| |
| |
| |
Sjoerd van der Schaaf:
De nihilist
Jitze Sybrandy hjitte de duvelbanner, dy't to meitsjen hawn hat mei it trelit op de Suwei, mar der binne mar inkelden mear, dy't der hwat fan ôfwitte. In jongkeardel wie er doe, Jitze Sybrandy, gjin tritich, en dochs al tige forneamd. Lykwols, sûnt dat barren op de Suwei is er alhielendal mei it duvelbannen ophâlden. Der moat twivel yn syn siele kommen wêze, en duvelbanners meije net twivelje.
It wie sa, dat neffens Jitze Sybrandy in ikebeam op 'e trijesprong der ôf moast, en fjildwachter Jager sei, dat it net trochgean mocht. Jitze Sybrandy socht de kweageasten meast yn 'e beammen, en op syn hjitten wie der al hiel hwat hout fallen, sûnder dat it folle opskuor jown hie, hwant yn de Wâlden sjocht men net op in beamke. Mar dizze ikebeam stie oan 'e Suwei, dy fan 'e gemeente is, en de boargemaster hie fan immen, dy't ûnbikend bliuwe woe, in wink krige. Einliken hie it wol hwat west foar himsels om der hinne to gean, hwant drok hied er it net, en sokke dingen bilibbe men net alle dagen. Mar hy wie gjin helt en wist net, hwat er fan sa'n bjusterbaerlik minskesoarte as duvelbanners tinke moast. Dêrom sei er tsjin Jager: ‘Jo moatte jo der mar mei rêdde. Ik haw driuwende amtsbeuzichheden.’
Nei alle tinken hat fjildwachter Jager dy ambtsbeuzichheden wol op in pypfol hawn, mar hy hie de ealachtbre der leaver net by as al. Hy wie net bang, ek net, doe't er fiif man mei bilen by de ikebeam foun. Jitze Sybrandy preuvele op dat stuit krekt ien of oare formule, en de oaren stiene ré om ta to slaen; en dêr wie Jager dan. Hy foroare him net om duvelbannersformules, en sels de bilen makken him net kjel. Hy sei: ‘Mannen, it muoit my tige, mar dy beam giet der net ôf!’
Der kaem hwat forwoedens yn Jitze Sybrandy syn eagen; hy seach fjildwachter Jager op en del oan en ornearre dat, as it om kweageasten gyng, alle fjildwachters op 'e wrâld it omkapjen fan beammen net keare koene. It like in faeije situaesje, Jager allinne tsjin fiif alhiel net sêftsedige Wâldmannen, de bilen ré. Mar dizze fjildwachter wie net de earste de bêste. Hy hie hwat yn syn wêzen, dat it folk ûnwis makke. Evenredich praette er, en syn eagen wiene hurd en koel.
Hy skodholle tsjin Jitze Sybrandy. ‘Jimme binne fiif man sterk, jimme ha bilen en ik haw in gummykneppel, dy't ik
| |
| |
net iens brûke wol, it liket my neat. Jimme kinne my skoan oer, en dochs siz ik: Dizze beam komt der net ôf, of allinne oer myn lyk.’
Jitze Sybrandy, oars ek net sa bang, wie doe dochs wol hwat bitommele. Hy joech útliz. ‘Der sit in kweageast yn dizze beam, dy't it forsjoen hat op it fé fan Jouke de Wit; en as dy forballe wurde sil, moat de beam der ôf en forbrând wurde.’
‘Twa kij en twa keallen dea yn trije fearnsjier’, sei Jouke de Wit; ‘dat kin gjin kant út, soe ik sizze.’
Fjildwachter Jager wiisde mei de finger op Jouke de Wit. ‘Achtsje jo it sa frjemd, dat jou fé der oan giet? Ik net. Ik sil it jo krekt fortelle: hâld jou bûthûs better skjin en waskje de sturten en it oare hwat flitiger! Jou fé stjert fan smoargens en ûnhuerichheit. As der al in kweageast is, binne jo it sels!’
‘Dû duvel, pak op!’ raesde Jouke de Wit, pûrlulk, en heve de bile. Mar Jager gyng tsjin 'e beam op stean en sei: ‘Goed, earst my dan mar, en dan de beam.’
En it moat sein wurde, dat doe Jitze Sybrandy it sitte litten hat. Tsjin de krêft en de oertsjûging fan de fjildwachter hied er in oare krêft en in oare oertsjûging sette moatten. Hy hie geastlik sterker wêze moatten as Jager. En dat wied er net. Hy wie forslein, en bisocht allinne, him der noch in bytsje út to rêdden.
