| |
| |
| |
XXVII
Grutte Jantsje is no al in pear jier húshâldster by Arjen.
En it is te sjen, dat se der is.
Itselde wûnder, dêr't de Leisters har jierren ferlyn om priizge of lekskoaid ha, doe't se Klaas Rypstra syn djip yn 'e illinde weisakke húshâlding de hichte yn arbeide hat, skôgje de Blijers no ek wer.
En se dogge it allyk as De Leie, priizgjend en lekskoaiend.
En dochs is it in wûnder, sichtber en taastber, dêr is net tsjin te striden, en it foltôget him ûnder alle mûglike lytsachtsjende krityk al mear en mear.
En Jantsje en Arjen binne it tige iens yn alles. De meigeande man, dy't sa djip it libbensleed meimakke hat, tinkt der net oan om troch inkelde lytse dingen, dy't er faaks ek wol oars ha woe, it grutte foarby te sjen dat der yn sa koarten tiid bard is.
As in grutte soan hoedet er it âld minske en ûnder de opgeande sinne yn syn húshâlding arbeidzje dy beide ienriedich op.
En it libben hat Grutte Jantsje net sa gefoelleas makke, dat se dy tankbrens tsjinoer har net merkbyt en it set har ta te mear aksje oan.
Want der is noch safolle te dwaan yn en om dy húshâlding hinne. It sjocht der om hûs en hear hinne noch tige sútrich út.
Benammen it âld hok hinget der alderferwoast hinne.
Dat is Jantsje in toarne yn it each, want dat âld hok stiet der noch as in stomme tsjûge fan it lijen, dêr't dizze húshâlding jierren yn ferkeard hat.
| |
| |
En no't it yn 'e hûs njonkelytsen ynoarder komt, hinget dat âld skieppehok der noch as in flok yn syn neakene skeanens en sútrigens.
No is dat wol te ferhelpen, as Arjen de mûle opdocht, stiet de timmerman klear om it op te knappen.
Mar dêr is it Grutte Jantsje net om te dwaan, want dat kostet jild en Jantsje hat in gloeienden hekel oan rekkens, dy't dan wer mei soberearjen lyk makke wurde moatte.
Arjen is boerearbeider en mei syn sober deihierke as fêst arbeider en Jantsje' ûnderhâld kinne se sawat, sawat de einen oaninoar krije.
Sil dat hok ynoarder, dan moat de see wer fanwegen, dy soarget ommers foar it timmerhout oan 'e seedyk.
Mar de see is slûch, al hoe't Arjen en Jantsje beide yn rûzige stoarmnachten ek warber binne, der komt op dit ein net ien kear folle fan wearde oan.
Arjen seit, dat komt fan de smoutte fan it Noarderleech, it spul fan wearde driuwt hjir allegearre foarby nei de kant fan de Pakjehoeke en de Lobbedyk.
Jantsje ornearret, dan moatte se dy kanten mar út, mar dêr is Arjen net foar te finen, de seedykster bliuwt op syn eigen gerjochtichheid. De iene seedykster sil him der wol foar wachtsje om de oare op te fretten.
Dêrby, as der op dizze ein al ris wat wankt, binne de plysjes der fuortdaliks by en kriget men de kâns net om it út 'e wei te mûzjen.
Dat lêste ha Arjen en Jantsje suver spul om hân, net út 'e wei krije, dat soe Jantsje wolris aventoerje wolle, as it sa útkaam.
Arjen soe net witte, wêr't it âld minske it bringe soe, dat gjin plysje it fynt, sa snotrich binne dy lju net en hy wol der net om yn 'e bak.
Sjoch, dat is it mei Arjen, hy doar net, mar Jantsje soe graach wolle dat se de kâns ris krige.
En dy kâns komt. Yn in rûzige oktobernacht mei hege wyn fiert de see Arjen en Jantsje fiifentweintich moaie planken as yn 'e earms.
| |
| |
‘Krekt sa'n nusje om it hok mei op te knappen,’ seit
Jantsje, as se de fynst tegearre byinoar sleept ha efterhûs.
