er hwat wrang. Dat Roelf net mear mei de buorkerij op hie.
Yn 'e útleger klaeide 'r him út. Dêr hiene se in keammerke fan makke mei in ledikant der yn. Bedsteden wie sa gjin moade mear. It bêd wie noch waerm, Roelf wie der noch mar in pear ûren ôf. Noflik skeukte 'r toplak, mar bûten skynde de sinne, it ljocht foel troch it giele gordyntsje. Hark, wie der ien by de doar? Frjemd, doe't er yndertiid oars net hie as buorkerij koe er altyd wol sliepe as it sa útkaem. Nei iten justjes de eagen ticht, dan wie er sa mar wei, al tjirgen de bern om him hinne. Hy woele hwat om, doe sakke 'r dochs stadichoan wei, fan 'e gûlende masinen waerd er wekker, it wie ek wer ljocht yn 'e holle. Dwyl seach er om him hinne, doelleas taestten de hannen oer it tek. Hwer wie er? De sinne skynde yn it lyts keammerke, yn 'e keamer gyngen de bern oan. Mei de tonge gyng er oer de koartsige lippen, it swit stie 'm op it hierrich boarst. Hy joech 'm oerein en fage oer de foarholle, it heloazje stie op healwei alven. It wie noch net let, mar hy soe der ôfgean, hy hie langernôch sliept en koe noch in moaije hael dwaen.
Hwat wie dat nou?
Stiif hâldde 'r 'm oan in stoel beet, it keammerke draeide om him hinne, alles waerd swart, hy sonk yn in ôfgroun.
Hymjend kaem er wer by, it swit stie 'm yn 'e hannen, it hert sloech 'm wyld. Hè, hè. Mar it hie neat to bitsjutten, hy soe hwat to swier sliept ha. Bûten, by de pomp, spielde 'r kâld wetter oer earmen en holle.
‘Och leave jonge, hwat dochst der nou al ôf’, fûtere Roelfke, ‘it is noch net iens alf ûre, dû bist alle moarnen earder, hwa soe dat úthâlde?’
Sahwat heal op 'e stoel siet er to kofjedrinken. Myld skynde de sinne op 'e forkankere parrebeam, dy't hwat rûpstekrige fruchten droech. Hwa soe mei sok waer op bêd lizze kinne?
Letter siet er yn it hofke to seineharjen mei in jas oer de rêch. Under iten druide Roelfke him yn: ‘Stean nou net de hiele dei oan dy seine, dan bist joun ommers gjin mins’. ‘Mei dit waer soe 'k noch hea winne kinne, dat komt ús fan 't winter to'n goede’, sei er.
‘As ik twa karfol mean foar de kij, dat is in hantaest en ik liz de oare helt yn swéën...’
Roelfke joech der gjin antwurd op, mar suchte lûd en swier. Mei wurden hie hja net dúdliker sizze kind hoe't hja oer de meanderij tocht.
Mei't er de karre krige kaem it wer. Hy knypte de hannen om it hânsel, it stek kaem op him oan, it waerd ek wer tsjuster. Roelfke sette de lytsjonge yn 'e karre, fan fierren hearde 'r har lûd. ‘Hwat stiest dêr nou nuver to sjen?’ Wer fage 'r oer de holle. ‘Né, neat, ik waerd hwat dwyl fan 'e sinne.’ Oan it bjinstap ta mocht it jonkje mei ride, doe moast de seine der yn. It woe noch switte yn 'e smoutte fan it heech opgeand beamguod mei de sinne op 'e rêch. Mar in skoander stik gers.