‘Jo prate oer dingen, dêr't jo gjin grevel forstân fan hawwe. Jo sjogge net fierder as jou noas lang is. Der sit in kweageast yn 'e beam, en dêrom moat dy der ôf.’
Fjildwachter Jager glimke. ‘Jitze Sybrandy, harkje goed. Trije roekenesten sitte yn dizze beam, en al húsmannen dêr de duvel en syn famylje sels yn, dan bleau er noch stean! De beam is net fan jimme, mar fan de gemeente. En dit is myn lêste wurd.’
Jouke de Wit flokte, en syn maten seine ek in pear rare wurden, mar Jitze Sybrandy kapitulearre. ‘Jo binne baes’, sei er. ‘Mar der bart nochris hwat slims by dizze beam.’ Doe draeide er him om en gyng fuort. En foar syn maten siet der oars net op as doch itselde.
Dat wie it trelit op 'e Suwei, en der is in skoft tige oer praet. It wie de ein fan Jitze Sybrandy syn duvelbanners-karrière. Hy hie noch wol fisioenen, waerd der sein, en hearde en seach mear as sljochtwei, mar by makke der gjin gebrûk mear fan. Hy waerd taksateur en assuradeur, en fioelspile op dounsjounen, hwant dat koed er tige. It wie yn 'e tiid, dat rounom it duvelbannen yn forfal rekke. It forstân, de witten- | |
| |
skip, hja krigen de oerhân op alderhanne folksleauwe. It gyng Jitze Sybrandy lang net min. Hy kocht lân hjir en dêr en hy kocht in hûs; en doe't er sechstich wie, troude er noch mei de húshâldster. Sa kaem Wisse Sybrandy op 'e wrâld. Oer Wisse sille wy it hawwe yn dit forhael, en de lêzer wit nou syn skaei. Doe't op in forkeaping it hert fan Jitze Sybrandy samar stilstean bleau, krekt nei't er ‘myn’ roppen hie, wie Wisse noch mar tolve jier. En doe't syn mem hommels stoar oan 'e spaenske gryp, wie it him in deimannich lyn slagge, him ôfkarre to litten foar de tsjinst.
Wisse Sybrandy wie dejinge, dy't se noch in skoft de nihilist neamd hawwe. It wie in nuvere skelnamme, mar Wisse Sybrandy makke der him alhielendal net lulk oer. Hy joech mar in bytsje om hwat de minsken seine. Hy ried yn in greate auto en hie oanmetten pakken oan en djûre huodden op, en gyng hiel hwat floater troch it libben as de measte doarpslju. ‘Agenturen’, stie op syn nammebuordtsje; lykwols, Roel de Jong, dy't ek agentueren hie, ornearre dat dêr net sa'n djûre wein út bitelle wurde koe. Boppedat, elkenien wist ommers, dat Wisse Sybrandy mear foar aventueren as foar agentueren op in paed wie. ‘Dy fint tart op syn jild, net op syn flyt.’ Roel de Jong siet yn it wrak twaddehâns weintsje, en noch koe it neffens him der amper ôf.
De namme nihilist kaem fan dominy Gouma, dy't lang mei Wisse Sybrandy yn tsjok waer sitten hat en mar al to goed wist, it net woun to hawwen, doe't er forfear nei de greate stêd, dêr't er in birop oannommen hie. Nou wie dominy Gouma alhiel net sa hastich yn syn oardiel en allikemin in man fan greate wurden. It wurd nihilist hat er ris brûkt yn in lytse rounte, mar dêr foel it der sa yn, dat it him al gau fierder forspraette. In skelnamme is fakentiden in lytse wraek op minsken, dêr't men gjin fet op hat.
De relaesje tusken dominy Gouma en Wisse Sybrandy hat bistien yn in rige lytse en greate botsingen. Hja wiene as twa poalen, alhiel forskieden en dochs mekoarren oanlûkend. De lytse botsingen binne net sa fan bilang, mar de greate meije dochs wol neamd wurde. It wiene trije: it gefal-Leo Bongertman, it gefal-Fim Harsta en it gefal-Rikele Warringa.
