Wêr tinkt er oan? freget Titte.
Hylck hat Siertsje' eagen sjoen en alle nocht is har fergien.
Wat woe er? Mei hja net mei Titte mâltjirgje?
Moat hja as in âld minske yn de fâlde dûke, Titte de fleur benimme? Hy is sa bernich bliid mei in bytsje. Hja wurdt sels ek sa licht, sa myld, as Titte fleurich docht, krekt sa bliid as foarhinne, thús.
Dy jonge mei syn pear sinten ta Gaasterlâns merken.
Hylck sit wer middenyn har swierrichheden. Eins moast hja Siertsje freegje, wat er wol, mar doar net.
Al stie er njonken har, sa dúdlik heart hja Gerke praten: ‘Dû wurdst myn wiif. It komt, sa't it komt, dû wurdst myn wiif.’
Hoe wearzge it har, doe't dy feint har oanhelje soe. As er wer by har komt, slacht hja him stikken. Mar Siertsje, hoe moat hja mei Siertsje?
‘Wat skeelt dy, Hylck?’
‘Neat, Titte.’
‘Dû bist ynienen beklomme. Laitsje ris?’
Hylck besiket.
‘Dat is gjin laitsjen, dat is skriemen.’
‘Gean wei, ju.’
Hja draait de holle ôf. It komt har yn 't sin, hja hat earder sa stien, doe seach hja de tegeltsjes mei Jozef en de frou fan Potifar.
‘Ik gean it lân yn,’ seit Titte, ‘dû moatst by Heiltsje komme.’
Ja, it is safier. Melke, ite en dan?
Hylck sykhellet in kear djip, soe wol efkes yn de takomst kypje wolle. God wit alles, Hy wit ek, hoe't har libben letter ferrinne sil. Hoe is Gods wil? Dat hja mei Siertsje giet of mei Gerke? It stiet al beskreaun yn 't grutte boek, dêr't alle libbenstriedden yn weefd wurde, sa hat dûmny it in kear útlein.
Siertsje of Gerke? No telt hja de knopen fan har jak. Sil hja om en om? Siertsje, Gerke, Siertsje, Gerke, Siertsje, Gerke. It komt op Gerke út. Wie hja mar mei Gerke út ein set.
Kom, sokke babbelegûchjes!
Hylck sjocht nei de loft, de buie is al lang fertard. Igaal blau is