De Tsjerne. Jaargang 22(1967)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 341] [p. 341] [Nummer 10] Sjoerd Spanninga / Fersen It ballet Soms skimet der in doffe dize oer de geast en is der neat dat tusken jin fibrearret âld en skier it lân de giele spikkels fan it reid in wylde jerke siket noch de lêste gloede om in hâld mar is 't gjin idel tinken mear de ierde hat de simmer yn 'e holle jongfammich wer de breid dan wurdt hja wûnderlik troch ûnbikende machten hillige en hoede hja hoecht net bang to wêzen waeije aenst ús lippen op har mûle of teppe hja in fûgelfearke lâns har wang en oer har boarst wylst troch de goede geur fan 't ripe nôt har hingjend hier ús hannen dwale hwant elk mins hat syn eigen rhythme en kosmyske bipaeldheit inkeld har forskining iepenbieret jin forburgen dingen droegen wy se dreamend yn ús mei [pagina 342] [p. 342] in wizer witten dat toloar giet yn aeonen foar de skepping bringt jin by it hert fan it hielal wy widzje de oneinichheden yn ús earmen hjir dounset de muzyk fan 't lichem mei dy fan de siel djipglânzjende herinneringen en wynderjende geheimen har ballet lieten hja har soeije yn de waermte fan de wiersé it baeijen nei de oertiid fan har skerte wasket alle geilens út ús wei de smoarge koarsten falle fan jin ou en men wurdt reinige fan binnen de wite nachten dat wy weagjend ús biwege yn in oare sfear it hurde libben fluezet him ta floeijend ljocht hwer't stille tankberens har triennen oan 'e teisters blinkt. [pagina 343] [p. 343] Dream In machtich leger stean de stjerren yn it fjild riboskjend roeije in pear einen frjemde runen lâns de grêft hja roppe kjel de wacht op 't flitsen fan geheime tekens en spatte sa oerémus út it wetter dat se sjitte sûnder elk biroai mei kûgelsfeart wer del de beammen wurde der ûnrêstich fan... mar dan ynienen falt de twivel wei it bolwurk leit syn sterke earmen hoedzjend om de stêd - earne lûkt in man de horoskoop wol by in jonge frou oant de moanne opgiet yn har eagen - wylst hja stil har hier ûntwynt in weelderige toai wierket de nachtrook fan hingjende tunen dwelmjend oer de wâllen. [pagina 344] [p. 344] Persoansbiwiis De namme fan god rôllet ús langer sa flot út 'e mûle dat hy sil wol net al to djip weikomme sa giet it praet en feitwier de slimste remmingen yn 'e mins binne fakentiden net mear as skriktrie hwer't je by neijer ynsjoch soargeleas oerhinne stappe... doe't de learden yn de geheime gongen fan de harsens dan ek wiisden op in seldsum restant fan it forline in singeliere potentaet dêr't it forskrale tinken de libbensdrift folslein fan útdroege hie wisten hja it fierders wol der wie noch inkeld in perkaminten mummy fan oerbleaun de âlde tyran - sa dea as in pier of hy docht mar sabeare en forsliept syn forstân seine hja tsjin de pers - hy waerd diskreet opburgen yn in glêzekast se makken der sportyf in kykje fan foar de nijste pocket koed er him altyd bihoarlik [pagina 345] [p. 345] legitimearje en sont hâldt er him stiff oan 'e efterkant fan de wurden ûnder miljoenen nijsgjirrige fingerprinten lytse draeikolken fan goed en kwea. Vorige Volgende