| |
| |
| |
Ien
De keamer dêr't ús mem my op in sneontejûne yn febrewaris fan it jier 1908 yn berne, hie degelike meubels mei as moaiste stik in mahoanyhouten kammenet, dat troch pake, timmerman-oannimmer, eigenhandich makke wie foar syn jongste dochter, doe't hja troude.
Fuort nei't de dokter my helle en de baakster my oernaam hie, kreake de Fryske klok oan 'e muorre der tsien slaggen út, dy't mem as muzyk yn 'e earen klonken. Dat wie net allinne om't it kerwei berêden en de befalling moai flot ferrûn wie, mar ek om't ik my sa let op 'e dei oppenearre hie. Dêr hie hja de froulju fan it doarp kreas mei te fiter, want njonken de keamer wie in winkel en hiene hja de rook fan kreammerij yn 'e noasters krigen, dan hie er oant de lette jûn fol stien, hoe ûnlijich it waar wêze mocht. In timmerfeint fan pake hie de dokter warskôge en yn skimerljocht op him wachte om syn weintsje gau ferside op it timmerhiem te riden. No hie mem har suver net ynhâlde hoegd. Net dat hja in skreauwer wie, mar oars hie hja hik noch mik jaan kinnen, of hja hie it ta har beskamsumens wit hoe lang noch hearre moatten en faaks soene hja it har nije bern noch oerbrocht hawwe as it ta ferstân kommen wie. It mocht gjin skande wêze, hja hie der in hekel oan.
De keamer seach út op it tsjerkhôf om it tsjerkje mei grien houten tuorke hinne en oerdei hoegde mem har mar op 'e rjochter side te draaien, of hja hie it al yn 'e eagen. Hja koe it goed, al lei it ferskûle efter in hege boekehage en al rûnen heit en hja der sneins net mei doarpsgenoaten oer it klinkertpaad tusken de grêven troch nei it Godshûs ta, om't hja yn in oar doarp tsjerken, mar hja hie der te faak in leave deade hinne bringe moatten.
Wylst hja ferlichte, mar ek weemoedich nei de ynspanning, de hantaasten fan de baakster neigyng, krige hja yn de rêst, dêr't hja har no oan oerjaan koe, as fansels it hôf by har. Dêr leine ek gâns tateberntsjes lykas harres yn famyljegrêven tichteby de izeren hikke mei - memento mori - te wachtsjen op 'e jongste dei. Lykwols de dokter hie beard oer in sûn bern, dat hja moast tankber wêze en sa spriek heit har ek ta. Tegearre hawwe hja God, de Skepper, tank brocht.
Der is gjin pertret fan my as widzebern, dêr pielden gewoane minsken doe net mei. Boppedat soene hja der om nei de stêd moatten hawwen en mei sa'n lyts hartsje soe it mem net yn 'e holle opkommen wêze. Der is al ien fan doe't ik skraachwurk twa jier wie, mar troch de jierren hinne is it giel en ûndúdlik wurden, it antlit is net iens mear goed te ûnderskieden. Wol
| |
| |
oars de rûne, kealknipte holle, keal hâlden om de hiergroei oan te moedigjen. It gehiel is de werjefte fan in grou famke yn in streekjesskelkje mei koarte flapmoukes, dat hja mei beide hantsjes foar it liif byinoarknûkelet, bleu doarpsbern dat hja is by sa wat oars as oars, dat dêr oer har komt. Hja hat heal bleate earmkes, draacht hoazzen en sokken en stiet der mei yn klompkes, dy't hja rjochtferkeard oan hat. Neffens mem wie dat in oanwenst, dy't hja der mar net útkrije koe. Hja fertelde ek, dat it konterfeitsel nommen wie op in paadsje yn de eftertún fan it skoallehûs njonken de iepenbiere skoalle, de iennichste skoalle fan it doarp. In omkesizzer fan ek de iennichste master hie it kykje nommen. Hy sil der nocht oan hân hawwe om in pear doarpsgenoaten te ferivigjen. Op it pertret fan myn suske is blykber mear flyt dien mei it fiksearjen, want dat is noch sa dúdlik dat: mei in boarterke hinget hja poppeklean oan it lyntsje.
Mar werom nei it begjin. Fansels hat de baakster my wosken en dêrnei stiif yn it pak bewuolle, dat ik my net ferwege koe, want dat wie net goed. Hja lei my yn 'e bernewein, dy't ree stie. Letter kaam ik nachts yn 'e krêbe oan it fuottenein fan it âlderlik bêd, noflik yn 'e smoutte. Sa koe ik letter ek moai oer de râne hinne kypje en lûden meitsje om oandacht. Boppedat hie mem my foar it gripen as ik ferlet krige. In heap lêst skynt hja net fan my hân te hawwen, ik moat in tefreden bern west hawwe. Yn himmelerstiid doarst hja my wol, by wize fan sprekken, by it iepen souderslûk del te setten, want ik kaam dochs net fan 't stee. Doe't der ris smoarch wetter troch de soudersnaden nei ûnderen sipere krekt yn myn hals, like it oft ik deastil lei te fielen, wat dat wêze mocht. Fan need moat ik ta de konklúzje komme, dat der net folle libben yn my siet, al ornearren heit en mem, dat it goedens wie.
In lijer haw ik lykwols net west.
‘Neat kaam dy fan ûnpas,’ sa liet mem har der oer út.
Ferrifelje liet ik my net, foar in nun mei sûker draaide ik de holle om en oan tûmkesobjen haw ik my ek net besûndige.
De moandeis nei myn komst ried heit nei it gemeentehûs yn it haadplak fan de gritenij om my oan te jaan. Tsjûgen wiene de gemeentesiktaris en de gemeentefjildwachter. Tagelyk brocht er in advertinsje nei it streekblêd om ‘met dank aan God’ buorkundich te meitsjen dat him en mem in ‘welgeschapen’ dochter tabetroud wie. ‘Welgeschapen’, as koene hja dat sa gau al witte.
Neffens mem hie heit in sin as side, doe't er thúskaam, want wat syn heit mei sân bern nea en him by it earste ek net slagge wie, hie er no foarelkoar krigen. Troch sloardrigens fan syn pake of fan in amtner wie de c út ús fan
| |
| |
wei rekke, wylst dy der fan âlds yn hearde. No mei my hie de amtner him der wer yn skreaun en hy sels hie tekenje kinnen mei de namme, dêr't er rjocht op hie.
Trije wike letter namen hja my mei nei tsjerke ta om doopt te wurden. De betide doop wie blykber gjin wizânsje, der waard alteast wachte oant mem ek mei koe. Sa koene hja tegearre ûnthjitte, dat hja my by de goede leare, dy't yn har tsjerke ûnderwiisd waard, grutbringe soene. De doop wie it teken, dat God wat mei my begûn wie en dat foleinigje soe en dêrmei joegen hja my it bêste mei, dat in minske yn syn koart bestean op ierde begeare kin. Ik haw wolris tocht, dat hja it lykwols mei Him net rjocht stiene en de toutsjes leafst sels yn hannen hiene. Hawar, dat komt noch wol.
De earste tiid fan myn libben wie besteld mei it ûntdekken fan de wrâld om my hinne. Wer neffens mem seach ik wat ferheard en skruten út 'e eagen, mar it earste glimke kaam gau, de earste toskjes ek, dat ik hie der wol fidúsje yn. Yn de krûppearioade treau ik ien skonk ûnder it gat en avensearre der op as it spoar, mar it stie it rinnen yn 'e wei. Ik siet faak foar it kammenet te stoarjen, dêr't de laden fan as spegels wiene, om't mem der alle wiken har flyt op die. Fûn ik dêr de keamer en mysels net yn werom? Foar myn tredde jier ferfearen wy twaris yn itselde doarp. Ut dy tiid spoekje my in pear dizenige feiten yn it ûnthâld om. Earst dat mem út 'e drokte wei even by my kaam, dêr't ik ûnder in beam stie te boartsjen by blommen en grien fan gers en leaf. Hja wie in ûnferwacht geweld, dat oan my skuorde.
‘Sjochris, watst dien hast!’ kibbe hja en liet my it smoarge broekje sjen, dat hja my útlutsen hie. Hja loek my gau in skjin oan, de bannen fan de flappen strikke hja my ryklik hurdhandich foar en efter om 'e mil fêst. Dat lilke dwaan fan mem besoarge my in raar gefoel as naam in wolken it ljocht fan 'e sinne wei. It wie my ek min nei 't sin, as waard ik yn 'e eare taast.
Wat oars stiet my foar de geast, mar dat hat mem sa faak breed útmetten, dat ik it ek fan har hawwe kin: op in middei ferskynde ik spierlike neaken op it strjitsje foar ús doar, dêr't mem efter de wasktobbe stie te switten. De klean hie 'k op in protsje ûnder de earm. Op in distânsje efter my stiene twa buorjonkjes, de skuldigen, wat bangich te loeren. Mem wie guodlik en liet de dingen graach oer har kant gean, mar dy knapen hat hja ûnfoech it mannewaar opsein. It hat gâns in skoft duorre, foar't hja wer mei my boartsje mochten.
‘Dy hiene altyd sokke rare oanslaggen,’ fertelde mem, ‘sinaasappelski- | |
| |
len smieten hja by ús yn 'e reinwetterstûne, dêr't wy út drinke moasten.’ En ik haw in ier oantinken oan it klysterfangen. Heit hat it in pear jier dien ta stibelearring fan de breawinning. Op in jûn kaam er mei in sekfol fûgels thús, dy't er yn 'e gong delsette. By ús yn 'e keamer kaam, helle er in hiel lyts fûgeltsje út 'e bûse fan syn baitsje. It hie mei in tin poatsje yn 'e hynstehierren strûp fan 'e bûgel fêst sitten en hy hie it apart foar my meinommen. Hy lei it hoeden yn myn beide iepen hantsjes, dy't ik der omhinne teare moast. It dierke wie sa sêft en syn hertsje kloppe rêd fan eangst.
‘Goed beethâlde,’ hiet heit, ‘mem wol him net heal yn de keamer te fleanen hawwe.’
Ik neamde it in tjoeleke en tenei wiene alle jonge en lytse fûgeltsjes tjoelekes. Hja hawwe gâns wurden brûke moatten om my te bewegen it fûgeltsje bûten te bringen, dêr't it hearde. Op 'e drompel fan de bûtendoar tearde ik de hantsjes iepen en mei sân hasten ferdwûn it yn it tsjuster fan de jûn. Wêrom hie heit my bliid makke mei eat, dat sa koart duorje koe? It swarte gat, dêr't pake yn lei, is ek in ier oantinken, mar dêroer aanst. Myn earste bewuste tiid driuwt boppe as ien fan feilichheid en betrouwen, dy't op in dei steurd waard troch in soarte fan skok. Buorfrou kaam te freegjen, oft ik meigyng om mei har jonkje te boartsjen, hy wie wat út stel en mocht net bûtendoar. Sûnder euvelmoed folge ik har, mar der hat wat west, dat my net oanstie, want midden ûnder it boartsjen fleach it my hommels oan, as soe 'k dêr altyd bliuwe moatte en net wer by ús mem komme. Ik sette in kiel op fan komsa, dat sa passyf wie 'k ek wer net.
‘Wat no?’ frege buorfrou kjel.
‘Ik wol nei ús mem ta!’
Bliid, dat it net slimmer wie, lake hja lûdop, dêr't it net better fan waard, om't it fielde, oft ik my skamje moast. Frjemd, dat ik har laitsjen noch betinke kin, it wie lûd en skatterjend.
‘Ei no, bern, dat kin wol,’ sei hja en even letter stie ik yn ús skuorre, dêr't ik heit by in wurkbank oan it pielen seach. Oer wie de eangst. Myn ûnwennigens fan letter moat wol op dit barren weromgean.
Yn dyselde skuorre hong ris it lyk fan in hynder, dat heit slachtsje litten hie. Foar myn idee wie it in ûntychliken pûchel, ien mei in grutte, donkere holte, de iepen bealch. Suske doarst der net iens by lâns, mar by sokke dingen fielde ik eins nea gjin eangst, al hat it spektakel oan grouwe heakken oan de bynten wol yndruk op my makke.
By it âlder wurden kaam ik fierder fan hûs, ik mocht wol allinne de buorren yn, want der koe dochs neat mei my barre. Dêr jage ik de bermpik- | |
| |
kende hinnen op, of seach de wolkens stof nei, dy't reauwen of bolderweinen yn in droege rite efterlieten. Mem warskôge wol, dat ik altyd goed oan 'e kant gean moast by weinen, mar hja fertroude ek op de mannen, dy't de leie beet hiene.
Altemets moast ik foar mem nei pake en beppe ta. Pake lei siik yn it swarte gat fan in bedstee yn de keamer. It gat haw ik ûnthâlden, op it ferkearde plak trouwens, pake net. Him ken ik allinne fan in stiif reabrún pertret. Beppe, sûnder pertret, safolste better, want hja hie in trompke mei brune sûkerslakken yn 'e keamerskast te stean en liet my nea net fuortgean sûnder it der even út te heljen, it lid, dat der stiif op siet, helle hja earst, de lippen stiif opinoar fan ynspanning, in eintsje mei de neilen omheech, foar't it der of woe.
Op in reis nei har ta moete ik in jonkje Titte, dy't my meitroaide nei de foartún fan it mastershûs, dêr't moaie tulpen stiene te bloeien, it wiene lange, donkerreade mei pears stomoal. Dat wit ik, om't myn fingers der neitiid ûnder sieten, want hy en ik begûnen te ploaitsjen en dêr krige ik allinne de skuld fan om myn kleurde fingerseinen. Titte tepte lange stâlen, ik skuorde de koppen der ôf en treau se yn de losse bùse ùnder myn skelk en rokje. Doe't der oan 'e side fan master syn hûs oan de pomp rattele waard, smiet op dat lûd myn maat al syn blommen foar my del. Bliid soe 'k se opkrije, mar doe klonken der deunby stappen op it grint en in lilke stim rôp: ‘Wat hawwe jim dêr by de ein?’ Doe wie Titte al mei de hannen yn 'e bûse, op in fikse distânsje, mar ik stie oan 'e grûn beneile. Hy rôp: ‘Sy hat it dien!’
