De silveren rinkelbel
(2003)–Waling Dykstra– Auteursrechtelijk beschermd1856In pear dagen letter as oankundige wie, ferskynde fuort nei Sinterklaas yn 1856 de earste útjefte fan de Rinkelbel by T. Telenga te Frjentsjer. It boekje koste 70 sinten en de oplage wie 800 eksimplaren. It koe wolris gau útferkocht west hawwe. In jier letter hiet it teminsten al dat der noch mar inkelde eksimplaren oer wienen en by de werprinting tsien jier letter wie it al in skoftsje skjin op. | |
1857Justjes foar Sinterklaas kaam yn 1857 De zilveren rinkelbel út, in fertaling fan Waling Dykstra sels fan syn súksesfolle Fryske roman. Telenga hie him der op oanstien in fertaling te meitsjen. It boek koste ien gûne njoggentich. Der waard mei advertearre oant yn de NRC ta, mar it fleach net sa hurd fuort as de Fryske | |
[pagina 160]
| |
printing. Dêrom grif kaam Telenga yn july 1860 mei in goedkeape oanbieding yn stofomslach foar ien gûne tweintich. De priis fan in ynbûn eksimplaar waard ien gûne sechstich. Foar yn it boek stienen doe as reklame in pear bledsiden resinsjes fan De timmerknecht van Klaverterp, in oar folksferhaal fan Dykstra yn it Nederlânsk, en fan de earste printing fan De zilveren rinkelbel. Foar 't neist yn of oars net lang nei 1887 ferskynde fan dyselde earste oplage nochris wer in nije útjefte, no wer foar ien gûne njoggentich, mar dan yn stofomslach. It is spitich dat wy net witte hoe grut oft dy oplage west hat, want noch om 1920 sutele in reizger fan Telenga mei dy Rinkelbel yn in goedkeap pakket by de doarren lâns. Mar sa grut sil dy net west hawwe, dat men net feilich sizze kinne soe dat de lêzer fan Frysk in oarenien west hat as dy fan Nederlânsk. It boekje seach der better út as it Fryske. It papier is better, de letter dúdliker en de bledspegel wat royaler. Boppedat hie it in stiendrukte titel mei in finjet. Dat bringt it momint út it twadde haadstik yn byld dat baas Pabe, byljochte troch syn frou en hast ûnder de fuotten rûn troch nijsgjirrige jonges, de spuonnen doaze iependien hat en it lytse bern lizzen sjocht. It is tekene troch G.J. Scheurleer en litografearre troch H.L. van Hoogstraten te Swolle. Dy makken ek foar oare útjouwers wol printen, bygelyks yn berneboeken. It tal siden is gâns útwreide: fan 196 nei 278. Dat sit him net sasear yn in oare letter en ek net yn oanfollingen, al skriuwt Dykstra dat yn syn foarberjocht wol. It komt foaral trochdat er folle mear wurden nedich hat om itselde yn it Nederlânsk te sizzen. De oanfollingen binne fan ûngelikense aard. Soms giet it om ferdúdlikingen foar net-Friezen. Dat bart meast yn noaten. Faker wurdt it iene of 't oare om de dúdlikheid of om it wat sprekkender te meitsjen noch wat neier útwurke. Ek wol wurde âlde gebrûken of oare saken dy't net mear besteane taljochte. Dykstra ûntkomt dêrby net altyd oan it gefaar fan te algemiene en ek wolris oerstallige útweidingen. Sa jout er ynformaasje oer it úntstean fan famyljenammen út skelnammen, beskriuwt er de frouljus- | |
[pagina 161]
| |
dracht fan earder en hellet er oanfoljende bysûnderheden oer de Steategearkomste te Frjentsjer út de Franeker Historische courant. Ek ferklearret er wol wêrom't ien reagearret sa't er docht, of algemiener: wêrom't minsken dogge sa't se dogge, bygelyks omdat se no ienkear nocht oan ûnnocht hawwe ôf omdat se witte dat se mei skynfrommens wolmienende lju ferrifelje kinne. Net yn de Fryske werútjeften komme de teksten foar fan de psalmen dy't by it trouwen yn it lêste haadstik songen wurde. Dy wienen fansels ek yn it Nederlânsk, miskyn hat dat de reden west. | |
