei er. Hy wie stean bleaun, dêr't er stie, mei syn lege tassen yn 'e han.
‘Och.’ Doe rûnen wy tegearre nei de útdoar. Hy treau der tsjin oan en liet my foar gean.
Hjerst. De wyn sloech ús wiet yn it gesicht en grimmitige wolken stoden troch de loft hinne.
‘Hoe bist hjir?’ frege er.
‘Op 'e fyts. Ik hie allegear fan dy lytse boadskipkes te dwaan. It is my mar neat, mei de auto. Dat doch ik noait.’
‘Ast wolst, kinne wy wol even ergens in kopke kofje drinke. Of hast it net oan tiid?’
‘Jawol.’ Wy sprieken ôf yn 'e Wynberch en ik soe in tafel útsykje, omdat ik der it earste wêze soe. En dan seach er my wol.
‘Ik ha al besteld,’ sei ik. Hy die syn jas út en hong him oan it gewei fan in houten hert. Sjaal der oerhinne.
‘Moai.’
‘Koest dyn auto kwyt? Hjir wat yn 'e buert?’
‘Ja, ik hie gelok. Mar no wit ik wer net oft ik de ljochten wol útdien ha. Ik moat mar even sjen.’ Hy wer oerein, sjaal om, op 'e stoepe stean, in eintsje rinne, ja, it wie yn oarder.
‘Stom,’ sei er, ‘soks dogge je automatysk, en dan witje it net mear.’
‘Wolst der ek wat by ha??’ Ik geat molke yn myn kofje.
‘Nee, no nee.’ Oer in oere wie it hast ek al wer iterstiid.
‘It giet wol goed mei dy?’ Ik seach him oan. Sa