it finsterbank
‘Koest der wol wenje.’
Sa as in dowehâlder yn syn dowehok, sa wenje ik yn in finsterbank. Net binnen, mar bûten.
It is in finsterbank op it westen. Ik ha him útkeazen om't it westen in protte te bieden hat en de omjouwing oan dy kant fan it hûs tafallich ek.
Dette, myn frou, wennet geregeldwei by my. Se komt dan út harsels njonken my te sitten. Ik krij har by de hân fêst en nei in skoftke springe wy oer it sleatsje dat oardel meter fan it finsterbank ôf leit, rinne in pear meter it lân yn en gean lizzen te frijen.
Nei de tiid leit myn frou noch in skoft op 'e rêch mei de eagen iepen fan 'e sinne te genietsjen, wylst ik mei in gerske tusken 'e tosken nei de wite skittering fan it finsterbank sjoch.
‘Hearlik,’ seit se.
‘Ja,’ sis ik.
Myn frou wennet yn 'e keuken of better sein oan 'e keukenstafel. Se wennet perfoarst net oan it oanrjocht. Dêr komt se allinne om de brot del te setten. Se hâldt net fan ôfwaskjen, dat moat ik dwaan.