Ut 'e ûnderste lagen
(1999)–S.K. Feitsma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 5]
| |
Algemien ynliedend wurd.De ynhâld fan neifolgjende ferhalen, wêryn't de neakene wêzenlikheid (it realisme) op 'e foargrûn stiet, bringt mei, dat net alle wurden en siswizen, dy't wy hjir brûke, like ‘fatsoenlik’ binne, want ek de minder fatsoenlike meitsje diel út fan de soms rûchrouwe taal, troch de ‘legerein’ sprutsen, en wy moatte ‘elke fûgel sjonge litte lykas er bebekke is’. Fan d' oare kant lykwols, d.i. út in taalkundich eachpunt besjoen, kin men der jamk net fan foarby, de sizzenskrêft fan dy wurden en siswizen te bewûnderjen. Faak noch binne se dêrtaboppe de utering fan in ûnbesnoeid, mar boartlik en oarspronkelik fernuft: te geil opskettene útrinders, mar fan in âlde stamme, dy't wy duorjende libbenskrêft tawinskje, rouwe diamanten, yn de weaze fertrape en bedobbe, mar dy't it opfiskjen en beslypjen wurdich binne, om de kroane fan ús einlânske sprake mei op te sieren en te ferrykjen. Dit wat de taal oangiet. Wat oangiet de haadpersoanen, dy't wy op it toaniel fiere, hja binne yn 'e grûn net min, mar hja hawwe ien swier gebrek, dat se gjin karakter ha. Hja prate en handelje nei tiid en omstannichheden of sa't har ôfwikseljende lúm it meibringt. It eigenbelang, út sucht ta selsbehâld berne, stiet yn alles by har op 'e foargrûn en bestjoert har dwaan en litten. Bytiden komt in edeler gefoel boppe, mar de duorjende earmoed dêr't se ûnder suchtsje, har temin ûntwikkeling mei de natoerlike brekken fan har kompleksje, belette it goede yn har ta ûntwikkeling te kommen, en kin teffens folle fan har dwaan ferûntskuldigje. In ûnbestimde en bygelovige | |
[pagina 6]
| |
frees foar de straffe, dy't it kwea efterfolget, hâldt har lykwols foar safier yn 'e bân, dat se de skyn fan it goede, yn oarremans each en foar har eigen gerêststelling, siikje te rêden. 't Is ek mei 't gewisse wol op in akkoard te smiten. Fierder en einlings binne ús ferhalen gjin optinksels, mar natoertrouwe útbyldingen fan minskelike ferkeardens en ellinde, lykas dy hjir en dêr yn 'e wrâld (helaas!) noch bestiet. Meie it beskôgjen dêrfan de lêzer wearzgje, mar him ta-allyk oanfiterje om, wêr't er it kin, ta genezing fan maatskiplike of sedelike wûneplakken mei te wurkjen! Dan is it doel berikt fan De Skriuwer. | |
YnsetWaar as spek, men sjucht gjin joad op 'e dyk, lit stean fan in kristenminske. In fine storein út 'e nearbewolkene loft siigde del op 'e rottige tekken fan de neare krûpyntsjes of rûchrou opteine brakken, dêr't it doarpke (dat gjin doarpke hjitte kin) út bestiet, om, yn gielbrune drippen tegearrûn de oes te ferlitten en del te trobbeljen nei de lichte op in bêd fan kliemske brabze, opbûlgjende út 'e sompige boaiem, foal fan dong en 't ûnrant, dat lyk foar de drompel fan 't doarskezyn delbruid en yn de elkoar opfolgjende fuotleasten betrape is. Gjin grant fan libben op dizze dei binnen de ring, troch de ferbylding trutsen om de earmelike klinten, om jin tinkbyld te meitsjen, dat hjir eat bestiet, dat men gjin doarp neame soe as de taal dêr in oar wurd foar hie, neat as hjir en dêr in pear ropske hinnen mei heech opsette kragen, kop yn 'e fearren, of treurich foardelsjende en út 'e sleur wei pjukkende nei in wjirmke, wa't sels de nearrûkende donglocht yn 'e grûn te benaud like te wurden, bywilen, it iepenlûken fan in doar, knarsende op 'e rustige hingen, dêr't in reekwolken, rûkende nei 't eart fan 'e brake, útteach en delsloech op 'e grûn en fuort dêrnei in ûnsjugge en ûnhuerige troanje, bedjupt opsjende nei 't malkjende swurk, om in amerij letter wer wei te wurden, of, in stalte, binnen 't doars- | |
[pagina 7]
| |
kezyn steande, dy't de net te neamen ynhâld fan in readstiennene pôt mei foarsje fuortbruit - klits, klats! En... de doar giet wer ta: in aaklik piba boartsjen, soms, it skelle lûd fan kibjende en keveljende wiven, fûterjende op 'e bern, dy't as foar de hûnen fûn skine te wêzen, oars... alles stil, near, bedompt! Bûten dy ring, de ûnmjitlike finnen mei splis wetter, dêr't in pear ferdwaalde gudzen oan de knibbels ta fersonken, de driuwende flotgerzen opslobberje en behaffelje, yn de freding-sleatten krôkjende frosken, rein fet fan 't ûnrant yn de weaze, dêr't se yn woele en har fermeitsje, om't hja dêr yn har elemint binne. In droevich fiersjuch, wêr't it tropke huzen net by flokt. Oars, by 't simmer dan hawwe dy finnen in oar oansjen, dan is 't in kleurich libben tapyt, de kosselste flier fan in ûnmjitlike feesttinte mei de blijblauwe himel as koepeltek, dat dan lykwols yn syn ring omfettet net allinne de bûnte seal mei de júchjende en djoeiende feestgasten, mar ek it aaklike kloftsje huzen, dat fan de simmer net opgnisse wurdt, mar ôfstekkende by alles dêr omhinne, nammerste nearder liket as wannear't it iene by 't oare kleuret en elkoarren net skeint. Dan - yn wierheid - is dit tropke huzen mei syn omkrite it omkearde byld fan in oaze yn de woestine: in lân dêr't nin lân mear efter is, in efterôfgat bûten de skepping en lykwols... yn 't hertsje fan Fryslân, wier! Skoan, dan is der libben, al is 't ek in libben om der ien op ta te jaan... Dochs om dizz' tiid, lykas op dizze dei is 't der stil... Op dit stuit lykwols wurdt dy stilte hommels ferbrutsen, mar op aaklike wize, troch in espeltsje keakeljende buorwiven, dy't as aaisike hinnen, d' iene nei d' oare út 'e hûs komme, oanlokke troch en iezjende op it nijs(!) dat ien fan harren teset is om te ferkrantsjen, en dêr't elk no fierder har segen oer gean lit, om by einsluten ûnder elkoar deilis te wurden en in stik ôf te spyljen, dat hjir út en troch, mar eltse kear mei nije fariaasjes foarbrocht, en mei hantsjeklappen begroete wurdt troch de geast fan it kweade, it dierlike yn 'e minske.
- In raar ûngelok mei buorman Eint, sei? | |
[pagina 8]
| |
- Al, ju? Hoe dat sa? - Goaien, witst dat jitte net? Hy hat him de foet ferknoffele, it krop is hielendal optynd en hy kin net út 'e wei komme. De knekelhouwerGa naar voetnoot1, dy't se der by helle ha, hat him de skonk yn 't wynsel set en sein, dat er dy net ferreppe mei, mar himsels kûs yn 'e hûs hâlde. - Wat jy sizze? Mar 't komt my hielendal net hommels of ûnferwacht. 't Moat jin earder nij dwaan, dat him soks al net earder oerkomd is. Hy is al sa mennichkear mei in moai stik lead op 'e holle thúskomd dat...te, it koe gjin touwen hâlde, 't moast jin grize! - Grize, wêrom? Ik sis, Jink, dy't n't oars wol, dy't n't oars sil. Wat docht hy him alle klapsketen dronken te sûpen en as in slânsfet thús te kommen? - Wêrom? Om't er leaver yn 'e herberge syn treast siket as yn 'e hûs, en dêr hat er gelyk oan. Dat is ienfâldichwei de reden, Jel! - Mar ik snap net... dat er dêr gelyk oan hat. - Blaas do dy yn 'e bûse! Dat soesto net witte, hen? No dan, yn ien wurd, om't syn wiif in trins is, dy't de boel yn 'e hûs ferslam-pampet, ferwoastje en fersmoargje lit... dat is him yn 'e wei, want hy is út in krepe boel: syn mem hie 't altyd like himmel en skjin... - Is Ank wier sa'n smoarge tjirk, Jink? freget Jel, wa't it yn 't sin komt, dat Ank sa faak de rûzige boel foar har útklinzge en de bern hoffene hat, doe't hjasels mei de goarre besocht en har man hiele dagen ‘buten’Ga naar voetnoot2 wie. Dat makkest my net wiis, mar do hast it grau op har... do mog'stGa naar voetnoot3 sels witte wêrom?... ferfolget se hoannich en skeetsk, by harsels oertsjûge, op sa'n wize oan har plicht fan tankberens te foldwaan en meiien har buorwiif, dy't it better hat as hja, in stikel te stekken. - No ja, seit Jink, dy't de stek falle lit om 'm op 't rjuchte stuit op te nimmen, ik mei dy falske flarde lijen sjen... mar ik wit wol wêr- | |
[pagina 9]
| |
ste op del wolste: Eint mocht my altyd skoan lije, doe't ik jit faam wie, mar dêrom hoechst net te tinken, dat ik jit jaloersk bin. - Wêrom hat er dan sa gau in oar wiif nomd? - In wiif? In húshâldster mienste... De oaren laitsje en tinke der harres fan, it betinken dat se inoar begripe streaket harren. - ...no, in wiif dan, mar ien dêr't er elk amerij ôfkomme kin. - Om't se oer de putheak troud binne. Dêr seiste sa'n pear wurden... oars, do mochst net wolle, datste yn dyn earste leagen smoard wieste... - En do ek n't! - ...mar as er har net lije mocht, dan hie er dêrom nammerste gauwer en al lang har sitte litten, tinkt my. - Ja, mar dat begrypst net, Jel! seit in oarenien, dy't der oant no ta gjin wurd betusken krije koe. Jink mient, hy wachtet dêr mei oant har eigen âldkearel, dy't se út twang fan har âlden nomd hat, mar dy't se hearre of sjen mei, om in luchje giet... dat kin wol hommels ris barre... Gjalt is sa krebintich, dat hy rûkt al nei de lodde... Koartom, hja hawwe beide al in útsjend each, moatst rekkenje. De tahearsters binne fan miening, dat de sprekster net ferrotte is al stjonkt se wat, en dat dit stik dan ferd... moai spilet. - Wat seist dêr, smoarge têst?... As 'k my oan dy besûndigje woe, dan helle ik dy it ljocht ta dyn rare kop út, mar do bist bûten 't gebed... do hiest al twa lapen op 'e rôk, earste mei dyn jobbe yn 'e lange tsjinst gieste. Jink is oars net wend, as men har heart, om sa mei de hiele wâl út te fallen, mar as se har de bek iepenbrekke, is har de kop ek gjin jelne lang. - Lit Jink rache safolle as se wol, seit it wyfke, dy't, yn in himmel wurkpakje klaaid, út 'e fierte neierkomd mei in braskoer fol ‘boadskippen’ ûnder 'e skelk, nimmen oars is as Ank, dêr't Eint mei húsmannet, do moatst har net telle, bern hawwe bernepraat. It liif grommelt har of hja hat grôt iten... - Wat ik iten ha, kin dy neat skele, want dêr wurdsto dochs net snotterich oer, rin nei dyn kearel, dy't alles fersûpt... - En dêrsto nochteren fan bliuwste. Mar dat Eint yn 'e lêste tiid | |
[pagina 10]
| |
wer begûn is te sûpen, dêr bisto de woartel fan... foar 'e tiid die er dat sa net, teminsten by my net. Wêrom heinsto him op 'e dyk en fierst him de kop op? Wat haw ik dy ea misdien, ferfettet se by 't gûlen om ôf, datst de hân stekste tusken de bast en de beam? En dan, breinroerd en opsternaat, fan inerlike jaloerskens fertard: As ik ea tinke moast, datste mei him heulste, dan soe ik yn steat wêze jimme beide te fergriemen! Dan wer bedaarder: Mar ik ken Eint, hy sil him net langer fan dy oprokkelje litte, hy hat it my ûnthjitten, en syn sûpen sil ik wol mei rêde... wat siik is, is net dea.... En nei dit sizzen en mei dit betinken giet se fierder en lit de rabjende en rachende wiven, dy't no ek d' iene nei d' oare yn 'e hûs geane, meiinoar allinne. De stoarm fan deilisskip is bûten bedarre... it swier waar ferdield, fersprate sparken sjittende yn 'e hûs... op 'e bern, of him as terêchslach oppenearjende, fan de thússittende man oerslaande op it wiif, om't se har tiid mei rabjen op 'e buorren fersleauke en de ierappels op 'e hurd ferdruie, of de mosterstip oanbaarne litten hat. Ut dizze gearspraak fan de pôt en de tsjettel, út dizze tiezekleaune sille wy de ein sjen te finen en dêrmei ús ferhaal opsette, om nei geraden dat de kleaune ôfwuollet, it stadichoan ôf te breidzjen.