Leo Bongertman wie helppreker, krekt ôfstudearre, en in tige stipe foar dominy Gouma. Jong en fleurich, waerd er oeral graech ynhelle. Hy rekke in bytsje bifreone mei Wisse Sybrandy, en dat is net goed biteard. Hwant op in merkesnein krige Wisse nei in flesse wyn de jongkeardel safier, dat er
| |
| |
meigyng om in draeimoune foar in ûre ôf to hieren. It waerd in suksesnûmer, de hier kaem der skoan út, en it wie ris hwat oars. Mar ûnder de gemeenteleden joech it frijhwat opskuor, en doe't dominy de jouns thúskaem fan in preek om utens en fan it gefal hearde, socht er de twakaert, dy't noch altyd op 'e merke tahâldde, daliks op. Leo Bongertman woe wol yn goedens; hy joech dimmen ta, dat it net yn oarder wie, en ûnthiet, de oare deis it fjild to romjen. Sa barde it ek. Mar Wisse Sybrandy wie net skiklik en net dimmen. ‘Leo hat neat forkeards dien’, sei er; ‘jo dogge de minsklike geast gewelt oan. Hwat is der tsjin hwat fleurigens, en hwerom is in oargel yn tsjerke op snein goed en in oargel yn in draeimoune op snein forkeard?’
‘Jo blaze út in great gat’, sei dominy Gouma, ‘en jo witte fan neat; neat fan sûnde en neat fan de Skrift, dy't seit, dat de snein hillige wurde moat. En in tsjerkeoargel, dêr't psalmen op spile wurde, is tinkt my noch al hwat oars as in draeioargel yn in draeimoune mei syn strjitdeunen, binammen as dêr in heal dronken fint oan stiet. It liket nearne nei; Leo Bongertman giet fuort mei in smet op syn reputaesje, in man dy't dominy wurde sil. Mar de forlieder binne jo, en it sil der jo nei forgean, as jo josels net foroarje.’
Wisse Sybrandy waerd der oars noch oars fan.
‘In oargel is in ding mei luchtpipen, yn 'e tsjerke en op 'e merke; en fierders wit ik noch sa krekt net oft jou smet net greater is as Leo Bongertman sines. Dy learde it libben en de minsken kennen, jo hâlde se op in distânsje.’
‘Hâld op man’, sei dominy Gouma lulk, ‘ik hoech net nei de merke to gean om to sjen, hoe swak de minsken binne, dat wit ik sa wol. En it is ek net nedich, dat men sûndiget om to witten hwat sûnde is.’
‘Men kin fansels ûngelyk tinke oer hwat sûnde is en hwat net’, woe Wisse Sybrandy ha; ‘en it falt wolris net ta, to ûnderskieden tusken frommens en skynhilligens.’
Doe forlear dominy Gouma syn geduld.
‘Man, flean op!’ rôp er, en sette nidich ôf; mar in pear stappen letter hied er al wer spyt. ‘Wy prate noch wolris wer’, sei er, de holle omdraeijend. ‘Minlike graech’, sei Wisse Sybrandy, alhiel net misledige; ‘der is noch wol mear, dêr't ik it ris oer ha woe.’
It gefal-Fim Harsta waerd op it doarp algemien as in lytse trageedzje opfette. Fim Harsta wie in wees, opwoechsen by in âlde muoike ûnder taforsjoch fan dominy Gouma. Hja wie flitich op skoalle en flitich op it fraechlearen, en mei njog- | |
| |
gentjin jier waerd hja al sneinskoallejuffer. Hja wie tsjep, in sieraed fan it doarp en in sieraed fan 'e tsjerke; en sa hoegde it gjin nij to dwaen dat in jongkeardel, in Durk Metskes, organist en koarlieder, smucht op har krige. Dizze Durk Metskes blonk út troch deugdsumens en wie perfoarst net sûnder talinten, en it doarp hie him Fim Harsta graech gund. Mar it kaem oars: Fim Harsta rekke yn 'e kunde mei Wisse Sybrandy, en doe hie Durk Metskes gjin grevel kâns mear.
Op dat stuit wie hja al in stik yn de tweintich op, en der wie gjin minske dy't bihinderje koe dat hja op in dei mei alles hwat hja harres neame koe, nei Wisse Sybrandy syn great hûs forfear. Húshâldster by Wisse, in jong en tsjep frommis ûnder it dak fan in man dy't forneamd wie om syn forliedingskunsten! It doarp gounze. It kaem safier, dat him op in joun folk sammele foar Wisse Sybrandy syn hûs, mei net sokke goede bidoelingen. Mar it die al wer bliken, dat Wisse in fin mear hie as in bears; fleurich kaem er bûtendoar, spriek hwat fan him ôf en krige de lju safier, dat hja meigyngen nei de herberge It Reahert en harren dêr troch in sûpke of in glês bier ôfkeapje lieten. It wie in karikatuer fan in folksgerjocht, sa moai as de Wâlden noch nea sjoen hiene.
