| |
| |
| |
Leo Popma / It burd fan de Kleine Johannes
A. Jousma, Faes efter glês.
Boalsert, Osinga n.v., 1968 (K.F.F.B.)
Men nimt jin trochstrings mar to wacht foar de skriuwer dy't as dichter to boek stiet en op in kweade dei mei in roman yn de boekhandel leit. Foaral as dy dichter in útsprutsen lyrikus hjit en út in streaming fuortkomt dy't op dit stuit al poëtyske history is. Gjin dichter dy't hjoed de dei as lyrysk typearre wurde wol, omt de bilêsting fan it wurd in pakket fan fortochte waer yn de dichterlike bagage formoedzje lit. Men hat gjin inkelde bining mear mei de tiid fan ‘de lier die sinds lang niet meer ruischte’. Slimmer noch as hwannear't út in dichter út eigener tiid jildt, is men dán op jins iepenst. Men forwachtet ûnder in floed fan byldspraek, moaiskriuwerij en dizige oandudingen fan in boardefolle gefoelswrâld ynsâlte to wurden. En net to'n ûnrjochte.
My tinkt dat elke dichter stille hoop hat ienris bûten syn kouwe stappe to sillen. De earste skriftlike delslach fan in bipaelde uteringsdrang hat meast hwat brekliks, dat yn de fersfoarm hwat kamoeflearre wurde kin. It is it aerd fan de dichter yn kwesty en syn aspiraesjes faeks en de tafallige omstannichheden dy't him fierder it poëtyske paed opjeije. In perfektionearring fan de technyk - syn technyk, syn manierkes en gedachtekronkels, syn assosiative ûntjowing - bynt him hieltyd fêster oan de keazen uteringsfoarm. Hy ûntwikkelet in bipaelde iensidichheit, dy't potinsiéle oanliz yn oare rjochting fortoarje lit. In skeamel bisykjen op it proazafjild, dat ommers ek literair is, falt him ôf, hy mist de routine en it geduld en de lange asem. Hy kin himsels de tucht dêrta net oplizze, omt er him helpleas fielt op it ûnbikende, grinsle aze terrein en de systematyk mist om oan de slach to reitsjen. Hy komt werom op it oersichtlike bistek fan it gedicht. Hy ken der de hoeken en harnen dêr't er byneed yn forside krûpe kin. Soms hipt it dêr net sa nau. Dat forrekte neaken rinnen yn it proaza komt him sa maklik net oan. En de mislearringen en hiaten binne dêr sa dúdlik wol as yn de poëzy. Meastentiids leit er him del by syn forgroeijing, hy ken de binearing fan syn foarm, mar
| |
| |
fielt him aloan ûnmachtiger om de frije, rokkeleaze en romme slach to pakken to krijen. Nammersto langer er meirint yn de poëzy, nammersto slimmer wurdt it om út it gelid to stappen. En hwat fierder hy as dichter al fan syn eigen tiid ôf stiet, hwat wisser de kâns op mislearring fan syn proaza-ûndernimmen. De frekwinsje fan de dichterlike aktiviteit bipaelt lykwols mei de kâns op distânsjenimmen fan it biwende stramyn en it mear as minder tagroeijen nei in nije uteringsfoarm.
Hoewol't A(nne) Jousma neist poëzy ek toanielwurk en forhalen skreau, mei men him dochs foaral as dichter bikend ûnderstelle, de lyrikus fan Kimelûd (1940) en It twadde lân (1963). Foar it gemak gean ik der fan út dat de typearring ‘lyrikus’ foar elk in bipaelde ynhâld hat, dêr't it forwurdzjen fan tige persoanlike gefoelens de kearn fan útmakket. Devaluaesje fan it wurd bringt mei dat it foar guon ek forwiist nei in forline tiid mei de hiele as ballêst ûnderfoune erfenis dêrfan, lykas foarm, tael, konstruksje, styl, wurdkar, libbensgefoel ensfh. It dichterskip fan Jousma stuollet op de prinsipes fan de Jong-Fryske Biweging, in frijhwat idéalistyske en esthetyske streaming, fan hast in heale ieu tobek. En fan dy oarsprong is er yn de rin fan de jierren net bot ôfwykt. Poëtysk wiist dat net op in ûntjowing. Idiologysk of filosofysk is slimmer nei to gean, al út de nou zetkommen roman fan Jousma Faes efter glês fandatoangeande net folle hoop oer.
Faes efter glês bihannelet de forhâlding tusken de direkteur fan in uloskoalle, Wiarda, en ien fan syn learlingen, Rudy van der Wal. Yn it deistich formidden fan de lytste skoallemienskip fine beide in kompensaesje foar it gebrek oan in thús en lûkt de ien de oar ûnwjersteanber nei him ta. Fan dy yn it earstoan bisteande bigrinzing fan it kompensaesje-formidden út wei ûntstiet foar learaer en learling in nije libbenswearde, dy't de swetten forleit nei it bistean bûten de skoalle, in thús dat foar beide in earder net kende foldwaning ynhâldt.