Mar Arjen is wearzich: ‘Binne jo net wiis, Jantsje, wêr moatte wy mei de boel hinne. Miene jo, dat ik om dat hout yn 'e bak wol?’
As Arjen nei it swiere kerwei al wer leit te sliepen, sit Jantsje noch op 'e stoel te prakkesearjen.
Dat soe dochs ivich skande wêze, dat skoandere hout, suver in útkomst foar it hok.
Wist se mar, wêr't se it bringe koe, it reid is út 'e sleatten snijd en se steane oan 'e hals ta fol wetter.
Unrêstich dwaalt se troch it hûs, prakkesearjend hoe't dit moat, oant har each falt op de ûnbidige skoarstien.
Dêr prakkesearret men jin gek oer in skûlplak en it is flakby, men kin it mei de hân rikke.
Hânsum stekt se de stoarmlantearne op en strompelt hoeden nei de souder. Arjen sliept as in roas.
Troch de spekkeammerkedoar mjit se de ôfstân, it sil net alles skele, it is noch in hiele hichte nei boppen ta. As se de planken dwarstroch snijt, soene se der rjochtoerein yn stean kinne op de izeren speklatten, dy't op souderhichte oerdwars rinne.
En no is de âlde beret, út it efterhûs siket se de seage en snijt de wiete planken allegearre midstroch.
It is in hûdfol wurk, mar de nacht is noch lang; as Arjen mar net wekker wurdt.
De no hânsum wurden planke tôget se foarsichtich troch it lytse harkenieltsje nei de souder en yn in omsjoch steane se alle fyftich rjocht oerein op de speklatten, de reek kin der moai tuskentroch komme.
As Arjen de oare moarns by roettsjuster nei de boer ta giet, tinkt er net om de bult hout efterhûs, allinne mar om de fiifen-tweintich stoeren fynderslean.
Mar as er iterstiid thúskomt, mist er de houtbult en ûnstjoer komt er yn 'e hûs fleanen: ‘Wêr is it hout, Jantsje?’ It is beroerd, hy koe it sa moai sels brûke.
‘Ut 'e wei,’ seit de âlde, ‘opburgen.’
| |
| |
‘Opburgen sizze jo en wêrsanne?’
‘Sykje it mar.’ laket de âlde, ‘as jo it fine kinne, kin de plysje it faaks ek fine.’
Mar Arjen fynt it net, hoe't er ek alles ôfswalket en ôfsnoeit, bûtendoar en yn 'e hûs.
‘Dat liket stomme mâl, Jantsje, wêr ha jo it hinne tôge.’
‘Dat sis ik net,’ andert de âlde.
Skodholjend giet Arjen de oerdeis wer nei syn wurk. Dat âld minske is no neat ûnmûglik. Hawar, it moat mar weage wurde, as hy it net fine kin, sil it foar de plysje ek net tafalle en as se it ris hâlde koene, dat soe de slach wêze.
De plysjes komme ek op 'e lappen, der is in protte oankommen en by Jantsje wurdt it hûs grûnich ûndersocht, mar om de skoarstien tinkt net ien.
Jantsje wol se oan 'e kofje ha, dan ha se altiten wat foar harren skreppen, mar as se de noasdrip hingjen sjogge, betankje de mannen en stekke ôf.
In pear wiken letter timmert Arjen syn âld hok mei swartrikke planken en Jantsje stiet der ferhearlike by. Sjesa, it knapt der in hiel ein fan op.
Mar alhiel tefreden mei de gong fan saken is de âlde net.
Arjen hat no sa'n kreas skieppehok, in blok hea efterhûs, oppassen fan de boer en de seedyk by de doar.
Mar de man hat net ien skiep, dêr binne gjin sinten foar.
Dat rint der lykwols ek glûpend yn, mar dochs, it sit Jantsje mar wat dwars.
As it nijjier wurden is, hat se in plan betocht, dat se alhiel foar harsels hâldt.
