| |
| |
| |
Leo Popma / De trein
Fansels wie er op syn post. Mar hwat mankearde de âldman?
Djip ûnderút sakke, it kin op it boarst, siet er yn 'e rûch-houten stoel to sliepen, de krante oer de skean nei foaren stutsen skonken spraet, en de earms oan wjerskanten oer de leuning, bongelen suver oer de flier. Mei koarte, piipjende halen gie it boppeliif op en del. Ut de iepen mûle slierke in triedtsje flibe, dat in donker, fochtich plak op de man syn kile makke. Tsjin de ruten gounzen de blaumiggen, troch de iepen doar walme de hjitte ta it skimerige fortrek yn.
En bûtendoar - godallemachtich - de simmer, dy't wyt en roerleas oer it seinhûs en it útstoarne emplacemint hong.
Binnen rammele de telefoan, der gie in ridel troch de âlde man, forwezen seach er om him hinne, muoisum kaem er oerein en gappe yn de hoarn: post 2. Efkes wie it stil oan de oare kant. Doe hearde er de stim fan syn frou.
Ramijn, hwat is der mei dy? Hwer wieste, dou siest dochs net to sliepen, blinder? De frachttrein is troch, tink om 'e wiksels.
Doe't er de hoarn wer oanhekke hie, krong it pas goed ta him troch. As in wyld skeakele hy yn, helle de handels oer en joech de baen frij. Fordomme, dat wie him suver ûntkommen, de ynlaske trein fan trije ûre fiif. Hoe hie er dat hawn, soks wie him noch nea oerkommen.
Mei ien hân bitsjinne er de spoarhikken, mei de oare socht er kontakt mei de neiste post.
Hoartich en mei in blikeftich lûd kaem it treintsje foarby, rattele oer de wiksel foar it seinhûs oer en ried fierder, it noarden yn.
Fansels, it wie in ekstra trein, oars hie er de tiid oant kertier foar fjouweren, hwannear't de trein nei Glasoel trochkaem, mar hokker ûre ek, en alhoe ôfwikend fan de deistige tsjinstoarder, as him trochskille wie dat der dan en dan, nou, dan kaem it klear.
Hy bifeilge it blok wer, trape forslein de krante oan kant, griep de pet fan 'e tafel en stoep gremitich ta de doar út.
Under de luif foar it húske bleau er stean, knypeagjend tsjin it fûle ljocht. Gedachteleas eage hy de spoarbaen del oant de oerwei, hwernei't de hagen, dy't it tún ôffreden, him it fierder sicht binamen.
| |
| |
It wie stil en waerm. Foar it earst sûnt jierren fielde Ramijn him nutteleas en frege er him ôf hwat syn ûndernimmen noch foar sin hie. Alle dagen weroan op syn post to wêzen, faek de nachts ek, om de pear treinen dy't der lâns kamen oer de baen to lieden en it journael by to hâlden. It wie langer ek mar amper mear to dwaen mei dat âlde materieel, hoe faek al hie er de maetskippij oanskreaun en frege om it ien of oar to fornijen. It fervjen en menyën die hy fuortoan mar foar eigen rekken, it bigreate him op it lêst it spul ûnder de eagen weirotsje sjen to moatten, dêrfoar wie it him to eigen. Mar sels it aldernedichste koe er út eigen middels net mear forfange. De mistbeakens healwei post 3 wiene útmôge, it ballêstbêd moast nedich nij grint op, sûnt dy forrekte skoalbern dat foar har kattepûl brûkten. En dan it stikmannich wrynske bylzen yn blok 3, dy't it hiele spoar dêr weardeleas makken, de weachbrêge op it rangearterreintsje, tajown, it ding waerd net mear brûkt, mar hoe koe it ek, forrustke as it wie, en men woe de boel dochs yn oarder ha.
Mar net ien kear hie er in brief werom krigen, se lieten him barste, hy moast mar sjen hoe't er it oprêdde. En dat hie er dien, sûnder folle argewaesje ek. It wie syn libben, hy koe him net yntinke hoe't er de tiid oars omkrije soe.
Efter de âldman, yn it lytse gebou, gie de bel oer, ûnforsteurber yn 'e stille neimiddei. (Soe er it net hearre? Ramijn, Ramijn!) Hommels skrilie er op út syn prakkesaesjes en fottele hastich nei de doar.
Ja Ramijn, it is safier, de 3.45 hat oardel minút opûnthâld, Kowals tink, nimst 'm oer?