Wiarda is eartiids fan it lân nei de stêd slagge as direkteur fan de skoalle. Syn posysje fan bûtensteander as bern al, hat syn fierdere ûntwikkeling bipaeld. As jonge hat er him toskoar sette moatten tsjin in him fijannige wrâld. Syn twongen ôfsidichheit waerd kompensearre yn literatuer en filosofyske dreamerij. Syn wapens waerden perfektionisme en iver. Mar it bern miste de oansluting en mei de man is it net oars. Dizze Wiarda is in stikeme fjochter, in man mei bipaelde kwaliteiten yn syn fak, in út swakte sympathike fint. Mar hy hat de tiid net byhâlde kind en is
| |
| |
net útgroeid ta in minske fan formaet. Hy is in moralist, in earsten konservativeling, in perfektionist en in kreaze hear dy't winliken a-sosiael en rankuneus tinkt. De uterlike skyn fan meilibjen en korrektheit is syn pantser dat er him as bern oanmetten hat. Wiarda is widner en wennet mei in húshâldster. Hy mist de waermte fan ‘de oare’, libbet fan de ûnwennigens nei it lân fan oarsprong en syn deistige plicht. Troch in strafeksersisy yn de earste klas fan syn skoalle wurdt er attendearre op ien fan de learlingen, hwaens masochistyske earlikheit en posysje fan ieuwich en altyd de dupe wêze, troch Wiarda werkend wurdt. De húslike omstannichheden - Rudy syn âlden binne skieden, syn mem is syklik - drage der ta by dat Wiarda in lotgenoat foun hat, dy't syn biskerming nedich is. Der ûntstiet in iepenlike forhâlding fan tagedienens dy't op skoalle swierrichheden jowt troch de net forhoalen krityk fan de learaer Barends. De man is oerspand, kin yn de klasse gjin oarder hâlde en fynt foar syn útfallen in slachtoffer yn de leaveling fan de direkteur. Dit wurket earsling, learaer en leading wurde dêrtroch noch mear nei elkoar ta dreaun. As de mem fan Rudy komt to forstjerren, forsoarget Wiarda de bigraffenis en ûntfermet him oer de jonge. Der komt fleur yn it hûs fan de direkteur, man en bern libje op en hawwe, nei't it liket, foun hwat hja misten, de oanhinklikens en tawijing fan in oar. Van der Wal, de heit, easket lykwols it bern op en Rudy forhuzet nei syn styfmem. Mar net foar lang. As de jonge de oare deis net op skoalle is, giet Wiarda op ûndersiik út en fynt him yn in achterbuert, oerlevere oan de pesterijen en martelingen fan syn twadde mem. Rudy giet mei werom, Wiarda hat in soan, de jonge in heit fuortoan. Foar beide kriget in gelok nou faeks in kâns.
Hoewol't it der de skyn fan hat as soe it hjir gean om twa yndividuén, dy't beide har eigen ûntwikkeling trochmeitsje en dan foarsafier't dy rjochte is op de oar en binnen it ramt fan har eigen psychology - dy fan de man en dy fan it bern - giet it winlik allinne om it wjerfarren fan de learaer Wiarda. Fan him út wurdt it forhael skreaun, frijhwat objektyf, mei útsjitters hjir en dêr nei in persoanliker bineijering as it giet om de jeugdherinneringen. Mar dizze ‘koele’ observaesje is it krekt, dy't fan dizze Wiarda in liddepop makket. Yn dit gefal is it trouwens dúdlik de skriuwer dy't syn personage tekoart docht.
