De Tsjerne. Jaargang 23(1968)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 277] [p. 277] [Nummer 7/8] G. van der Meer / Fersen Antonius oan Cleopatra lit ús net leauwe, lea', dat nei forrin fan tiid in sé fan langst fordroeget ta in dridsdobbe fan réaliteit, it kin net wêze dat de lava, dy't hjitgloeijend stoart fan 'e hichte nei de delling stien wurdt, nei de wylde fal fan siizjend fjûr; en tuorren ienris boud nei greatsk ûntwerp sille útsicht jaen oer wide fierten, hiel ús libben út, sadat ús eagen nea forbline wurde troch 't biheinend skud. en kin it net bistean, lit ús dan yn fjouwer earmen gearbalje in hielal fan freugde en lit ús mei ús eagen elkoar yn konsintrearre ekstazeflam, as sin'ljocht troch in lins, forbrânne yn folslein forneatigjend gelok, ûneinige bifrediging yn koarte tiid. dan binne wy bisparre foar in klomsk en winterich dêrnei, hwant klaeglike hjerst sil foar't de froast komt sels forwaeije oer tûzen lytse weachjes ús tiidûntfleine jiske. [pagina 278] [p. 278] Fretten foar bidden foardatst my opfretst, sei de mich tsjin de spin, woe ik wol graech datst earst - ja it moat foaral gjin gunst wurde, hear - datst earst, sei ik, even stil wiest. yn oarder, sei de spin, die de poaten gear, de eagen ticht. doe naeide de mich hurd út en rôp noch: kloatsek, fretten giet foar bidden! Vorige Volgende