De wurge stim fan syn frou joech feilleas de gegevens troch. Ik gean nou earst nei hûs, healwei seizen bin ik hjir wer. De kofje sit yn 'e thermosflesse, dyn brochje set ik yn 'e kast. Dan rêdst dy wol, nou jonge? Hoe is 't nou mei dy? Oant snein.
Ramijn helle it sein oer en liet de hikken del. Yn 'e stúdzje wei wachte er oant de lokomotyf ûnder it viadukt yn it sicht kaem, doe Loek er stadich de handel oan om de trein ynhâlde to litten en sûnder skokken lâns it perron ta stilstân to bringen. It wie net drok hjoed, gjin reizgers dy't útstapten, kaertsjes hoegde er net yn to nimmen, hy koe fuort oan de kontrolle fan de koppelingen bigjinne. Yn de postwein foun er in briefke fan de frou. Alles klear? Hy stiek de leppel op en haeste him nei it ynstruminteboerd, hoeden brocht er de trein wer op 'e gleed.
Hja hie der neat fan sein, mar foar himsels hie Ramijn it gefoel dat er
| |
| |
wer to let west hie en dat de telefoan al in moai hoart skille hie, foar't it ta him trochkrongen wie.
Twivelriedich stie hy foar it skeakelboerd, net wittend hwat him noch to dwaen stie. It loek nei fjouweren, de skoalle soe meikoarten útkomme, dat wie it minste skoft fan de dei. Meastentiids grapjage hy mar hwat mei, as de jonges efter de hage stiene to roppen en har ferske raesden, of as er binnendoar wie hold er him stil en forskûle, op hope dat hja dêrmei it gauste wer ôfkroaskje soene. Mar op dit stuit wie er net yn stimming om folle forneare to kinnen. Wrantelich tearde hy de krante op, pakte it journael út it muorrekaske en lei it al fêst iepen op de tafel. Dat moast joun nei iten mar.
Kjel spatte er op doet der hommels in stien troch de iepen doar tsjin it sydsket fan syn kantoarke sloech. Fuort hearde hy it mûskopjen efter de hage en ien dy't rôp: ‘Raek jonges, dêr komt er oan’.
Fordomd, nou wiene se him dochs noch oer it mad kommen. Mar it rake skot hie har grif forbjustere, hwant geijend stouden hja fuort en yn 'e fierte al, hearde er har sprekkoar: ‘Ramijn, Ramijn, dy frjemde filistijn, Ramijn, dy boartet mei in hiele lytse trein’.
Myn god, hwat fielde hy him âld dizze neimiddei. It swit stie him op 'e foarholle, hy fielde it forheftich bounzjen yn syn boarst en de kerming dy't him troch de lea snie. Hy sykhelle djip om de dûzelichheit oer to kommen en taeste nei de stoel.
Lang siet Ramijn foar him út to stoarjen, wezenleas, ûnbiwust fan it doarp dat efter de túnhagen wer ta libben kaem. It emplacemint wie yn it skaed fan de popelieren rekke, in sigentsje gie troch it hôf.
Ramijn rydboske, kaem oerein, die de doar yn it slot en it oerpaed oer sette er op hûs oan. It smelle paed del ûnder de fruchtbeammen, it wie mar in hoannestap. De kofje foun er as altyd yn 'e keuken, hy dronk derfan, skroeve de dop wer op 'e flesse en sette dy al fêst foar de bûtendoar. Dêrnei skaeide hy hwat yn 'e hûs om. Hy woe wol dat it snein wie. Foar it rút joech er him del en helle it brief út 'e bûse.
Leave Ramijn, hwat hast my skrikke litten, ik tocht wier dat dy eat oerkommen wie, tinkst om dyn brochje. It stiet yn de kast, is it op 2 ek sa waerm hjoed, der is ek ien mei skinke hear, dat meist sa graech, silst it opite. Ramijn, ik bin in bytsje wurch it is sa stil hjir, ik woe dat it snein wie dan wiene wy wer byelkoar, hat de maetskippij al skreaun, koene wy it spul mar oan kant dwaen. En tonei stil libje yn ús h«ske leave Ramijn, it bêste jonge, goenacht, dyn Nem. Tinkst om 'e kofje?
| |
| |
De flesse ûnder de earm, gyng de man werom lâns de spoardyk, hâldde even om to harkjen oft er ek hwat fan de frou fornimme koe en stapte wer troch.
Al jierren gie it sa, sûnt er it túnhúske as stasjon en seinhûs ynrjochte hie en oare kant it hûf de berch omboude ta wachtpost. Elk stie foar in part fan it wurk, de frou op 1 en yn 'e hûs, hysels op it stasjon en 2. Om bar de nachttsjinst as it even koe en oerdeis it wenstige wurk fan ûnderhâld, post en journael. Allinne de sneins, hwannear't der op 'e middeistrein nei, neat to dwaen wie, wiene hja byelkoar, thús en op 'e bank yn it tún.