De faam, dy't yn al har lingte no foar my stie, sei: ‘En dat is te sjen!’ Hja wiisde nei myn fingers, skodde my oan de earm hinne en wer en ûnthiet, dat hja it tsjin beppe sizze soe, dy't twa huzen fan har ôf wenne. Doe doarst ik net mear nei beppe ta, mar drintele nei pake syn timmerskuorre om treast by de feinten, dy't altyd niget oan my hiene. Pake hie my dêrom alris fuortstjoerd, mar hy lei no dochs yn it swarte gat.
Pake hie gâns in affearen, fakentiids hie er oanslach foar sa'n fyftjin feinten, hat mem wol ferteld, as wie hja der grutsk op. Hy hie der de wyn ûnder by it folk. As hja yn de lange, smelle skuorre wille meiinoar hiene en hy kaam der oan, dan gyng dat as diggelfjoer by de lange wurkbank ûnder de finsters lâns en waard it deastil as gou it in skoalklasse, dêr't master yn weromkaam.
It wurk siet pake ivich efter en dêrom mocht er net oer lytse bern op it hiem, dat my krekt sa lôke, besiedde as it lei mei steapels planken en latten, bulten stiennen en dakpannen, allegearre wûnders yn myn eagen, mar
| |
| |
de slypstien mei de bak fol brûn wetter kipe der út. En de amer mei wite kalk.
Doe't ik myn nocht hie fan it boartsjen mei spuonnen en hinkersblokken, dy't foar it opkrijen leine en dêr't in feint mei in beitel in krús oerhinne fike en kreaze rânen oan snie, weage ik it dochs mar om nei beppe ta om in slak. Suske wie der ek krekt en beppe noege ús ta in board rizenbrij. Suske seach mâl, hja koe dy brij mei tsjokke, giele fluezen, der net sûnder kokhalzjen troch krije. Ik wol en ik fielde my grutsk, want oars koe suske alles altyd folle better. Mem hie ús foarhâlden, dat wy sok skoander iten as beppe harres net ferachtsje mochten, koene wy ien kerl waakse litte? Sêd as in tyk, dy't wy wolris fan pake syn hout mei namen op earm of foet, kamen wy by mem om har beppe boadskip oer te bringen: it wie mei pake net minder, mar ek net better.
Dizze beppe wie ús echte beppe net, dy wie al lang wei, hja wie echte beppe har jongste suster en pake syn tredde frou.
Wy hiene thús ek in feint, dy't aardichheid oan my hie, om't ik kûltsjes yn 'e wangen krige, as ik lake. Hy kidele my yn 'e side en rôp: ‘Bokje, bokje, bê!!’ wat my dan sa opwûn, dat er alle kearen syn doel berikte en de kûltsjes bewûndere. Gyng it mem te stûf dan ferûntskuldige er him mei: ‘Hja kin sa ferjammese moai laitsje’ en hie mem dêr fansels mei by it hert.
De wrâld, dêr't ik yn opgroeide, joech my alle kânsen om my nei eigen wêzen te ûntjaan: in suske, dat my graach slite woe foar kammeraatskes, in mem, dy't it fleanende drok hie, en in heit, dy't ek wol wist, wêr't er wêze moast. Dat ik skarrele wat yn de stille buorren fan it doarpke om, seach in bernewein, dêr't in poppe yn siet te kraaien, moete minsken, dy't it oan tiid hiene om in pear freonlike wurden tsjin my te sizzen, in hûn, in kat, in hoanne mei hinnen en yn de lette neimiddei de molkwein, dy't mei syn izeren tsjillen oer de strjitstiennen krieze. Hoe faak hat dat lûd my folle letter noch net in fertroud gefoel jûn, dêr't ik op in frjemd plak sa'n ferlet fan hie.
Fan soargen yn ús húshâlding hie ik gjin weet, mar dy wienen der wol. Heit dy't in winkel, anneks foeraazjehannel, dreau, wie yn wêzen gjin sakeman. Mei de bêste foarnimmens, iverich as gjinien, wie er mei mem úteinset, mar al gau taasten de argewaasjes de nocht oan. Yn dy tiid fan earmoede troef, benammen by de arbeiders dy't op 'e râne fan de honger libben, waard in heap boarge: winters poffe en simmers betelje, mar de winkelman sels koe net al te folle en te lang opskriuwe litte. Heit syn langwerpich smel winkelboek stie fol mei net betelle posten. Dy fan arbeiders
| |
| |
hie heit alle begryp foar, om't er sels út sa'n winter-simmerfermidden kaam, mar boeren lieten har sekken moal en doazen lynkoeken ek opskriuwe en heit fûn, dat er Gratema net wie. It wie mar in kwea oanwenst fan minsken dy't net fan 't jild ôfwoene. Heit-en-dy seagen al gau, dat hja it op 'en doer net útsjonge koene. De (grutte) poffers moanje wurke averjochts, want dan kochten hja by in konkurrint yn in oar doarp. Nêst jierren hat heit my syn boek ris sjen litten, allegearre leverânsjes dêr't er it jild foar wol op 'e lea skriuwe koe.
Skoanheit, dy't maklik skewiele kind hie, woe heit gjin geunsten freegje, om't er him tsjin har houlik ferset hie ûnder it ferlechje, dat Iebele sa lang om utens tahâlden hie en dêr grif net better fan wurden wie, mar yn wêzen wie in arbeidersjonge him te min foar syn dochter.
Der siet heit mear dwers. Hy hie leare en foarútkomme wollen yn 'e wrâld. Der moat him in gelegenheid foardien hawwe, hoe is nea goed tit 'e doeken kaam, mar doe hat syn heit syn kans de grûn yn boarre, hy moast meifertsjinje. Fan gefolgen, dat er mar oant syn njoggende jier op skoalle gien hat en dan noch faak inkeld yn de winterskoften. Hie er letter gjin bylessen nommen, hy hie in heale analfabeet west. Dat meifertsjinjen woe sizze moarns om twa oere fan 't bêd ôf, in pear oeren heal yn 'e sûs efter syn heit oanbokselje, soms wekkerskrille as der in ree út 'e bosk it paad oerskeat en dan in lange dei mei net tefolle yn 'e mage, oan it ikeboskjen.
Bast klopje, dy't faak net loslitte woe, in stoer foar in bosk barre en der wiene bazen dy't der dûbelde bosken foar easken. Wa doarst de mûle tsjin har op dwaan? Wa sei wat fan each en roai? Nei maaie wiene de boeren de wurkferskaffers. It boerewurk mocht heit graach oer, as lytsfeint hie er al plannen om skielk boer te wurden, al lake er sels om syn optimisme. Hy waard ek noch skipper om mear te fertsjinjen en fear op Rynaken fier yn Dútsklân op. De erfaring mei it folk dêr makke dat er gjin Dútsker mear lije mocht. Yn 'e earste wrâldkriich stie er foar famylje en doarpsgenoaten oer oan de Ingelske kant, nettsjinsteande ek him de Boereoarloch net fergetten wie. Ien staaltsje mocht er graach fertelle: op de eigen aak makke in poep him út foar ‘dumme Käsekopf’ en dy hat er mei de biezemstâle op 'e rin jage en fan 't skip ôf reage.
Heit-en-dy joegen op 't lêst de brui oan har winkel. Hja ferkochten de saak oan jonge minsken fan 'e Klaai. En doe wie der jild om te buorkjen. Dy minsken har pertretten sieten by ús yn 't famyljealbum mei grien pluchen omslach en fergulde hoeken en slot, dat hja skine meiinoar omgien te hawwen, want ornaris waarden der allinne mei tige goekunden foto's
| |
| |
wiksele. Ut en troch striek mem it slot en de hoekfersiersels fan it album yn mei ferguldsel, dêr't ik op de noas by stie, sa moai fûn ik dat.
Fan it barde jild en wat liend - in heap spul om boargen te krijen - waard heit boer, mar foar't it safier wie, wennen wy noch in skoft yn de helte fan in boargerhûs. Fan dat heale hûs is my neat bybleaun, útsein dat der twa hiele grouwe jonkjes njonken ús wennen, mar dat wit ik earder fan in pertret op printkaartformaat, dêr't hja yn rokjes útrist op stiene. Mei it âldste jonkje boarte ik faak en dan krigen wy wol rûzje om in poppe. Hy en ik hiene koezenammen en as alle beide oan in ein fan de poppe lûken, rôp de iene: ‘Poppe syn poppe’ en de oare ‘Puppe syn poppe!’, mar dat wit ik ek út mem har mûle. Ut eigen ûnthâld heucht my wol de pleats, dêr't wy neitiid hinne ferfearen; wy hawwe der net lang wenne. De ferhâlding heit-pake kin ik it bêste yllustrearje mei it feit, dat heit ris in spiker yn de muorre fan de winkel slaan soe ta in line foar mem. It hûs wie fan pake. Hy seach heit dwaande.
‘Wat sil dat?’ frege er moai stroef.
Heit lei syn doel út, mar op in toan fan: dy spiker komt der yn! Pake hat dat oanfield. Hy sei: ‘Dêr net, mar dêr!’ Dat wie in ferskeel fan twa hânbree.
Heit wie der grutsk op dat pake foar him belies jûn hie. Oan de oare kant woe er him foar pake wier meitsje, no't it mei de winkel mislearre wie, mar pake hat der net folle weet mear fan han, om't syn sûnens hurd efterút gyng. De sykte, dy't him yn 'e lofter skonk oankommen wie, sette troch oer de hiele lea. Hy hat slim lije moatten en waard yn syn leed trou fersoarge fan stiebeppe. Ik sjoch har noch efter de tafel sitten te breidzjen, de wytmûtse oer it koartknipt grize hier, in stielen bril op 'e noas, dêr't hja alle kearen even oerhinne kipe, as hja wat yn it bedstee hearde. Wy mochten nea net lang by beppe bliuwe, of wy waarden nei de keuken stjoerd, want pake krige pineholle fan ús. Dat fûn ik frjemd, want mem hie it altyd oer syn seare skonk. It swarte gat, dêr't ik pake net yn ûntdekke koe, fascinearre my. It jage my alle kearen wer de skrillen oer de rêch, want ik hie grútsjen heard, dat de dea by him yn it bedstee siet te wachtsjen en tocht my in ferskriklik spoek oan syn fuottenein yn.
Yn pake sûne dagen hie beppe mear tiid foar ús hân, doe liet hja har breidzjen bewûnderje en benammen har sneinske haakte wytmûtse mei de libbensbeam, dy't hja sneins nei tsjerke opsette, wie hja wiis mei. Nei tsjerketiid waarden de swarte kyps mei hege hingfearren en it breed gouden earizer yn stive brune doazen, dêr't bannen oan sieten om oan te dragen, opburgen foar de kommende snein.
| |
| |
Party beppen binne troch har teltsjes yn it ûnthâld bleaun, hja net. Ek kamen der net sasear libbenswysheden út har mûle, dat ik wit, mar ik haw grutte achting foar har krigen, doe't yn har achtentachtichste de dea op har siet te wachtsjen en hja mei my de list opmakke fan de minsken, dy't in leedbrief hawwe moasten nei har ferstjerren. Ik wie doe in jongfaam en hie har in pear dagen fersoarge en sels by har wekke, wat ek net maklik te ferwurkjen wie, mar dit kaam hast luguber by my oer.
Beppe priizge ús wol, dat wy der sa himmel útseagen.
‘It is jim mem har eare,’ sei hja en wy brochten har sizzen mei waarme hannen oer oan mem, suske teminsten, ik hie der noch sa gjin doel oer.
‘Dat mei 'k hearre,’ sei mem, ‘mar jim moatte net al te hurd omheech sjitte, oars kin 'k jim net byhâlde.’
Meastal naaide mem sels, it gewoane spul alteast, om my hie hja net folle drokte, want ik paste wol yn suske har klean. Dy narre my soms mei: ‘Ik krij lekker in nije skelk en do moatst myn âlde ôfdrage.’
Har sizzen stiek my, der sûnder soe 'k it my net ergere hawwe. Dêrom wie it feest, doe't mem ús op in neimiddei te hâlden joech, wy moasten op it hiem bliuwe.
‘Muoike Fouk komt om jim in nije jurk te passen.’
Ut hokker goederjouske hoeke waaide de wyn no?
‘Ik ek?’ frege ik en doarst mem har glimkjend holleknikken hast net leauwe. Einlings seagen wy muoike oankommen, wat brúns oer de earm. Tichteby wie it ien en al wite riuwerstriedden.
‘Meikomme famkes,’ hiet hja, mar dat hie net nedich west. Wy draafden al foar har út en skopten de klompen oer de strjitte, dat muoike der oer stroffele, mar dat fernamen wy pas, doe't hja ek yn 'e keamer wie en oer dy wylde bern klage. Har sin waard der net better op, doe't ik fan opwining net stil stean koe by it passen. Hja sei der neat fan, want hja hie spjelden yn 'e mûle, mar joech my in leaf lyts knypke yn 'e boppe-earm, dat ik ‘au’ rôp en de eagen opsloech, oft mem it wol heard hie. Mem sei neat. Dat foel my of, koe mem my yn 'e steek litte? Mar it foel ta, want krekt letter ferdigene hja my mei: ‘Hja hat gjin steand gat, moatte jo mar tinke, Fouk!’ (De susters doken net.)
Muoike waard stikelich: ‘Ik soe sa'n bern wat oars oanpakke as ik jo wie, Ibeltsje. Doe't ik har okkerdeis iten seach, hie hja de leppel yn 'e folle fûst beet, dat stiet yslik.’
