De Tsjerne. Jaargang 23(1968)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 234] [p. 234] Daniël Daen / It komt net hurd oan (of krekt wol fansels) tinkend oer it libben fan tsjustere machten of in god yn 'e hegerein seit men hy is in natuerlik neutrum in fluïdum divinum of inkeld âld mei in burd hjir leit nou ús wrâld to rikjen fan napalm to stjonken fan liken to triljen fan ierdskokken to flokken fan skriuwersprosessen - heil jonges fan moskou - foar leauwe moat men wol fan goede wil en komôf wêze my tinkt yn dit forbân lit fluïdum him noch it bêste lêze Vorige Volgende