20
Dy jûns siet se yn 'e studearkeamer fan dûmny Lentink. Margreet hie protestearre tsjin 'e bemuoienis fan har heit mei Anke, mar de dûmny hie har it swijen oplein. Anke tyspele mei in pinne om dêr't de namme fan 'e Herfoarme Tsjerke op ôfprinte stie en hearde de man oan oer de plicht dy't se as bern hie foar har âlden oer. Hy fûn dat se werom moast, leafst fannejûn noch en se hie gjin oar ferwar as te sizzen dat se dêr net libje koe. Mar dat waaide er fuort mei de hannen: ‘Unsin!’
Se stiek de pinne tusken de tosken en seach nei it griene blêd foar har op 'e tafel. Dit wie dus de heit fan Margreet en om dizze man siet dy op keamers.
‘Margreet is oars ek net mear yn 'e hûs,’ doarst se te sizzen. Se hie de pinne út 'e mûle helle en seach him foar it earst lyk oan. Margreet har heit like alhiel net ferbjustere.
‘Margreet is wol opwoeksen tsjin it libjen op keamers, dy rêdt it wol op. Myn frou en ik lieten har om dy reden maklik gean.’
Se wie der even stil fan. Doe goaide se de pinne oer de tafel en rûn de keamer út. Margreet siet yn 'e hûskeamer mei har mem te praten. ‘In sletten húshâlding,’ hearde se Margreet sizzen. Doe't Anke oerstjoer de keamer yn kaam die se fluch it útstel om in eintsje te rinnen.
‘En?’ frege Margreet, doe't se ien stap fan it tûnpaadsje ôf set hiene.
‘Jim heit fûn dat ik jûn mar wer werom gean moast en dat ik net by steat wie om allinne te wenjen,’ raffele se ôf. ‘Fynsto dat ek?’ Se hâlde de siken yn.