77
Sa is it ôfskie fan Gadske en Hylck.
‘Dû witst no alles. Hast it goed foar 't ferstân? Goed yn 't pak sette, stiif de bannen, frâl om hantsjes en fuotsjes tinke, hy moat net slaan of skoppe kinne, mei net folle wosken wurde, fan ûnderen goed skjin hâlde, dat is 't foarnaamste. De spjelden foarsichtich ynstekke, dat er him net sear dwaan kin. Skreaut er folle là là lààà! earst nei de lange spjelden sjen. En ik wenje oan de Ybert.’
‘Ja. Gadske.’
‘Goeie dan mar.’
‘Gadske, lit my jo earm sjen!’
‘Dystû teheistere hast? Sjoch.’ Hja strûpt de mouwe op.
Hylck strykt har wang oer de seare plakken hinne.
‘Ik doch gau de mouwe del, tutte.’
Dan jout Hylck har in tút earne op har ronfeltsjelape fan in wang.
‘Dat is foar de seis dagen, oars haw ik neat te jaan.’
‘No, no, no, no!’ tsjantelt Gadske foar har út, ‘sa kin 't wol ta,’ en giet hastich fuort.
‘Dat is de earste kear, dat my soks oerkomt,’ seit hja noch tsjin harsels. ‘Fouk hie wol gelyk.’
Skodholjend rint hja it strjitsje lâns nei de wei. De safolleste kin út ein sette om har.