De Tsjerne. Jaargang 21(1966)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 239] [p. 239] [Nummer 7/8] Jo Smit: Kwatrinen Jin ynspanne dat die men earen Sa seine guon Fryske menhearen; Dêrom is har dichtfoarm nou it kwatryn, Dat liket har ien fan de flotste menearen. Priizgje wy nou it kwatryn, Us fielings bin sa tear en fyn, Dy wurde woune fan dy grouwe fersen: Mar fjouwer rigels kin nou alles yn. Ik meitsje achttsjin yn 'e ûre, Oer 't moaije, djûre en it njûre, En as it moat dan ek oer God; Jo kin' my om in boadskip stjûre. Nou folget in kwatryn oer God, De Skepper en Foltôger fan ús lot; In dwaes is ider minske sûnder leauwe - Geduld noch even; hy komt ek oan bod. Wis hat hy it minste paed net keazen, Dy't wannelet mei de goddeleazen En noflik rêst yn spotters' stoel: In sûnder hat in fin mear as de bearzen. [pagina 240] [p. 240] Haikoes Sawntjin wurdlidden omfiemje de ivichheit binnen de haikoe. To lang is 't kwatryn en fiersto slim: de haikoe is mear ús nei 't sin. Net noard en net súd wiist ús inerlik kompas, mar fijân of freon. Dichterlik wjerlûd rûzet soms troch my hinne, hjir is 't gedicht. ‘Hegedrukgebiet’ seit it waerbirjocht; de frou, noch sliepprich, glimket. Hjoed leit etter ús; hwa't de eigen tiid bikent omfiemet juster. Dommen bin sa wis, de knappen fol fan twivel: gjin niget alles. Vorige Volgende