Muoike hie in hiel arsenaal fan oerdriuwingswurden ta har foldwaan, dêr't wy, frâl by it âlder wurden, wille om hiene. Sommige waarden fêste siskes by ús yn 'e hûs.
| |
| |
Muoike hie sels gjin bern. Hja beskôge mem en har jongste broer, omke Roelof, in bytsje as har eigen. Hja wie tolve jier âlder as mem en hie in pear jier foar har soarge yn de tiid, doe't pake allinne bleau nei beppe ferstjerren, dat hja hie in fin mear as in bears by mem. Mem joech dan ek gjin skerp beskie werom, sa wie hja ek net, mar de jûns liet hja har by heit al efkes gean: ‘Dy Fouk ek mei har skytskjin wêzen!’ En dat wie wier. As ik ris by muoike kaam, wat ik ornaris mijde, mocht ik de klompen net op har strjitte útdwaan, mar op 'e sek, dy't der foar lei. Altyd hie hja krekt oan it skrobjen west of wyt sân ynstruid. Hja lei ek noch in sek foar de doar - de sekken wiene wyt fan it waskjen - dêr moast ik de sokken op ôffeie. Ik doarst my yn har keamer roere noch bewege en sette altyd moai gau wer ôf. Dan reizgje hja my mei de koarte feger efternei om te reagjen wat ik lykwols noch foar smoargens efterlitten hie. Hja wie foar har man, omke Steffen, ek net maklik. Hy mocht net tsjin de húsmuorre oanhingje, hy mocht net mei de teannen yn de klompe omrôlje: ‘Steffen, tink om jo mouwe,’ ‘Steffen, lit dat, de sokken slite.’ Omke wie in lakonyk man, dy't op slach die, wat muoike him by lei, mar ek like hurd wer yn syn gewoanten ferfoel. Derom is it my in riedsel, hoe't er ûnferwacht oan in hertynfarkt, doe hiet it noch hertferlamming, stjerre koe, of it moat him ynwindich opfretten hawwe en der like it net nei.
Muoike Fouk hie ek goede eigenskippen: as der te helpen foel, wie hja de earste, hja koe omraak naaie. Us brune jurkjes, dêr't hja ien fan in buorfamke ta foarbyld by hân hie, pasten as wiene se der om getten, sei mem. It moat in bloedigen wurk west hawwe om al de smelle wite byskes, dy't it deadske brún opfleuren, der op en oan te naaien. Hja frege der neat mear foar, priizge mem har tankber. Och, wat moasten wy sunich wêze mei ús nije jurkjes, se mochten sneins mar in lyts skoft oan.
Fan in nêst bern by pake en beppe wiene der mar fiif oerbleaun, de oare leine, meast pasberne en oars amper âlder, en ien opslûpen jonge, op it hôf midden yn it doarp. Ien fan dy fiif wie muoike Eauw, dy't it faakst by ús kaam te teedrinken. Mem hâlde de wrâld fan har. Hja wie fleurich fan aard en stikelstekke lykas muoike Fouk eigen wie, lei har net. Ik hie op har tsjin, dat hja net altyd wat foar ús meinaam, wat ik by besites wend wie. In kear haw ik der in hiele middei op wachte, om't ik tocht, dat hja it fergeat en it har alle eagenblikken yn 't sin sjitte soe. Freegje doarst ik net heal, dat hie mem ús goed yndruid. Letter wist ik wol, wêr't him de oast siet, hja wie earm, hja en omke Jan wiene bûten skuld efterútbuorke. Hy hie fan syn rykdom út earder tiden noch in gouden horloazjeketling oerhâlden en dat droech er by elke gelegenheid, dy't him foardie.
| |
| |
By har besites waard it griene album gauris op 'e lappen helle en doe hat Muoike Eauw har eigen pertret fan stiif karton der ris útfiske. Hja stie der sa ferskuorrend op, sei hja, hja soe soargje, dat der in better foar yn 't plak kaam.
‘Wat binne jo idel,’ kibbe mem, mar liet it gewurde.
Dat hat har muoid, want muoike rekke siik en is nei wat sukkeljen de ivige reis oangien.
‘No haw ik net iens in pertret fan har,’ klage mem nei de begraffenis, ‘wat ik hie hat hja stikken skuord en Jan hat net mear ien oer.’
Ik wist it noch wol fan dat skuorren, hja hie it stive papier hast net stikken krije kind.
Us tredde muoike fan memme kant, muoike Jiers, wenne wat fierder by ús wei yn in oar doarp. Hja hie in hûs fol grutte jonges, mei har stie hja allinne foar in buorkerij, want har man wie oan de tarring stoarn. By har fielde ik my ek thús en mem wie ek wiis mei har.
Tusken de muoikes en heit bûtere it net. Ik moat de reden ek by heit sykje, hy wie net in maklik man en twa kibje, twa skuld.
Oars, besites brochten altyd opwining en in bliid gefoel. By famylje hie 'k leaver dat heit op in distânsje bleau. Yn dy tiid wie 'k famyljesiik, letter net mear sasear, mar as los sân oan elkoar hingje, kin ik my net yntinke, al is ‘vrijheid, blijheid’ ek hiel wat wurdich.
Ik tink oan in middei, doe't de muoikes Fouk en Jiers ris tegearre by ús kamen, beide it breed goud op 'e holle. Muoike Eauw dy't smel sulver droegen hie - hja hie har goud ferkeapje moatten - wie al wei.
Der komt my sa yn 't sin, dat wy muoike seine, mem en heit beneamden de muoikes mei Tapmuoi, Grytsjemuoi. Hat de ieuwikseling de oergong oanjûn?
Ik ferhûge my yn 't foar by de sfear, dy't der yn de keamer hong, as mem alles ree makke. Wy hawwe doe net in pronkkeamer hân, oars hie it tafriel him dêr wol ôfspile. No barde dat yn 'e wenkeamer. It teeljochtsje barnde, in spiritusljochtsje, dat lekker rûkte. It ljocht skynde troch reade gleskes mei wite printsjes en reliëf. It stjonkende (sei mem) petroalje-ljochtsje foar deis ferfear salang nei de keuken. Mem sette koekjes en drank ree. De hiele moarn hie hja it al drok han mei skjinmeitsjen en oprêden en hjir en dêr noch in lêste hantaast dwaan, allegearre om har namme as goede húsfrou. Doe hie it net sa gesellich west, ik hie it der nea net op stean as mem sa oan it skreppen en skuorren wie. Mem stie der allinnich foar, Popkje kaam letter pas as faam.
Mem lei it breidzjen ek klear, mei lege hannen sitte wie der net by. Om't
| |
| |
it kâld waar wie en de kachel pas yn novimber oan mocht, hie hja foar de muoikes elk in stove mei in koaltsje fjoer yn de têst út 'e kôkkachel yn 'e keuken delset, hja neamde se jannewarissen, dat wiene grouwe.
De muoikes bearden fuort by it ynkommen hoe goed de stove fan mem besjoen wie yn dit waar om te bestjerren. O, wat noflik oan 'e fuotten. Even letter kaam heit. It skynt, dat der krekt wer wat west hie. Heite stim klonk net freonlik, doe't er sei: ‘Hja wurde mar yn 'e bomwolle lein, leau ik.’ It moast foar tûlkjen trochgean, mar as lyts bern waard ik sels kjel. As woe er it slimste wat weinimme, striek er my mei de rûge hân oer de krún. Dat wie moai, want hy die it komselden, mar der wie ek in stikje fan myn nocht ôfbroazele. De muoikes joegen gjin beskie, mar har antlitten sprieken, want hja loeken fine tearkes om har mûlen en dat seach ik ek by mem. Doe't ik it neidwaan soe, slagge it net, letter haw ik dy famyljetrekkens wol krige. Heit bleau net lang, de tee mei klûntsjes foel der yn en ik mocht koekjes oanbiede, twa wie in pear.
Doe helle muoike Fouk twa wyt mei blauwe porsleinen sparpotten út in breiden taske. It wiene jongeskoppen mei hege, stive board en in flinterstrik. Hja hiene in poannemûtse op, dêr't de punt fan mei in knoop op ien ear hong en hja hiene in segaar skean yn 'e hoeke fan 'e mûle. Ik hie der yn de winkel fan Sinkel yn it doarp al nei stien te stoarjen, sa moai fûn ik se en no hie 'k sels ien.
‘Se binne fan ús tegearre,’ sei muoike Jiers, ‘en sjoch, hjir is noch in reep foar de famkes.’
Suske wie der net. Ik mocht in stikje fan de reep opite, de rest lei mem ferside yn it kammenet. It sulverpapier mocht ik der ôfhelje en brocht ik yn in doaze mei snypsnaren fan Jûne en fûne dingen, diggels mei blomkes, in eintsje poatlead, in stikje lint en lege lúsjefersdoaskes.
‘Sy is ien fan bewarjen,’ priizgje mem my, mar dêr sette muoike Fouk de domper op: ‘Lit har net alles fan 'e grûn opsykje, dat is sa fiis!’ Even beklûme ik fan binnen, mar de fleur kaam werom op muoike Jiers har sizzen: ‘Wat wurdt hja grut. Lit my dy ris optille, famke!’ Mem rette it har of, ik hie lead yn 't gat. Dêr fielde ik my al sa om fergulde, frâl om dat lead, mar ik fielde neat yn myn gat.
Hja lieten ek noch wat troch de skreven yn de plasse fan de sparpotten rinkelje.
‘Der heart ek wat yn!’ sei muoike Jiers, wylst hja yn har knipke socht.
Wat harke dat moai!
Heit kaam werom en de loft beloek wer. Mem die har bêst, mar hy kaam al fanwegen, dat ik waard hastich ta de doar úttreaun, wat ik net moai fan
| |
| |
mem fûn. Yn 'e gong harke ik nei heite hurde stim en memme delbêdzjend lûd fan ‘Sa moatte jo net, Iebele!’ en ‘Sa meie wy net!’ Mem spriek heit altyd oan mei ‘jo’, hy har mei ‘do’. Ik hâlde it in bytsje mei heit, want doe't mem niis efkes nei de keuken ta west hie, hiene de muoikes har in pear minder aardige wurden oer heit ûntfalle litten: hja koene har mar net begripe, dat dy goede Ibeltsje oan sa'n bolderbast hingjen bleaun wie en doe hiene hja mei in skean each op my, inoar de wink jûn.
Ik kin maklik riede, wêr't it spul om wie: de famylje hie heit boarchskip wegere, allinne memme broer hie tastimd, mar net genôch. Heit sei, dat er har mar heal fertroude en skoanheit net iens heal, dy soe har wolris wat tatropje.
Doe woene de muoikes staf en af fuort, ik hearde stuollen skowen, mar mem koe har noch keare.
Doe't heit de keamer útkaam, flechte ik efter de kast yn de gong, efkes letter slûpte ik wer nei de froulju ta. It near lei no foargoed op myn opteinens. De moaie besite run mar sneu ôf. De muoikes sieten te wippen op har stuollen om mei goed fatsoen fuort te kommen, foar't heit nochris komme soe. Mem mocht net tinke, dat hja der har op oanseagen. By it ôfskie seagen hja my net iens. Suske, dy't der krekt ynkaam, waarden sparpot en reep hastich oerlange en doe foel it doek. Dêrnei folge in tiid, dat alles wat der te ferhakstûkjen foel yn de famylje mei de pinne ôfdien waard. Ien sa'n brief haw ik ris fûn: ‘Iebele moet goed bedenken, dat er dingen zijn gebeurd, waar we niet zomaar overheen stappen kunnen. Er zal eerst terdege gepraat moeten worden.’ It stie der sa skoan yn it krolderige hânskrift fan dy tiid, dat it in weak gefoel yn my oprôp. Oft der ea ‘terdege gepraat’ is, wit ik net, mar de dea bringt partijen ek faak by elkoar. Pake ferstoar en hja moeten elkoar fansels allegearre op syn begraffenis. Der foel mear te ervjen as hja tocht hiene, al hie pake syn twadde frou in moai gat yn syn jild makke, mar dat wie bekend. It ‘mear as ferwachte’ wurke mei fermoedsoenjend. Wol rûn heit noch mei fraachtekens, sei er, mar hy wie bliid mei wat wider earmslach yn syn nij bestean. Hy hierde in pleatske tichteby it Oertsjongerske, wat by de famylje wei. Mem moast har wettige man wol folgje, al skoarre hja der tsjin oan. En dochs wie ús ferfarren neat by dat fan ús buorlju, dy't nei Amearika emigrearren. Hja woene heit en mem oerhelje om mei en heit liet der de earen nei hingje, mar ús oars sa meigeande mem fersette har sa fûleindich, dat heit it ûnderwerp staf en af falle liet.
‘Wat sil ik jo misse,’ sei mem tsjin buorfrou.
Buorfrou wie in float ferlike by ús ynbannige mem, mar hja koe mem wol
| |
| |
meikrije ta wille. Faak haw ik har tegearre oan de tafel sitten sjoen, slop fan 't laitsjen as bern. As mem it ien kear te pakken hie, krigen de senuwen de oerhân en koe hja net wer ophâlde. Heit hie der argewaasje fan, mar as er der wat fan sei, waard it noch slimmer en rûn hja mar gau ta de keamer út, buorfrou prûstend efter har oan. Krekt in pear opslûpen teeners, tink ik no. Ik folge har en die de doarren efter ús ticht om heit. Yn de keuken ploften hja njonken elkoar del en stompten elkoar oan mei de earmtakken. Mem rûnen de triennen oer de read opsette wangen, dat ik wie al bang dat hja gûlde. As de muoikes ekris sa mei laitsjen reägearre hiene! Mem fûn it spitich om buorfrou kwyt te reitsjen, mar om mei like har nei fleanen. Soms moat ik der oan tinke, hoe't myn libben ferrûn wie, as heit syn sin krigen hie, mar sokke fantasijen hawwe sin noch doel. In minske kin syn eigen begraffenis, dêr't er ek nijsgjirrich nei is en dy't mear by de reäliteit oanslút, net meimeitsje. Trouwens wat ferwachtet er der winliken fan?
