De Tsjerne. Jaargang 23(1968)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 354] [p. 354] Bernard Smilde / Israëls forwachting foar D.A. Tamminga Hwa meat de wetters mei de holle hân? Hwa dy't it stof fan d'ierde droech, de bergen op 'e skealjens woech? Hwa hat de himel metten mei in span? Hwa koe de Geast des Heare oait riede of bileare? Hwa joech Him wysheits skat? Hawwe jim dat net heard? Witte jim dat dan net? It eigen wurd fan God! De greate folken mei har hearlikheit bin by de Hear in kerrel sân, in drip út 'e amer op 'e hân; hja binne minder achte as idelheit. Us skuld wurdt net forsoene troch minskemacht; al woene de seders fan it wâld yn offerfjûr forgean, 't koe net foar Him folstean en brocht ús gjin bihâld. In brûnzen byld, mei blinkend goud bilein, stiet glânzjend yn it romme seal; en yn it nearzige porteal as offerjefte in bisnien stik hout. Mar ha dy deade dingen wol heil of help to bringen? Hwa hat dêr baet by foun? Ha jim it dan net heard? Of witte jim it net? God hat syn Namme ús jown! [pagina 355] [p. 355] Ha jim 't fan 't oanbigjin ôf dan net leard en is 't jim net ta kennis brocht? God sit yn ûntagonklik ljocht, - sprinkhoannen bin de minsken en oars neat. De hearskers en de riken, dy't fêst biwoart'le liken, Syn amme blaest har wei, as Hy de himel spant, har út syn eagen bant dy greate oardielsdei. Hwat helje jim de Heare God omleech? Hwat sykje jim in likenis foar Him dy't heech en hillich is? Slach nei de himel dochs it each omheech! Dat dy miljoenen ljochten jim hert ta ynkear brochten! Ha jim har tael forstien? God rôp se troch syn macht, Hy klaeide har mei pracht - en Him ûntfalt net ien! Hwat stumest, Isrel, hwerom seistou dan: ‘Myn rjochtsaek giet oan God foarby?’ - In ivich God en Hear is Hy en syn forstân is gjin trochgrounjen fan. De Hear yn syn folsleinens, Hy ken dochs gjin yneinens en wit fan wurgens net. Ha jim it net forstien? Of is it jim ôntgien? Syn wurd forsterkt it hert. [pagina 356] [p. 356] Fêst is de gong en feardich bliuwt de trêd fan him dy't God as sterkte ken. Ha jongen soms de moed forlern en wurde sels jongfeinten wurch en mêd, - dy't Isrels Hear forwachtsje, syn leafde alles achtsje, hàr wurdt de krêft fornijd: hja stean en wike net, gean en biswike net yn alle ivichheit. Nei Jesaja 40: 12-31 Wize: Psalm 40 (JAN WIT fan fierren neifolge) Vorige Volgende