De silveren rinkelbel
(2003)–Waling Dykstra– Auteursrechtelijk beschermdUntsteanYn it wurd dat Dykstra foarôf gean lit oan de werútjefte fan 1887 skriuwt er dat er in lytse fyftich jier lyn al tocht hie om in boek oer de patriotterij te Stiens te skriuwen. Dat hat dan dus noch west foar't der wat fan him publisearre waard! Hy hellet dan oan hoe't er as jonge by syn pake wenne en hoe faak oft dy dêr net fan ferteld hie as se de lange winterjûnen om de gluorbak hinne sieten. Ek fertelde dy wol hoe't der yn de tiid dat er as grutjonge | |
[pagina 154]
| |
by syn âlden op Aldeleie wenne, in skuonmakker yn Stiens wie, dy't net fele koe dat se tsjin him seinen: ‘Baes, ik moast jo de groetenisse dwaen fan de prûkmakker út it Nau.’ Dat hie er sels ek in kear murken. Hoe't de boeren en boerinnen yn de lêste helte fan de achttjinde ieu klaaid wienen, hie er fan beppe heard, dy't trouwens ek noch wol wat fan dy âlderwetske klean hie. Fan dy oerleveringen wie er dan begongen om in boek te meitsjen, mar it hie ferskate jierren duorre ear't it foargoed klearrekke. Dan waard der wer ris wat by foege, dan wer ris wat yn feroare. | |
SjenreDykstra neamt syn boek yn de Fryske útjeften in ‘wonderlike skiednis út de lêste helte fen de achttsiende ieu,’ mar de Nederlânske útjefte hjit in folksferhaal. In histoaryske roman hat er it net neamd, ek al die Klaas Aartsma dat yn syn oankundiging yn de Frjentsjerter krante wol: ‘het is eene eerste proeve van een nieuw genre, n.1. eene historische Roman in het friesch.’ Foar in histoaryske roman spile it by ferskinen lykwols dochs wol te tichteby. Op it begjin nei, dat yn 1769 spilet, giet it boek oer de jierren 1786 en '87 mei in lytse útrin nei '88. Dat wie dus de tiid doe't de âlden ôf de paken en beppen fan de lêzers noch jong wienen en dêr't se dus grif wolris oer heard hienen. Dy tiid moat foar har wat geheimsinnichs hân hawwe, dêr't net oer praat waard, omdat de Patriotteskiednis noch altyd gefoelich lei. Dat geheimsinnige is it wat Dykstra lutsen hat. It giet him net sasear om in histoaryske beskriuwing, mar mear om it aventoer en gefoelichheden omsylt er troch it healwize fan it dwaan fan doe nei foaren te bringen. In selde hâlding sprekt út de kar fan de oare stof. De Rinkelbel is foaral in spannend boek. Dochs hat it him wol dwaande holden wat it boek no krekt foar sjenre wie. Dat kin blike út de ferliking dy't er yn it foarberjocht by De zilveren rinkelbel fan 1857 mei oare romans fan syn tiid makket. Yn dy ferliking kin ommers maklik de histoaryske | |
[pagina 155]
| |
roman oer de Midsieuwen yn de trant fan Walter Scott en Van Lennep werkend wurde: ‘Ik erken gaarne dat het plan der vertaling [dat de útjouwer hie] mij niet onwelkom was, hoezeer ik bij mij de vrees voelde opkomen, dat mijn eenvoudig verhaal, waarin geene andere handelende personen voorkomen dan “boeren en dorpers”, als een' vermetelen indringer zoude kunnen beschouwd worden, die naast de vele kunstvoortbrengselen dezes tijds, 't zij van vaderlandschen of vreemden bodem, eene plaats trachtte in te nemen. Dit laatste te beöogen zoude zeker vermetel zijn; doch misschien - zoo dacht ik - biedt mijne nederige dorpsgeschiedenis eene niet onaangename verpozing aan het romanlezend publiek, dat gewoon is in paleizen en ridderzalen, in salons en schouwburgen, op slagvelden en in moordspelonken, in kloostercellen en kerkergewelven te worden rondgeleid.’ | |
