har foarbyld wêze. Of is it dóchs har soms makabere niget oan it mishipte en miswoeksene, dat har ek by it skriuwen nytget ta skeinen fan in wurd, in sin.
Ik stean salang stil by dit aspekt fan Ypk fan der Fear har wurk, omt ik it langer net sjen kin as in ûndergeskikt aspekt. Dit negatyf kenmerk is har hannelsmerk wurden.
De man mei it famke wol ik yn Ypk fan der Fear har oeuvre sjen as in stikje wurk tusken it oare, greatere en mear bitsjuttende wurk troch. It boekje telt 96 siden, printe yn in greate letter. It is gjin roman, net iens in sletten forhael, mar in forslach fan in forhâlding tusken in heit en in dochter - de man mei it famke -, opskreaun út it eachpunt fan de dochter wei oan de ein fan de heit syn lang libben. Details binne bilangriker as de opbou fan it gehiel. Utgeande fan de algemien bikende erfaring, dat minsken mei de dea deun foar eagen en har neibisteanden graech weromgripe nei it forline, har allerhanne feiten en feitsjes wer foar de geast helje, en sadwaende de ûnderlinge bân strakker oanhelje foardat er foargoed knappe sil, nimt Ypk fan der Fear elke moeting tusken heit en dochter yn de lêste wiken fan syn libben to baet om de dochter werom sjen to litten yn tagedienens en yn wrok. In situaesje, in pear wurden, binne genôch om it weromtink-proses by de dochter op gong to bringen. Dizze flash backs binne lang net altyd natuerlik yn de gong fan it forslach opnommen. Faek komme der amateuristyske oergongen oan to pas om de dochter oerstappe to litten fan it nou yn it doe. ‘It dak fan it âlderdomshûs boppe de holle is better as gjin dak’, sei har heit ris. Dat brocht har in forhael yn it sin...’.
De oantinkens steane fansels ek net yn chronologyske folchoarder. De lêzer moat wolris rekkenje: Hoe âld wie dat bern doe? Ik wol efkes helpe. Neffens myn birekkening moat ‘it famke’ yn 1909 of 1910 berne wêze. Yn de Earste Wrâldoarloch, dêr't se gauris oan weromtinkt, wie se op de legere skoalle. As se yn de Twadde Wrâldoarloch mei har heit to fiskjen giet en har wakker fan him sizze lit, is se oer de tritich.
Eigenaerdich, dat yn har oantinkens noait de man in rol spilet mei hwa't se troud west hat, mei hwa't se nei Súd-Afrika emigreard is en dy't se letter misse moast. Har trouwen en har emigraesje moatte dochs ek fan bitsjutting west hawwe foar har relaesje mei de heit, dy't har altyd sa graech liede, stjûre en yn syn foarm twinge woe.
Wol út de ferve komt de relaesje fan de heit mei it lytse famke. Mei in