De Tsjerne. Jaargang 23(1968)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 236] [p. 236] Sjouke Voolstra / Fersen Kremaesje trije famkes njonken heit op 'e foarste rige allegearre blommen op in lange kiste moai waer en lange dagen praet de dûmny de ienichst bikearde efter de blauwe lûkjes blijf bij mij Heer want d'avond is nabij: oargelet in taperecorder dan kofje mei cake op ljochtskyndei wylst heit dûmny bitellet en trije famkes tige lytse famkes sjogge om har hinne... [pagina 237] [p. 237] Bed dou bist foar my net dy't ik my foarsteld hie mar hwa't dat wol is wit ik allikemin sadwaende skik ik my en doch de eagen ticht as ik dy ienris yn 'e wike nim ik bin foar dy ek net dy'tst forwachte hiest mar hwa't dat wol is seist my net en dêrom makkest eltse dei it bêd wer op forskjinnest ienris yn 'e fjirtjin dagen de lekkens dat bêd dat bitsjut hwat en dan to bitinken dat men der as lyk ek noch op lizze sil Vorige Volgende