WurdearringDe Rinkelbel heart ta de meast lêzen boeken yn it Frysk. Der is dus sprake fan in bliuwende wurdearring. Dy wie fuort al grut. Dy't it lêzen hienen, sa is bekend, betanken de skriuwer foar in noflike en fleurige jûn. Der is wurdearring foar de beskriuwing fan it folkslibben en foar it ûnbefongen oardiel oer de Patriortetiid. Altyd wurdt ek neamd hoe fluch en libben oft de skriuwer fertelle kin. It Leeskabinet skriuwt: ‘het is, om ons zo eens uit te drukken, een tafereel uit het leven gegrepen en op het doek getooverd, dat men het voor zich ziet.’ Yn it bysûnder wurdt de yntrige prize. Sa hjit it yn de Vaderlandsche Letteroefeningen: ‘De intrigue, die aan het verhaal ten grondslag ligt, is zeer belangwekkend en boeit van het begin tot het einde; zelfs is zij hier en daar zoo kunstig geweven, dat de meest geroutineerde romanlezer moeijelijk bevroeden zal, waarop alles in 't eind moet uitloopen’ en yn Lectuur voor de Huiskamer wurdt sels sein dat Dumas it him net ferbetterje soe. Lof dus, mar mei beheiningen. Spannend en goed ferteld folkslibben, sa kin men it oardiel gearfetsje. | |
[pagina 156]
| |
Net alle resinsjes fan de lettere útjeften hoege hjir oereide te wurden. Safolle nijs jouwe se ek net. Wol wie de smaak ûnderwilens feroare. By de dea fan Dykstra fettet H.G. Cannegieter de feroaring sa gear (ek hy hat de âld man foar eagen): ‘Het Friesche volksleven is op hooger plan gekomen. Het scepticisme dat toch eigenlijk de grondtoon is van Waling's grappen en kwinkslagen, heeft plaatsgemaakt voor idealisme.’ Litte wy ris sjen wat yn 1931 fan it boek sein wurdt. Dan hat Douwe Kalma syn galle al spuid. Dy skriuwt yn syn Paedwizer for Fryslâns Skiednis en Skriften út 1920 dat Dykstra yn syn teltsjes en ferhalen libben en tige suver Frysk brûkt, foaral yn de Rinkelbel en de Ulespegel, mar dat se ûntsierd wurde troch de opiensteapeling fan ûnmooglike aventoeren en laffe geastichheid. Yn 1931 is der noch altyd wurdearring, mar dochs op suver alle fronten ek in soad krityk. De wurdearring jildt yn it bysûnder wer de keunst fan it fertellen. S.D. de Jong blykt it op it punt fan smout fertellen iens te wezen mei O.H. Sytstra. Dêrmei slute beide oan by wat Hof, de besoarger fan de edysje dy't sy besprekke, skriuwt as er him ôffreget wêrom't er Waling Dykstra noch altyd lêst: ‘Och, it leit oan 't smoute fortellen yn 'e folkstoan.... en ik hab soarch, dat ek gjinien fan 'e nijen it ea wer sa kinne scil.... Hwet wy by Waling Dykstra sykje mei de wissichheid det wy 't fine scille, is it folkseigene, dat wy ús yn 'e lêste ieu sa hird kwytmakke habbe, mar dêr't wy, for safier as wy opbrocht binne ûnder deistige Fryske minsken, dôch noch wol witten fen habbe.’ Giet it hjir by Hof noch foaral om de kwaliteit fan it Frysk, De Jong giet fierder en ferliket it begjin fan de Rinkelbel mei dat fan It Jubeljier fan Simke Kloosterman. Hy prizet it ûntbrekken fan falsk patos by Dykstra en lit it oan de lezer oer om te rieden wat him fan Kloosterman tinkt. Dêrmei pleatst er syn resinsje yn it ramt fan de diskusje fan dy dagen oer de fraach oft de literatuer net midden yn it folk stean moast. Beide, De Jong en Hof, brûke Dykstra hjir yn breder ferbân besjoen tsjin Douwe Kalma. It meast opfallende ferskil is miskyn wol dat der no gjin goed wurd mear sein wurdt fan de spannende yntrige. No komt it oan | |
[pagina 157]
| |
op karaktertekening. Lykas W. Kok is it ek Van der Tol allegearre te tafallich. De Jong jout in pear foarbylden fan ûnwierskynlikheid en ek in gefal dat men de ôfrin op 'e klompen oankommen fielt. W. Kok fynt de karaktertekening net sterk. Op Setske nei bliuwe de lju harsels net altyd. Sytstra hat it oer oerdriuwen fan eigenaardichheden yn de karakters. Mar De Jong fynt de karakterútbylding just tige goed. Trije fan de haadfigueren libje en binne net allinnich mar braaf of allinnich mar ûndogens. Doutsen lykwols is tsjinstridich tekene: se woe harsels om har bern net tekoart dwaan, mar liet it wol yn 'e steek. Wouter neamt er te braaf en Hâns absolút ûnoannimlik. Neffens him hie Waling nea in goed wurd oer foar in skoaier lykas hy. De grifformearde Kok mist krekt as Kalma djipte, sij it fansels in oaren as dy. Neffens him liket it wol as wie der doedestiids gjin striid op godstsjinstich, polityk of maatskiplik gebiet. It is him allegearre te flak en te smout. Likegoed kin er him goed yntinke dat it folk it boek om de romantyk graach