dêr myn leed oer. As wie it dramatisearjen fan myn fertriet in garânsje foar in flugger en effektiver ferarbeidzjen. Mar no't ik hjir sit, sjoch ik mysels al wer spyljen: frou mei sigret hat fertriet en sit oan 'e dyk. Wat doch ik hjir?
Werom yn 'e auto, riid ik de âlde dyk bylâns en betink dan dochs wer dat ik wer allinne bin. Foar de safolste kear. Nuver dat dàt noait wenne wol, dy skok as immen by my wei giet. Ik reitsje mar net ymmún foar de iensumens dêrnei.
Yn 'e hûs stiet alles der sa, as wie der ien thúskommen fan in fakânsje. In hearlike fakânsje dan fansels, want dy mislearje yn 'e regel net. Ik draai it nûmer fan Arjen. Hy nimt sels op. ‘Hoi Anke, hoe is it?’
‘Goed ju, ik haw alles al útpakt, de waskmesine draait en ik sit no eefkes foar in bakje kofje. Ik tocht, ik sil ris heare ofst al thús bist.’
‘No, dat hearst wol. Is alles goed mei dy? Do wiest al wat bleek doe't wy fannemoarn by de grins ôfskie namen.’
‘Ja, it is goed. It giet wol. Mar ik woe dy wat freegje. As de foto's klear binne, soe ik se wol sjen wolle.’
‘Ik stjoer se wol op.’
‘O. Do kinst foar itselde wol even lânskomme, tocht ik, net?’
‘Nee, ik leau dat ik dat mar net dwaan moat. Ik stjoer se wol nei dy ta.’
‘Arjen! Wêrom moat dat sa ynienen tusken ús? Doch net sa ûnnoazel!’
‘Ik doch net ûnnoazel en ik leau wier dat dit it bêste is. Do moatst myn beslút respektearje, Anke. It is better dat wy inoar net mear sjogge. Oars wurdt it ien grut lijen.’
‘Mar net mei my! Mar net mei my! Meskjin soene oare froulju der in grutte illinde fan meitsje en meskjin soe in oar wol wer hieltyd wer besykje om it wer oan te krijen. Mar ik net, Arjen! We kinne dochs wol kontakt hâlde?’
‘Nee Anke, ik sjoch dêr gjin heil yn. Mei ik no ophingje?’