Doe kaam der in boereboelguod op it hiem njonken ús, it lei ûnder it guod en ark. Wy bern eigenen it ús allegearre ta, wy boarten mei stuollen en tafels, tsjettels en pannen en rûnen keapers en skôgers foar de fuotten. Wat fûn ik it nuver al dy bekende dingen út har foech en fersille oer it hiem. Yn it lege hûs fan de buorlju like it al sa frjemd.
De buorjonkjes narren my, dat hja in fiere reis meitsje soene en ik efterbliuwe moast. Foar mysels ferlike ik it mei de himel, al sa fier fuort, ek moai, mar dêr woe 'k leaver (noch) net hinne.
‘Skielk kom ik wol,’ ûnthiet ik.
‘Ja,’ sei Feike, de âldste, ‘dat moatst dwaan, want ik wol mei dy trouwe.’ Doe't ik dat hearde, fûn ik it hiel slim, dat er fuortgyng. As skamme er him, loek er my oerdwealsk mei nei de finne efter de pleats, dêr't de jongfeinten oan it koekeslingerjen wiene. Wy krigen elk in hantein, it koarte ein, dat yn 'e han efter bleau, as it oare fuortsaaid wie. Dêrnei kriemden wy tusken it folk troch nei de opropper dy't op in ferheging stie. Hy naam allegearre dingen yn 'e hannen en makke der grapkes by, dy't ik net begriep, mar dêr't de grutte minsken wille om hiene. Hy moedige de manlju oan de meubels mar te betaasten, hja hiene no in kâns. Ik seach mem in widze fuortbringen, guont rôpen har wat efternei. Jûns ferwiet hja heit, dat er har der mei sjouwen litten hie, mar hy hie der net iens by stilstien.
‘Wat let it ek,’ ferdigene er himsels, ‘sûnder widze kinne hja it ek wol oan dy sjen.’
‘Dat haw ik witten,’ antwurde mem stúmsk.
| |
| |
Heit prottele oft hja dat ding net fan har grutte freondinne ûnderhâns oernimme kind hie. En hja hiene oars wol in wein. Ta myn skrik klonk mem har stim no gûlerich, hja hie twa yn in wein hân, dizze soe yn in widze.
‘Wa, mem?’ frege ik.
‘Grote mensen weten het wel,’ wie har beskie. Hja glimke al wer ta myn treast.
Hja sei ek: ‘Skielk silst it wol sjen.’ En tsjin heit: ‘Ik hie it al by my weiset, mar haw my op it hiem betocht. Oars hie 'k wier wol mei buorfrou akkordearre.’
Skielk soe 'k it sjen, mar dat is net útkaam, want it waard in deaberne berntsje, ien om by de oare tateberntsjes op it tsjerkhôf.
Doe't wy de buorlju útswaaid hiene, kaam der in leech gefoel yn my, dat mar hiel stadich weiloek. Njonken ús kamen minsken op jierren te wenjen, dy't wy skraachwurk fernamen. Ik wie myn boarters kwyt, soe 'k Feike wol wersjen? Skielk, treaste ik mysels. Nei de earste brieven haw ik net wer wat fan of oer him heard. Yn earsten fermakke ik my mei poffertsjes bakke yn in heap sân by de kuilbult efterhûs. Titte, dy't master syn blommen mei my plôke hie, kaam wol del om mei my it doarp yn te gean, mar doe't wy op in kear de kalkamer op pake syn hiem omsmiten hiene en ek algeduerigen oan de slypstien sieten, mocht ik net mear mei him boartsje, ik koe út mysels wol kattekwea leare.
Ik betink no, dat ik doe nea famkes ta boarters hie, hja sille der fan myn jierren net west hawwe.
Doe't pake wei wie, krige omke Roelof de saak oer en as heit der boadskip hie, wat ark slypje of sa, mocht ik mei en de slypstien foar him draaie. Wat fielde ik my dan grut! In lytsfeint hat doe ris in mâl fyt mei my úthelle. Op in stuit socht ik om heit en seach him net en frege dy feint.
Hy sei: ‘Sjoch, dêr yn it hoekje stiet er, gean der mar gau hinne, hy hat der hiel wat moais foar dy.’
Ik der hurd hinne. Wêr stie heit sa stûf nei te sjen mei it gesicht nei de muorre ta. Ik stiek de holle tusken him en de muorre yn en seach wat ljochts en in striel wetter, mar doe wie de sterke hân fan heit der al, dy't my rimpen fuort treau. De lytsfeint gniisde, mar ien fan de âldere feinten fûn, dat er him skamje moast. Op ien of oare wize fielde ik my rekke, oars soe 'k it grif sa lang net ûnthâlden hawwe.
Ik haw it al sein, myn bestean wie eigen en fertroud mei bekende minsken, bekende omkriten en huzen, in winkel fan Sinkel en in lytsenien, dêr't ik hinne moast om klompen te keapjen, en it tsjerkhôf mei de ûnbidige hage fan boekefearren der hielendal omhinne.
| |
| |
Soms steurde in begraffenis it rêstich ritme, mar ek de tiid dêrfoar, as elke slimme sike in yngreven begelieding nei de ein krige by ús yn 'e hûs, frâl as der folk wie yn 'e buorren wie dan oars gjin praat. As de slach fallen wie, waard de deastriid besprutsen en ferlike mei dy fan oaren, benammen waard der acht slein op de lêste wurden, dy't wiisden op al of net in goede oankomst wylst yn dat ferban ek it libben fan de deade neigien waard. Sokke dingen heakken oan myn gefoel fan feilichheid.
Ik seach by de beïerdiging, dy't ik troch gatten yn 'e hage beloerde, in bult swarte modder en de kiste, dêr't in minske yn lizze moast, ik seach in swart kleed mei franjes en minsken yn it swart, de froulju wiene sjammen mei har lange, swarte, tryste walen foar, dy't har as it koe noch benauder makken as hja se letter efteroer oer de skaadhuodden of swarte kypsen sloegen. Ik seach beide bang en nijsgjirrich ta en folge de stoet salang't ik him sjen koe. Stil en driigjend gyng it stapke foar stapke trijeris om it hege hôf hinne, de kiste heech op 'e skouders fan 'e deabidders foaroan - út en troch setten hja him even del om lins - de folgers der folsein swijend efteroan, faak ek skriemers. En dat barde allegearre ûnder it hol en near lieden fan de klok yn de toer. As dy stil waard, kriemden hja om it iepen grêf hinne, wie der praat fan de dûmny, mar dan kaam de befrijing gau mei beweging yn de kliber en waard der ek wer praat, bliid as hja wiene, dat it kerwei oer en foarby wie. Almeast wiene heit en mem ek mank de folgers en dan joech it ôflieding om heit, mar frâl mem op te sykjen, want by de froulju like elk op elk.
Der waard doedestiids in heap roud. Wat yn hôfkringen noch wizânsje skynt te wêzen, mar oars fansels, barde doe yn alle fermiddens fan de maatskippij. Swiere en lichte rouwe waarden yn acht nommen, ek bern moasten meidwaan.
Doe't de mem fan in pear famkes ferstoarn wie, droegen hja swarte klean, dat elkenien it oan har sjen koe en dan waard der temûk meilydsum oer har grute. Ik stie der ris by, doe't guont it mei har oer har mem hiene. Har antwurden kamen der moai lijerich út.
It like my wol wat ta om ek sa yn de oandacht, ik hâlde de holle wat skean sa't ik it har dwaan sjoen hie, mar doe't it my yn 't sin kaam, dat der in deade mem by hearde, hie ik dochs leaver in streekjes skelkje foar as in djoer swart lústeren lyk as hja. As grutboerebern mocht har dat djoer wol barre.
Ik haw dy bern ek bestrúnd, doe't se ris njonken elkoar by har memme grêf stiene. Nei in hoart stom stoarjen knypte de iene de oare yn 'e earm en makken se spul.
| |
| |
De âldste en grutste sei: ‘Stil, wat mei ús mem wol tinke.’
‘Us mem heart it net iens,’ wie it antwurd.
En doe wie it wolwier en netwier tsjin elkoar.
‘Us mem is yn 'e himel en dy is dêr!’ en de lytste wiisde nei de kime, dêr't de sinne oan it ûndergean wie, ‘sille wy der hinne?’
‘Hoe komst der by, dat kin ommers net.’
Gûlde doe dat jongste famke net?
Wat haw ik folle letter faak oan har tocht, doe't wy op skoalle in leske liezen oer twa berntsjes, dy't op reis wiene nei de kime, dêr't se har ferstoarne mem yn 'e himel tochten. Wy liezen út 'e earmoede fan de Kristlike skoalle - dy't himsels bedrippe moast - wei, elk boekje ytlike kearen en altyd skeaten my by dat ferhaal de triennen yn 'e eagen. Dan kroep ik efter de rêch foar my wei, dat master my mar net yn it fizier krije soe en wiis my oan om te lêzen. Wat soe 't in skande betsjutte, as ik om triennen net koe. Alhoewol't ik in ferlechje ree hie: ik soe pinemûle leagenje, as it safier kaam, dan koene de triennen der wol op troch.
Nettsjinsteande wolkens briek yn de earste libbenstiid de sinne fan in soargeleas bestean der hieltyd wer troch en oars makke er der wol gouden rânen omhinne. En der wie safolle goeds en safolle moais!
Op in skimerjûn wie ik mei mem bûtendoar om guod fan 'e line te heljen.
‘Wat is dat foar reade lape yn 'e loft, mem?’
‘Dat is de moanne, de lytse ljochtsjes binne stjerren en meiïnoar soargje se, dat it nachts net alhiel pikketsjuster wurdt.’
‘En no hurd yn 'e hûs,’ sei mem, ‘foar't de bernedieven komme.’
‘Bernedieven?’ In oanslach op rêst!
Wy draafden wat wy koene, it fielde oft ien sa'n bernedief de gryphannen al nei my útstutsen hie. Gau gau nei de skûle fan it hûs. Heit die alle doarren op 't slot, net ien koe ús no noch benaderje. Sa efter de tichte blinen koe ik wol as ús kat op it kleedsje foar de kachel spinne fan klearebare tefredenheid. Wie it by lampeljocht yn 'e keamer hast net moaier as oerdei? Mar dan moast mem my net troch de tsjustere gong nei de keuken stjoere om wat foar har te heljen.
Nei't ik my in lange dei fermakke hie yn de mienskip fan it doarp wie de keamer fan ús hûs altyd de fêste taflecht, dy't my net misse koe. Yn it doarp moast ik noch wolris út 'e wei foar in wein of in fyts, mar yn 'e wenkeamer ûnder it ljocht fan de lampe koe gjin kwea, noch sa lyts, fet op my krije.
In fyts! Heit koe ek fytse, mem net en hja hie der ek gjin ferlet fan, sei hja. Op in middei kaam heit mei in fyts thús, hy hie him oerkocht fan in boer,
| |
| |
dy't it aventoer dochs net oandoarst. Ik stie der nei te sjen as nei in wûnder en wat wie heit der sels wiis mei, al skodholle mem, dat it jild wol oars brûkt wurde koe. Der hong in karbydlantearne foar oan it stjoer. Heit skroefde it ûnderein der ôf, dêr't al karbyd yn siet, geat der wetter op en sette it mei in fear wer fêst. Doe liet er ús sjen, hoe't er barne koe. Och, wat rûkte dy karbyd lekker!
Heit fertelde, dat er it fytsen op ien mei houten tsjillen leard hie. Op in jûntiid, doe't er oan it oefenjen wie, ried er by de hynders fan de marechaussee's op dy't er fanwegen it gerattel fan hout op stien net oankommen heard hie, ek net sjoen, want hy hie gjin ljocht op en hie te slim yn syn besykjen wei west. Wat wie er kjel wurden! En hja net minder, sa't hja skolden hiene. Hy hie de fyts pardoes delsmiten en wie der útnaaid, in ein fierder wie er yn de ûnderwâl weidûkt. Hja hiene roppen en drigeminte, de mannen fan de wet en de macht, ek noch socht, mar op it lêst wiene hja trochriden, nei't hja de fyts yn in droege bermsleat smiten hiene. De oare deis hie heit him der útfiske, net ien hie it sjoen op it stille ein fan 'e dyk.
Ut en troch mocht ik foar mem nei de winkel ta om sâlt of sûker (krigen wy inkeld sneins yn de tee) of in oar ienling boadskip. Moast der mear komme dan gyng hja sels, in koer mei twa flaplidden oan de earm. Ik seach der nei, hoe't hja ûnder elk lid pûden mei ynhâld stoppe. Fan de winkelman of frou krige ik, as wy fuortgyngen, wat út in stopflesse op 'e toanbank, soms in skepke salmiakjes út in blikken bus. Wy gyngen op 'e weromreis even by de bakker oan, dy't lange bôlen foar in dûbeltsje ferkocht en breaën foar in kwartsje, ornaris naam mem in fjirdepartsje, in fearn. Ienris yn 'e wike kaam de winkelman by ús oan 'e doar om boadskippen te bringen, nei't er earder yn 'e wike west hie te freegjen en mem har bestellingen yn syn boekje opskreaun hie. Op de boadskippen joech er in pûdsje mei moaie, kleurde suertsjes ta, dat ik seach alle wiken út nei syn komst en dat wie fansels de bedoeling fan it lokkebrea.