Wat siik is is net dea, hie Ank oer Eint pratende sein, en it like wol, dat hy har sizzen wiermeitsje woe, want nei drank taalde er fuortoan net. Hy in sûper? Dat hie er noch noait west, en in skelm dy't it oars sei! Mar men koe in oar de mûle net stopje. 't Hindere him jamk mear, dat er mei syn skonk tangele siet en dy noch yn lang n't brûke koe. Folle fertriet hie er der lykwols net oan, 't wie allinne mar, dat er hiele godgânske dagen op bêd omkruse moast, mar hy treastge him yn syn ûnk. Men moast him net op syn brea lizze kinne, dat er nijsgjirrich en ûnpasjintich wie, dat hie er noait west, Ank koe 't getuge. Der wiene guod, wa't syn gewoane fleurige sin yn 'e wei wie, om't se him dat bestean fergunden. 't Wie him faak fan harren wikt, dat him dit nochris thúskomme | |
[pagina 11]
| |
soe. Dy moasten dêr gjin eare fan ha, of dat hja, him ûntefreden sjende, sizze koene: De earen binne him bekôge. Dêrom gekjage er lykas fan te foaren. Noait benaud! Mar de lju hiene ek sa har betinkens. As se him fan te foaren, út âlde wizânsje, mar yn ferbastere Frysk fregen, hoe't it gyng? dan sei er: Op fuotten goed, op 'e hannen ha 'k it noch net besocht. Sa'n gekoanstekker, wel? Wat soe er no op dy frage anderje? Mar hja woene syn froegere spot net mei spot betelje. Hja soene edelmoedich wêze, en dochs foldwaning fine, by 't oanhearren fan de krimmenaasjes, dy't se as antwurd op har frage: hoe't it mei him wie? ferwachten. Ha 'k it n't sein? soene se dan mei rjocht en reden útroppe kinne, en wat kin in minske streakje, of syn snoadens better bewiizgje, as te sjen dat syn sizzen neikomd is, al is dit ek it ûngelok fan in meiminske! Mar Eint makke har oardiel te skande: hy krimmenearre net, hy grapjage. 't Is sa mei my, sei er, sûn en bêdridich tagelyk, en dan lake er. En har oardiel draaide, lykas in waaier op 'e skoarstien: Dochs in aardige kearel, altyd koartswilich, wel? Nearne gjin euvelmoed yn: 't wie dochs in gelokkich bestean. Hy lake ek tsjin Ank, mar mei de neimakke goedmoedigens en stânfêstens fan in sabeare martelder, en om't er ferwachte, dat hja him in printsje jaan soe oer syn ferduldigens. Hja moast him troaie en him bekleie. En hja die it, om him wille te jaan, en dat er har trou bliuwe soe. Hja skripte har de neils fan 'e fingerseinen. In pear dagen yn 'e wike gyng se út te himmeljen. Dan sette se de moarne alles foar Eint ree, syn hiele ris en dis, en kaam de jûne mei wat ‘boadskippen’ foar 't fertsjinne lean thús. Dêr wie dan altyd wat snobberij of oars in flaubyt foar Eint by. Oare dagen skripte se yn 'e hûs om, of frissele matten. Braakjen wie oars mear mei te fertsjinjen, mar dit wie har ûntkomd. Hja wie al sûnt in moanne of wat swierfoets, en begûn tsjin 'e ‘reis’ oan te sjen. Hja klage der net oer, mar hâlde har ‘jongwiif-wêzen’ net langer foar de wrâld ferhoalen, om't Tryn mei har lapen op 'e rôk en har jobbe fan in kearel hie al rûnom ferteld, dat Ank ‘in goede simmer hân hie’... grappich, wel? Mar Tryn hie ek de namme, dat se net | |
[pagina 12]
| |
om in hoekje stien hie, doe't it praten leard waard. En Eint lei mar al oan op bêd en wie in foarbyld fan geduld. Hy hie ek gjin ûnnutte prakkesaasjes oer de dei fan moarn, want dy soe foar sinen wol soargje, woe er hawwe. Ank wie dêr krekt oars fan, hy koe him net begripe hoe't hja sa wie. Mar geduldich as hy wie, seach er 't sûnder argewaasje oan, hoe't har nivere fingers de snilen ta in frissel ferienigen en noait warrich liken te wurden. Wat wie dy gesondheid al wat wurdich foar in minske. Mar sa sûn as Ank wie, dy moasten der ek noch geboren wurde. 't Wie in wûnder wat se yn har ‘rammelats’ slaan koe. Moarns in tsjok omstik brea mei in skrabke bûter en in ierappel op 'e hurd bret, en middeis in oploege pôtlid fol ierappels yn in feech te behimmeljen wie har likefolle as in slach oan 'e kop, al hie se der neat ta as wat seane moster en in bewyske fan fet. Wat hie hy dan altyd mei in bytsje ta west. Hy lake om it panfol iten, dat se him op bêd bringe woe: Wa sil dat hawwe? Do, net? Op gjin tsiende part nei, dêr, krij 't mar wei... 't mocht lykje oft ik in slatter wie! Hy socht har yn goedens oan 't ferstân te bringen, dat in poarsje iten mar ûngesûn wie: Dêr waarden ek gjin fretters geboren, mar der waarden fretters makke. Hy sei dat net om har, hy fergunde 't har net, mar hja koe oan harsels sjen, dat se der net fleuriger fan waard. Hy woe in minske graach ta 'n bêste riede, sei er, as se der mar net boppe oerhinne harken. Hja suchte, mar 't begrutte har noch om him, dat er net mear mocht. Hja socht in pear fan de moalichste ierappels foar him út, die dy yn in teepantsje mei in klobbe bûter en ek de romte fan sûker yn 'e brij, dy't se as in proeflke efternei allinne om him ree makke hie. Sels hie se 't like leaf sûnder. Hja tsjinne him de soallen út 'e skuon. ‘'t Fromste’ en bêste wie foar him. Mar hja hie gjin ferstân fan syn kwaal, sei er. Hja frege mar allinne hoe't it mei syn skonk wie. Mar dy die it him prinsepeal net, dy soe wol fansels betterje, dêr moast allinne mar tiid ta wêze. Lykwols, syn mage dooch net. Dat wie in âlde pogge, as jonge hie er dy al hân. Mar syn mem wist der doe altyd ried op. Hja hie | |
[pagina 13]
| |
altyd Bearenburger yn 'e hûs hân. Gjin better ding yn 'e wereld!... Eint gekjage net mear, hy gnoarre as in âld baarch. Hy waard swiersettich, hy ‘krige 't mei himsels te dwaan’ en suchte oer de ferdurvenheid fan de minske yn 't gemien, en yn 't bysûnder oer de onkunde fan Ank, dy't him net begriep. Hy begûn te stúnjen en woe gjin iten mear ha. Ank skriemde yn Stillens, hja woe him sa graach yn in goede lúm hâlde, want hja woe him syn ûnthjit fan trouwen wer yn 't sin bringe, om har eare te rêden. Hja hie dêrom alles ferdroegen wat ea in frommeske yn har skyn ferdrage koe: dat wie net gering! Soe dat alles bûter oan 'e galge west ha? Nee, o nee! Hja woe 't noch fierder mei him besiikje... Hja moast harsels lykwols bekenne, dat it in behyplik krewei wie. Hja wist n't hoe't se mei him oan moast, hy wie hinne en wer as de wyn. Yn ien sike laitsje en skrieme... Och, hy wie yn 'e hûs ek altyd sa ferdoarn. Mar hja woe 't nochris besiikje. In uterste middel, hoewol faak slimmer as de kwaal sels, soe him út syn ûnferskilligens opweitse! - Sil ik in pakje Bearenburger helje? - Om my net! - Mar as dy dat helpe koe... - No, toe dan mar... 't kin my lykwols neat skele. En doe't Ank de krûden helle hie en frege wat der op moast: - Dêr heart oars drank op, mar ik wol gjin drank mear ha. - Wetter dan? - Ja, mar wetter... hoewol... in lyts goatsje drank... allinne om net te ferslaan, witste? 'k Bin oars op 'e drank tsjin, ik ha 't ek fersein. - Om tefolle... no ja, mar as 't foar in middel tsjinje kin, dat is net ferbean: alles is ta in gebrûk. Dat sizzen rûn him as lij wetter yn d' earen. - Dêr hast it by de skjinne ein. En yn in goede lúm brocht, ferfolge er fertroulik: Mar biste der wis fan, dat âlde Houk it net ferkrantet aste drank by har hellest? 't Is sa'n babbelkous! - Dat hoecht net. Ik ha noch wol wat ûnder 'e koark. Dat woe 'k oars efterút hâlde... ik sil dy letter wol sizze wêrom. - Sis it no mar. | |
[pagina 14]
| |
- Al? No toe dan mar. Hja gyng nei 't bêd dêr't Eint op lei en lústere him wat yn 't ear. - Ik ûnthjit it dy, sei er. - Wier? - Leaust my net? Ja, hja leaude him en fielde har lokkich, dat er wurd hâlde soe en net gnoarrich mear wie. Dat gefoel spegele him ôf op har wêzen en makke har foar in eagenblik - moai! It blierkjen fan har blijblauwe eagen en de blide glâns op har wêzen diene it oer de holle sjen, dat se bleek en smel om 'e kiuwen wie, en har himmel útsjuch skeinde yn neat itjinge har moai makke op dit stuit. De wite mûtse op it kreas útkjimde hier, it dûnkere jakje en de bûnte skelk mei wite bannen wiene skjin as de brân en stiene har goed. Fergelike mei alles hjir om har hinne, wie se in oangenamme ferskining, dêr't Eint, hoewol foar alles fereale op in goed libben, net blyn foar bliuwe koe. In griene rite fan sûn jongkearel, yn wielderige rêst libjende, kaam him oan. - Kom hjir nochris! - Wat is't? - 't Is mar, dat ik dyn namme ûnthâld, mar jou my in lytske. En hy tute en streake har as in grien jong feint, dy't foar 't earst by in faam komt... De sinne skynde foar in poas op 'e skûtelbank. Sa ferrûnen wer in wike of wat. Ank wie tefreden en skripte en klaude wat se ôfskrippe koe. Hja ûntsei har alles wat har yn har tastân sa nedich west hawwe soe. Lokkich, dat se geef fan ynhouten wie, hja bleau sûn. Eint wie ek tefreden en loek it loaie lyntsje. Hy brûkte syn Bearenburger op 'e tiid en de mage kaam wer wat yn 'e stokken. Wat er iet wie in ûnnoazel kromke, mar fan 't bêste wat in arbeider krije kin en hy winske net nei mear. Hy waard wer fleurich en koe wer grapjeie lykas te foaren. 't Kaam him foar, dat se in smûk libben hiene tegearre en winske dat 't se altyd sa hâlde mochten. 't Benijde him, dat Ank dit net altyd allike hertlik tastimde. Hja hie altyd sa'n mûzenêsten, wêr wie 't goed foar?... | |
[pagina 15]
| |
Mar 't benijde Ank yn Stillens, dat er noait frege wêr't it wei kaam. Wêr moast it mei har beiden hinne as hja fan 'e baan rekke?... Ank wie oan 'e smite ta, en hie no en dan in fertroulike gearkomste mei Jel, har buorwiif. Eint, mei de koartsjendheid fan ien, dy't allinne om himsels tinkt, koe him net begripe wat hja dan tegearre mûskoppen, en tochte dat se 't oer him hiene. Mar syn moai foar de hân wêzen trou, like er der yn 't minst net tsjin te hawwen, dat Jel gauris by harren ynfoel. Hy fitere Ank oan om har tige te letten en te setten, mar as se de fuotten oer de drompel hie, siet er tsjin syn wiif oan: Wat docht dy hjir sa folle te fleanen? sei er dan. Men is jins eigen hûs langer ûnmachtich. Hja soe mar yn har eigen went bliuwe. Wy hoege gjin hânkikers of drompelmaaiers. Men rekket gauwernôch oer de streek, en wy kinne sels ús koarsten wol bite. En dat konkelfoezjen tegearre stiet my ek n't oan... Ank socht him yn 't ferstân te krijen, dat se net langer bûten help koe, en Jel har tsjinsten skielk nedich hawwe soe... De weet fan har tastân kaam in amerij yn syn ûnthâld terêch. Hy berêste deryn, mar seach tsjin 't eagenblik oan, dat Ank op bêd lizze en hy der ôf moatte soe. Hy moast him de sinnen ris wat fersette om net te ferslaan. - Jou my de Bearenburch mar ris... de mage begjint my wer te prykjen... - Dy stiet by dy op it bêdsbuordsje... ik ha 't wer ferneard... - Al ju? Kom!... dêr priuw ek mar ris, do bist dochs in bêst wyfke! Mar Ank betanke derfoar. 't Wie har te bitter, sei se. Doe't Jel in amerij letter by harren ynkipe, wie Eint yn in fleurige bui. Hja moast har de bûse útskuorre om de grappen, dy't er ferkofte. Syn goede lúm skynde te sprutenGa naar voetnoot4. Jel tochte, hy wie sa plezierich, hy moast der mar ris ôf, dan koe se syn leger ris opmeitsje en der skjinne lekkens op dwaan. Dit wie Eint net nei 't sin! Der ôf!... Dêr hie er jit net op sind: syn skonk siet noch yn 't wynsel. Mar mei syn neimakke stânfêstens fan sabeare martelder | |
[pagina 16]
| |
woe er 't besiikje. Jel naam it op har noed om de skonk út 'e ruften te nimmen, lykas hja 't neamde. Ferduld! Hy koe wer gean. En krekt op 'e tiid, sei Jel, want oars hiest glêzene kûten krige. Dêr binne mear foarbylden fan west. Dêr hiene jimme... - Hâld dyn mearkes fan kreamwarster mar yn 'e bûse, sei Eint. Aste faak tinkste dat ik in sike ferbylding hân ha, dan bist ferbjustere... Dy divelske drank, hy hie der syn hiele rol troch fergetten en de kenyntsjedagen soene no foargoed út wêze: Jel soe der fansels oeral mei húskebylâns gean, dat him neat mear mankearde. - Dy is soms slimmer, heite, as de tredde deis koarts! sei se. Dêrby, dy't skurf is skobbet en dy't de skoech past tsjucht 'm oan. Jel hie in oare manear as Ank om mei sokke manlju om te springen: hja troaide se net, mar narre se, om dan kaam der kriich yn. En 't wie har oerwicht fan fekke, dat Eint net lilk waard, ek doe't se sei, wylst se syn bêd opmakke: - Dêr hast in swiet drankje om yn te nimmen by dy op 'e bêdsplanke stean, heite! - Swiet? It mocht wat. 't Is ek gjin drank, mar wetter! - Hâld dy mar net sa konfûs, Jel wer, do spijst der ek no noch n't yn. Oars, dat hoecht ek n't. Ik sis ek altyd: Ba, jenever! Hie 'k mar 'n dikkop! - Hiest wier sin oan in flutske, Jel? freget Ank, bang dat Eint lilk wurde sil. Ik ha jit in drip yn 'e spine... Jel ornearret, dat in bytsje ribsmoar net wei is, en sit in eagenblik letter te priuwen út 'e romer, dy't Ank har tabringt, wylst Eint, om har selskip te hâlden, jit in Bearenburch tapet, skoan der gjin drank, mar wetter op is, lykas er tsjin Jel úthâldt. - Dat it ús noch lang lêste mei! - It lêsten sil wol gean, 't krije kinnen is 't slimste. - Dat is jo slach. Altyd grappich, dy Eint! Sa kâtsje se mei har trijen oant skimerjûn ta. Eint hat in tige reade holle en praat as in alk. Ank belûkt no en dan om 'e troanje en seit net folle. Jit deselde jûn komt it ‘ûnwaar’ har oan. Jel, mei har oerwicht fan fekke, betsjut Eint dat er der oer is, en oerredet | |
[pagina 17]
| |
him om har man selskip te hâlden, wylst hja by Ank bliuwe sil... Hjir litte wy 't kleed effen falle.