Oer it viadukt stapte Ramijn nei de oare kant fan de baen en bidarre by it seinhûs. It oaljekryt hie er net rjocht fan it hout krije kind, dat alle dagen as er diskant lâns roun, foel syn each op 'e tekening en it ûnderskrift dat de bern der ris op oanbrocht hiene: Ramijn is gek.
It mocht him net oermûnsk wurde, hy moast oan 'e slach, dat wie de baes. Rimpen loek er syn uniformjaske rjocht, forsette de hege, stive pet en skoude oan tafel. Efter út it deiboek skuorde er in hoekje papier en mei de ieltige hân om it potlead klampt bigoun er muoisum to skriuwen.
leave nem, Hwat hieste thús alles wer goed foarinoar, de skinke wol ik foar snein biwarje dêr moast net lilk om wêze. Sûnt de bern de hûs út binne ha wy beide it wol folle drokker krige, hja koene oars ris hwat wurk fan ús oernimme al wie it mar it himmeljen fan de weinen en de ekpres fan Glasoel koene hja ek wol trochlitte, dit brief doch ik moarnier op de stoptrein nei Kowals, lit him foar ienkear mar efkes stopje, de pine yn myn boarst wie hjoed wer slimmer mar fierders giet it goed, ik wol net datst der oer ynsitst, snein moatte wy alles marris biprate. Goenacht Nem, dyn ramijn.
It wie nou hast tsjuster, de man stiek de oaljelampe oan en skeakele de baenljochten en de seinen yn. Hy hie noch twa ûren foar't de ekpress trochkaem. As er even fiks oanpakte koe er dêrnei noch in aerdich knipperke dwaen.
Hy sette de datum boppe oan de bledside en bisocht it forrin fan de dei op 'e nij yn him omgean to litten.
As er it hiele journael ris oan de maetskippij tastjûrde, grif dat hja dan hwat mear bigryp toane soene. De lju dêr hiene der gjin bisleur oer hoe 'n toer it wie yn sa'n útoarde it spul hwat oan 'e gong to hâlden. Salang 't it mar net út 'e liken roun, wie it harren goedernôch. En wylst
| |
| |
der dochs ynternasjonale treinen trochkamen. Hja koene him ek min ôfstegerje mei it forlechje dat hja sa min yn it personiel sieten, hwant alle kearen weroan hie er der by harren op oanstien allinne nij materiael to stjûren, sels soe er it wol oanlizze.
Mar tael noch teken. Forrekke koe er. Men soe wizer wêze en soal de brot der hinne. Faeks koe in Faller-viadukt der net ôf, mar hwat hie him dat noaske, doe't er dêr lêst yn it tydskrift reklames fan seach. It ding dat er der nou stean hie wie skjin to'n ein.
En dat de rangearheuvel net fornijd wurde koe, hawar! Hoewol, dêr wie er ek noch net oer úitpraet. Hwant doe't okkerwyks mei de havenstaking dagenlang ynlaske treinen mei arbeiders lâns kamen en dêr ynienen de sloai yn kaem en de weinen langer foar de helte leech meirieden, wie him hjitten der ien tuskenút to nimmen. Bêst, mannen derút, oerstappe litte, loskoppelje en rangearje. Hannen fol wurk, hwant blok 3 koe er fansels net brûke en doe't de stakers einlings fuort wiene, hie er der noch in heikerwei oan hawn om de efterbleaune wein op de heuvel to krijen. Gjin rangearlok, dy wie al hast in jier rampoai, dat, triuwe, de âld bealch der mar tsjinoan. En krekt op 'e lêste wiksel, roun it mûnster him dêr net út 'e rails? Dêr stie it spul nou, gjin forweech mear yn to krijen. Se moasten it mar witte, op wjokken soe it ding by harren net weromkomme. It wie in argewaesje alle jounen wer formelde to moatten: op 'e heuvel stiet altyd noch de DE 2 61-106, fan de maetskippij gjin neijer birjocht hawn.