Heit naam my ek wol mei it doarp yn. Ien kear nei de see. Ik klattere efter him oan de seedyk op. Heit stie in skoft stil oer it wetter te stoarjen, miskien hat er weromtocht oan syn farren as skippersfeint. Hy fertelde, dat de wrâld noch folle grutter en wider wie as de see sa fier't wy sjen koene. Dêr bekroep it my fan, it makke my ûnwis, ik woe dêr wei, mar it wie der ek moai. It betsjutte wer in barst yn it dekôr fan myn bestean, dêr't wat langer, wat faker knippen en flânsen yn kamen. Dêr troch te sjen wie net noflik. De rêst kaam pas werom, as de gatten wer ticht sieten. It wiene de gatten fan sykte, dea, begraffenis net allinne, no ek fan it ûnbekende, de
| |
| |
fierte, en fan it earnstich praten fan heit en mem oer it leauwe, oer God, Kristus, de ferlosser. Foar myn idee brûkten hja dêr deselde, wat muoilike toan by, dy't hja by sturfgefallen fan doarpsgenoaten yn acht namen. Underskie yn soarten earnst koe 'k doe noch net meitsje. Hja hiene my al dúdlik makke, dat wy it allegearre, ik ek, fan de Heare hawwe moasten, mar ynstee fan rêst, rôp dat ûnwissens by my op, de blydskip der om krige amper kâns. Unwissens, ûnwennigens, dat gefoel paste by it ferhaal fan heit, dat er as feint ris by in skipper weirûn wie, om't dy alle dagen deilis wie mei syn frou. Heit hie op in nacht syn blaupûde stikem ynpakt, him oer de rêch smiten en wie by in kanaal yn Brabân lâns gongele, fierder en fierder by de ellinde wei, oant er in skipper fun, dy't wurk foar him hie. Der wie er by evenredige minsken bedarre, by wa't er him thús fielde. ‘It leit him altyd oan de minsken,’ sei er.
Ik betocht, dat ik sa by myn boarter weirûn wie. Buorfrou har skealke skatterlaits efter my oan. Nuver, hja wie oars sa aardich.
Eins fielde ik my pas alhiel rêstich, ûnbewust fansels, as heit, mem of suske by my wiene. Oerdei wiene hja nea net fier ôf. Us mem hat soks nea dien, mar ik tink it my yn, dat in mem krekt docht oft hja fuortgiet en net weromkomme sil, wat moat der dan net yn in bern omgean. Mem liet it nea ta in konflikt komme. Dat hja lykwols net altyd tefreden wie mei heit syn hâlding, beseften wy letter pas. Mar yn hokker houlik is it altyd pais en free?
Ik koe de wiidte fan de see net yn ien kear oan, mar by stikjes en bytsjes waard myn wrâld wol grutter. Mei Nijjier bygelyks kamen der printkaarten fan heite famylje yn Amsterdam en freonen yn Rotterdam, de stêd dêr't heit trije jier wenne en dêr't mem wol by him útfanhûze hie. Oer dy tiid koe er ek moai fertelle. Hy wie by in bakker yn 'e kost en gyng wol foar him mei de bôlkoer nei de klanten ta, it lyts famke fan de kostlju fan oardel jier, siet dan by it bakkersguod yn de koer.
Heite broers en susters wiene allegearre hiel jong nei de haadstêd gien, om't hja it yn it doarp, noch yn it gea, sitten seagen. Net allegearre hiene it like goed makke, somtiden krigen wy in brief mei klachten en der kamen ek wol guont in fjirtjin dagen of langer by ús útfanhûs om op te weidzjen. Dan waard der troch it oantroude diel en de bern Hollânsk yn ús hûs praat. Dat klonk my deftich yn 'e earen, yn de trant fan heit syn lêzen út 'e Bibel by de itenstafel. As ik heit en mem oer dy famylje hearde, krige ik it idee, dat de duvel oan de oare kant fan de see, yn 'e stêd mear oan it wrotten wie as by ús yn it doarp en dat wie in hiele treast. Hoe doarsten hja, om in foarbyld te neamen, sneons de nachtboat nimme om
| |
| |
op sneintemoarn by ús te kommen. Hja seagen der ek gjin bien yn om op snein te breidzjen en te hantwurkjen, al lieten hja dat om ús efterwegen.
‘De grutte stêd en de duvel is twa hannen op ien bûk,’ sei heit en hy koe it witte.
Mar hoe slim moast it dan net yn it fiere Amearika om en ta gean, wêrom hie heit dêr dan wol hinne wollen? En wat soe dêr mei Feike barre kinne? As der yn it earstoan ris tynge fan de buorlju kaam, feroare de sfear yn ús hûs in poas. Heit wie wat stil en mem wat stúmsk. Suske mûskoppe mei my, of it der dochs noch fan komme koe, hja soe 't graach wolle, mar nei in pear dagen hie de spanning him wer deljûn. It die trouwens bliken, dat it har dêrjinsen net tafallen wie, dat mem koe rommer sykhelje, al spriek heit oer bernesykten. Doe't it der letter roaskleuriger útseach, hie mem it oer kernels, dy't earder troch it each fan in nuddel koene as dat riken it keninkryk fan God yn kamen. Dan fûn heit, dat soks in oardiel oer ús bêste buorlju ynhâlde. Myn tinken sette him der ek oer yn beweging, wat wiene kernels? Doe't ik dat wist, begriep ik der neat mear fan, it wiene ek noch wol wurden út 'e Hillige Skrift!
As der ris spul tusken heit en mem wie, net faak, mei't hja, mem benammen, de frede leaf hiene, fernamen wy dat oan de stilte jûns oan tafel. Mem breide wat fûler, de priemmen rikketikken feniniger, har antlit stie strak, heit socht treast by ‘De Keuvelaar’, it kristlike krantsje út Grinslân, dat redigearre waard troch J. Keuning. Heit mocht mem oars graach wat foarlêze, mar dan net ien kear.
Oare minsken yn it doarp liezen de ‘Hepkema’ wol, mar dy kaam allinne by ús yn 'e hûs, as der earne in moard of oars wat slims bard wie, want sokke fiten meat de Hepkema altyd sensasioneel út dat elkenien der niget oan hie. As der kwestje fan in moard wie, helle mem it ferhaal fan Ruerd Passchiers van Dyk op, ien fan de lêste misdiedigers, dy't yn Ljouwert ferhongen wiene. Hja koe in lang fers oer him opsizze, dêr't ik net folle fan begriep, yn sa'n útwrydske styl it opsteld wie. Benammen dat er berou hie, moast wol oanslaan by mem.
O, nu is alles buiten raad,
Mijn ziele gaat verloren.
Oneindig is mijn zonde en kwaad,
Ach, was ik nooit geboren!
Kening Willem III woe gjin graasje jaan, ek net op it ‘bidden’ fan de âlde heit.
| |
| |
Doch hoe bewogen ook de Vorst
Den grijsaard trooste bood,
Genade, ach, verwierf hij niet,
Het misdrijf was te groot.
Dus sterven, sterven moest hij nu ...
Maar zal hij voor het hoogst gericht
Nu nog als schuldig staan?
Dat niemand uwer, wie hij zij,
't Vermetel oordeel strijk!
Die sta, zie toe dat hij niet val
Als Ruurd Passchiers van Dijk!
Oer Ruerd Passchiers hie de Hepkema ek fol stien, sei mem, mar dat kin net, om't de krante doe noch net bestie. Drukkerij Hepkema hat der letter wol in folksaardich boekje oer útjûn. Ruerd Passchiers hie yn de finzenis syn eigen libbensferhaal boekstavere. Dat ferhaal hie op it folk fan it gea grutte yndruk makke, om't Ruerd ien fan harren wie. Hy waard begroeven op it misdiedigerstsjerkhôf yn Ljouwert op it plak, dêr't it postkantoar oan de Twiebacksmerk stiet, nei't er, sa haw ik der oer lêzen, út 'e Kanslerij troch it strjitsje mei de tapaslike namme fan Droevendal nei de galge op it Blokhúsplein brocht en dêr ferhongen wie. Doe't ik as jongfaam ris troch dat strjitsje kaam en myn each op de namme foel, bleau ik sûnder erch even stil stean, sa kamen de jeugdoantinkens dêr ynienen boppe.
Mei it wiid útmjitten fan soksoarte ferhalen krige de Hepkema hiel wat lêzers. It kristlik folksdiel, dat oars neat fan dy krante hawwe moast, stavere him, op útsûnderingen nei, dan ek fan a oant z. Wat mear ik as lyts bern fan sokke histoarjes heinde, wat banger ik waard. Der waard grute, dat de gefaarlike Jan Hut en syn maten net fier by ús wei yn de bosken húsmannen, ek dat hie de Hepkema buorkundich makke. Wol sei mem, dat wy ûnder de hoede fan de Almachtige stiene, mar as God dy Jan Hut ris even út 'e oandacht falle liet! Lokkich hiene wy in goede plysjeman. Fjildwachter Johannes seach by nacht en ûntiid ta en ek de marechaussee's wiene warber. Regelmjittich makken hja omgongen op har hynders, altyd by twaën. As let op 'e jûn by ús noch ljocht barnde om keallerij of sa, waard der op 'e finsters kloppe en roppen: ‘Goed folk!’ Dan liet mem har der yn en makken hja my wekker mei har lûdroftigens. Ik kipe troch it kier fan
| |
| |
de bedsteedoarren en waard kjel. Soene hja heit ophelje wolle? Noch om de fyts? As heite en memme stimmen fleurich klonken wie der neat te rêden. Dan pasten de mannen yn it blau mei wite kwasten en koarden op it boarst op ús. Mar wat skreau heit yn it boekje, dat hja iepen foar him op 'e tafel delleine? Syn namme, lei mem my de oare moarns út. Mar wêrom? ‘Dan witte har bazen, dat hja hjir west hawwe.’ Net dat ik tefreden steld wie, want wa wiene har bazen, mar ik mocht net altyd trochfreegje. Hja betsjutten yn alle gefallen feilichheid. De dûmny hie ek mei feilichheid te meitsjen, mar oars, mear foar skielk. De tsjerkerie sa net, want hja waarden troch heit op útsûnderingen nei, moai leechlein. Alle kearen as de skuorren yn it dekôr fan myn bestean wer goed ticht sieten, koe ik rêstich sykhelje en (by moai waar) soargeleas boartsje yn de finne by it bargehok njonken it tsjerkhôf. Reinde it, dan by mem en Popkje yn keamer of keuken of by heit yn bûthús of skuorre. Waard it in lange dei yn 'e hûs, dan joech mem my in doaze mei poëzyalbumprintsjes om te besjen, dy't hja út 'e winkel oerhâlden hie. Ik aaide mei de fingerseinen foarsichtich oer de sidene roaskes hinne.
As de lampe barnde, makke de feint mei hannen en fingers skaadbylden op it behang: haskes, reeën, guozzen. Heit besocht it ek, mar hie der de slach net fan. Hy hie foar de winterjûnen wol in arsenaal fan ferhalen, meast spoeketeltsjes, dy't mem net altyd goed achte foar berneëaren. Sneintejûns waard der by ús songen. Ik die myn bêst, mar dan woe suske, dy't al op skoalle gyng en kristlike ferskes learde, oare songen wy net, hawwe dat ik my stilhâlde, mar mem moedige my oan en dan stiek ik de tonge tsjin har út.
It ûntdekken fan de natuer begjint yn in doarp gau. Mei't ik faak op 'e strún wie, koe der ek ûnferwacht eat barre, dat oan de wille heakke. Sa foel myn each op in langwerpige stien yn it gers op it hiem. Ik soe him optille om myn krêften te mjitten, mar koe him mar in eintsje ophuffe. O, wat skrille ik doe tebek fan de krobben, tûzenpoaten en bleke raaien, dy't der ûnderwei kamen. Hoe kaam dat? Mem lei my út, dat it ljocht net by de raaien komme koe en hja sadwaande net grien waarden en dat oare folkje libbe no ienris graach yn 't tsjuster.
Feiliger wie it boartsjen mei de jonge, ljochtgriene bledsjes fan ús yn model knipte linebeam. As ik der op blies, hearde ik fine muzyk, dêr't de lippen my fan kidelen. Mei in spjelde makke ik der tekeningen yn, dy't ik mem sjen liet. Hja fûn, dat ik mar naaister wurde moast, want hja skreauwen sa har brieven oan har feinten. Woe ik naaister wurde lykas Akke, dy't út en troch ris in middei mei de naaimasine ûnder de earm del kaam te
| |
| |
kerweikjen? Ik frege Akke, oft hja bledsjebrieven oan har feint skreau, mar hja waard lilk, dat mem moast der by komme te suskjen en it yn de jamske fâlde te slaan, ik wie dochs mar in bern! Akke wie in krebintich âldfaam. It libben hie har neigeanich en skerp makke, mei't hja ek swier kwels oer beide siden rûn.
As ik toarst hie, woe 'k leafst út 'e pomp drinke. It wetter wie wol gielich, mar ik hie it leaver as dat út 'e tûne ûnder de goate oan 'e hússide, dêr't altyd in houten napke yn treau.
Us pomp stie net fier fan de fjoerhutte ôf. Soms woe der gjin wetter út komme, dan geat mem mei in sleef of in amerke in fikse skoat wetter út 'e tûne der boppe ta yn. Ynienen kaam der dan in gjalp foar ta de tút út en koe der mar raak pompe wurde.
Der wiene jonges, dy't mei de klompe wetter út 'e sleat skepten en dat opdronken, mar dat mocht ik net dwaan fan mem. Net om't it wetter fiis wie sasear, men koe der wol oant de boaiem trochhinne sjen, mar hja wie bang, dat ik yn 'e sleat falle soe. Suske makke my wol bang foar sleatswetter, it einekroes hiene kikkerts der op spuid. Kikkerts wiene dochs njoere bisten, want as ik oan in soerstâle mei in gatsje der ûnder yn sûge, hiene de kikkerts troch dat gatsje pisse, spui op tûken,, blêden, blommen kaam ek fan frosken. Ik leaude it wol, want ik fûn it jizzelige skepsels, dy't by it libbene guod ûnder de stien thús hearden. Ik bestudearre wolris ien, dy't op in pompeblêd siet te kweakjen, in opsette blaas hie er oan beide kanten fan de kop en dy gyngen mei syn lûd op en del. Op hite simmerjûnen hâlden hja my fier yn 'e nacht op, wekker mei har machtich koar. De jonges sieten my mei in strûpte kikkert efternei, dêr't mem skande fan spriek, sa wreed wiene dy jonges. Dat ús kat yn 'e maaitiid meager fan it froskefretten wie, dêr sei mem fan, dat it ek fan gers komme koe.
