wie krekt oft har wangen út trijehoeken bestienen, sokke nuvere strepen rûnen der troch hinne.
De fruchtegrysmoaldoaze, it pypskom, de watten. ‘Ja, ja, ja.’ Ik koe niks oars sizze, troch in waas siet ik nei myn beesten te sjen.
‘De eagen folgje jo, wêr't je ek binne yn 'e keamer,’ sei Cecile, ‘dêrom haw ik se nei in skoftke yn 'e gongkast setten. Ik koe dy fergrimende blikken net langer ferdrage. Se sille hjirre by jo, dêr't se thúshearre...’
‘Ja, o ja, ja...’ Ik aaide oer de kopkes, de poatsjes, de bealchjes, myn, myn, myn eigen kikkerts, in stik fan myn libben, dêr wienen se wer, hoe wie it mooglik.
‘Binne jo net lilk op my, Martha?’
‘Nee, ik bin bliid. Ik hie tocht, dat ik se noait wer sjen soe...’ en ik tocht, ast aanstûns fuort bist, gean ik der noch in hiel skoft nei sitten te sjen.
‘Dan is der noch in kwesje,’ sei se saaklik. Ik sette de kikkerts op 'e lytse tafel en sij wachte oant ik wer op 'e stoel siet.
‘Jo man.’
‘Is dat no noadich?’ frege ik.
‘Ik ha oars net ien, Martha. Ik moat it kwyt en ik wol it witte. Ik bin hielendal allinnich op 'e wrâld. Mei myn neven en nichten haw ik amper kontakt. En myn hûn is dea. Myn kollega's haw ik net wer sjoen, doe't ik der út gong op it stedhûs mei sykteferlof. Elkenien hat sa syn dingen, is it net sa? Ik wist net dat er troud wie. Hy sei, dat er ek allinnich wie, him sa iensum fielde, dat de muorren op him ta kamen, hiel begrutlik wied er en dat er in frou