D'oare moarne stoep Eint nei 't gemeentehûs om it bern oan te jaan. 't Wie in jonge wurden, lykas er 't besteld hie oan 'e skûteboer, sei er. Hy kaam werom mei in luftich sin en 't beskie dat er 't bern op syn namme sette litten hie. Ank tanke him yn Stillens, en waard noch blider, doe't er har in pear gleie gûnen yn 'e hân treau, om yn de nedichste behoeften te foarsjen. Hja frege net wêr't er dy wei hie, hja wie te swak nei de ‘reis’ om nijsgjirrich te wêzen en ferlange te sliepen. Mar hja fielde har lokkich, dat wie 't fernaamste. Hja hie Jel oer de flier en salang as dat duorre seach men Eint deis net folle thús: har oerwicht fan fekke hindere him en hy doarst der him net tsjin yn 'e kant sette. Hy krige sadwaande syn heale gerak net, mar woe 't dochs foar nimmen net wêze. Hy woe gjinien noch de eare oandwaan, dat se him beklagen of - slimmer! - har oer syn ûngelok ferhûgen. Allinne oan Jink, dy't him wer lykas fan âlds op 'e dyk opheinde, klage er bywilen syn need. Dat wie jit in minske! Om him fierder te treastgjen en om syn mage, dy't op sa'n wize wer út oarder rekke, naam er in Bearenburch mear, en behimmele jûns de lekkere krouskes, dy't de kreamfrou tatôge waarden en dêr't hja net folle fan brûkte, want it measte wie te dreech foar in mage, ferswakke troch it rûchrouwe iten, dêr't men, om it lichem yn 'e stokken te hâlden, in poarsje fan ynnimme moat, en dat hja no net ienris mocht. Mar hja wie mei in wike dochs safolle oansterke, dat se ris opsitte koe mei har poppe op 'e skurte. Sa siet se op in neidei foar 't finster, bleek en smel om 'e kiuwen, mar dochs mei in lokkige glâns yn har sêftblauwe eagen, want hja wie ek lokkich... yn har memmeleafde... Hja nikte freonlik de meagere gestalten ta, dy't har glêzen roerend foarby gyngen, wylst se in spoar fan sjudden efter har lieten, en mei gielbleke gesichten nijsgjirrich troch de ruten gappen. | |
[pagina 18]
| |
Drôgjend siet se dêr oant de jûn syn skaad as in sluier ek oer dizze omkrite falle liet, om as mei in mantel fan rouwe dit toaniel, wêrop't safolle ferkeardens en striid hearske, te bedekken.
Jink hie 't oan tiid, de lju op te heinen op 'e dyk en 'n praatsje mei harren te meitsjen, en 't wie ek goed: hja soe oars yn har keet ferdroege ha as in kleasterlinge yn har sel. Op har jonge jierren - hja wie pas tweintich - in ûnbestoarne widdo allyk, húsmanjende mei in kearel, dy't âld en kâld wie en har net ienris oan 'e klean kaam, wie 't nin niget, dat se mei jaloerskens oanseach, hoe't Eint - alteas foar 't uterlike - lokkich wie mei in oarenien, likemin niget dat se him oanhelle om it tebinnenbringen oan foarige dagen wer by him libben te meitsjen. Hja wiene doe sa lokkich tegearre yn de ferwachting dat se in pear wurde soene. Mar har âlden hiene it keard: in neakene kearel lykas Eint, dy't noch dêrteboppe ‘Evert op 'e rêch hie’ en mei alles gekjage, de man wurde fan har dochter, dy't har hiele hawwen en hâlden, al wie 't net folle, erve soe, dat soe der om 'e wet net ynstean! En hja hiene har keppele oan Gjalt, in âldfeint, dy't in eigen steedsje hie en in pear bistkes op. Hy meste ek jiers in baarch, en hie in boat en in skou, dêr't er mei nei ‘bûten’ foer en alles by'nien helle, wat wetter en ûnlân opleveren: snilen en popels foar de matteflechterij, leafreid en siggen ta húsbedekking, ielstikels om it lân te bedongjen, rûch en skerpe snilen om de ierappels yn 'e bult te bestopjen, tuorrebout foar bêdfolling... En dat allegearre sawol om te ferkeapjen as foar eigen gebrûk. Dêrby hie er altyd in pear fûken te wetter om op iel en sa te fiskjen. Alles meiinoar in rom bestean. Hy wie altyd kloek west en hie al wat begrúske foar d' âlde dei, of as er siik en suchtich waard. Dy man krige 't lang om let noch yn 't sin om te wiivjen, om wat treast en oanhâld te hawwen, hie er sein. Tryn, dy't oer alles har segen gean liet, sei lykwols dat Gjalt as in âld skiep noch sin oan in grien bledsje hie. No Tryn koe 't witte, want dy hie al jamk mei alderhanne manlju omslein, en de gefolgen wiene net útbleaun: hast alles jierren in lytsen. Har jobbe | |
[pagina 19]
| |
fan in kearel koe se mar grutbringe en der foar wrotte. Hoe't dit wêze mocht, foar in geil jongfrommes lykas Jink, wie Gjalt de man net, dy't hja begearde: hy wie har fierstente kâld, en hy makke him altyd fan har ôf mei it sizzen, dat er net mei de bril yn 'e widze sjen woe. Hja loek mei ferachting de noas op as er dat sei, en krige him njunkelytsen alhiel oer. Gjin goed wurd krige er mear fan har, en yn pleats fan in rêstich libben nei sa folle bodzjen, fûn er neat as krús en lijen yn 'e hûs. Alde soffert! Deadling! Hak en kruk! en diergelike wiene faak syn namme as er by Jink wie, skoan er alles die om har tefreden te stellen... as allinne net wat Jink as sûn jongfrommes fan har kearel ferwachte. Hja kwynde oan har fammesteat, dy't se fanneed yn har wivesteat bewarje moast, en dy kwaal sloech nei bûten yn hystearyske oanfallen fan lilkens tsjin Gjalt, dy't de holle sljucht waard fan al de ferwitings dy't se him die. Hy waard der tenearsten hoannich en lilk tsjin oan, en ferwiet har, dat se it loaie lyntsje loek en de boel troch brocht. Hja makke rekkens, sei er, en betelle se net. Wêr moast it wei komme?... Hy koe 't sa net mear folhâlde. Dit wie 't wat him heech lei. Dochs letter wrokke er yn Stillens en swolge syn galle troch. In inkelde kear mar rûn it him noch oer, mar dan gyng 't ek hurd om hurd: de hotte en de file oerinoar te gear. Dan dûkte de haat op út syn tsjustere hoale en bestjoerde as toanielmaster it stik, dat ta titel fierde: Húslike deilisskip, en de spiiers setten yn mei elkoar pripnoaskes te jaan, en wer te beantwurdzjen mei lêbige spytbokkens, of skerpe pilen ôfsjittende, dy't doel troffen yn de net ribskjinne konsjinsjes oer en wer; lang ferkroppe spyt en ferûngeliking, troch tergjend hunen nei boppen walgjend en net langer te ferswolgjen, waarden yn gjalpen fan smelle praat elkoarren op 't festje spuid om inoar te beslanterjen mei net út te dippen, net te ferdylgjen plakken... sa spile dit fuort, en de wurden rôlen der út, net lykas de stream fan pearlen en roazen út 'e mûle fan de jongste dochter út it bekende mearke, mar as skoffeljende, systerjendeGa naar voetnoot5 slangen en ferninige podden út 'e | |
[pagina 20]
| |
mûle fan de oergeunstige suster, haatlikheids kuozze. En de geast fan it kwea klapte yn 'e hannen en fermakke him hjir syn timpel te hawwen en sa goed tsjinne te wurden. Mar as se fan beide kanten har galle útspuid hiene, en Jink skriemde om't se sa'n krús hie mei dy âld kearel, en elts eagenblik fan harsels falle woe, of in fioele of spoartrein yn 'e holle hie, nei't se sei, dan begrutte it Gjalt. Hy troaide en streake har mei syn hommels en te let opkommende rite fan âld skiep, dy't nei in grien bledsje ferlanget en lykwols ûnmachtich ofte bang is om it te krijen. 't Moast jin grize en wearzgje ta allyk as men seach hoe't er dan bakseil loek, en mei ‘hingjende poatsjes’ syn ‘hoe âlder hoe gekker’ bod joech tsjinoer it wiif dêr't er yn 'e grûn sljucht nei wie, mar dy't him allinne om har goede dagen en út twang fan har âlden nomd hie. Dan wie 't wer frede oant Jink him sa lang faksearre, dat itselde lietsje wer fan foaren ein ôf begûn. Sa wie dit al jierren gien. Gjalt ferkwynde him njunkelytsen, hy wie as ferboft, mar skripte lykas fan te foaren en foer nei ‘bûten’, wêr't er no soms dagen en nachten oan ien wei troch brocht. Hy fielde hoe't in ynwindige kwaal, út âld opkroppe sear berne, him fertarde en syn lichem ûndermine, mar bleau skrippen en klauwen sûnder lins... Wat wie lins sûnder rêst? En rêst hie er net mear yn 'e hûs, wêr't syn wiif altyd argewearre en tsjin him oan siet. 't Wie al safier komd, dat se him wol spuie koe. Syn griene riten en streakjen wiene har likefolle ta 'n walch as syn Jan-gateftigens fan âld feint, dy't op alles wat te fikken fûn, har yn 'e wei wie.
De meagere gestalten mei de gielbleke troanjes, by d' iepen útdoar fan de neare krûpyntsjes, wêr't it klip! klap! fan de brake gearstimde mei it fûterjen en kettermintsjen op 'e bern yn 'e hûs, seagen op in moarn nijsgjirrich nei bûten, doe't Gjalt as in ferballe hûn út syn wente stoep en mei lij en har glêzen foarby strompele nei it plak wêr't syn boat oan 'e wâl lei. Sa krebintich as no hiene se him net earder sjoen! Hy beändere mar skraach it ‘goemoarn’ fan Hearre, Jel har kearel, dy't mei in dracht snilen op 'e | |
[pagina 21]
| |
skos him yn 'e mjitte kaam, en no by de brakers stean bleau om te fertellen, hoe't er dy nachts net sliepe kind hie, sa hie 't der oanwei gien mei it spoekgûlen fan hûnen, lyk foar Gjalt-en-dy's glêzen. 't Wie in faai teken foar Gjalt, wa't men al lang oansjoen hie, dat er nei de lodde roek, en wol gau om in luchje gean soe. En... stjerren of libjen waard der redendield, men wist net wat bêst wie. It libben hjirre wie ek neat, by de dei lâns in bealch fol wurk dwaan en noch heal ferhûngerje ta... Skoan, Gjalt hoegde sa net, dy hie noch goed syn rak en dak, en dat er yn 'e hûs net mear wille hie, dat wie syn eigen sleauwe skuld: in gek, dy't him fan syn wiif op 'e kop sitte liet. Mar dêr hiene jimme Tryn har kearel, dy hie syn hiele libben wrot en wraamd en dochs yn 'e earmoed omslein. Hirn de neils fan 'e fingerseinen skript, om in wiif te ûnderhâlden, dy't it likehurd mei de skeppe troch 't goatsgat jage as hy 't der mei de hannen ynbrocht. En in leger bern om him hinne, dêr't er gjin part of diel oan hie, skoan se op syn namme stiene. Dy frieten him de earen fan 'e kop en sieten him dêrby op 'e hûd. Dy man prate fan neat minder, as dat er winske om mar dea te wêzen, en de holle skynde him dêr oer te meallen, want hy hie al ien kear frege: oft der noch gjin beskie foar him komd wie? 't Soe in minske troch ieren en sinen gean, om... dea, dat betsjutte wat, der folge in oardiel!... En mei in klear besef fan har lijen hjir, en 't lijen dat - slimmer! - har faak jit te wachtsjen stie, waard de arbeid wer opfette, en troch de muffe moarnloft klonk it klip! klap! fan de brake dof en aaklik as de slach fan de hammer, dy't in deafet gearspikert!...