Op podden hie 'k it ek net stean. De earste kear, dat ik ien merkbiet wie oan de wietige skaadkant fan ús hûs. Dêr stie ik hommels each yn each mei in kikkert, miende ik. Ik waard sa kjel, dat ik gjin stap foar- of efterút dwaan doarst en hy bleau like stiif op syn plak, wylst er my mei syn bolle, fluwielene eagen beseach, sa kaam it my foar. Nei in hoart waard ik dryster. Ik naam in stokje en wiisde nei him en doe naam er nuvere koarte spronkjes by my wei. Doe doarst ik noch better. Ik tyske mei it stokje efter him oan en hy wipte alle kanten út, dêr't ik him hawwe woe. Dat er sa foar my út 'e wei woe, joech in foldien gefoel, mar dat bleau sa net, want op 't lêst siet er, dêr't er siet, stiif tsjin de muorre oan. Mem fertelde my syn wiere namme en doe kaam ik faker ien oer it mêd, altyd op it ûnferwachtst en moai ferskûle. As heit in baarch slachtsje liet, wie de skjinmak- | |
| |
ke en oppompte blaas foar ús. De slachter joech oars ek wolris ien wei, mar oan jonges, dy't der mei skoppe woene, fuotballen wiene der doe nij myn witten net, allinne heinderballen en dy wiene foar famkes.
Ienris yn it jier, mei Trije Keningen, brûkten wy sa'n bonge foar de foekepot. It flues waard strak oer in fervebus spand, dêr kaam in gatsje yn, dêr't in stokje of in reid troch koe, it op en delheljen joech in hol hûd, dat my troch alles hinne gyng. Dêrom tink waard it ek in rommelpot neamd. Guon bern gyngen der mei by de doarren lâns. en songen der in ferske by, lykas hja ek diene mei Sinte Marten. Dan hiene hja lampions, faak in útholle koalraap mei in barnende kears der yn. Hja krigen in pear sinten of in apel. Wy mochten wol in rommelpot hawwe, mar der net mei rinne te biddeljen, sa neamde mem it en dan wie der gjin aardichheid oan. Wy mochten ek net te Nijjierwinnen, want wy wiene gjin skoaiers. Mem wie oars wol goed foar bidlers, hja soe nea ien foarby stjoere. Hja kamen wol alhiel út 'e Kompenije (ik tocht my dy hast oan de ein fan de wrâld) om in jefte en mei Nijier winsken hja ús ‘folle lok en seine’ ta, ek wol ‘gezegend Nieuwjaar’! Ik mocht har in pear sinten jaan. Kamen hja yn febrewaris noch oan de doar, dan joech mem har sels wat en frege, oft hja net wachtsje woene oant it wer safier wie, mar foarby stjoere die hja net.
Petrus kaam it hiele jier troch wol oan ús doar te sjongen by de lûkharmoanika, soms hie er allinne in mûlharp, dan song er foar of nei it spyljen. Ik fûn dat sa moai, dat ik om ien frege, mar ik koe der gjin wize út krije allinnich wat troebele klanken. Ik brocht Petrus in brogge en dan joech er my de segan fan God, wat my it gefoel joech, oft ik tichter by de goede kant kaam.
Wat der oan sleatten yn it doarp wie, net folle, betsjoende my, mar mear om wat der yn groeide as om it wetter. De wite leeljes op grutte blêden, de giele tsjelken, plompen neamde suske se, mar benammen de ljochtblauwe ferjit-my-netsjes, dy't mear oan de kant stiene. Dat dy grutte blêden mei de Fryske flagge te meitsjen hiene, hie ik fansels gjin aan fan, it Hollânske read-wyt-blau wie ús flagge. It waard letter in iepenbiering, dat wy sels ien hiene, ien dy't folle moaier wie.
Fan de lange, rôze kofjeblommen haw ik ris in bosk oan mem brocht, mar hja wie der net whs mei, sokke koe mem net op 'e tafel sette. Hiene de jonges se foar my út 'e sleat helle en tûlke, dat ik der mem bliid mei meitsje soe?! Mar sa wie it net, de feint moast in beam út 'e sleat helje, dy't der yn lei om brûksum te wurden en dêrta hie er in eintsje oan it hekkeljen west, dat ik koe se samar út 'e wiete brol fandelje. Dat mem myn jefte net wurdearre joech in gefoel fan teloarstelling. Wie ik sa dom? Doe't ik be- | |
| |
socht ferjit-my-netsjes te ploaitsjen, dy't mem wol moai fine soe, rekke ik mei ien foet yn it wetter. Doe mocht ik in skoft net mear frij omrinne, mem moast my altyd beroppe kinne. Suske lake my út, ik hie de hoas en de sok útwringe moatten en wer oandwaan, ik wie in tutte, dat ik der mei nei mem ta rûn wie. Dat mem har ris op wiete fuotstappen op it swilk betrape hie, kaam my te let yn 't sin.
Krobben en tûzenpoaten seach ik net sa faak, spinnen wiene hiemer folkje. Mem wiisde my har reagen oan en it krús op har rûne, koaiige rêgen. Hie de Heare har net keunstich makke? De fynste triedden koene se weve, dat lei allegearre yn sokke stomme dierkes. Mar werom helle mem de reagen dan oeral wei? Hja makke de bistkes ek wol dea ûnder har learen puntsloffen. Soms brocht hja ien yn de tichte hân bûtendoar, mar as ik my net fersin, wie dat om't Popkje, ús nije faam, har altyd sa tjirge om in spin en hja sjen litte woe, dat hja der net fan griisde. It gyng grof tsjin har gefoel yn. ‘Mar wy kinne ús hûs net oergroeie litte,’ wie memme beskie op myn fraach, wêrom't hja de reagen en de spinnen der wei hawwe woe.
Fan de ynsekten kypten de leavenhearsbistjes der út mei har moaie, reade skylden mei swarte stipkes, dy't hja iepenklappe koene om der mei te fleanen. Skoften lang liet ik ien op myn hân rinne. Wy neamden se ingeltsjes. Ik mocht har gjin kwea dwaan, want der koe straf op komme (oars wol?), de namme sei it al. Mei oare ynsekten wie ik net mijen, miggen loek ik de poatsjes út, oant mem my betrape en sei, dat sokke dierkes ek gefoel hiene, wat ik hast net leauwe koe. Langpoatmiggen hie 'k in hekel oan, har loek ik lykwols noch alle kribelpoaten út, it brúngriis baltsje, dat oerbleau, smiet ik yn in hoekje. Nei it lytse djierte komme my wer de blommen yn it sin: blauwe klokjes yn 'e bermen, roggeblommen en stjonkroazen yn it nôt, mar ek de gewoane yn finne en bleek. Der kamen hieltyd wer oare, earst yn 'e maaitiid, rûnom fersille, lytse en grutte plakken butergieltsjes, krekt letter stiene de lannen goudgiel fan de hynste- en bûterblommen, read fan soerstâlen - mar dat wie min lân - en pears fan pinksterblommen. Op it hiem stiene ek freonlike skieppeblomkes, mei har koarte stâltsjes wie it krekt oft se út 'e grûn krûpt kamen. Ik plôke se, mem joech my in heech mosterpotsje fan Spoor, yn wetter koene se noch in poas moai bliuwe, mar faak smiet ik se nei in ploaitsjen achteleas wei foar wat oars. Fan hynsteblommen bleauwen plústers oer om fuort te blazen, mar fan de stâlen krige ik rare plakken op 'e hannen, dy't der hast net of woene.
De kij yn 'e lannen lieten de bûterblommen stean, dy mochten se net. Wat wie it moai as de kij foar it earst it lân yn kamen maaitiids. Dan stie
| |
| |
ik mei mem en Popkje en suske der nei te sjen hokke healwize sprongen se makken.
Alle blommen hiene in oare rook, pinksterblommen rûkten tryst, dêr paste har feale kleur by, bûterblommen rûkten net nei bûter, se hiene moaie glêde bledjes, hynsteblommen hiene in skerpe rook, it leafst treau ik myn noas op 'e skieppeblomkes, in rook fan moai waar, sei ik tsjin mem, dêr't hja om laitsje moast. Kamperfoelje wie as rûkersguod, dat mem sneins nei tsjerke ta op 'e bûsdoek die, ik fernaam se fan fierren al. De wite spoekeblommen mei de tinne feltsjes, dy't yn ús hage bloeiden rûkte ik net oan, fanwege de namme hie 'k it net op har stean, boppedat moasten se fergiftich wêze. Doe't ik letter de namme ‘winde’ foar har hearde, krigen se in romantysk tintsje, mar dat wie pas yn de tiid fan ‘Windekind’ fan Frederik van Eeden.
Ik fûn net, dat stjonkroazen echt stonken, ik snúfde der graach oan, mar dy wiene ek fergiftich, it sied alteast. Dat sei Popkje as ik it fine guod boppe út 'e fruchtdoaze op myn hân rûgelje liet. Goudsjeblommen wreau ik fyn tusken de hannen om se lang te rûken.
Unbekommere gyngen de measte dagen foarby en as it nei de jûn loek, wie de skûle fan it hûs der altyd: feilichheid net allinne tsjin bernedieven, mar ek tsjin kweaminsken en spoeken. It betsjutte wol in skrik doe't my dúdlik waard, dat spoeken oars as rare minsken troch muorren en doarren hinne komme koene. Heit hie it wol oer it byleauwe fan domme lju, frâl froulju, dy't sokke ferhalen leauden, wat ferwachte er fan ús as bern? Ik trille ynwindich fan spanning, as libbe ik se my yn. Ien efter my oan, fierder kaam it gefaar nea, dêr soarge ik wol foar. Oer hoe't myn efterfolger der útseach, liet ik myn fantasy ek net los. Spoeken koene wy ûntrinne, dêrom wie 'k banger foar de dea, oan him koe nimmen op 'en doer ûntkomme, sa wiis wie 'k doe wol al, mar tocht him oant yn it ûneinige, sa fier fuort. It ûnthjit en útsjoch op in ivich libben stie der wol foar oer, mar dan noch hie 'k belang by it libben fan no en hjir, boppedat sleat it ivich libben de dea net út. Mem treaste my, dat ik der skielk wol oars oer tinke soe.
Heite ferhalen geniezen my fansels net fan myn bang wêzen yn it tsjuster. As it heal koe strûpte ik der foar wei om jûns wat foar mem út 'e keuken te heljen of om nei it húske ta, dat bûtendoar tsjin it bûthús oan stie. Ik frege immen om mei, of ik gyng slûchsturtsjenderwize en efterstfoarst om it keamersljocht yn it each te hâlden, mar doarst neat sizze, as de doar soms tichtdien waard, mar hoe beskern ik my dan fielde, is fan tinken te hawwen. Wol barnde der yn 'e keuken altyd in piperljochtsje yn in blea- | |
| |
ker oan 'e muorre, ek hie mem de lampe boppe de tafel hiel leech draaid, dat er krekt net walme, mar dat makke lange, wanige skaden oer de flier en op de muorren, dy't myn fantasy noch mear yn beweging setten.
Om de bernedieven, mar ek om't wy njonken it tsjerkhôf wennen, soarge ik foar tsjuster yn 'e hûs te wêzen, want dan kamen de deaden by elkoar te praten, om't hja har deis sa ferfeelden, hie Popkje my wiis makke, doe't hja my ris ophelje moast en har dat min útkaam. Hoe't dat folk út har kisten en grêven komme moasten, haw ik my de holle net oer brutsen, it wie sa al moaiernôch.
Yn 'e wenkeamer by tin reagiel ljocht út 'e petroaljelampe, dy't mei lûd gerattel op en del helle wurde koe en dêr't mem de kous fan op 'e tiid byknippe moast om walmjen en puntbarnen foar te kommen, wie it goed, al duorre it net lang, om't wy dan op bêd moasten. Mar dan bleauwen wy der eins likegoed by, om't ús bedstee yn 'e keamer wie. As de lampe mem in hiel inkelde kear, foaral mei in nije kous, ûntkaam wie en de swarte kruseltsjes roet sels yn ús bedstee omwrimelen, moasten wy wachtsje oant mem en Popkje der mei rêden hiene, it gyng dan op in himmeljen, ús wol nei 't sin.
As it sa fier wie, krigen wy de koarte nachtjakken oan, dy't op 'e bedsplanke opteard leine. Se kamen ús justjes oer de heupen en waarden mei bantsjes op 'e rêch fêststrikke. It wie net bêst, as de strikken yn 'e knoop rekken, dan hie mem poaterjen om se der út te heljen. Sels koene wy der net by en op 'e taast slagge net maklik. Efter de bedsdoarren lei ik te genietsjen fan de fredige sfear yn 'e keamer, dêr't heit en mem preuveljend praten om ús net wekker te hâlden. Mar wurch fan alles, wat ik sa'n gânske dei belibbe hie, foel ik almeast ringen yn in sûne sliep, beskerme as ik my fielde yn de beheinde, fertroude rûnte en tsjin spoeken, hie suske my leard, moast ik mar hiel djip ûnder de tekkens krûpe, wat yndied holp. It ferfarren kaam as in skok, it doarp, dat ik bytsje by bytsje ferovere en ûntdutsen en my eigen makke hie, moast ik ferlitte en my oerjaan oan de wide, wide wrâld, dêr't ik mei heit in foarpriuwke fan krigen hie, wat my net al te goed bekommen wie.
Sa'n oardel oere riden fier lei it spul dat heit hierd hie op âlde maaie. Suske gyng mei de feint foarút op in boerewein fol húsguod. Ik seach de wein efternei, it like nuver: stuollen mei de poaten omheech, in grou fearren bed hong swier oer de sydplanke hinne. In skoft letter gyng ik ek mei heit en mem yn de glêzen wein, heit op 'e bok. Heit hie der al earder hinne west mei fee en guod en op ien sa'n reis hie 'k mei west. Mei't wy doe wer
| |
| |
weromgyngen, ergere ik my no net, dat it bliuwen wurde soe. Mei mem in dei fuort (komselden) wie trewis. Sa hie 'k wolris mei har nei de muoikes ta west.