Alle dagen nei nijjier, (útsein tiisdeis, dan giet se nei Hindrik en Boukje) swalket se de hiele omkriten ôf te nijjierroppen.
De húshâlding fan Arjen, dy't se útskildert by de doarren as doedestiids, doe't se om klean biddele, leit se no de minsken ek wer op it gewisse en jûns komt se thús mei sinten en lyts wytjild, dat se hoeden opberget.
It is al maart, as se de lêste krite om Lichtaard hinne ôfswal- | |
| |
ket, mar as se dizze dei in bytsje lokkich is, hat se ek fyftich gûne byinoar nijjiere en de hiele gemeente ûnderhannen hân.
De hiele bút hat se byinoar en yn 'e bûse, it lytsjild hat se ruile by Reinder de kastlein, dy't se yn betrouwen nommen hat.
No noch in foech gûne oprinne, dan hat se har takst fan dizze samling, de heale hûndert fol en dan hâldt se op, dan is der genôch.
Sa komt se by in grut fleurich boerespul, dêr wennet in goede, golle boerinne en der sit ek wol modder oan 'e kloet, dêr hat se in pear jier ferlyn in dracht klean krige fan je heisa, as dy noris in gûne ôfskode, dan wie se klear.
‘Ik winskje jo folle gelok en segen yn it nije jier, boerinne.’
‘No, no, jo binne ek wol let oan 't nijjierjen, soe 'k sizze.’
‘Ja, boerinne, ik koe net hurder, jo witte ik ha in swiere húshâlding foar myn rekken nommen en no moat ik sa, want der is hast gjin begjin noch ein oan, moat de boerinne tinke. Dy sitte dochs sa freeslik yn 'e lytse loege moat de boerinne...’
Mar de boerinne snijt de stream ôf, dat hat se al ris earder heard. ‘Soa, is it sa slim, no dan sille jo wol wat ta nijjier ha moatte.’
‘Om earlik te wêzen, boerinne, ik wie wol nedich in gûne fan jo, want dy moat ik noch ophelje en ik ha sa skjin myn nocht moat de boerinne tinke, ik bin ek al yn myn fjouwer en santichst.’
‘In gûne mar efkes, jo dogge it hjoed net foar in bytsje.’
‘Nee, boerinne, dat is wol sa, mar ik tochte, dat krij ik grif op dizze pleats, wy binne optlêst ek famylje.’
‘Wy famylje!’ ropt de boerinne ferheard, ‘no moatte jo ophâlde, dêr stiet my neat fan foar, Jantsje, nee, nee, jo kinne it al moai betinke, mar dit is al te moai. Famylje, sizze jo, jonge, jonge.’
‘Ja boerinne, dit liket jo mâl ta, mar it is wier. As jo no in gûne foar my helje foar dy earme húshâlding, dan sil ik efkes prakkesearje, it is fansels in hiele stambeam, mar it komt krekt út, net oars boerinne.’
Skodholjend giet de boerinne yn 'e hûs en leit efkes letter in gûne yn Jantsje' hân.
‘No, hjir Jantsje, om 't jo it binne, mar hoe sit it no mei dy famylje, dat moat ik al witte hear?’
| |
| |
‘Dat sil ik de boerinne fertelle,’ seit Jantsje.
‘No moat de boerinne goed harkje:
Allen, die mij iets willen geven,
Dat zijn mijn nichten en neven.
Komt it net krekt út, boerinne en wol betanke hear, ik sil no sjen dat ik by myn fjouwer lytse berntsjes kom.’
En neisjoen fan in laitsjende en skodholjende boerinne, stekt de âlde fol moed op nei Blije ta.
Sjesa, no soe it har raar talykje, as se foar dy fyftich gûne gjin trije bêste eande skiep krije koe foar Arjen.