Hwant hwat men nei lêzing fan dit boek oerhâldt is in fize smaek, in aerdich poarsje wranteligens en in wiete bûsdoek bitiden, as it goed sil. Men gunt Wiarda syn konservatisme en krityk op de tiid dêr't er yn libbet
| |
| |
(sjoch side 9 b.g.), syn esthetisisme en moralisme (b.g. side 53, de bigraffenis, side 141, it ûnderhâld mei Van der Wal en oars) syn boargerlikheit en sadisme, mar men kin syn ûnnoazelens net rjocht neikomme. Wiarda mei men dochs as yntellektueel bistimpelje, hy wol dêr foar trochgean en dat mei as direkteur fan in skoalle ek bêst, fansels. Syn selsanalyse is net skerp en konsekwint en bliuwt stykjen yn it forheljende. It as bern mei pine en freugde ûndergean fan de jongesmartelingen b.g., wurdt troch de folwoeksen man net yn inkelde bigripen ûnderkend. Dit jeugdbilibjen tsjinnet dochs ta goed bigryp fan de persoan Wiarda? It hat in relaesje mei syn forhâlding ta de jonge. It giet boppedat fan himsels út, fan de âlder wurdende man dy't de dingen har plak bisiket to jaen. Mar as de kniper op 'e skine komt en W. al safier is dat er himsels in hypokryt neamt, lûkt er de konsekwinsje net, praktysk net en dat mei om my, mar ek analitysk net. En dat is net to leauwen. It komt yn it boek net ta in yntegraesje fan achtergrounynformaesjes en aktueel barren. Men kin sizze, de skriuwer lit Wiarda syn gong mar gean. Mar sa ienfâldich is it net. Hy jowt syn figuer de eigen oanliz en it eigen forline mei en dêrút sil dy hannelje moatte. Noch fierder, de man kin himsels bidrage, mar dan noch sil dat oannimlik wurde moatte. De skriuwer moat syn posysje bipale, hy kin de hannen der net ôfhâlde.
Faes ef ter glês hat as thema de efeby. It grounwurd komt to faek yn it boek foar om it sa net stelle to kinnen. It esthetisisme en it dúdlik okkupeard wêzen mei ‘it klassike’, mei dêr ek op wize. Rudy de efebe, Wiarda de paidotribe. Hwat jin wrantelich makket is, dat it ideael fan de grykske efeby hjir stean moat foar de dekadinsje dêr't de ynstelling yn de tredde en twadde ieu op útroun. De faeije kant, de pederasty, wurdt lykwols net ûnderkend. Hoe faek wurdt Wiarda net wiisd op it twaslachtige fan syn forhâlding, direkt, troch Barends, of ynsinuearjend, b.g. troch de twadde frou fan Van der Wal? Wiarda is in idel man, in voyeur bitiden, mar alhoe faek er op 'e grins fan de selskennis stiet, ta bikennen komt er noait. Dat is de macht fan de skriuwer dy't de situaesje nei syn hân set. ‘It lef forried, de wrangens fan eigen tokoartkommen’ (side 105) is in prachtich stael fan selsbidroch. Dat is in skuldbisef dat om it probleem, de twivelachtige forhâlding mei de jonge, hinne rint. It hat ommers allinne to meitsjen mei de sosiale kant fan de saek, net mei de morele. Dat it him net om de jonge mar om himsels to rêdden is, blykt út it marchandearjen mei de âlden fan Rudy. It sosiael-juridyske aspekt wurdt alhiel omsile.
| |
| |
Rudy is in karikatuer wurden, liket my ta, in wiis âldmantsje, dat Wiarda om lyk kriget. Hy spilet de rol fan de passive pederast, mar mei troch gebrek oan ynlieding kin men yn de raffineardheit fan de learling amper leauwe. Hy is net de tsjinspiler fan Wiarda, mar, troch de skriuwer, syn forlingstik. Rudy is de Wibe (Wiarda) fan eartiids. Yn him bilibbet de learaer syn jeugdwjerfarren opnij. Yn de learling kin er dat wreke, troch it yn him opnij en yntinsiver stal krije to litten, troch it yn folsleiner, folwoeksener selsbiklach to dramatisearjen. Deselde omstannichheden bin beide yn opgroeid, learaer en learling binne slachtoffer, en Wiarda syn geloksgefoel bistiet by de graesje fan de jonge syn ûngelok. De winsk fan syn jeugd om in maet, in freon to hawwen, wurdt hjir nochris wurklikheit. Mar de man forjit dat er ûnderwilens tsjin de sechstich rint en dat de scala fan syn gefoelens en motiven net dy fan it bern binne. De freonskip hat foar Wiarda ek in erotyske bitsjutting. Tsjin syn skoalfreon Joop oer, dy't yn flarden herinnering en dream opdûkt, hat er dat eartiids net bikend, mar de gefoelens fan forlittenheit en ûnmacht dy't Wibe nei it fortrek fan syn freon ûndergiet litte dat wol formoedzje. By de man is dy erotyk dúdlik oanwêzich, mar wurdt net as sadanich únderkend. Hwat er as jonge yn De Kleine Johannes e.o. socht, wurdt yn letter jierren fleis en bloed. Yn dat opsicht is de man bern bleaun. Mar by forjit dat er yn dy tiid in burd krige hat en wol net bikenne dat syn gefoelens tsjin Rudy oer itselde burd ha.