It nije, dêr't suske sa bliid mei wie, hja hie al gau in famke fan har jierren opdûkt, koe my neat skele. In boartersmaat wie der foar my sa gau net, letter ek net, en dat beklamtoane de iensumens. De iennige, dy't mei suske, sa op it each, de nije tastân folslein akseptearre, wie heit. Hy krige syn sin en doel en koe de bannen, dy't him yn 'e wei sieten, losmeitsje en fuortsmite. Unwennigens siet by him ommers oan minsken fêst en hy naam syn minsken mei. Mem, dy't har libben lang yn de âlde kontrei sliten hie, hat miskien wol op 'e knibbels werom wollen, mar datselde fêstleine libben hie fan har in ûnderdienige frou makke. Boppedat wie hja in hearrige frou, dy't har lot yn Gods hannen lei net allinnich, mar ek belied, dat wy hjir gjin bliuwende stêd hiene. Wat sil hja dêr op himsels al in striid mei hân hawwe!
Doe't ik sa hommels yn 'e frjemdte bedarre, kaam de ûnwennigens oer my as in nachtmerje by ljochtskyndei. Ik fielde my as in kat yn in poerfrjemd pakhús. Trouwens as ik by it âlder wurden ris útfanhûs wie, moast it dêr wol tige gesellich en noflik wêze, dat myn tinken alhiel yn beslach nommen waard, oars krigen deselde eangsten en neare gefoelens wer fet op my en ferdwûnen pas as thús it eigen fermidden wer as in húl om my hinne sleat. It heucht my lykwols net, dat ik ea earder as ôfsprutsen ophelle of fuortbrocht bin, sa lyts woe 'k net wêze, mar as it der op wjirre, hie ik al dy tiid ek net in rêstich oerke hân.
Op it nije stee rûn ik dagen, ja wiken lang, mei de siel ûnder de earm oer it nuvere hiem, hie it net op de ûnbekende minsken stean en miste de bekenden fan it doarp. Wy wennen in ein fan de wei ôf, dat wie oan de iene kant geunstich om't it alderfrjemdste op in distânsje bleau, oan de oare kant wie der ek gjin fertier, dat útmakke. Ik mocht fan mem net heal de dyk op. Der skynt my daalk net ferteld te wêzen, dat wy net weromgyngen, want ik frege altemets: ‘Wannear geane wy hjir wer wei, mem?’ Memme antwurd wie: ‘As it skip mei jild komt!’
In skip mei jild oer it wetter, wist ik, dêrom stie ik alle dagen by de opfeart njonken de pleats te sjen, oft it skip der noch net oankaam en der koe net iens in roeiboatsje troch sa lei it ticht mei resken, snilen en oar planteguod. Wêrom soe der net in skip mei jild komme kinne? Soms foel myn each op mem en Popkje foar it keukensfinster, wêr seagen hja sa nei? Nei my? Hja ferwachten it skip ek fansels. Ik wie bliid, dat Popkje meikaamwie, want hja helle my faak oan en treaste my suver mear as mem. Lang
| |
| |
om let ferdwûn it rare gefoel, mar wat wie ik bliid, as ik guont fan 'e famylje seach, dy't neffens heit it by ús troch it gat sjen woene. Dat begriep ik net, mar mem sei, dat de frede wer tekene wie.
Wie it om myn ûnwennigens en op memme oanstean, dat heit my rûnom mei hinne naam: foar op 'e stange fan de fyts, soms efter in molkbus dat ik neat sjen koe, njonken him op 'e bolderwein, sels in inkelde kear by him op it hynder, as it beslein wurde moast, mar dan siet ik my sear. Ik koe my net yntinke, dat it hynder net skopte as it yl ûnder syn poat barnd en snien waard, mar heit sei, dat er der neat fan fielde. Neigeraden rekke ik thús yn de nije omkriten. Earst op it hiem mei apel- en parrebeammen oan 'e hússide yn blêd, yn bloei, mei krielfruchtsjes, dy't súntsjeswei dijden ta lekkere soere apels en soppige parren, dêr't wy de hiele winter fan ite koene. De apels waarden yn in gielguorde, earne yn it lege gol ferside brocht en wy famkes weagen ús de ljedder sa heech net op om der stikem ien by wei te slinen. Om de linebeammen foarhûs hinne krige ik myn túntsjes mei goudsjeblommen, stjonkroazen, sinne- en strieblommen. Ljippekoppen klommen njonken siereartsjes by de beammen op en der wie ek in inkelde dahliaplant, in pompoen, pears mei wite tsjelkjes, dêr't ik de finger yn stekke koe, mar dêr't ek earkrûpers yn sieten. Dy fûn ik ekris yn in lúsjefersdoaske bûten op it finsterbank, dêr't ik de foarige deis deade miggen yn stoppe hie, ik tocht, dat de miggen earkrûpers wurden wiene. Oars wie der ek genôch te belibjen yn ús agraryske wrâld, in keal of baarch, dy't útbrutsen wiene; manlju, froulju mannemacht efter har oan. As hja de baarch oan de sturt loeken, gyng er foarút, oan 'e kop efterút: bargelogika. En mar skreauwe en tjirgje as waard er ringe. Dat ringjen! Och wat gyngen se te kear as heit en de feint har mei tangen de koperen ringen yn 'e snút kniepen. It griisde my oan, mar heit sei, dat se no gjin gatten mear yn 'e grûn dolle koene. Ik wie net wei fan de bargen, sa't se yn har ôffrede hoeke fan it lân yn 'e drek omrôlebôlen. En de stank, dy't hja ôfjoegen! Mar as in sûch bichjes smiten hie, stie ik der graach nei te sjen, hoe't se moai op in rychje by him leine te drinken. (Ik koe net leauwe, dat er syn eigen jongen wolris opfriet). Letter yn de puberteit skamme ik my foar soks, as der in jonge by wie. De boer, by wa't ik doe simmers wol útfanhuze, rôp my ris by sa'n aardich tafrieltsje en tocht my dêrmei in deugd te dwaan, mar ik wegere, om't de jonge, dêr't ik sabeare wat gedoente mei hie, ek mei soe. It spyt my noch, dat ik de reden, de gêne, dy't my kearde, him nea ferteld haw. Wûndere kribbekeurichheden kinne jin yn dy jierren dwars sitte, kaam it by my fan de taboe's, dêr't ik mei grutbrocht bin? Ik groeide op by de natoer, mar as der in ko ûnder de bolle moast, mochten
| |
| |
famkes der net by, sels troude froulju waarden der by keard, mar dat kaam mei fan guon boeren, dy't der flauwe grappen oer makken. Lokkich wie heit sa alhielendal net. As boeren sokke needsakelike dingen oan de wei barre lieten, waard der yn it gea skande oer sprutsen. Sa net, it wie by de wet ferbean as yn striid mei de iepenbiere earberheid. It hie yn 'e reden lein, dat ús âlders ús by sokke gelegenheden in bytsje weiwiis makke hiene yn it grutte libbenspatroan, mar hja hâlden it op ‘Wat stiller, wat better’, dêr't hja sels har libbenswiisheden ek wei hiene. Hawar, sa maklik fûn ik it sels letter ek net om der mei de bern oer te praten. Mocht der heit en mem yn it algemien wat ûntfalle, ta persoanlik petear en persoanlike ynformaasje kaam it net, lit stean ta foarljochting en fan blommen en ynsekten leart men soks net. It wurd ‘leafde’ soene hja har grif foar geneard hawwe.
In grut part fan it jier bleau myn wrâld mei blommen útmakke, och, dy maaitiidsfjilden yn kleur, de bloeiende hagetoarnen oer it fjild, dêr't ik hjerstmis smoarbeien fan plôke. Ik socht klaverfjouwers, om't se sa apart wiene, dat se gelok oanbrochten wie moai meinaam. De pitten fan sinneblommen doppe ik en iet se op, mar ik waard wol kjel, doe't de feint my warskôge, dat der no in sinneblom yn my groeie soe.
‘Net alles mar leauwen,’ sei mem, myn taflecht.
De goudsjeblommen yn knop holp ik om iepen te tearen. By de papavers helle ik de helten fan knoppen út elkoar, sa gau't it pearsread oan de siden trochskimere, oars duorre it my te lang. Njonken in boskje op it hiem woeksen stjerrekroas, fûgelwikke, tongerblommen of knikelsblêden, giele kattesturten, kamille en breablommen, en folle mear. Nuver komme my hjirby de hege gersraaien om plakken kowestront hinne ek yn 't sin, mar dat wie altyd yn in greide.
Heit hâlde der in grientetún op nei. Wat wie 't in wûnder as de beantsjes mei har siedlobben boppe de grûn kamen, yn twaën spjalten en de plantsjes har stadichoan ûntjoegen. Benammen as it sokke wiene, dêr't ik sels de beane fan, trije by elkoar, yn de gatten rûgelje litten hie, dy't heit der mei in boppeëin fan túnklauwer of skoffelstôk ynstutsen hie. Ik fielde my wichtich as ik mei it giele pûdsje efter him oanrûn en diel hie oan it proses van siedzjen. Hja bloeiden mar mei ûnnoazele giele blomkes, útsein de mear kleurige fan pronkers, mar op har bean stie dan ek in soldaat. Fan de blomkes kamen fruchten, earst ek fyn en lyts, as de bloei fallen wie, mar suver by de dei waarden se grutter, op it lest telde ik hoefolle der oan ien strûk sieten. It wiene ek sokke moaie rigen, dêr't heit it ûnk tusken wei wjudde of skoffele. Letter kaam ploaitse en triedzje (net wolkom) en ite
| |
| |
fansels. Wat der te folle wie, lei mem yn yn in brún stiennen pôt, hja joech ek wol mieltsjes wei oan buorlju en kunde, mar de measten hiene se sels wol yn de tún.
Wite koal kaam yn in Keulse pot en waard soerkoal, dêr't ik net wei fan wie, in doek, in plankje en in balstien kamen der op en út en troch skepte mem der wat griis ôf. Letter, doe't dat yn 'e moade kaam, mar dêr stie soerkoal bûten, wie mem oan it wecken. Wat wie hja grutsk op al dy hiele en heale flessen, dy't op in rige yn de kelder kamen te stean, wat in fertriet as der in pear lidden loslieten. Wat smakke de earste spinaazje út ús tún hearlik, as wy se de hiele winter net hân hiene. En de radyskes, de jonge woarteltsjes en de sânraapkes! Mem makke ek drank: swarte bijen op wetter yn gewoane flessen liet hja bûtendoar yn 'e sinne gêstje. Wat natuer op levere oan ‘gefundenes fressen’ wie in freugde op himsels. Lysterbeien koene net iten wurde, brommels wol. Ik learde te ûnderskieden. Fan brommels krige ik blaupearse fingers, as ik ripen trof, meastentiids koe 'k gjin geduld dwaan en iet ik de reade op, as se mar in bytsje donker wiene en sêft oanfielden. It bewyske fruchtfleis om de smoarbeien wie al sa'n goademiel.
Ik doarme faak yn 'e lannen om, ljippen en skriezen koe ik oan har lûd, de ljip ek oan syn drokke flecht. Aaien fan mosken en protters fûn ik soms ûnder de lege daksgoate op 'e grûn, hast altyd stikken. Der lei ek wolris in dea fûgeltsje, noch net iens in tjoeleke, in keale kikkert gelyk. Op in kear gyng de kat der mei oan 'e haal, ik soe it him ûntnimme, mar hy wie flugger as ik. Neitiid mocht ik dy kat net mear lije, mar ik hie him ek al betrape, doe't er in mûs oppluze en dêr gyng my de grize ek fan oer de grouwe.
Ik tink no oan de sinneûndergongen boppe it fiere, frije fjild, ek in sinne opgong, doe't ik wekker waard fan pinemûle. Mem helle my fan 't bed ôf, die in blyn heal iepen en doe fergeat ik de pine, it wie allegearre goud yn 'e loft.
Ik tink oan in murd, dy't fongen waard en in stank weijoech, dêr't dy fan bargen by weifoel. Doe't hja him hast hiene, moast ik my fan heit ôfjaan, in dier yn deadsneed koe rare sprongen meitsje. Deadsneed, in wurd, dat djip yn my wei sonk en nestele. Deadsneed kaam ommers ek by minsken foar, ik hie der wat fan begrepen by ús aardige buorman, dy't slim siik waard en der neffens mem ‘net út komme koe’ Ta ôfskie mocht ik krekt even by him sjen, dêr't er swier en lûd lei te hymjen yn in alkoof. Hy woe psalmferskes hearre en hie komselden nei tsjerke ta west. As it knypte woene alle minsken wol omlyk, sei heit, as hiene hja oars noch sa'n grut
| |
| |
wurd. Ik doarst syn hân, dy't er nei my útstiek, amper beet te krijen, hy wie weak, hiel oars as de rûge hân fan heit. Doe't ik by syn bêd stie, lei ik oer, oft de dea ek by him op it bêd siet te wachtsjen lykas by pake, of wie dat yn in ledikant oars as yn in bêd? Ik seach neat alteast. Jûns koe 'k net yn 'e sliep komme, om't ik buorman syn gerochel noch by my hie. Ik begriep heit en mem net, doe't hja bliid wiene, om't er einlings ôfreizge wie. Frjemd, dat ik syn begraffenis net ûnthâlden haw, mar hy wenne foar oan 'e wei en wy in ein efterút. Boppedat wie it tsjerkhôf net mear njonken ús hûs. Dêr't hy hinne opdroegen waard, lei fier út it doarp, efter oan in lange, tichte leane. It wie wer in tryste iepenbiering foar my, doe't ik der ris mei heit kaam en heit my syn grêf oanwiisde. Heit hie dêr in hoekje lân hierd om gers by te winnen. Ik bin earst hiel skruten hielendal om it hôf hinnerûn, foar't ik der opstappe doarst om benammen de trompen mei waaksen blommen te besjen. Ik mijde de grêven, dêr mochten wy net oer rinne, om't dat de deaden yn har rêst steurde. Dat sil wol by Popkje weikaam wêze, want heit en mem soene har wol oan de adat hâlde, mar de reden fier fersmiten hawwe, sa ek wêrom't by begraffenissen de trije omgongen om it hôf yn acht nommen waarden om tsjoede geasten te bannen. Wat hat it foar ferskynsel west, dat ik net mei poppen boarte? My heucht mar ien, útsein de ferreupte fan Poppe en Puppe, dy't heit ris foar my meinaam, in slieppoppe noch wol, mar heit koe rejaal út 'e hoeke komme. Mem hie der wolris argewaasje fan, dat er sa los oan it jild siet, mar hja wie ek wat deun út har aard. Ik wie bliid mei de poppe mei echt hier, dy't mei triedden yn in wite doaze fêst naaid siet, echt der mei boartsje die ik net, ik tearde him hieltyd op en del om it iepen en tichtgean fan de eagen te sjen en hie gjin rêst foar't ik se mei stokjes en al der út hie. Doe wist ik noch net, hoe't de poppe sliepe koe.