Jink hie ek dat hûnegegûl foar har glêzen heard en wie der fan besaud. It hie har ferfolge yn 'e sliep en noch klonk har de neidroan yn 'e earen, wylst se, nei't Gjalt fertein wie, jitte op bêd lei, fersonken yn dodderige rêst, mar mei al de frisse oanfalligens fan in jongfaam, troch de ljochtsjende dage ferraske. As dat gûlen him ris gouwen hie... en fan binnen yn har begûn it te tikjen as in oerwurk, dat nei lang stûkjen hommels wer kapabel waard om te gean. 't Muoide har no, dat se him mei in grau andere | |
[pagina 22]
| |
hie, doe't er, har in pantsjefol tee op bêd bringende, sein hie, dat it tiid waard om derôf: it fee grynde op 'e stâl en moast nedich wat ha... Earst in jefte hea, en in ‘gasp’ koartfoer as se boarnde. Altyd sa soarchfâldich foar har spul... en foar har ek. Hja soe him dy jûne wat freonliker temjitte komme. Mar de jûn kaam en Gjalt bleau wei, 't wie lykwols syn earste kear net. Hja gyng dus op 'e gewoane tiid lizzen en foel yn 'n lichte dodde, troch ûnrêstige dreamen fersteurd. In lûd, oprizende út 'e sodzige tuollenGa naar voetnoot6 as de needrop fan in ferdrinkende, wa't de blaumodder ferswolget, klonk dof en ientoanich troch de nachtlike stilte har yn d' earen, sûnder dat se rjucht wekker wie. Mar doe't se einlings de sliep út hie en tocht, dat se drôge hie, klonk it op 'en nij en krêftiger as tefoaren: 't wie har as it lûd fan de trompet, dy't de deaden út har grêven opropt foar de grutte rjuchtdei, lykas ús beskreaun stiet dat komme sil. Aaklike foartsjirmerij! 't Moast der noch mar bykomme, dat se in begangel seach. It hert sloech har as in lammesturt en hja drige te smoaren ûnder it dek, dêr't se op 'e kop ûnder lei, mar dat se no yn har benaudens fan har smiet... Goddank! De skimerjende dage briek troch de ferware ruten yn har fertrek, en har ljocht ferdreau de eangstme, dy't it jongfrommes beneare! Wat dy nacht dochs skrikbylden skept, tocht se, mar - sa'n reiddomp hat ek in benaud raar lûd, en dat er altyd by nacht ropt... 't Kaam har yn 't sin, hoe't Eint ris sa'n bist fongen hie en it yn in fjirderskoer treau om it as in ‘levendige pilekaan’ besjen te litten. Hy hie der jild mei fertsjinne! Altyd fol grappen dy Eint! Hy hie mar ien swier gebrek, dat er him net sette woe, mar hy kaam der dochs ek! En 't wie oars in kearel, dêr't in jongfrommes aardichheid oan hie... Dy betinkens namen it lêste oerbliuwsel fan ûngerêstens by har wei. Mar tsjin 'e jûn gyng har de grize wer oer de grauwe, dat aaklike foargefoel oppenearre him wer: hja hie de rook fan 't deafet al yn 'e noas! D'oare moarns waard Gjalt thúsbrocht yn syn boat mar... sûn- | |
[pagina 23]
| |
der libben. In swiere bloedspijing, troch kjeldlijen feroarsake, hie him oerfallen, wylst er tusken de sompen omdreau om nei syn fûken te sjen. Oare ‘bûtenfarders’ hiene him dêr fûn doe't er al stiif lei. Dat hûnegegûl en Jink har foargefoel wiene neikomd. Doe't de neiste buormannen him ôflizze woene, koene se him de klean net mear útkrije: hy wie al sa stiif, dat er neat meijoech. Hja moasten him syn hiele ‘harnas’ fanneed wol oanhâlde litte, sa kaam er ek yn 'e bierre. Jink helle Tryn by har te weitsjen, salang as it lyk boppe ierde stie, want hja doarst foar gjin hynder nachts allinne wêze, en mei Tryn by har hie 't der noch wol oan, want dizze, skoan se de namme hie, dat se nearne net om joech, bliek ek al in hurd man op in weak tsiis: mûlk dat ek by har dêr fan binnen wat tikke as hja dizze deade seach, en dêrby om har jobbe tocht, dy't as in spoek omwûn, en 't ek net lang mear meitsje soe, nei in minske-each. Trije dagen letter waard Gjalt opdroegen. Dominy sels hie de foargong en kaam mei nei 't sterfhûs werom, wêr't er de lju tige oanspoarde om ris yn 'e tsjerke te kommen en tankber te wêzen... yn har earmoede en ellinde, dy't er him net skynde te ealgjen. En mei in fette glimlaits op it sûne wêzen naam er ôfskie en wraggele nei hûs yn de sillige oertsjûging, dat er hjir wat goeds wurke hie. De lijerige gestalten, fan har swiere arbeid thûskommende, gyngen him dûknekkich foarby en bûgden noch djipper as ornaris de holle nei de grûn, wêryn't se nei safolle lijen rêst fine soene, lykas Gjalt dy no fûn hie. Mar hja grilden dochs as se der om tochten: wat soe 't hjirneimels wol jaan?... Dat bleau in tsjustere kaart.
De rêst dêr't Gjalt by syn libben nei ferlange hie en der foar wrot en skript, wie net foar him ornearre west, en sels no yn syn planken wenje, in stek of trije yn 'e modder, like 't wol oft er dy noch net fine koe. By nearenacht, as de reiddomp fan út de sodzige petten syn spoekeftige trompettoanen út 'e strôt state en de stienûle syn droeve rop hearre liet, kaam in wite gestalte de tsjerkhôfsleane út wei en wandere it stee op en del, wêr't yn | |
[pagina 24]
| |
oeroarreheite tiden de âlde preesters har deaden yn wijde ierde begroeven. Hja hiene it goed hân by har libben en de rêst fan it grêf wie har by har dead net ûntsein west. No wiene har bonken ek al lang ta stof en jiske fermôge: 't wie dus net de geast fan ien fan harren, dy't dêr spoeke... En foar wa't dêr noch oan twivelje mocht, dage it bewiis op, doe't einlings nei trije dagen de wite gestalte op Gjalte wente, dat no sinen net mear wie, tastoep, foar Jink har bêd kaam en om syn bierkleed frege. Hja wie as besaud en raasde d' oaremoarns buorren en oerbuorren byien. Hja joegen har te rieden om it bierguod op syn grêf te lizzen, en Eint, dy't bûten syn wiifs witten, mei yn 'e Ried siet en mei alles de gek hie, naam oan dat deselde jûns te dwaan en ôf te wachtsjen oft it spoek dit ta him nimme soe. En nei't de oaren fertein wiene, naam Jink him in amerij apart, knypte him yn 'e hân en sei dat er dêr gjin skea fan ha soe, en as er noch om wurk socht, koe hja him tenearsten wol wat oanslach jaan... En mei in glimke, dat him foarige dagen yn 't sin brocht, liet se him gean. Wêr't sels in spoekferskining al net goed foar wêze kin, riddenearre Eint yn himsels: hy soe no net mear ridderslein wêze, lykas er wie, want it stie sa mei him: De mennich gûnen, dy't Jink him mei in doel liend hie, nei't Ank yn 'e kream kaam, en dêr't er har wat fan jûn hie, wiene al lang fersille. Hy hie him sûnt in deimennich, sa't 't hjitte, de soallen út 'e skuon rûn om wurk en net folle thús west as om te iten en te drinken. Mar de lekkere krouskes, dy't har tatôge waarden, dêr bleau er no nochteren fan. Hy moast der de smaak mar fan ûnthâlde, hie Ank sein, doe't er foar 't lêst in lekker protsje behimmele. De bedoeling fan dy wurden wie him no klear, en hy seach no ek yn wêr't it oant no ta weikomd wie, skoan er dat net foar in oar bekend hawwe soe. 't Wie noch net sa gek fan him, dat er Ank oanhelle hie, hja wie in frommes om mei troch 'e tiid te kommen, dat hie bliken dien. Mar it stie der net fan te tinken, dat se de hannen sa gau wer reppe koe. Hja wie sels noch net sterk en hie | |
[pagina 25]
| |
de hannen fol mei har bern, dêr't net folle groede yn siet, om't der te min yn 't liif kaam... En syn betinkens namen wider en rêder sprongen: as Ank salang omtjirme en mei 't bern tangele siet, dan wie ferhûngerjen allegearre har foarlân... hy koe 't allinne net winne... dan moast elk op 't lêst foar himsels soargje... hja wiene noch net troud! Hy skrille in eagenblik tebek foar 't spoek fan syn eigenbelangsuchte, dy't hommels as ta in reus opgroeid foar him stie, mar de ûnferbiddelike Earmoed gniisde him yn 'e fierte oan, en dit wie in spoek, dat er foar alles socht te ûntrinnen, al moast er dêrta ek in wei ynslaan wêrop't de driigjende rop om tebek fan syn eigen gewisse him temjitte klonk! Lokkich dat dy swakke twastriid yn syn binnenste no besljuchte waard troch it útstel fan Jink, dy't him sûnder twivel foar wat licht wurk goed betelje soe, dan koe er Ank wat thúsbringe en letter... soe hja har bêst wer dwaan... En dy beide spoeken fan niis ferblikten by dat foarútsjen fan Eint, en losten har op yn in oplûkende nevel, dy't út syn gesicht ferdwûn.
Noch mar ien swierrichheid hie Eint op syn gemoed. Hoe soe Ank it opnimme as se wiis waard, dat it Jink wie, dy't har fuortoan oan 't brea helpe soe?... 't Bêste wie har de kaart mar út te lizzen, hja mocht dan lilk wêze of goed, sa die er. 't Foel him tige ta, en 't benijde him sa koel as hja dy meidieling opnaam. Hy wie de man net om te rieden, hoe't it ûnder dat rêstige opperflak streamde en woelde en ta gjin stilstân komme woe. Mar ek har gniisde de Earmoed oan: in spoek, foar waans driigjen elk op 'e rin giet en oer alles hinne stapt, sels dy hinderpeallen, dy't gewisse en karakter him yn 'e wei lizze. En sa lei Ank, skoan net sûnder striid, har karakter en inerlike fieling foar in eagenblik by har del by it útsjuch op... brea, foar har - en foar har poppe. Dêrby, har leafde foar Eint wie al gâns besakke: hja hie him yn syn sabeare siikwêzen al sa goed kennen leard, dat hja net mear blyn wie foar syn loaie aard, syn sucht foar in goed libben en dêrút sprutende eigenbelangsuchte, dy't om neat en nimmen wat joech as om himsels. As dit allegearre mei yn 't spul kaam, wat | |
[pagina 26]
| |
holp it har dan ek, him oan syn wurd te hâlden? Hja koe him op 't lêst net twinge of him yn 'e bûs drage. Mar hja hope yn Stillens, dat er noch safolle galle yn 'e hûd hawwe koe om him foar de leidigens fan Jink te warjen. Him ôf te stean en oan har, o, dat koe se net, dat soe al te bar wêze!... Lokkich, Eint hâlde him tenearsten goed. Hy arbeide no sûnt in dei of wat by de jonge widdo, dat hjit: hy fersoarge it fee en nussele wat yn 't bûthús om. Dêrfoar hie er deis in smûk libben by Jink en in deihierke, dat er Ank trou oerjoech, wylst er jûns en altyd op 'e âlde tiid by har thúskaam. Tryn, dy't altyd wat te rabjen fûn, hie wol - mei har gewoane lêbige geastigens - oan alleman oerslein, dat Eint deis nei in troud wiif gyng te frijen, en mei in faam as troud wiif libbe en alsa in dûbele en tsjinstridige rol spile, mar wat steurden hja har dêr oan? Hja wiene allegearre tefreden, dat wie it foarnaamste. Wat koe har de wereld skele?... As se 't sa noch mar hâlde mochten, tochte Ank, en Eint stimde deryn mei. Mar... Jink hie in oar doel, 't wie har net om in arbeider, mar om in kearel te dwaan, en har âlde leafde wie net ruste. Mar om Eint wer foar har te winnen moast se him lokkebrea jaan, him stadichoan fan Ank ôf en oan harsels wenne en Ank har jaloerske betinkens yn 'e sliep widzje. En nei't dit alles goed oerlein en yn praktyk brocht wie... kamen de keallen út it hok. Op in jûn, dat se tegearre sa smûk as fan âlds sieten te kofjedrinken, sei Jink: - It begruttet my hast om it dy te sizzen, mar ik kin dy net langer hâlde. Ik haw it dien út meilijen mei dy en dyn húshâlding, dat ik dy oant no ta noch wat fertsjinje liet, mar dat kin op myn spul net oersjitte. Oars... aste jit frijfeint wieste en salang allinne foar de kost arbeidzje woeste oant der ‘bûten’ wer wat te dwaan komt, dan soe 'k dy jit al hâlde kinne en in goed libben jaan, mar jild kin ik dy net mear bysette. Eint, wa't dit as in tongerslach by kleare loft yn d' earen klonk, koe der lykwols net folle op anderje, en makke risselwaasje om ferdreaun nei hûs te gean, mar Jink kearde him. Hja seach him | |
[pagina 27]
| |
mei leidich knypeagjen oan, en joech him te kennen, dat har doar noch altyd foar him iepen stean soe, as 't him thús te near of te krap wurde mocht, dan, sei sei, fynste by my noch altyd in thús. Dêrmei liet se him gean. - 't Kin te pas komme, andere hy, ek net sûnder bedoeling, want it spoek fan syn eigenbelangsuchte skeat wer op en waard grutter, it sette hoe langer hoe mear syn meiwitten yn 't skaad, en naam op 't lêst wer de gestalte oan fan in reus, dêr't er in amerij wer fan tebek skrille, wylst er him ûnder de hoede stelde fan it better gefoel yn syn binnenste. Mismoedich gyng er nei Ank, om har de jobstynge oer te slaan. Ank bedroeve har deroer, mar betanke Eint dat er foar 't ferlied net beswykt wie, en spoarde him oan om earne oars wurk te siikjen. Hy ûnthjitte dat er 't dwaan soe. Dochs, slûge soe ek, mar hy stoar earder. Sa gyng it Eint ek en hy bleau dy't er wie. Op nij oerfoel har de earmoed, dy't no ek foar Ank net langer te fernearen wie. Dêrút folge: Húslike deilisskip, op nij opfierd, ferbittering, yn pleats fan leafde oer en wer, hûngerlapjen by de dei lâns... in tastân, dy't gjin eagenblik langer út te hâlden wie. Jink hie dit alles wol foarút sjoen en twivele net, of Eint soe syn treast by har siikje. Sa kaam it ek út. Mar Ank fûn treast by Jel, dy't mei har oerwicht fan fekke en har gave, om alles út it wezenlik eachpunt te beskôgjen, har einlings oerrede om har jonge út te besteegjen en sels in ‘hier’ te siikjen. Dêr wie no krekt gelegenheid by in boer, dy't net wakker fammen hâlde koe, om't er se al te graach lije mocht. Mar oars in bêst stee, sei Jel, omraak fan iten en drinken. Dit lêste soe Ank alhiel wer op 'e kluten bringe, en 't gerab fan de lju hoegde har net te hinderjen fanwegens har eare, dy't dochs al by de streek lei, sei Jel. Jel wie op 'e buorren lang net ien fan de minste om te helpen en te rieden, of in minske op te monterjen, mar hja helle der noait om hinne om lekken en brekken te neamen wat se wiene. Ank joech har oer, wylst se alles yn har besmoarde, wat har hindere en krinkte lykas se ôfseach fan alles, wêr't se tefoaren it lok fan ferwachte hie. | |
[pagina 28]
| |
Mar foar de earmoed wiene se besoarge - hja en har lytse - noch foar't de winter ynfoel, en dat wie yn har each noch in gelok, dêr't se tankber foar te wêzen hie.