Se sil mar oer Farebuorren stappe en dan fuort by Jehannes Lútsens oan. Wat sil Arjen raar opsjen as der op in moarn trije skiep yn it hok sitte. En dan fan 'e maitiid seis lammen, dêr kin er wer twa skiep foar keapje. Hy moat fiif ha, want der moatte fjouwer oan 'e dyk, dat is in heale skar en de oare moat yn 'e keech foar it oppassen.
Fleurich set de âlde de stap der ûnder, yn har is de jubel fan de minske, dy't nei swiere striid ferwinder wurden is en syn doel berikt hat.
De ‘leaflike,’ dy't o sa'n protte leaf ha moat, omdat der safolle leafde nedich is om al dat swarte te bestopjen.
Yn Ginnum komt se âlde Tsjêbbe skieppekeapman temjitte. Tsjonge, dy koe se ek wolris freegje, Jantsje sit optlêst ek net ûnder Jehannes Lútsens, se kin ommers út eigen fearren fleane.
En fuort hâldt se Tsjêbbe oan.
Earst nimt se in oanrin: ‘Dy jas, dy't ik fan jo krige ha, Tsjêbbe, komt Arjen alhiel te pas, hy sit him as in snare, hy hat him noch alle dagen oan nei de boer ta.’
‘Tsjonge,’ seit Tsjêbbe, dy't it hiem fan in boer opdraaie sil, ‘dêr bin ik bliid om, mar ik ha it drok, Jantsje.’
Hy hat gjin tiid foar Jantsje, hy ken se wol, dit sil wol in oanrin wêze foar in nije biddelpartij en dêr hat er gjin tiid foar.
Mar Jantsje ropt him werom: ‘Hark ris, ik ha boadskip, ik moat
| |
| |
winliken trije goede eande skiep ha, molkejouwers, ha jo dy ek foar my?’
No komt Tsjêbbe dochs werom, wat hat dy âlde dragonder no yn 't sin, soe se him der no ynlûke wolle tink?
‘Soa,’ seit er, ‘trije skiep, no dy ha ik wol, jo kinne wol út hûndert útsykje.’
‘Jo moatte my trije bêste bringe Tsjêbbe, moarnier foariten.’
‘Just, jawol, mar dit moat al oars as mei de jas, Jantsje!’
‘O, sit it sa,’ andert Jantsje, ‘fertrouwe jo my net, no ik jo wol, hâld de hân mar op.’
En foar't Tsjêbbe der goed erch yn hat, telt se him fyftich gûne yn 'e hân. ‘Sjoch man, dat der oer is jouwe jo my wol wer, sa'n man as jo binne, moarnier ferwachtsje ik de skiep, mar pas op, gjin gallige hear, lykas jo op 'e Pakjehoeke levere ha.’
Tsjêbbe sil opspatte, mar Jantsje snijt koart ôf: ‘Nee, man, stil mar, jo moatte de gallige ek kwyt, dat wit ik wol, mar ik wol goede ha, ik kin se betelje.’
De oare moarns is Tsjêbbe al yntiids oan 'e Seedyk mei trije skiep, dêr't Jantsje fuort har goedkarring op jout, want Tsjêbbe is wolris dronken, mar in earlike keapman.
De sinten binne der oan fuortgien, mar dat let Jantsje neat.
Dy moarns baarne har ierdappels oan, as se yn it hok ferskûle, Arjen de iene kleur op en de oare ôfgean sjocht.
Foar't er der wei komme kin, komt Jantsje mei har stjonkende ierdappels efterhûs: ‘Se binne wat ryklik hurd gien, leau ik.’
‘Waans skiep binne dat, Jantsje?’
‘Dat binne jowes,’ seit de âlde, ‘mar de ierdappels binne ryklik hurd gien.’
‘Minske,’ barst er út, ‘jo fertsjinje de himel oan my.’
As se efkes letter sitte te iten, kroppet it Arjen yn 'e kiel.
Jantsje sjocht it wol.
‘Ja, is it muoilik, dy ierdappels binne fierstente hurd gien, mar se binne my omtkommen, ik kin der neat oan dwaan, mar in bekfol brij mear,’ seit de âlde ferûntskuldigjend.
|
|