Frijwat mear mocht hie 'k oan skriuwen en tekenjen. Suske learde my letters en sifers. It earste, dat ik tekene wiene fansels mantsjes en wyfkes, rûntsjes mei streekjes, it wyfke krige in trijehoek. In beslein finster fersierde ik mei haadletters of ik folge mei de finger de streken, dy't nei ûnder glidende wetterdrippen efterlieten. Nei in rite wiet waar makke ik bûtendoar mei in stokje of in prikje figuerkes yn 'e modder of ik loek mei de punt fan de klomp in streek om it hiele hûs hinne, in spoar neamde suske it. Minsken lieten fuotstappen efter, bisten printen, hie hja fan master leard, mar dit wie in spoar lyk by weinen. Wat hja tink net fan him leard hie: wa't skielk yn 'e hel kaam moast al syn fuotleasten wer opsykje lykas er ek de stikjes neilen wer byinoar fandelje moast, dy't er op snein knipt hie. Popkje har praat, sei mem mispriizgjend.
| |
| |
Ik makke ek streken en figueren mei sjerp oer de sûpenbrij, spitich dat se sa gau weiwaarden. Yn de potstro op myn board makke mem mei de fetsleef in kûltsje om dêr it spekfet yn te dwaan. Mei sjerp oan myn eigen leppel liet ik der kronkels yn en omhinne glide, ek dy wiene gau wei, allinne in útrûn kleurke bleau efter. Dan pas stippe ik de potstro yn it fet. Soms makke mem stro, in baksel fan moal, dêr't yn 'e oven in brune koarste omhinne kaam. Mem wie grutsk as har baksel goed slagge wie, it like ek moai sa midden op 'e itenstafel yn in grutte platte petiele. En dan mei in mês yn parten snije. Ek stro waard mei spekfet en sjerp iten. Heit en mem seagen der op ta, dat wy goed ieten en wy moasten ite, wat op tafel kaam. Hja soargen ek, dat wy op tiid op bed gyngen. Mem en heit hearden by my as it sykheljen en de waarmte fan myn lea, hja hearden by elke nije dei. As hja by útsûndering ris tegearre fuort wiene, siet ik yn noed en soarch, oft hja wol weromkamen. Mem wie net faak fan 'e pôle, heit wol, him miste ik sa gau en sa slim net, al wie er myn deistich selskip. As er wat al te lang weibleau, hie 'k lykwols om him ek gjin rêst en stie ik oanienwei op it hiem nei de wei te kueren. Waard it skimerich, dan foar it glês fan de wenkeamer. Wat wie 't in bliid gefoel, as er der einlings oanfytsen kaam, de nijboer, sa't er lang yn it doarp neamd waard. By de middelste hikke stapte er fan 'e fyts, de kêde fan de bakker en in keppel bargen reage er út 'e wei, wat ik wol foar suske dwaan moast, om't hja bang foar fee wie en ik net. De hikke kaam wer ticht en it lêste ein rûn er meastentiids mei de fyts oan 'e hân, mar oars sette er de lofter foet op 'e step oan it eftertsjil en smiet de rjochter skonk linich oer it seal, hy naam ek wolris in pear oanloopkes. Yn 'e keamer helle er de klem van de bokse, soms fan beide boksen ien. Se holpen tsjin it spatten op 'e wei, om 't fytsen noch gjin keattingkasten of spatlappen hiene.
Wie it winter en al tsjuster, dan folge ik it ljocht fan syn fytslampe, it kaam as in dwylljocht neier en neier by. Wat wie syn stal, dat dêr opdûken kaam, wolkom, wat in tebeksetter as it immen oars wie. Slim wie it as mem har ûnrêst net ferhoalen hâlde koe, hja wie sa'n soarch en noed minske. Dan, ien fan beiden, rûn ik om en om of siet fêstplakt op 'e reiden matte fan 'e stoel.
Eangsten stie ik út, as op simmerjûnen nei in hite, soele dei, ik de sliep net fetsje koe en heit en mem, noch Popkje fernaam. Unwennich stil as it yn 'e hûs wie, wûn ik mysels wat langer wat mear op, oant ik it ûnder it lekken net mear bankje koe, de skonken oer de bedsplanke op 'e stoel foar it bedstee wipte en op 'e flier sprong. Hoeden avensearre ik nei efteren in omwei lâns, as ferlechje ree, dat ik nei it húske moast. Bûtendoar ûntdiek
| |
| |
ik har. Hja sieten elk op in molkbus yn swiet petear te genietsjen fan it skoander waar, of ik seach mem yn it apelhôf kuierjen, drok oan it breidzjen, de kleaune jern yn 'e skelksbûse, heit yn de grientetún der njonken dwaande. Hja wiene der dus noch en ik koe my mar rêstich deljaan by suske, dy't fan sokke eangsten grif gjin weet hie.
Mem wie altyd yn 't swart klaaid, hja droech in swarte skelk mei wite stippen of streken, foar it smoarge wurk hie hja in swart wollen middelskelk. Heit rûn deis yn blauwe seilbokse en kile, nei tsjerke ta wie er yn 't swart op in wyt stiif front nei, dêr't mem him by helpe moast om it foar te krijen. Swarte bantsjes helle hja him ûnder de earms troch en strikke him dy op 'e rêch fêst, in swarte strik krige er om 'e hals. Earst kaam it festje en dan it kolbert der oerhinne. It wyt om 'e hals stie foarnaam, fûn ik, sa wie er in wytboardsjeman, al makke er noch wol ferskil mei de echten út 'e kapbanken.
Doe't ik grutter wie, moast ik heit ek wol helpe by it omdwaan en foardwaan fan front en strik. It front wie sa slim net, mar de strik hie 'k in hekel oan, om't heit út 'e asem rûkte.
Swarte klean hearden sawol by snein en tsjerkegean as by de drôve dingen yn it libben. God en Syn tsjinst stiene net los fan dea en begraffenis. Mem hie ús faak ferteld oer de deade berntsjes fan har mem, dêrby liet hja har ris ûntfalle, dat der ek in broerke fan ús lei, wat my mear oanspriek as dy allegearre fan beppe. Hja hiene faak deselde namme, om't hja nei elkoar neamd wiene, de namme hearde yn de famylje te bliuwen. Der leine ek famyljeleden, dy't sa mem it sei, yn de bloei fan har libben it tydlike mei it ivige wiksele hiene. Mem hie eins nea út 'e rouwe wei west, wie it de swiere fan de earste jierren net mear, dan wol de lichte fan dêrnei en faak wie der dan al wer immen ferstoarn, om wa't it rouklaad oan moast. Mem fûn de roubannen om 'e earm fan letter in ferflakking, de rútsjes swart crêpe op 'e boppemouwe koe hja ynkomme, om't it yn 'e oarlochstiid wie mei krapte fan stof. (Wat soe mem fan ‘neat mear’ sein hawwe, lykas tsjintwurdich?) De klaaiing fan memme tiid wie op himsels al net kleurryk, dat in heap ferskil sil it net útmakke hawwe. Doe't mem har mem deasiik lei, hie hja der mei oare bern nei stien te sjen, dat pake feinten wyt sân struiden oer de klinkerts fan har hûs, dat de sike de swiere weinen mar net kriezjen en bolderjen hearre soe. De famkes mûskoppen, dat it har mem gou. Doe helle in muoike har yn 'e hûs, hja moast komme om ôfskie fan har mem te nimmen. Beppe hie har noch foarhâlden altyd de Heare te sykjen. Mem soe it nea wer ferjitte. Hja hie har bêst dien, mar it fleis wie swak. Ik freegje my ôf, wêr't har fleis swak wêze moast op soms in min
| |
| |
sin nei troch drokte. Mem wie oergeunstich op beppe, om't hja sa goed ôfstoarn wie. Wol mocht har frijmoedichheid om te stjerren in wûnder hite, mei't hja altyd oan har ivige Heit twivele hie. Mem hie har wol yn grutte benaudens skreauwen heard, dat hja de sûnde tsjin de Hillige Geast bedreaun hie, dêr't gjin ferjouwing foar wie. Om dy sûnde is der yn it foarige wat ôflijd. Heit en mem lieten it ek wol yn har omgean, mar treasten inoar, wa't der oer yn siet, hie him krekt net dien, want wa't skuldich stie, tocht net iens oan ferlossing en behald, dy wie al ôfsnien foar't it oan it oardiel ta wie. It psalmfers dêr't beppe fol betrouwen mei de dea yngien wie, wie fers 7 fan psalm 45, âlde beriming.
Straks leidt men haar in statie uit haar woning
in kleding, rijk gestikt, tot haren koning;
Zo treedt zij voort met al den maagdenstoet,
die haar verzelt, U vrolijk tegemoet.
Zij zullen blij, geleid met lofgezangen
de vreugde voên, die afstraalt van haar wangen,
tot zij, waar elk gewaagt van haren lof,
ter bruiloft treên in 't koninklijke hof.
It liket in slim fers foar in gewoan ûnderlein minske, mar sa gewoan wiene de tsjerkeminsken fan doe net, mei sokke taal wiene hja net allinne opbrocht, mar hja makken ek stúdzje fan de Skriften: Smyttegelt en oare âlde skriuwers, letter boeken fan Abram Kuyper en Bavinck.
Mem sei, de Heare brûkte psalmen om syn bern in rûme yngong te skaffen. De nije beriming hat it tal koupletten fan dizze psalm ynkoarte, dat ik kin der net iens folle mear fan beppe treast yn weromfine:
Stralend van goud, stralend van licht en vreugde
gaat gij als bruid tot wie uw hart verheugde.
Men leidt u binnen, waar Hij resideert,
die eenmaal koos en u voorgoed begeert.
Minder slim? Ik leau it net. Wol moaier. Mar in wurd as ‘resideert’? By de ûnberime psalm is it sa:
in kleurig geborduurde gewaden wordt zij tot de koning geleid, jonkvrouwen in haar gevolg, haar vriendinnen, worden tot u gebracht; onder vreugde en jubel worden zij binnen geleid, zij komen in des konings paleis. De Fryske beriming, dy't wer twa koepletten mear hat, is sa:
Yn steat en sier, mei prachtich bunt behinge,
sa sil men strak har ta de kening bringe,
Jongfammen efter har; yn nju en nocht
wurde ek har boarters by Jo binnenbrocht.
| |
| |
Nei al har kreambêden wie beppe mei har fyftichste oanein. Net lang nei har ferstoar de âldste soan, dêr't pake hiel wat by opset hie, om't er stamhâlder en opfolger wie. Hy gyng sels op in jûnsskoalle yn in oar plak, in hiele útsûndering foar jonge minsken. Pake hat ek in remplasant foar him betelle, dat er mar net ûnder tsjinst hoegde, ik mien wol fan foar trijehûndert gûne, it kin ek seis west hawwe, gâns jild doe. Ik haw by ús op souder ris in steapel skriften fan him ûntdutsen, se bekrast en begriemd, mar se hawwe my oantrúnd om lykas dy omke skielk ek te learen, gjin weet der fan hawwend, dat dat foar in famke net maklik wie. De jongste ferlearen hja oan termynstupen. Noch mar in pear jier âld wie er al in fromme jonge. As dûmny kaam, faak, om't pake yn 't hek siet, gyng er op in stove foar him sitten de hantsjes gear en seach earbiedich nei him op. Dûmny hie him dan ek frijmoedich behâlden ferklearre. Syn stjergefal wie oangripender as dat fan de oare berntsjes. Al mei al krige ik it idee, de libbenen moasten wol tinke, dat har tiid ek net fier mear wêze koe. It sil in stimpel op har set hawwe, mar dat it har lam sloech, nee, sa sterk is it libben en is it Kalvinisme wol. Heit en mem hiene it der wolris oer, dat it folk fan de ‘wereld’ mear sparre waard as de minsken fan Gods keninkryk, mar dat stie ek al yn in psalm fan Aser. Gods folk mocht him dêr net oan steure, mar nei har ein sjen. Fansels kaam it altemets by my op, dat der wolris ien fan ús stjerre koe. Wat koe ik der oan dwaan? As ik it jûnsgebed op 'e knibbels foar de bedsteestoel opsein hie: ‘Here, bewaar ons deze nacht om Jezus' wil, amen’, begûn ik op bêd wer sunich te bidden, oft God ús wol bewarje woe. Wy koene it Him net genoch ûnder eagen bringe as wy wekker wiene, want as wy sliepten, wiene wy der sels net by.
De dûmny kaam mar komselden by ús, hy wie gjin hýsfreon lykas by pake en har, mar lykwols soe ik wol oppasse om by him op in stove sitten te gean en mei de hannen gear nei him op te sjen. Ik woe libje, bliuwe dêr't ik wie en net sa gau al nei Him ta, al soe ik dan foar hiel wat sûnden bewarre bliuwe, wat mem altyd opmerkte as der in stjergefal fan in bern wie.
Mar no moat ik it earst oer de ‘raren’ hawwe, de nuvere kostgongers, dy't fan en ta de oarder yn ús húshâlding fersteurden, hja hearden der by.
|
|