Sa tochten ek de earme lijers om har hinne, doe't de winter ynfoel, de brake stil stie en de lêste ierappel út 'e kelder ferdwûn, mar hja fergunden 't Ank net dat se brea hie. Wa't se 't fergunden, dat wie Eint, dy't no mei Jink húsmanne en in goed libben hie sa lang as 't duorre, want dat it mei dy beiden op 'en doer ferkeard jern spinne moast, wie wol foarút te sjen. By it loaie en lekkere libben, dat hja by de dei lâns hiene, soe har bytsje goed der gau troch wêze. Lykwols, it wie better te hawwen as te krijen, en sa prakkesearren Eint en Jink op dit stuit ek noch allebeide en hindere 't harren net dat elk skande oer har spriek: klearebare oergeunst, oars neat! Mar ek it each fan de measten sjucht altyd fan him ôf.
Ja, de winter foel yn en fergrutte de earmoed mei al de ellinde, dy't der út fuortkomt. Trieneagjend seach de sinne by 't opgean oer dit toaniel en ferberge dêrop har oansjuch efter in sluier fan grauwe wolkens, dy't mei gauwens yn sêfte wite flokken delfoelen en in tsjokke tekken fan it suverste wyt oer dizze omkrite útspraten, as woe de natoer mei in mantel fan leafde alles bedekke wat it each hindere, ja alle sinnen ta 'n walch wie. In moai gesicht sa, foar 't each... dy wite mantel oer alles hinne... pitertuerlik! Ja, mar dêr ûnder hearske bederf en ferrotting!
In gleie foarjierssinne, op ien fan de njuggen simmerske dagen, dy't, folgens de hjitting, maart yn syn merse hat, hie it nachtlike tsjuster ferjage en beljochte mei har skynsel ek it aaklike kloftsje huzen, dêr't it doarpke, dat gjin doarpke hjitte kin, út bestiet. Hja skynde oer de ûnmjitlike finnen, wêrfan't de heechstlizzende plakken út it ôfsakjende wetter opriisden as safolle eilannen, dy't lykwols om dizze tiid mear walchliks as pitertuerliks te | |
[pagina 29]
| |
sjen joegen, want in tsjokke griene flij, wrimeljende fan 't feninige brot út 'e moerassen en 't sprutende ûnrant, troch de tochtsleatten oanfierd en dêr út opbûlgjende, lei oer alles hinne. Hja kipe nijsgjirrich troch de ferware ruten fan de neare krûpyntsjes en fan de rûchrouwe brakken, en liet tûzenerhanne stofdieltsjes sjen as oerskot fan bedjer en ferrotting, út skandelike ûndeugd en ûnhuerigens berne. Har strielen sochten tagong yn de ferhoalenste skûlhernen fan dy walchlike ferbliuwplakken, brochten de disoarder en de ûnhuerens mei de earmoed, dy't dêr hearsken, oan 'e dei en lokken de bewenners nei bûten, dy't as libbene spoekgestalten út har grêven opriisd, riichholjend nei de sinne opseagen, as soe dy fergoeding jaan foar de hûnger en kjeld dy't se lit hiene. Hûnger, wêrtroch't fanneed oarremans ierappelbulten skansearre, kjeld, wêrtroch't de wringen mei de dam- en fredingpeallen út 'e lannen ferdwûn wiene: ‘dy hiene fuotten krige!’ Ja, freeslik hiene se lit, en 't hie in lange rite west, dat se mei de bleke ellinde as har gast yn har neare wente opskipe sieten. Mar no skynde de sinne. Kjeld hoegden se net mear te lijen, al hiene se neat om 'e 'latten' as wat fodden en flarden, dy't nei sjudden roeken. En dêrom kaam alleman út 'e hoale en seach op nei de sinne, dy't in nij libben tefoarskyn roppe soe. Mar dat beried duorre net lang, mei lome bewegingen gyng elk oan 'e skrip. Dizze helle in stôkmeager touke, as fan twa planken gearspikere, dêr't de skytlokken by del hingen, nei bûten om it hok út te mjuksjen, wylst in oaren, wat foarliker, it bytsje toarre dong, dat syn bistke eart hie, oer it lytse túntsje struide, wer in oarenien sette de lod yn 'e ‘sûgjende’ boaiem, op 'e hakken neitrape fan in pear meagere hintsjes mei blaureade kammen en blibben, dy't de geile dauwjirms efter him oppjukten en ynienen kokhalzjende troch de roppige weazeGa naar voetnoot7 skoden. Noch ien helle de setierappels út 'e mof rûkende hoale, dy't in kelder ferbyldzje moast en oan 't krûpende en gnibbeljende dierte ta skûlherne tsjinne. | |
[pagina 30]
| |
En de moassige rook fan dy lang beslettene lucht mei de geur fan dat ‘brulloftsjen’ ferpeste de omkrite en krong troch yn de longen fan de troch lijen ferswakke gestalten, dy't sleau en momeftich alle amerijen har ark rêst joegen, om it ‘loaie’ swit ôf te druien, en nei de siken skynden te gapjen, oant it wiif har ferrike holle bûten de hoale stiek en se ynrôp om in pantsjefol kofje, dêr't in goede klobbe ‘fan 't hynder’ net yn fergetten wie. ‘It ferkwikte noch altyd wat!’ En it toaniel om en foar hûs feroare: in ‘leger’ lytse bern, troch de âlden fuortfitere, om se fan 'e hân kwyt te wêzen, sa lang as de man syn sober byt behimmele, wraggelen nei bûten, en mei dy neare donglocht om har hinne woelden se trochinoar of klauden op fjouweren yn 'e modder om, har ûnskuldige bleate skamte besmodze troch it riden op 'e grûn, as in foardoop fan de sedelike ûnhuerigens, dy't letter har ûnskuld besmodzje koe, as se mei sokke foarbylden as hjir om har hinne, grut wurde mochten... Meilydsum seach de sinne fan út it hege ferwulft op dy stumpers del en ferwaarme har de meagere tinhûdige lea, as in ienichste goe' dat se harren dwaan koe. Sa wie it ûntweitsjende libben yn dizze omkrite by it ûntweitsjen fan de hiele natoer. Mar de jûn kaam en de sinne ear't se yn 't nêst gyng, bediek har oansjuch mei in flues fan skiere wolkens, as skamme se har hommels de ûnbeskiedenheid, wêrmei't se dit toaniel ferljochte, en oan 'e dei brocht hie, wat nin deiljocht ferneare koe. De spoekeftige gestalten doeken treurich yn har hoale terêch, it toaniel waard tsjuster: de nacht liet it kleed falle.
In dei letter. De opkommende sinne is ferhoalen efter grauwe wolkens, dy't har stadichoan gearpakke en effetive maartske buien foarspelle. De meagere gestalten sitte skrousk en rydboskjend yn har aaklike klinte, jit temear ferklûme, om't de gleie sinne mei de arbeid fan juster har de switgatten iepene hat. Mei te min om 'e latten en noch minder tusken de ribben hâldt har lijen noch oan. | |
[pagina 31]
| |
Alles wer stil, near, bedompt! Nei in hurtsje lykwols wurdt de útdoar hjir en dêr iepene en in gestalte, dy't him wat opsjugge hat, en noch ien en wer ien... stapt nei bûten. Hja ferfoegje har byinoar op 'e dyk, geane in eintsje meiinoar fuort en ferdwine ien foar ien troch de tsjustere yngong fan in wente om in treurige plicht te folbringen. Tryn har kearel, dy't noait in kearel útmakke hat, bûten dat er noait lins naam fan bodzjen om in trochbringerige klitse fan in wiif te ûnderhâlden mei in keppel longerige bern, wêrfan't it te beduchten stie, oft se wol fan syn skaai wiene, dy jobbe hie him al lang sels ek ta 'n lêst west, siik as er wie fan in wol te ferklearjen hypokonder, dy't him einlings ‘yn 'e harsens slein wie’. Hy hie al lang útsjoen nei 't bericht, lykas er yn 'e ferbylding wie, dat komme moast om him tynge te bringen, dat syn oere ferrûn wie. En ûnder 't ôfwachtsjen fan dat bericht, hie er yn d' âlde stile en by de sleur wei mar fuortpuchele en wer puchele oant ek syn lichem dielde yn de ferswakking dêr't syn geast al oan kwealk gyng. Mar in oar beskie as dat fan 'e Deadsingel wachte him, om de mjitte fan syn lijen earst fol te meitsjen. It heal tebarnde oerskot fan in stellene rikbeam mei de klau fan in wringe wiene op syn hoarnleger fûn, en it kommen fan de man mei de gleone knopen, dy't noait earder syn wente hein komd, en by alle ferkeardens, dy't hjir hearske, in lokkich seldsume ferskining wie, hie genôch west om de buorren op stelten te setten en him it bytsje ferstân, dat er jit hie, ferlieze te litten. 't Hoegde der net ienris by te kommen, dat er gefaar rûn om de bak yn te gean! Hy wist him ûnskuldich, mar ‘foar de earme bestie der gjin rjucht as de straffe foar sabeare of wezenlik misdwaan...’ De holle rûn him no foargoed troch: ‘hy wie mei 't hiele kadaster yn 'e war’. Underwyls hie hjir en dêr in lijer om him hinne, tusken fjouwer planken bespikere, de grutte reis oannomd, sûnder dat it syn bar skynde te wurden. En in heislik foarnimmen, út sljucht-sinnigens berne, wie by him opkomd, om nammentlik it bericht net ôf te wachtsjen, mar út himsels de reis te begjinnen en syn | |
[pagina 32]
| |
freon de Dead by de hân te gripen, dat dy him fanneed wol meinimme moast. It tsjustere fan dat ûnbekende oard, dêr't dy him bringe soe, ferskrikte him net mear, want alles wie tsjuster om him hinne en yn him. Koe it slimmer as slim? En it eagenblik kaam, dat er syn heislik foarnimmen útfierde. Mei it skynber bedaarde oerlis fan in wiis en ferstannich minske hie er op in jûne tarissing makke om in died fan sljuchtsin te folbringen. De oare moarns wie er kâld en dea, as in offer fan de fertwifeling, earmoeds dochter. En no lei er yn 'e bierre en soe opdroegen wurde. Tryn folge it lyk en skriemde - hja miste har jobbe, dy't troch syn oanhâldend bodzjen de slimste earmoed altyd bûten har wente keard hie. Mûlk ek, dat in lang fersmoarde stimme yn har binnenste har no it ûnrjucht ferwiet, dat se him by syn libben oandien hie. Hja fûn it foar har eigen gerêststelling nedich om snokjende oan alleman te fertellen, dat se him altyd goed behandele hie. Mar de tahearders sweien en tochten der harres fan. De behandeling, dêr't wisten se neat fan, mar de bejegening hie better kind. Syn ûnmacht as troud kearel mei in frommes, waans jachtigens net maklik te foldwaan wie, hie er troch soarchfâldige warberens foar har bederf goedmeitsje wollen. Hja hie dat net ienris ergere, mar har wrutsen troch him ûntrou te wurden, nei har sin te jachtsjen, en de lêst fan de gefolgen op syn skouders te lizzen. En dochs hie er har noait gjin ferwitings dien. Mar dit alles fielde se no by harsels en hja wie ferbûke, bewiis: dat se al dagen oan ien it rabjen oar oarremans lek en brek alhiel fergetten skynde te wêzen. Op 'e weromreis fan 't hôf lykwols stûke hommels it lêstige oerwurk yn har binnenste en hâlde op fan tikjen. In minske wie op 't lêst ek gjin ierappel, men wie mar ienris yn 'e wereld en ek mar ienkear jong, wat nei dit libben kaam, wist nimmen neat fan, en oars, 't wie noch altyd eardernôch tebek te kearen, as soks mar foar in minske verordineerd wie, want gjinien koe himsels de bekearing jaan. Wat har yn 'e holle omgyng, wie in wûnderlik grienmank fan betinkens, opbûlgjende út de meast ûngelikense | |
[pagina 33]
| |
boarnen fan wrâldsin, neiberou, freze foar straffe en hope op in alfersoenende genade, dy't allinne beskoaren wie foar de útferkoarnen, 't koe dan neat skele wat se west hiene of wiene. De dompergeast hie sûnt in hurtsje syn flearmûswjukken ek oer dizze omkrite útspraat, en de salvige, húcheljende Kanaänstale droude de rûne mar oarspronkelike folkstaal te ferkringen, hoewol, de natoer gyng noch boppe de lear. En de reden? Sjuch, de smite is fan 't hôf weromkomd, de buormannen foarop, dan de lytse begraffenisse. Hja geane it sterfhûs binnen om nei âlde wizânsje de leedbôlen te behimmeljen en wat fierder anneks is. In húsfol minsken, mei de geur fan kofje en tabak om har hinne, wat foar de wente net ûngesûn is. Nimmen seit in wurd, oant de man, dy't de foargong hat, risselwaasje makket om te sprekken; hy sil in goed wurd sizze foar it iten, dat lykas er stichtelik seit, strak de gong fan alle iten gean sil. Hearre, Jel har kearel, dy't as âldste buorman mei foaroan sit en 't fan syn wiif leard hat om op it wrâldtoaniel efter de skermen te sjen en him de eagen net begûchelje lit, laket yn himsels om dy nuvere sinsutering fan ‘dominy’, dy't er earder op in oar plak en yn in oare kondysje sjoen mient te hawwen, en no foar 't earst fan neiby en goed opnimt, wylst de oaren efter de pet sjugge. Hy en syn wiif, dy't tafeltsjinnet, binne mûlk de ienige verstokte zondaren ûnder dizze kudde, fan minsken dy't de geastlike bûkfolling ta har nimme, en waans ûnûntwikkele sintugen it net skifte kinne wat foar 'n rook of smaak der wol oan is. Mar hja swolgje it yn 't gelove dat it har sielen ta spize wêze sil. Hearre beslút syn stilswijende beskôging oer de persoan fan ‘Dominy’ mei yn himsels te sizzen: Do biste deselde, feint, dy't ik mien! En hy laket op nij, yn himsels, as troch in nuvere tafallichheid, it amen fan ‘Dominy’, dêr't dizze syn gebet mei beslút, it segel op syn eigen betinkens skynt te lizzen, en dêr foar 't momint in ein oan makket. Dochs, gean jo swee mar, ‘Dominy’ mei salvige wurden ta'n bêste te jaan en dy mei nuvere gebearten, wêzen- en eagenferlûkingen te beselskipjen, jy hoege net mear stil te sitten, Hearre hat jo edeles portret al klear, hy kin 't jo útlizze, | |
[pagina 34]
| |
wêrom't jy it sprekwurd wier skine te meitsjen, dat er yn syn Ternaarder Bloemhof of, nee, yn syn ‘Catse-boeken’ earder lêzen hat (want Hearre kin lêze!): Al draagt een aap een golden ring, het blijft doch maar een lelijk ding! Hy wit, dat jy froeger yn 'e polder of yn 't fean arbeide ha, al wize jins hege hoed, jins wite stropdas en glimmende learzens dat net mear út. Mar noch lykje jins hannen op slaaien, steane jo de teannen nei binnen, al tekent de foarholle wat mear ferstân, om't jins hierren dêr de plasse ferlitten ha. Hy wit, wêr't jy jins geizige skouwing, jins fjurrige noas oan te tankjen ha: alles it gefolch fan in los libben, ja, jy binne der earen skou troch gien! Jy gyngen út fan 'e stelrigel, dat in minske net fan strie opfold is, en jy sochten dat troch jins hâlden en dragen te bewizen. Loai, lekker en... noch wat, dat men net neame mei, wie jins leuze! Mar... in hommels opkomde bekearing hat alles goed makke. 't Wie fêst troch in wize beskikking, dat jy dy krigen krekt om dy snuorje doe't men der mei begûn om ‘lokalen’ te bouwen, en de Dompergeast helpers nedich hie om as preesters yn dy timpels te tsjinjen en... te libjen fan itjinge earme ferblinen en ferbline earmen op it alter leine, al bestie dit offer soms út in part fan itjinge de ‘mannen’ har as ‘ûnderhâld’ joegen: tefolle om te stjerren en te min om te libjen! Mar dat hoegde jo net te begrutsjen en - 't begrutte jo ek net, tinke de arbeider is syn lean wurdich, te sizzen dy arbeider wiene jy. Lykwols, 't moat sein wurde, jy hâlde jo tsjinwurdich goed: jins hâlden en dragen is sûnder oanstoat foar dy't jo net kenne... jins preesterlike mantel fan skynhilligens is noch nij en sûnder gatten... en jins wurk hat fertuten dien: in grutte oanhang yn 'e ‘tsjerke’, dy't nei jo harkje oft der har lije môlke yn 'e earen rûn... Wat hindert it of dy lju har sloven fan bern yn 'e wike foar wyld omrinne litte, se net nei skoalle stjoere en se yn alderhanne godloasheid opgroeie litte! Sa prakkeseart Hearre, dy't better as ien fan d' oaren wit wa't der dea is, en wat der al ‘om den broade’ dien wurdt yn 'e wereld: hy hat soldaat west, op in skûte fearn en mei fisk sutele yn 'e stêd, by hokker lêste gelegenheid er wolris yn 'e herberge ‘oansylde’ om | |
[pagina 35]
| |
in sûpke en dan kennis makke mei lju, dy't it grutte gûchelspul - de wrâld - mei nochteren eagen besjoen hiene. No docht er dat net mear, hy hat in fûle foarke ta wiif, dy't him de tange prissentearje soe, as er nei drank rûkende thúskaam, mar wat er yn 'e wrâld en troch lêzen yn syn ‘Catse-boeken’ leard hat, is yn syn ûnthâld bewarre bleaun en hy is mei syn wiif fan 't gelove, lykas er 't yn alles mei har iens is, dat ‘men mei finen en blinen it meast beskiten rekket’. Hearre is yn syn soarte in ‘nijljochter’. En ûnderwilens dat Hearre dy prakkesaasje hat, giet ‘Dominy’ fuort om yn nuver grienmank fan Frysk-Hollânsk en salvige Kanaänstale oer 't ‘goede’ te praten, en hat it benamentlik tsjin syn ‘suster yn den gelove’, dy't fan 'e froulju de foargong hân hat en fan har koartline bekearing sa befindelik riddenearje kin, en dy't nimmen oars is as... Gjalte widdo - Jink!...