lêst. Jan Piebenga syn oardiel út 1939 (net feroare yn 1957) kin sjoen wurde as in goeie gearfetting fan de beswieren. Hy neamt de grutte ferhalen in opiensteapeling fan faken brike tafallichheden, sûnder hokfoar sielkundige grûndearring en sûnder in hechte bou. Van der Tol fynt it boek mei syn romantyk fan deugd dy't beleanne en kwea dat straft wurdt, wat âlderwetsk. Mar wa't fan 't âlde hâldt, fynt hjir neffens him syn gading. It jout âlde seden en manieren en ek klaaiïng en gebrûken út earder dagen. Hy wurdearret it boek dus as in histoarysk dokumint. De Jong neamt it in histoaryske roman sûnder mear. Dat docht H.T.J. Miedema yn 1956 ek. En ek dy neamt wer hoe libben en smaaklik oft Dykstra fertelt. Itselde komt nei boppen yn de analyze fan Jo Smit út 1971. Beskriuwingen, yntriges, karakters en histoaryske bysûnderheden komme neffens him op in natuerlike wize yn it ferhaal te pas. It swakste stee yn it boek neamt er de trochsichtige trúk mei de beide poppen. Klaas Dykstra slút him yn 1977 stilswijend by Smit oan. Ek Trinus Riemersma, sa kin men it oersjoch fan de - | |
[pagina 158]
| |
wurdearringsskiednis beslute, komt yn syn Proza van het platteland (1984) ta de konklúzje dat Dykstra goed fertelle kin. Dykstra wit neffens him syn ferhaal sa te fertellen dat er de lêzer op in dwaalspoar set. Hichtepunten jout er troch stylferswierring oan. Yn Proaza fan 1850-1950 (1988), in ynterne publikaasje fan de NHL, wurket er dat mei foarbylden noch út. Hy wiist dêrneist ek op it wurkjen mei tafallichheden en persoansferwikselingen. Yn de fjouwer Fryske romans út de njoggentjinde ieu dêr't de haadpersoanen ûnder de tweintich jier yn binne, wurde dy skaat fan har âlden, dan grutbrocht ûnder in oare namme en yn in leger miljeu en earst oan de ein fan har jeugd wer feriene mei har âlden. It âldste foarbyld dat er neamt is de Rinkelbel, dy't dus, sa soe men sizze kinne, ek wolris ta foarbyld fan de oaren west hawwe kin. Marita Mathijsen hat der yn har De mythe terug (2000) lykwols op wiisd dat it fûnlingmotyf yn de njoggentjinde ieu tige populêr wie. Dy oaren, likegoed as Waling sels trouwens, hawwe it ek fine kinnen by Victor Hugo, Walter Scott of Charles Dickens. En om tichter by hûs te bliuwen ek yn De Pleegzoon fan Jacob van Lennep, dêr't de yntrige fan de Rinkelbel werklik wol wat op liket. Mathijsen ûnderstelt dat út de populariteit fan it motyf in algemiene obsesje fan de njoggentjinde-ieuwer sprekt, dy't bang wie syn stân en status te ferliezen. Riemersma konstatearret lykwols dat it motyf allinnich yn histoaryske romans foarkomt en ferbynt dêr de konklúzje oan dat de skriuwers sa'n soarte fan barren yn har eigen werklikheid mooglik net as reëel beskôgen. It iene hoecht it oare fansels net út te sluten. Obsesjes wurde yn it persoanlik libben faak ferkrongen, mar bloeie yn de keunst. Hoe grut en fanselssprekkend oft oars it belang fan stân en status doe wie, komt ek út oan de fizy op goed en kwea yn minsken. Riemersma lit oan it ferrin yn wurdearring by Wouter en Hâns fiter-en-bân sjen dat in goeie ôfstamming de betrouberste oanwizing foar in goed ynboarst is. Sa hat de krityk dan ek dit boek yn de rin fan de tiid stadichoan mear yn syn tiid pleatst. Earst troch it te beoardieljen neffens eigentiidske opfettingen oer literatuer, doe troch his- | |
[pagina 159]
| |
torisearring. It is in objekt wurden, dêr't wy mei frjemde eagen tsjinoan sjogge. Dêrtroch falle bepaalde eigenaardichheden ek better op. Krekt binne der al in pear foarbylden fan neamd. En sa koe de wurdearrring foar in fernimstige yntrige wolris typearjend wêze foar de tiid om 1850 hinne. Der binne út dy tiid wol mear foarbylden fan romans en ferhalen mei in yn ús eagen oerdreaun yngewikkelde yntrige te jaan, ek wol út de Fryske. Tink mar oan De kaertlizzer fan Hjerre Gjerrits van der Veen. Mar wat frjemd is, lûkt ek, dat de ûnderhâldend fertelde Rinkelbel sil syn lêzers wol hâlde. |
|