1866Alwer om Sinterklaas hinne brocht Telenga yn 1866 de twadde printing fan de Fryske Rinkelbel út. It boekje koste no 90 sinten. It is hjir en dêr mei koarte stikjes of in pear wurden wat útwreide, krekt as yn de Nederlânske útjefte fan 1857. Yn syn ‘Foarreden’ skriuwt Dykstra dat it him dêrby foaral gong om it opklearjen fan it skiedkundige. De measte oanfollingen dy't yn de útjefte fan 1857 steane, komme ek hjir wer foar, mar it is net sa dat dat in weromfertaling fan dy Nederlânske tekst is. Earder liket it sa dat Dykstra in Frysk eksimplaar fan de earste printing hân hat dêr't er oanfollingen en ferbetteringen yn makke hie en dat er dat foar beide brûkt hat, wylst er dêrneist by it reemeitsjen fan de kopij yn beide noch wer oare feroaringen oanbrocht hat. Hoefolle ôft der fan it boek makke binne, is net bekend, mar de hiele oplage skynt net yn ien kear op de merk brocht te wêzen. In part is grif yn fellen lizzen bleaun, want mei Sinterklaas 1875 hjit it yn advertinsjes dat de twadde printing ‘op nieuw verkrijgbaar is gesteld’. De priis bleau 90 sinten. | |
1887De tredde printing ferskynde op fersyk fan Dykstra op 20 | |
[pagina 162]
| |
septimber 1887, de dei dat it krekt hûndert jier lyn wie dat de Patriotten yn Stiens kamen. Yn in wurd foarôf fertelde er hoe't er lang lyn op it idee kommen wie om in boek te meitsjen fan de ferhalen dy't syn pake him as jonge faak ferteld hie en sei er ek wat er dan fan pake heard hie. Neffens in tafoeging oan datselde wurd foarôf dêr't er de fjirde printing mei ynlate, hie er dat dien omdat er net ferwachte hie dat er nochris wer in printing belibje soe. Op de oanpassing fan 'e stavering nei en in pear oare lytse dingen (ik seach twa nije noaten, ien oer de ûnderwilens feroare sitewaas je by it Sint Antoanygasthús en in oaren oer it ûnderskied dat earder net tusken in I en in J makke waard), is de tekst fan dizze útjefte deselde as dy fan de twadde printing út 1866. | |
1908Dykstra liedt ek dizze útjefte wer yn mei in pear wurden, deselden as fan 1887, mar hy begjint mei: ‘Twa-en-fyftich jier is 't nou lyn dat dit forhael for 't earst yn 't ljocht kaem’ en hy beslút mei: ‘En nou ha 'k de fjirde druk dôch belibbe.’ Dêr sprekt foldwaning út, en foldien koe er wêze. De útjouwer makke in prospektus mei in yntekenbiljet, dat ynlevere wurde moast by de boekferkeaper of de brievegaarder. Hoe't dat prospektus krekt ferspraat is, is net bekend, mar it siet yn alle gefallen by Forjit my net fan oktober 1908 yn en it sil fansels by de boekhannel lein hawwe. It boek soe om 'e oare wike yn fiif ôfleveringen ferskine, sadat it yn tsien wike kompleet wêze soe. Keapers waard de kar litten om by de ôflevering te beteljen (dat wie dan fyftjin sinten it stik) of yn ien kear it hiele boek te krijen. Dan koste it ynnaaid 75 sinten en yn in bantsje ien gûne fiifentweintich. De stavering wie wer oanpast, mar oars is it wer deselde tekst as yn 1866. It iennichste wat my as nij opfoel, is dizze noat by de foarsizzing út 1856 dat oer fyftich jier ek yn arbeidershuzen kleden oer de flier lizze soenen: ‘Dit ha 'k skreaun yn 1856.’ | |