De begraffenis is dien, de buormannen ferlitte de went en strampelje nei hûs, de froulju al skielk fan desgeliken, en as dy thúskomme, fiterje se de manlju op 'en nij de keet út om wurk te siikjen, dat se dochs net fine kinne, om't it noch te betiid is... 't Is in winter dy't se ûnthâlde kinne, mar hja sille soargje, dat se 't net wer belibje. NammersGa naar voetnoot8 sa prate se alle jierren! En ‘Dominy’ giet nei hûs en syn ‘suster yn den gelove’ Jink giet nei hûs en allegearre geane se nei hûs. Tryn, mei har leger bern om har hinne, bliuwt allinne yn har went en prakkeseart, hoe't se sûnder har jobbe fuortoan oan 'e kost komme sille... Oaren hawwe dat riedling ûnderweis al oplost: In spultsje foar 't doarp! wurdt der sein. Mar Tryn betinkt yn harsels, dat se jit net ûntsjep is: hja kin noch wol in kearel krije, en de bern wurde grutter. De begoedigen ûnder de gelovigen sille har ek wat helpe: ‘Dominy’ hat it sels sein doe't er prate fan dat ‘sûnder sûnde’ en fan dy ‘earste stien’... hja wist by ûnderlining wat dy loaits by manlju betsjutte. 't Soe wol goed komme mei har... hjirneimels en - hjir, ja hjir ek! | |
[pagina 36]
| |
- De ‘nije’ klean út! seit Jel tsjin Hearre as se wer thús binne. - My tocht, andere hy gekjeiend, ik moast dy no mar oanhâlde, dan lykje 'k folle gnapper en jeuchliker. - Hark my dy âld kearel ris oan. In moai portret as er troch in stikken rút sjucht... Dat moast hy ris tsjin har sein ha, dan soe de tange syn foarlân west ha, en hja hie 't him noch boppedat duorjend yndroege... Mar Hearre wurdt der net lilk om, hy is 't wend dat se mei de hiele wâl útfalt en wit dat se 't better mient as se seit. In man nimt 't him ek net sa nei as men him foar ûnsjuch útskelt, en Hearre is ûnsjuch. Mar lit der ien komme, al wie er tsienris sa knap om 'e troanje as hy, dy't syn wiif om ferkearde dingen oankomme woe, hja soe him de bonken rottelje! 't Is him genôch te witten, dat syn wiif gjin kwea fan him hearre kin, dat se him foar in kearel yn 't wurk hâldt en as iverich foar syn húsgesin achtet, dat dejinge, dêr't er foar boddet, sines binne: twa jonges, ien fan toalve en ien fan seis jier, dy lykje him út 'e mûle stapt, mar sa flink fan liif en lea, 't is in mirakel! De âldste helpt him al mei te reidbinen. Wat kin er 't al krekt roaie mei igale boskjes fan tolf tomme te lizzen en de bân der om te slaan, in mirakel sis ik jo! En de jongste ‘apostel’ sil nei skoalle, sadree as er nije klompen hat en fan Heite âlde buis in nijen foar him makke is. Hy sil ek in kearel wurde, en skielk mei heit farkje, as er ‘trochleard’ is... En de middelste is in fammesbern, gau yn 't tsiende, dy liket mear op har mem. Dat is gjin fan minen, seit Hearre tsjin syn wiif as se sabeare deilis binne, om't hja him nei syn sin tefolle ûnder 'e barte hâldt, nammentlik as se him ‘de keat al te nei oan 't gat hinget’ of te bar út 'e koker spilet, lykas no. Mar dit sizzende hat er de klink fan 'e doar al yn 'e hân, bang fan 'e gefolgen. En no't it by ûngelok treft, dat se him yn 'e hannen krijt, foar't er útfylje koe, hat er noch wol in efterdoar iepen om fan ‘strips’ frij te kommen: Ik bedoel dy lytse yn 'e widze, seit er. - Dat 's dyn gelok, heite! Nee, dy lytse ‘apostel’ is net fan dy, om't dy Ank taheart en dy ‘oare’, dy luiwammes, dy't se giselje moasten. - Krekt, mar ik kin der foar puchelje. Ik ha oars genôch oan myn eigen. | |
[pagina 37]
| |
- Stil! slacht syn wiif him oer de snute, ik wol net lije, datste wer opikkerste wat wy út goedens dien ha. Bûtendat, wy ha der gjin skea fan. Ank soe ús wyks in gûne jaan foar 't ûnderhâld fan har lytse... - Ja, mar Slûge soe ek... - 't Kin net skele, ik wol 't hert net wer misse... sjuch ris, hoe leaf as er laket, en hy alketGa naar voetnoot9, men soe der niget oan ha. Hark dêr begjint er wer, dy lytse skiter! Mar Ank hat my fêst ûnthjitten, dat se fan 'e wike komme soe om nei 't bern te sjen en har skuld lyk te meitsjen, sei se. Hja sil 't dwaan, 't is in bêst fanke by my. - Ja, seit Hearre, dat is se. Och, 't wie oars ek neat, sjuchste? Mar as ik net binnen koart wurk krij, dan reitsje wy sels op it sân... Ik sil teminsten mar ris omsjen oft ik ek wat fine kin. Dêrmei stapt er de doar út, en Jel krijt de lytse út 'e glûpe om 't in skjin ruft ûnder te dwaan. It bern hat goed oanhelle, better as men ferwachtsje soe. 't Wie sa'n ûnnoazel pjut doe't se him krigen. Men kin wol sjen, dat er mei ferstân fuorre en goed behoffene wurdt. Jel docht har betsjinning fan kreamwarster eare oan: hja hat ferstân fan lytse bern en is der mâl mei. En mei de lytse op har skurte fertelt se him fan syn faar, dat er in loai sûpkeal en in priemske pluch is, dy't nimmen neat gunt as himsels, fan syn ûngelokkige moar, dy't har eare ferkeapje moat foar brea en om har lytse foar brek en lijen te bewarjen, want Jel hat fan 'e wike mei Ank yn 'e reden west, en doe hat dizze har oerslein, hoe't se oars in bêst stee hie by de boer, mar dat dy har likemin as ien fan har foargongsters gewurde litte koe, en Jel hat har foarhâlden, dat it better foar har wêze soe, om har slydsje dêr wat nei te skowen en net al te ynfieren te wêzen, yn pleats fan him botwei ôf te stegerjen en gefaar te rinnen, dat er har op 'e dyk sette, har eare lei dochs al by de strjitte! Hja moast it lykwols net te fier komme litte, of it moast wêze dat er har, by brek oan better, sei Jel, ta wiif nimme woe. Ank sei, as se har natoer opfolge, dan rûn se leaver by him wei, mar... wêrhinne? Krekt, wêrhinne? seit | |
[pagina 38]
| |
Jel, och sloof, om de warheid te sizzen, ik ried dy ek tsjin myn natoer, ik seach dy net graach wer ûngelokkich, mar dy earmoed, dy earmoed! Lykwols, doch wat ik sis en lis it mei him op 'e lumen. As 't op 't slimste betearde, wit ik noch wol in middel, dat er dy fanneed ek nimme moast, dat woe 'k dy oars net sizze, mar 't is der no út! Dochs de bysûnderheden hâld ik foar my... As kreamheinster moat ik swije kinne, en ik kin swije, mits, hja moatte 't net mei my oan 'e stôk krije. Sa hie Jel sein, en dy hiele riddenaasje kaam har no wer te binnen, wylst se mei Ank har ‘keninkje’ op 'e skurte siet, en hja makke har dêr no sels in ferwyt oer. 't Is wier, hja hie Ank ret om te handeljen, lykas se 't sels, yn har skynGa naar voetnoot10 wêzende, ûnderlein hawwe soe, mar Ank en hjuGa naar voetnoot11 wiene twa. Ank wie te goed, hja soe gau alhiel oer te heljen wêze as se der mei begûn om wat ta te jaan. Dy ‘liddichrinnende mestlingen’ mei harsels ferlegen, wiene brutaal: as men har de finger joech, namen se de hiele hân en Ank, bûten dat it spoek fan 'e earmoed har ferskrikte, wie net stânfêstigernôch om yn sa'n gefal de stôk by de doar te setten... Jel koe Ank en de soarte, mei ien wêrfan't se te kedizen hie. Hja hie der ek ûnderfining fan hân, doe't se faam wie. Hja hie ek krekt en gelyk by sa'nien tsjinne, dy wie gleon op har en hja ûnderhâlde dat fjurke, om hja hie der in goed libben troch en koe alles fan him ‘gedaan’ krije. Mar as er miende it wûn te hawwen, dan sei se, dêr stiet A.B. op, dat wie sa folle as afblijven, de mûle wille jaan, mar de hannen thús... Hja soe 't Ank nochris ynskerpje, as dy by har kaam om nei 't bern te sjen. Ien bongel oan 'e foet wie al ien tefolle, mar dy wie der no, en Jel sawol as Ank soene him net graach wer mist hawwe. Lokkich ek, dat it in jongesbern wie. Under dy betinkens lei se de lytse, dy't no syn bûkje fol hie en | |
[pagina 39]
| |
ferhimmele wie, yn 'e widze en stjoerde de bern mei in stik iten nei bêd. Hja hie in mennich ierappels oer de hurd, mar dy wiene foar Heit, as er thús kaam: hy hie de deis noch gjin waarm iten hân. Mar doe't dy nôch wiene, treau se har elkmis ien ta efter 'e bêdsdoarkes, en doe joegen se har del. Sliep sêft, earme sloven! Jimme binne jit lokkich yn jimme earmoed mei in heit, dy't mei leafde syn switdrippen foar jimme falle lit, mei in mem, dy't jimme net mei streakjen ferdjert, mar op alderhanne wizen toant, hoe mâl se mei jimme is. Men moat mâl mei de bern wêze, mar 't har net skine litte, seit Jel. Ja, hja sliepe. De lytse faam foar by de planke mei it lytste boike njunken har yn 'e weach en de âldste oan 't fuottenein, wa't it jûns altyd op 'en nij ynskerpe wurd om d' oaren net te ‘skoppen’, like steechfêst as 't d' oaren oplein wurdt om him net neaken te skuorren. En de lytste krûpt syn susterke oan en leit har syn kopke tsjin 't boarst, hy moat it fan har hawwe as mem út te kreamwarjen is en de lytse yn 'e widze ek. Mar Jel giet gjin moarn de doar út sûnder har goede ‘ynstruksjes’ te jaan en hja docht wat har belêstge wurdt. Sa sliepe se mei har trijen yn dat neare bedstee, mar lykwols mei in geur fan sûnens en ûnskuld om har hinne: in skilderij, sis ik jimme, noch temear oangripend om't de eftergrûn tsjuster en malkerich is. En sa tinkt Hearre ek, as er thúskommende it hear oersjucht en syn wiif de tynge bringt, dat er wurk krige hat...