Mar goed, de fornijingen dêrre koene wachtsje, mar wie it nou perfoarst ûnmooglik in automatyske blokbifeiliging yn to fieren, al wie it dan earst allinne mar yn 1? Hja waerden op it lêst ek in dei âlder. Binammen foar de frou soe it in útkomst wêze. En nei safolle jierren trouwe tsjinst, tretjin nou, sûnt er op syn fiifensechtichste noch foar hiele dagen oannommen wie - mar ek dêrfoar al, wie it dan allinne yn de jounsûren - nei sa'n skoft koene de hearen him ek wol hwat tomjitte komme. Märklinmaterieel ynsté fan dit âldfrinzige Jouef, omskeakeling op de HO-forhâldingen, dan foelen de seinpeallen en foaral de perrons hwat rojaler út, dan koe er der tominsten ris bylâns kuijerje sûnder daelk it ien of oar tsjin de groun to wâdzjen en boppedat like it in stik echter. Dat hie er as it needsaeklikste al in kearmannich easke.
Sûnder dat er der erch yn hie wie de lampe úitgien. Op 'e taest socht Ramijn om de oaljekanne en folle it reservoir by. It wie ek hast wer tiid, oan it skakelboerd wachte by ôf.
| |
| |
De ekpres dindere foarby, de ljochten wiene útfallen. Hy skille post 1, de batterijen soene wol damp wêze, tocht har dêr, hy soe it trochjaen. Doe't de trein ûnder it viadukt yn it sicht kommen wie, wie him even it ûngemak fan in pear dagen forlyn yn it sin kommen, doet it fan hjirút ek de skyn hawn hie as wie de forljochting net yn oarder. Mar doet er de oare deis op ûndersiik útgien wie, hie de ramp him pas goed dúdlik oansjen litten. Yn 'e tunnel, oare kant it viadukt, noch mear rjochting Kowals, foun er in mûzenêst. De tripleksmuorre wie heal tognaud en hoe't it krekt yn 'e wurken gien wie, nei alle gedachten wie troch de roerigens fan it jongguod it nêst op 'e baen rekke en wie de trein der yn op riden. Under de stront, mei plús en prikjes oerdutsen, hie er it front fan de lokomotyf om de bocht kommen sjoen. En it dak en de ruten fan it hiele treinstel, in smearlapperij wie it, dêr't er de oare deis, doe't de âlde Pocher nochris wer as reserve ynset wie en hy it tohavene stel út de feart nimme koe, in bloedigen stik himmelwurk oan hawn hie. Ramijn sette him wer efter de tafel, fierder as de datum wie er yn it journael noch net kommen.
Hy fielde him in bytsje tryst en koe it bigjin fan syn deistich forslach mar net op it papier krije. Hy koe better mar hwat sliepe. In hoartsje skeukte er hinne en wer, doe forslappe it âlde liif yn de stoel.
Bûtendoar wie de nacht, soel en fol lytse gelûden, yn it gers, de knappende seintriedden en it doarp efter it tún. Under de beammen ploften de ripe fruchten op 'e groun, yn it hûs woelde de sliepende frou om en om. Hoeden krong de dage troch it túnhúske. Ramijn kaem oerein en friste him op by it fonteintsje. De pine yn syn boarst binaem him de siken, it skimere him foar de eagen. Mei de holle op 'e earms stie er oer it skeakelboerd leund en wachte op de telefoan. Lústerjend stie hy har to reden, né, né, it soe wol oerbetterje, it wurk moast trochgean. Hy rjochte him om de hoarn oan to heakjen, mei wiidiepen skrikeagen taeste er nei it hert, socht wankeljend in hâld foar syn hannen en smakte foaroer op de handels.
Efter de hage hearde men de jonges kommen. De doar wie ticht, hoeden bûgden hja de tûken fansiden en loerden troch de rútsjes yn it túnhúske. ‘Hy is yn 'e sliep rekke, jonges.’
En op it lytse emplacemint, dêr't de treinen skean en bryk oer de wiksels leine, fortrapen hja de weintsjes, brieken de rails fan it hout en krongen
| |
| |
maljend aloan fierder it hôf yn. Jûchjend hellen se de seinpeallen del en dounsen op it viadukt om oant it kreakjend ûnder har fuotten ynstoartte.
De âldman fortoande him noch altyd net, hja ramaeiden de doar fan syn went en fierder gie it op de tunnel oan. Fûl skopten har skuon yn it tripleks en it buordpapier, razend setten hja op de berging ta.
Yn 'e doar stie de frou. De jonges skrillen tobek, loeken har stadich werom en setten it dan stroffeljend en hompend op 'en draven.
Hwat wie der mei Ramijn, god, der soe him dochs neat oerkommen wêze? Bûten sinnen fleach de frou troch it hôf. Troch har triennen hinne seach hja it spoar fan fornieling dat har it paed nei it túnhúske wiisde. Driigjend stie de simmer oer it tún. It doarp ûntwekke út syn neimiddeissliep. Yn 'e fierte hearde men de jonges âljen: ‘Ramijn, Ramijn, dy frjemde filistijn...’
|
|