Ofskie
It Gouden-Swipe-teltsje is út...
Niis krekt hat pake de lêste wurden sein...
Hy sit yn 'e keamer op it Frijhôf yn 'e grutte stoel, âlde Douwe Ates, en Aukje, syn bernsbern, sit op in distânsje fan him op 'e bank. Hja hat, mei de grutte blauwe eagen benei oan him hingjend, stil en ynbannich sitten te harkjen.
Soe hy dan alles yn ien kear...? Och, men wit it net, mooglik is it by einen gien en 't kin ek wêze by eintsjes... yn alle gefallen, no binne al dy teltsjes dan oanienreaun en foarmje sa in kleurich gehiel. Wy wolle hoopje, dat it dyjingen, dy't it lêze, net gau ferjitte sil; it is allegearre sa minsklik en stiet sa tichte by ús en dêrby hinderet it ús neat, oft it no oer boeren of wol oer arbeiders giet. Wêr't it op oankomt: libbet it by ús?
Sjoch, no giet pake oerein, ja, it wurdt syn tiid, hear. Hy moat nei Hantum, dêr wennet er no al jierren. In moai hûs, want men kin de hiele wrâld benei oersjen.
Hy giet nei it mulhús, nimt noch efkes syn genamt, lytse Douwe op 'e earm en dan sil 't wêze.
‘Nee, Janke,’ seit er, ‘nee, ik bliuw net, hear. Jouk ferwachtet my thús, dat witst' wol.’
Mei feardige stappen giet er de wei lâns, ja, hy is noch goed op 'e gong! En dit is him ek in treast: syn soan wennet no op it Frijhôf en Medwert is ferhierd, oan wa, tochten jim? - Ja wis, oan Gelf, dy hat it bêst makke, mar hy is 't ek wurdich; wier is wier.
Sa wat pratend en prakkesearjend, stapt Douwe nei de buorren, dêr't Jouk, trouwe Jouk, dy't him nea ferlitte sil, him al wachtet.
As er thús is, dan kinne hja daliks ite en ûnder 'e hân moat er har alles fertelle fan 'e bern. As dat dan dien is en Douwe net sit te lêzen of nei in gearkomste is, dan prate hja noch wol ris oer de âlde tiid en dêr meie se beide wol oer. Dan-stoppet Douwe