Droechsum waar, lykas 't no al in rytsje west hat, hoewol't it noch kâld bleau fanwegens de wyn, dy't mar net út it easten wei skynde te wollen. Eint, doe't er noch grapjage, wat er no as feranderd man net mear docht, hie by sa'n gelegenheid alris sein, út it easten kaam net folle goeds, lykas er fan immen heard hie, dy bewearde dat ek, want sei dy, syn wiif wie ek eastertGa naar voetnoot12 út weikomd. Mar Hearre sei, dat leach | |
[pagina 40]
| |
er, dy prate fan 't noarden. 't Spant ek om altyd geastich te wêzen! Likefolle, de eastewyn wie yn safier goed west, dat hy it wetter hurd fermindere, en de lannen opdroege hie. Noch lei in tsjokke griene flij oer alles hinne, mar droech en sêft, en omheech wrot troch de sprutende gerskes, dy't har kopkes der troch hinne stieken en 't oan 'e sinne oerlieten, har tekken fierder te ferskuorren. Hja hiene dy no net mear nedich en tsjin 'e tiid dat se der wer behoefte oan hawwe soene, krigen se dochs wer in nijen, hiel oars as de earme minsken, dy't sels soargje moasten, dat se wat om en oan krigen... Mar wat foar dizze op dat stuit it foarnaamste wie, it wetter wie safolle sakke, dat se mei grutte wetterlearzens oan, wer reidsnije koene. Dêr wie no in setsje goed jild mei te fertsjinjen. Hearre wie der al mei oan 'e gong en d' oaren soene der ek mei begjinne. De oplibjende lijers kamen elk foar oar út 'e hoale, dêr't se in hiele lange neiwinter op 'e broek sitten hiene te neilbrieden ta skea fan harsels en har húsgesin en ta argewaasje fan har froulju, dy't al skielk gearrûnen fan blydskip dat se romte om 'e hurd krige hiene. De bern waarden mûnich op 'e hûd, net mear út freze foar heit yn 'e ban hâlden, en op 'en nij begûn it fûterjen en kettermintsjen yn 'e hûs en it rabjen út 'e hûs, hoewol't se 't har yn 'e earmoed sels faak en dikmels bekend hiene, dat se ‘om har sûnden wille’ sa lije moasten. Mar no wie de roede fan 't gat en de ‘straffe’ fergetten, en it âlde libben begûn op 'en nij.
Wylst de manlju foar de stôk op nei ‘bûten’ fertein binne en de froulju har measte tiid mei kefjen op 'e bern en rabjen op 'e buorren te siik bringe, sit Eint yn 'e hûs. Hy hat it noch altyd as in hear by Jink, mei wa't er as syn wiif libbet, skoan er foar 't each fan 'e minsken bleat har... kostgonger is. Dêr koe gjinien oer falle, en dat mei ek net, sûnt se beide ta 't ‘goede’ bekeard binne. Tryn, dy't soms de boel dêr útklinzget en de wask docht en 't grutbekjen noch net litte kin, skoan har foet no ûnder allemans tafel stiet, hat wol fan pas opmurken, dat Jink yn sa fier gelyk hat: hy liket | |
[pagina 41]
| |
mear op in kostgonger as op in kostwinner, want dat er de hiele winter it loaie lyntsje lutsen en 't wiif op 't himd sitten hat. It soe earst wakker wêze mei him, sa fertelt se fierder, hy hie it boat op 'e helling hân, de fûken taand en der in pear nije by oantúgd foar de fiskerij, in pear gloedglandernije wetterlearzens foar in foech tweintich gûne hie er brûkt om se yn 'e traan te setten, mar se noait om 'e fuotten hân. Hy fielde him te swak en te fetber foar kjeldskypjen om te farkjen of in ‘reidmosk’ te wurden, fanwegens syn mage, dy't noait rjucht yn 'e heak wie. Hy brûkte noch altyd syn Bearenburch, dêr't er it allinne oan te tankjen hie, dat it mei de ‘eetlust’ wol skikte, skoan altyd lytse protsjes lykas er wend wie. Mar hy dijde der oars goed fan, hoewol it wie gjin gesûne dikte, sei er, hy wie allinne wat opdrachtich om 'e holle... Jink en hy wiene tenearsten noch te grien meiinoar en hy kaam syn plichten as troud man, dat er net wie, noch te goed nei as dat hja him oer syn loaiens beskrobje soe. De earmoed wie noch net de doar ynkomd, hja fielden 't dus noch net sa lyk, dat se stadichoan ûndertarden. Sa koe er mei syn streakjen noch alles by har goed meitsje en de kenyntsjedagen duorren fuort! Foar elk oar, dy't net lykas hja troch de ‘leafde’ ferbline of as hy, steunende op syn goed needlot, ûnferskillich wie, wie 't lykwols klear, dat se gau de ein fine, en dan lykas 't giet mei deilisskip skiede soene. Der wie noch wol iten yn 'e kelder, branje yn 'e skuorre en spek op 'e deistokken, mar de beide bistkes wiene al fuort oan skuld en hja tarden noch allinne fan wat Gjalt mei hope op in rêstige âlde dei oan jild opgearre hie. Meitsje no jimme rekken! sei Tryn. As de pong ek ‘soldaat’ is, dan is 't gepieptGa naar voetnoot13 sis ik jimme. Likefolle, it wie no noch alles yn folio, en wa soe himsels mei neare betinkens kwelle as men in goed libben en in... gerêste konsjinsje hat! En dat hiene se beide en fan beiden noch, ja de lêste likegoed as it earste. Hja ‘gyngen’ ommers trou ‘op’, alle | |
[pagina 42]
| |
sneinen elk har bar nei 't ‘gebou’, en stiene heech oanskreaun by ‘Dominy’, dy't har Tryn, lykas by mear oaren, as arbeidster oanrikkemedearre hie, om hy stelde belang yn dat minske. Miskien wist er sels net wêrom, mûlk ek wol! Mar Tryn hie no, troch har skandalich rabjen, de stâl sa ferbûke by Jink, dat dizze har it hoarnleger ferbea. Dochs it ‘wie Tryn soarch’ in arbeidshûs mear of minder, dêr woe se de iene hân net mear om yn 'e oare lizze. Ba, boffert! sei de jonge en hy wie al sêd. Hja hie 't sûnt in hurtsje better begrepen: hja hâlde in hûske fan hâldoan. Dêr kamen sneintejûnen frijende pearkes te kofjedrinken, mar ek âlde feinten en sels troude manlju brochten dêr yn 'e wike faak in besiik, en as dat barde waarden de bern bûtendoar stjoerd. Mar men doarst der net alles fan sizze. Dominy hâlde rûnom har wâl op en fersocht har út en troch. Men miende sels sjoen te hawwen, dat er der ienris yn 'e nacht wei komd wie. Mar dat wiene fansels ‘fijannen’, dy't dit útstruiden, fijannen lykas Hearre, dy't it lykwols noch net nedich fûn, dizze wolf de skieppehûd ôf te skuorren, salang't er 't net mei him oan 'e stôk krige. Wat koe 't him skele oft er harren bline hynders foar de doar late as de lju dêr mei tefreden wiene... mar hy moast syn ‘poaten’ by harres wei hâlde. Jel, skoan se fan syn komôf en froeger berop likefolle wist as twa, dy't neat witte, mocht him ek hearre of sjen. Hie se fan har man út gekheid sein, dat er in knap portret wie as er troch in stikken rút seach, oer ‘Dominy’ pratende sei se út tinkenGa naar voetnoot14, dat as syn kop bygelyks op 'e B.-er boat stie, dan farde gjinien langer mei. Jel koe raar útfalle en dat die se as se wa foar hie, dy't se lijen sjen mocht. Hy hie eat glanderichs yn syn eagen, dat in earsum frommeske as by inerlik gefoel wearzige en ôfkearich makke fan syn persoan. En hja hoegde fan har hert gjin smoarpanne te meitsjen mei har gefoelen yn dit stik ferhoalen te hâlden. Hja koe har earen skodzje dat se klapten, hja hie net nedich, dat er har sûnden mei de mantel der leafde bediek lykas fan dy oaren: Tryn en Jink, en fan jamk oaren, dy't noch in trime | |
[pagina 43]
| |
leger stiene en it behang fan de eftergrûn útmakken op dit toaniel. Dizze lêste binne har net ienris praat wurdich, seit Jel... Jy ha gelyk, Jel! Wy ek litte har stean yn 'e mist, dêr't hja mei om har hinne op it toaniel kamen en dy't de sinne fan ús ferbylding net oplûke mei: har earmoed mei alles wat dy yn har selskip fiert soe al te ôfgryslik lykje, wannear't se hommels yn 't bleate deiljocht ferskynde. Wy meie har de mûle net iepenbrekke om in taal te hearren, dy't in fatsoenlik minske troch ieren en sinen gean soe, slimmer as wy 't oant no ta heard ha... Ferdwyn fan ús toaniel, dat sûnder jimme op 'e eftergrûn, oars ek al tsjusterdernôch is. Dûk terêch yn jimme hoalen om te fûterjen, te kettermintsjen, te rabjen en earmoed te lijen, oant... In nije tiidGa naar voetnoot15 komt, as wannear't... yn alle gefallen jimme de lea net mear sear dogge! En do, Tryn, rabbelskûte en datste mear biste, gean ôf. Wy hawwe dy genôch kennen leard om te witten, wêrom't wy dy hurd falle, en út wat reden wy dy bekleie moatte, dochs wy litte dy mei dyn gelikens bliuwe foar watste biste, want wy meie nimmen feroardiele en wy soene bang wêze, datste ús, goedbebekke ast' biste, foar de fuotten smietste: Dy't in oar beskrobje wol, moat sels skjin op 'e hûd wêze en wy binne ek net sûnder skobben likemin as... de bêsten fan ús! Wy wolle it wol wêze en hingje ús net de mantel fan 'e skynhilligens om 'e skouders, lykasto dochste, tsjinner fan 'e Dompergeast en hypokryt, datste biste! Hearre kin 't getuge wat libben aste earen lein haste. 't Is wier, no hâldste de pipen yn 'e sek en biste from, mar... út skyn allinne om in goed en maklik libben te hawwen en dy hear te meitsjen fan in earbetoaning, dy't dy net takomt... Aste út in inerlike oandrang by dy sels de ropping field hieste om in gelove te preekjen, dêr't wy 't net mei iens binne, wy soene net op dy smeule, mar dyn miening, al wie dy uzes net, earbiedigje... No moatte wy dy ferachtsje as in húcheljende broodbidder, dy't de domheid en 't bygelove stipet, it skuldige gewisse yn 'e sliep bringt en de earmoed fergruttet troch der mei fan te tarren, ja in goed libben te hawwen!... Mar ek dy | |
[pagina 44]
| |
winskje wy gjin kwea, mar betterskip! En gean no foarearst mar hinne!... Wy hawwe mei Tryn ôfdien, dochs do. Eint, moatste noch effen bliuwe, skoan it dyn loaiens faaks wol yn 'e wei is, dat wy dy noch net mei rêst litte kinne, en ek dyn ‘wiif’ moatte wy ha en har, dêrste earen as dyn wiif mei libbeste... En bliuw do ek noch effen, Jel, goedmienende fekke, mei dyn kearel, dyste ta syn eigen gelok ûnder 'e kwint hâldste, mar dyste alles wol tatropje wotte om it sels te belijen... Wy moatte elk yn syn rol nochris op it teater ha, om ús stik ôf te spyljen. Lit it kleed wer opgean!...
