ferhalen oan 'e bern
Doe't de bern lyts wiene lies ik harren foar. Nei it foarlêzen moast ik har noch in ferhaaltsje fertelle dat ik sels betocht.
In bernesliepkeamer as it bern ûnder 'e tekkens nei in ferhaaltsje leit te harkjen is in plak foar de ivichheid, mar it moaiste yn 'e wrâld is altyd samar foarby.
Ik bylde my yn dat ik in sacht moltsje ûnder 'e grûn wie en dan kaam it ferhaaltsje. Of ik wie in jong bearke ûnder in beam, of in grutte âlde skommeljende bear ûnderweis troch it bosk, of in lamke op in bult yn it lân, of in geitsje yn in hok, of in jong fûgeltsje ûnder in dakpanne, of in moaie wite seefûgel op in dún, of in wjirm yn 'e grûn, of in michje yn 'e loft, of in spintsje yn in hage, of in krobbe ûnder in stien, of in jonge sebra by in drink-plak, of in grutte liuw yn it skaad fan wat beamkes, of in hynder yn it wyld, of in krokodil yn in brede rivier, of in aap yn in hege beam, of in knyntsje op in iepen plak yn it bosk.
Of ik stelde my foar dat ik op in skip wenne, of yn in wenwein, of yn in berchhut, of yn in yglo op Grienlân, of op in eilân, of yn in bosk, of yn in pealwenning boppe it wetter.
Ik fertelde dat juster oan Dette doe't ik langút op 'e bank lei. Sy siet by my en myn holle lei yn har skoat.
‘Doch de eagen ris ticht,’ sei se.
Ik die it en doe joech se my op allebeide in tút.
Ik bylde my yn dat dat ik yn in sarkofaach lei en foar altyd gelokkich wie.