Men freget jin ôf hwat syn houlik foar Wiarda bitsjut hat. Syn frou Gerda bliuwt in skym. En hwat er de eardere skoalkammeraet Weygers, dy't nei safolle jierren tafallich ris delkomt, dêr oer meidielt docht jin frijhwat leagenachtich oan. It gemis fan bern, dat foar syn frou sa swier net gou, hat foar Wiarda ‘it greate fortriet’ fan syn houlik útmakke (s. 90). Hy ‘woe altyd graech in soan ha, twa soannen miskien, hweryn ik mysels werom fine koe. En nou wurdt my dy soan samar ynienen út de himel tasmiten’. De heit-soan forhâlding leit, liket my ta, lykwols hwat oars as Wiarda neffens Rudy - lit ús sizze, sûnder dat er der erch yn hat! - wier makket. W. is yn wêzen de passive pederast, dy't de mindere, de biminde, de forliezer wêze wol. De skaekpartijen mei Rudy binne dêr in oanwizing foar. De wiispraterij fan de learling kin men yn itselde ljocht bisjen. It ûntkennen fan de situaesje makket de Wiarda-figuer ûnakseptabel, omt er dêr troch de skriuwer mei opskipe wurdt.
De theologyske en filosofyske skôgings fan Wiarda binne mingsels fan idelheit en selsbidroch en lul-mar-hinne-wiisheit (side 55, oer it karakter
| |
| |
ensfh.). Syn sizzen oer de leafde b.g. tsjin Weygers, is streekrjocht yn tsjinspraek mei eigen praktyk. Soms hat men niget om dizze man foar de harsens to stompen.
It erchtinken tsjin de dichter-proazaïst oer, dêr't ik it yn it bigjin oer hie, liket my ta net to'n ûnrjochte to wêzen. De lyryske úthalen yn dizze roman jeije jin bitiden it einefel yn. De retoryk en pathetyk fan ‘swietrook’, ‘it hege noarden fan Fryslân’, de ‘bange réeëagen’, ‘it wûnderlikste fan de riedlingen: de tiid’, fan ‘in wal fan reiden (dy't) rûze yn 'e wyn’ ensfh., meitsje fan dit boek bitiden in sentimintele draek. Faek tinkt men in fankesboek yn hannen to hawwen: ‘mar de klyster hold faesje’ (s. 145) of in kwartsjesroman: ‘Rrrrr! De wekker’ (s. 6). En hjir en dêr komt it net ût boppe de drankbistriders-lektuer, hwannear't men de scène by frou Van der Wal thús lêst, it melodrama fan de bigraffenis, of de karakters bisjocht fan de démoedige sûnder heit Van der Wal en it oppassende, forsoenlike jonkje Rudy. Mislik wurdt men bitiden fan de ‘hiertûfe’ (‘hierhelm’, ‘sulverglanzgjend’ e.d.), de knypeachjes en fingerknypkes.
De scènes yn de leararerounte, binammen dy mei Barends, binne neffens my greate kluchten. Hwat de skriuwer dêryn kwyt moat lit 'm riede, mar sokke persiflages wurde dochs mar yn earnst bidoeld. Yntellektueel exhibitionisme en snobisme tilt it fan op, fatsoensflikkerij fan ‘spande broeken’ ensfh. by it seksje. Men bisaut jin oer styl en sinsbou. It weilitten fan bynwurden om in bipaelde flottens to suggerearjen en om faesje oan it forhael to jaen, docht my altyd hwat earmtierich oan. Omsettingen fan sinsdielen foar deselde gong en foar it biklamjen fan it essintiële hawwe faek hwat brekliks en wurkje earder forswakjend. Mar konstruksjes as men hjir en dêr tsjin oan rint, ûntkomme dochs net oan it potlead: ‘... dat Bouk wie der al ôf fêst’ (s. 5), ‘... sei leafwei mefrou Ten Kate’. (s. 36), ‘Dat haw ik litten mei sin’ (s. 114), ‘Bin ik wer derôf komd...’ (s. 138), ‘Hy skynt hjir blykber foarearst to bliuwen?’ (s. 83).
I had my say, om mei de skriuwer to sprekken. En dochs net alhiel. Hwant hoewol't op Faes efter glês in soad oan to merken is, binne der positive kwaliteiten, dy't faeks mear yn de teneur en de pretinsje lizze as yn it boek sa't it dêrhinne leit. It thema fan de roman is nijsgjirrich. Men hâldt der ris net de boerebysmaek fan oer dy't yn de moderne romanliteratuer hjirre sa drok weiskreaun wurde moat. Akkoard, it giet neffens my om
| |
| |
in mislearring. Mar de presintaesje fan it formidden en de libbenssfear wurde wol as echt ûnderfoun. Men treft de snob oan miskien mar net de parvenu. De jeugdpassages binne nou en dan tige sfearfol. Mar it wie saek foar de skriuwer net allinne de esthetyk mar ek de erotyk to ûntdekken yn de ingels op de faes yn beppe har kast. Dan hie de wierheit oan it ljocht kaem en hie men leauwe kind yn de diggels dêr't in man as Wiarda út gearstald is.
|
|