't Is sierlik moai waar. Wy binne ek al in stik hinne oan maaie. De minskelike ‘reidmosken’ hawwe de swartkoppige fûgeltsjes, dy't lykas hja ek te'n ûnrjuchte mei dy namme betitele wurde, ferballe. Dizze fljugge no hjir en dêr om mei de beardmannekes, ballingen lykas hja, mar gelokkiger, om't mantsje en wyfke trou byinoar bliuwe en swiet en soer tegearre opnimme, wat it leed lichter te dragen makket. Hja sette har soms om te rêsten yn in âlde haachdoarn, dy't as in ferwaarloaze stobbe boppe de grûn útstiket, mar no mei in hearlik sêft grien bedutsen is. Boppe de finnen driuwt en wjukkelt de ljurk om syn moarnsliet te sjongen. Ljip, skries, hoants en tjirk, of hoe't al dat fûgelguod hjitte mei, ferfolle de loft mei har gerop... alles libben ûnder dat blauwe ferwulft, rêstende op it griene tapyt. De manlju binne ‘buten’ of skrippe yn 'e turf, de froulju rinne by de streek of steane by elkoar op 'e dyk om de ôfwezigen by 't gat op te heljen en de bern rinne foar wyld, of klauwe yn 'e modder om. Sa giet hjir de iene dei nei d' oare foarby en sa sil ek dizze dei hjir foarby gean. Mar tsjin 'e jûn slompe se de iene nei d' oare binnendoar om it iten ree te meitsjen foar de thúskommende manlju, dy't as der neat foar har klear wie, raar op 'e fioele spylje soene! ‘Men soe oars yn 'e hûs soargje,’ sizze dizze sloven terjucht, 't bliuwt noch moai ta de jûn út. | |
[pagina 45]
| |
Jink, dy't harsels om neat of nimmen hoecht te ferhastigjen, bliuwt as lêste man oer, mar sil no einlings ek yn 'e hûs gean as se yn 'e fierte wa oan kommen sjucht en út nijsgjirrigens stean bliuwt. Ferduld! It is Ank, dêr't se noch altyd it grou op hat... út jaloerskens. 't Wie dus better dat se mar yn 'e hûs gyng om in skermslachGa naar voetnoot16 te ûntgean, mar wat soe in oar tinke? Fansels, dat se bang wie fan Ank en dêrom ‘foar skiter ôfrûn’... Hja sil har kommen ôfwachtsje... - Jûn, seit Ank droechwei, as se Jink hein komd is. - ‘Datste my “jûn” haste kinst wol wer krije,’ is 't antwurd. - O, ik moast nawen sein ha, omdatste sa'n grutte frou biste, wel? Mar my biste dat net wurdich en dyn kearel noch helte minder... - Dyn kearel, mienste. Hy is minen net, allinne mar by my yn 'e kost, lykas alleman hjir wol wit. - In doekje foar 't blieden, sûntste de bekearing krigeste, mar as 't dy skielk ris om 't gat gearslacht, dan sil alleman witte hoe't jimme meiinoar libje... ('t Is eat dêr Jink sels ek al bang fan is, mar hja slacht de bal terêch op 'e selde wize en mei itselde gefolch as Ank dy útslein hat.) - Dat soest wol wolle, hen? Om dan wie 'k mei dy gelyk. Mar as 'k dy goed oansjuch, soe 't my neat nij dwaan of it is al wer sa fier mei dy... - Wat seist dêr, smoarge klitse? - Dat hearst wol, mar... in klitse, dy't 't seit. It dispút wurdt al njunkelytsen heviger. De rabjende wiven stekke de earen op en wurde allinne troch freze foar har manlju, dy't op kommende wei binne, tebek hâlden om de kop bûtendoar te stekken. 't Wie oars krekt ‘spek foar har bek’ mar as it iten strak net op 'e tafel stiet, is der gjin ried ta mei har kearels, dy't no't se wer wat fertsjinje, like mannich op 'e bealch binne as se, op 'e broek sittende nuet wiene... Mar in kliber suterich útsjende jonges- en fammesbern is om | |
[pagina 46]
| |
de beide wiven gearhokke, duldich ôfwachtsjende dat se slachs wurde sille... In opslûpen jonge komt heal efter 'e siken by syn moar yn 'e hûs rinnen, syn lytse broer fottelt him efternei. - Mem, ropt er, kom ris effen út 'e hûs der binne guod deilis. - Brui wei smoarge jonge! Wat leit ús deroan gelegen? Sjuchste net, dat 'k it iten net oan 'e soad krije kin? Hânsum de dyk út en sjuch datste in droech houtsje fynste. - Noait! - Gau, of ik sil dy de bonken rottelje! 't Is smoarende fol reek yn 'e hûs en de ierappels ‘hingje yn 't wetter’, 't sil der aanstens hûnje! It rachen en skellen op 'e dyk hâldt jit oan... - Ik wol der wer nei ta! seit de jonge tsjin syn broer, en sûnder antwurd ôf te wachtsjen, nimt er de klompen yn 'e hân en der hinne, stees oan op 'e hakken nei rûn fan syn lytse broer, dy't him yn alle ding nei folget. Kom, fuort ju! Ja, kom fuort, it spul is no op syn moaist: hja hawwe elkoar no by de fodden, de mûtsen stowe fan 'e holle, hja reitsje al wrakseljende oer de grûn, elk har bar boppe... Toe, Jink! Toe Ank! Reitsje mar goed... Divel, 't is partij, hear! En de kliber fan dy lytse ‘godloaslingen’ om har hinne wurdt grutter. Hja steane mei de mûle yn 't kier, har útrekkende op 'e teannen. Hja raze en gjalpe it út fan dierlike nocht as se sjugge wat net sjoen wurde mei, riichholjende, sûnder meilijen, har fermeitsjende as dat blanke fel mei ûnhuere weaze besmodze, mei rauwe smertlapen bedutsen rekket, oant de fjuchtsjenden, ôfmartele, oprize en elkoar as fan sinnen ferbjustere yn 't wêzen sjugge, dat wyld útsjende wêzen, dêr't it hier ûnoarderlik by del hinget en de ‘tsien geboaden’ fan de tsjinpartij har merkteken op efterlitten ha... Underwyl sit Eint yn 'e hûs, ûnferskillich foar itjinge der foarfalt tusken dy beiden, wêrfan't de iene syn bern ûnder it herte droegen en fan alles en alles mei him opnomd hat, en de oare har frijwillich oan him oerjoech, mar te'n waans koste er libbet en de boel trochbringt. | |
[pagina 47]
| |
Unferskillich, nee, mar mei in gefoel fan inerlike foldwaning sjucht er 't oan, dat se elkoar sa skandalich yn 'e faksen sitte... út jaloerskens, om him! En ûnder de ynfloed fan de Bearenburch, dy't er swolge en de proefkes, dy't er temûk út 'e spiiskeamer gnobbe, om syn lardich gestel in stipe te jaan, wylst Jink bûtendoar ombongelt, komt syn froegere lúm as in neifleach boppe: hy hat it wolris sjoen, dat twa hoannen om in hin, mar noait dat twa hinnen om in hoanne fjuchten! Dat plezier hat er no. 't Komt net yn him op, dat er lykas dy hoanne ferplichte wie om de fjuchtsjenden te skieden. Mar hy wol himsels net ta 'n skouspul jaan fan 't gemien... De wierheid is, dat er syn ‘moai foar de hân’ wêzen trou, 't mei nimmen oan 'e stôk ha wol. Hy wit hoe't dat ‘sprot’ is: hja soene him wyt en swart ferwite en noch lang dêrnei fan 'e ra rinne litte. Syn fersmoarde gewisse seit him net, dat er 't ek fertsjinne hawwe soe. Mar hy wurdt dochs oars yn 't liif en is mei syn hâlding ferlegen as Jink binnendoar komt, dy't der no útsjocht oft se sa fan 'e galge fallen is: de klean teroppe, it hiele gesicht teklaud en it hier wyld om 'e holle. Hja fielt nei har knibbel, wylst se op in stoel delfalt en skriemende tsjin him útfalt: - Bisto ek in kearel? - Moat ik no de pap kuolje? seit Eint, him konfús hâldende, wêrom begûnst' mei dat sleep? - Om't se my te nei kaam, en ik my fan har net úthutelje lit. - Dêr hast gelyk oan. - Ja, dêr hie 'k gelyk oan, mar do soeste der gjin foet om oerdwars sette, al misledige alleman my op 'e dyk, dêr biste fierstente loai ta... Eint harket raar op. 't Is foar 't earst, dat se him syn loaiens ferwyt, en hy seit har dit. - Om't ik oant no ta fierstente goed foar dy west ha... 't moat mar ophâlde... ik kin dy skielk de kost net mear jaan. Elk hat der de bek fol fan, datste hjir sa op it hok leiste... en hja hawwe gelyk. Divel, Eint! It wurdt minder foar dy, hâld dy katoen, dyn streakjen en moaipraten kin noch alles goed meitsje. - O, seit in oar dat? Dat komt om't se 't my fergunne, dat ik sa'n tsjep wyfke ha... dêr't ik, o sa folle fan hâld. | |
[pagina 48]
| |
- Hark ris, dyn moaipraten komt hjir net te pas. 't Is mei sizzen net te dwaan. Aste fan my hâldste, soeste dat no toand hawwe en hie 't foar my opnaam. - Mar hoe soe 'k dat dwaan? Jink swijt. 't Is harsels ek net klear, hoe't hy tuskenbeide komme moatten hie, en hja reitsje wer fermoedsoend. Jink praat noch wat oer Ank, en Eint wit net better te dwaan as syn ‘wiif’ yn alles mei te stimmen en tige op Ank ôf te jaan... Hy hat it noch te goed by Jink: och... hy hat ek in brede rêch. Wat hindert it oft er foar in kear it lilke bist by har is! Foar in kear, nee, mar hoe sil 't gean, as se dy te ienige tiid foargoed sketten hat, as it goed op is, en de earmoed jimm' beiden oerfalt? Dochs, litte se meiinoar oanpiele. De ein sil de lêst wol drage! Wy moatte sjen wêr't Ank bedarre is.
Jel is effen lyn thús komd, nei't hja de lytse fan in pear lju út dy krite syn berêding jûn hat. Har man is nei iten noch effen de doar útgien. Nei in setsje komt Ank by har yn, waans lytse Jel op 'e skurte hat. Dizze sjucht minder ferheard op, dat Ank as in sjamme, mei teroppe klean en alhiel teklaud by har oanlânet, as oer har ûnferwachte kommen. Sa mid' yn 'e wike wie se dat net fan har wend: Wat sjuchst der út, en wat dochst hjir? - Ik ha mei Jink yn 'e slach west en... - Dêr hie 'k al fan heard, mar dyn kommen... - Ik soe ris nei myn bern sjen. - Mar sa hommels, dêr stiket wat efter. Toe, bycht op, ju! Ik hâld net fan ombal'gen. Ank swicht foar Jel har oerwicht fan fekke, dêr't se nammers har hiele fertrouwen oan jout, en bekent skriemende, dat se út 'e hier is... - Divel, fanke! Dat is slim! seit Jel. - Ja, en 't is noch slimmer, Ank wer. Tryn gelyk! sucht se. - Och, Heare! Ik hie 't wol tocht; mar do moast noait by him weirûn ha. - Hy makke 't my einlings sa lêstich, dat ik moast wol. Ik haw al in | |
[pagina 49]
| |
dei of wat omswalke, net te witten wêr't it hinne moast. Ik fergean fan hûnger en hy... ‘hy leit him sear op 'e ryksdaalders’. Mar hy hat syn lean al, dat er my sa behandele hat, hy leit al sûnt in pear dagen siik, en dat taast him sa hurd oan, dat er wol om in luchje gean sil, wurdt der sein. - Soa, al? Is 't sa mei him? No, do moatst hjir jûn mar bliuwe. Mar stil, dêr komt Hearre oan, lit dy neat skine. - Jûn! seit Hearre ynkommende. Hea, Ank! biste dêr? - Ja, seit Jel, hja hie sa'n ferlangst nei 't bern, en no hat se ûnderweis mei Jink deilis west en yn 'e slach... - Ik ha al fan 'e moard heard. - No, ja, en dêr is hja sa fan feralterearre, woe 'k sizze, dat no soe se hjir tenacht mar bliuwe. Hja kin by my sliepe, wy nimme de lytste by ús, en do sliepst by de oaren. Do moatst dy foar ien nacht mar wat geneare... - Al wat moat, dat moat, seit Hearre ûnderdienich. - Dat 's knap sein, beslút Jel, dy't altyd it lêste wurd hat en sjucht har man mei in freonlike loaits oan.
D' oare moarns, ear't Ank noch ôf 't bêd is, is Jel de doar al út. Weromkommende, seit se: Ik ha ornearre, do moatst hjir hjoed noch mar by ús bliuwe, dan kinst wat húswarje, wylst ik fuort bin te kreamwarjen. Mar de jûns komt Jel op 'en nij thús en sjucht tige bliid as se tsjin Ank seit: Ik ha hjoed eat heard, dêr sitte nij fan opharkje: de boer, dêrste weirûn biste, is dea! Op 'e neidei is er rêst! - Is er dea?! - Ja, en hy hat dy ek wat tamakke, hoefolle mienst wol? - Och, no stekke jy my de gek oan! - Om 't effen net, hear! Mar ried no ris... - Och, ik wit net, seit Ank ûngelovich, hûndert gûne? - Folle mear, tsienris sa folle, tweintich ris sa folle... - Twa tûzen gûne?!... Mar dat is fansels net wier! - Wier, sis ik dy! Sa wier as Wopke libbet. Moat 'k der noch mear op swarre? | |
[pagina 50]
| |
- No, ik moat jo leauwe, mar ik kin 't my net begripe! It ferbjustert my! - Harkje mar ris ta, ik sil 't dy opklearje: Ik wie fan 'e moarn nei him tagien, om him op it gewisse te kommen, dat er dy yn 't ûngelok brocht hie, en mei noch wat, dat ik fan him wist... Mar hy wie sa min, dat ik net by him talitten waard. Lokkich, dy nije preker út it ‘gebou’ wie by him en like der net wei te slaan. As dy my effen te reden stean woe en ik eat fan belang hie, dan soene se dy wol effen roppe. Sa barde it, en om't Hearre, lykas er my neist in hoartsje fertelde, mear fan dy man wiste as him leaf wie, hâlde ik him dit ris foar en doe wie er sa linich as in lape, ik koe him om 'e finger wuolje. Hy fertelde my doe, dat er de boer belêzen hie om de notaris komme te litten, miskien om sels in legaatsje te krijen, mar dat sei er net. No, dat mocht hy witte, mar hy ûnthjitte my, dat er de boer alles oerslaan en foarhâlde soe wat ik foar my nomd hie te dwaan. Sa die er, en in skoftsje letter moast ik by de boer yn 'e keamer komme, wêr't de notaris ûnderwyl oankomd wie, en doe ha 'k sels mei dizze earen heard, dat dy ûnder getugen, twa tûzen gûne tamakke is... - No ik stean der fan fersteld, dat is sa... Och Heare, Jel! Wat binne jy in bêst frommes... en ik betankje jo tûzen kear! sei Ank skriemende fan bliidskip. - Ja, ik bin wolris in bêsten foarby gien. - Mar, ferfettet Ank, no't ik sa lokkich bin, dit te krijen, sille wy partsje en dan moast ik mar by jimme bliuwe oant salang as... no jy witte wol? - Wy prate net fan partsjen. Ik hoech net mear as my takomt; mar wy sille dit alles neier beprate as Hearre thúskomt. Miskien, dat er in foech hokje foar dy ôfskette en in bêdstee timmerje wol... wy moatte mar ris sjen... - Ik woe 't wol graach... - En dan skoppe wy letter nochris in goed kearel foar dy op... mar hâld noait wer mei Eint oan. - Nee, yn der ivichheid net! Mar in goed kearel kin ik net mear krije... | |
[pagina 51]
| |
- No'sto jild haste net? Skoan, do biste it bûtendien ek noch wol wurdich. - Mei myn twa lapen op 'e rôk? - De bern mienste? Dat is neat: dy't der binne hoege net mear makke te wurden... - Sa is 't al. Och hea, ik bin sa bliid...! - En wy, seit Jel, binne bliid mei... Do hast in better lot as oant no ta fertsjinne, want watste mis dieste, misdieste út Earmoed. Lit elts him war je, en tinke: Dy rein kin my ek bedrippe! |
|