De Tsjerne. Jaargang 22(1967)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 264] [p. 264] Meindert Bylsma / Fersen De bus fan fiif oer healwei sawnen ús heit is op 't fabryk yn 'e bus fan fiif oer healwei sawnen sparret heit postsegels dat kin er net witte de oare heiten sitte ek yn skearapparaten en yn 'e bus fan fiif oer healwei sawnen fol akwariums fol slaedplanten yn 't middenpaed fol folièrefûgels dy't by de glêzen oppiipje noch ien halte út israël in goudfisk hellet it net en ek in kanarry moat bilies jaen ynienen set it fabryk de hoed op alle jassen meije noch gau gau in sjekje draeije de lêste peuken fan sawnen rikje oanein op 'e dyk de korvéjers moatte ek wurk ha joun komt ús heit wer thús [pagina 265] [p. 265] Myn buorman foar myn buorman is it libben in kreas húske mei in konfeksjepakje in frou en 3 bern 2 wie oars ek wol genôch mar dy iene is foar 't brekken mei beide fuotten op 'e groun myn buorman is de hiele wike in fyts mei moarns it ljocht oan en jouns téfé de goedkeape stroom straelt fan him ôf yn 't wykein is myn buorman nei de tsjerke en tsjin fiven in slach om mei de frou fol bernewein tiisdei forskynt myn buorman stéfêst op it sjoernael fan in ûre of 10 it sjongkoar komt út halélúja soms woe 'k wol dat ik myn buorman wie Vorige Volgende