[pagina 163]
| |
1930Foarôfgien troch de foarreden fan de fjirde druk en in ‘Oan 'e Fryske lêzers’ dat Jan Jelles Hof op fersyk fan de útjouwer skreaun hie, ferskynde yn 1930 by Telenga de fyfte printing. De tekst is krekt gelyk as dy fan de fjirde. Der sit lykwols wolris in printflater yn. | |
1950De sechste printing ferskynde yn 1950 mei in foaropwurdsje fan de Utjeftekommisje fan de Waling Dykstrastifting. Dy bestie út dr. P. Sipma en J.W. en W.G. Dykstra. De tekst liket werom te gean op de útjefte fan 1887. Ek de ‘Foarreden’ fan doe is oernommen. Mar hy is behalve omstavere ek modernisearre en feroare, sij it gelokkich net hiel bot. In foarbyld fan it earste is it feroarjen fan ‘sibbe’ yn ‘neie’ migen, fan it oare it weilitten fan stikjes as ‘tominsten noait in earenamme’ of ‘al binne se min’, it ferfangen fan ‘Pabe’ troch ‘er’, ‘der út ('e hûs) setten’ yn ‘der oansetten’, fan ‘Doutsen koe dus wol birekkenje, as se him krige dan’ yn ‘Doutsen koe dus wol birekkenje, dat as se him krige’ en mear fan datsoarte feroaringen, dy't dochs min ferbetteringen hjitte kinne. Unbegryplik is de feroaring fan ‘de lêste helte fen de achttsiende ieu’ yn ‘foarige’. Inkeld is yn de foarm fan in noat ris in âld wurd ferklearre. | |
1987Dizze (sânde) printing is in omstavere ferzy fan de sechste, allinnich is de modernisearring fan ferâldere wurden noch wer fierder gongen. It boek waard mei stipe fan de provinsje Fryslân útjûn troch útjouwerij Lykele Jansma. Op it omslach stiet it printsje út de Nederlânske útjefte fan 1857. | |
[pagina 164]
| |
2003Sa't dat wenst is yn de rige Fryske Klassiken, is dit boek in werútjefte fan de earste printing. Dat is dan de earste kear, want de eardere werprintingen binne neffens de twadde útjefte. Hiel folle ferskille dy beide earste útjeften net en men kin ek net sizze dat it altyd ferbetteringen wienen dy't Dykstra yn de twadde oanbrocht. Wy koenen by fersinnen of weilittingen yn de earste printing soms gebrûk meitsje fan de twadde útjefte. It omstaverjen is wer bard mei behâld fan safolle mooglik foarmen fan Dykstra sels. De foarnaamste regel dy't by it omstaverjen hantearre is, bestiet hjiryn dat in foarm oanholden is as er yn it Hânwurdboek stiet, ek dus as it net de foarkarsfoarm yn dat wurdboek is. Sa is it ‘silveren’ yn de titel gjin ‘sulveren’ wurden en bliuwt it ‘flesk’, ‘habbe’, ‘heel’, ‘jy’ of ‘je’ en ‘onder’ om mar wat te neamen. Mar ‘er’ dat no ‘der’ is, is wol feroare, want dat ‘er’ stiet net mear yn it wurdboek en mear as in staveringsferskil sit dêr net yn. Ek binne wurden as ‘fan sels’ en ‘by in oar’ dy't no oan elkoar skreaun wurde mar doe noch net, ferbûn. Omdat Dykstra gjin dialektysk kleure Frysk skreau, is de regel mar strikt hantearre. Hy skreau in taal dy't tichte lei by wat de standert wie en waard. Folle feroaringen wienen dêrom dus net nedich. Yn de praktyk betsjut it dat foaral it ferskaat fan tiidwurdsfoarmen wat ferskrale is, want yn dy foarmen is it wurdboek nochal normatyf. Sa is ‘roan’ feroare yn ‘run’ en ‘dochten’ ‘doogden’ wurden. De twadde regel hat west dat ûngelikense foarmen fan itselde wurd net lykstrutsen binne. Folle komt dat oars net foar, want Dykstra syn stavering blykt aardich konsekwint te wêzen. De oplage fan dizze achtste útjefte is 1.000 eksimplaren.
Ph.H. Breuker |
|