Foaropwurd
De forhalen ‘Foar de lins’ fan Paulus Akkerman yn de ‘Sneon en Snein’-bylage fan de Ljouwerter Krante ha fan 'e miet ôf oan - dat wie 9 oktober 1965 - in great en tankber lêzerspublyk foun. Net allinne de âlderein, dy't harsels faken werom fynt yn dizze forhalen, is der sljocht nei, mar ek de jongerein, hwant Akkerman is in smoute forteller en in skerpe opmerker, ek fan de moderne tiid. It wie sels sa, dat der al oanfragen by de krante ynkamen foar it boekje ‘Foar de lins’ ear't it plan by de redaksje berne wie om in bondel fan ‘Foar de lins’-forhalen út to jaen.
Paulus Akkerman nimt yn syn forhalen de minske foar de lins. Binammen de lytse man, de forhûddûke minske, dy't tamtearre en gnjirde wurdt troch de maetskippij, dy't to lider slein wurdt troch libben en lot, dy't net mear past yn ‘it systeem’, dy't der oer rekket. It binne boer en arbeider, winkelman en skipper dy't it paed romje moatte foar sanearing, ruilforkaveling, krotopromming, yndustrialisaesje en útwreidingsplannen. Hy tekent dy minske op 'e drompel fan de âlde nei de nije tiid mei in skerp each foar it detail, mei in tûk ear foar it praet fan ‘gewoane’ minsken en mei in mylde, faken hwat mankelike humor.
De skilder P.H. van Asperen út Ljouwert hat sfear en toan fan Akkerman syn forhalen tige goed oanfield en treflik fêstlein yn syn tekeningen. Hy is sels 73 jier en kin dus de tastannen en figueren, dy't Akkerman biskriuwt, út 'e pinne. Syn ‘Evert winkelman’ op it omslach is wol symboalysk foar de minsken, dy't yn dit boekje foar de lins lâns komme. Mei dizze kar hopet de Ljouwerter Krante de tûzenen lêzers fan ‘Foar de lins’ in deugd to dwaen en tagelyk in lyts minsklik dokumint to jaen fan in Fryslân, dat sa hurd oan it foroarjen is.
HAEDREDAKSJE ‘LEEUWARDER COURANT’