De musikus Durk Metskes klage syn need by dominy Gouma: sa syn bêst hied er altiten dien, sa goedwollend en sober hied er altiten west, en nou moast er bilibje, dat Fim Harsta, de faem dêr't er al syn forwachtingen op boud hie, forfoel ta in swankebast fan in fint as Wisse Sybrandy, soan fan in duvelbanner, sjedêr. En efter dizze wurden preau dominy wol it forwyt dat hy as âld tasjende fâd dit net keard hie, en nammers ek de fraech, hoe't it siet mei in wrâld, dêr't de rjochtfeardige syn lean net krige. Dominy seach Durk Metskes ris oan en sei, dat hy hjir perfoarst net oan meiwurke hie en dat er noch wolris sjen soe oft der hwat oan to dwaen wie.
Nei Fim gyng er net; dy wie al fan de sneinskoalle forballe, en as it der op oankaem, hied er in soarte âld-puriteinske wjeraksel yn it redendielen mei froulju. Hy wachte oant er wist dat Wisse Sybrandy thús wie, en sette der doe op ôf. Wisse ûntfong him optein, dominy moast foaral in sigaer oanstekke en dominy moast mar sizze hwat er drinke woe, der wie fan alles yn 'e hûs. Dat die dominy gjin nij, hy liet him hwat ûnskuldichs foarsette en bigoun doe oer de forhâldingen yn it hûs fan Wisse, dy't him alhielendal net oanstiene.
Wisse bigriep der neat fan. ‘Yn dit hûs wennet leafde’, sei er; ‘Fim en ik binne forloofd.’
Dominy seach net botte fleurich.
| |
| |
‘Forloofden hearre net ûnder ien dak to wenjen. It bigreatet my om Fim, dy is fiersto goed foar jo.’
Doe knikte Wisse forheftich.
‘Dat haw ik ek al sein, hja is to goed foar my, mar dêr wol hja neat fan witte. En hwat jo dêr seine fan it wenjen ûnder ien dak, sjoch, hja is myn húshâldster ek. Dat sadwaende.’
Der kaem hwat kleur op dominy Gouma syn troanje.
‘It houlik is in hillige saek, Wisse Sybrandy, mar jo ha de gek der mei.’
Dêr wie Wisse it net mei iens.
‘Harkris, alle lju binne dochs forloofd, ear't hja trouwe.’
Dominy gyng oerein. Hy hie syn geduld likernôch forlern.
‘Wisse Sybrandy, hwer leauwe jo einliken oan?’
Wisse wie alhiel net om in antwurd forlegen.
‘Dat sil ik jo gau fortelle. Ik leau oan de harmony fan alle dingen. De wrâld leit der neffens my moai sljocht hinne en is fol kunstwurken. Elkenien, dy't der each foar hat, sjocht it De moaiste kunstwurken binne de froulju.’
Breinroer wie dominy. Mei faesje sette er ta de keamer út. Yn syn rjochterhân forkniep er Wisse syn sigaer. ‘Gjin wurd mear, gjin wurd mear!’ By de doar lykwols sei er: ‘Letter prate wy wer.’
Wisse seach him binijd efternei.
‘Ja, krekt, wy wiene noch net klear.’
Op strjitte preuvele dominy: ‘De heiden, de heiden!’
It wurd nihilist brûkte er net; doe noch net. Dat barde pas nei it gefal-Rikele Warringa.
Foar dat dat him ôfspile, barde der noch hwat oars. Wisse Sybrandy waerd lid fan 'e Rie. Mei noch in maet waerd er keazen op 'e list fan de saneamde Wegenpartij. It wie einliken hielendal gjin partij. It wie allinne mar in list. En it waerd in fraksje fan twa man yn in Rie fan fyftjin. It joech opskuor genôch, hwant foar de forkiezingen hiene alle partijen yn harren struibrieven sein, dat de kiezers wol wizer wêze soene en jow stipe oan it healwize gedoch fan de hear W. Sybrandy; in man dy't him oant nou ta noch nea om de mienskip bikroade hie. Mar in foech tûzen kiezers wiene net wizer, en sa waerd Wisse ealachtbre. Syn sekondant wie in boerke fan tsjin 'e sawntich, immen dêr't fan sein waerd dat er nou foar it earst fan syn libben wol ris skuon oanlûke moatte soe.
It wie dochs wol in sterk stik. Wisse wie op it idé kommen de hjerstmis tofoaren, doe't der aerdich mear reinwetter foel as sljochtwei en hy mei syn greate auto faek op 'e modder- | |
| |
wegen net mear foar- of efterút koe. Hy kaem dêrre, om't er in jachtakte hie, en gjin stap fierder rinne woe as nedich wie. Hy wie forstannich genôch om to bigripen, dat foar jagers gjin hurde wegen oanlein wurde koene. Mar as it foar de boeren barde, hiene dy der ek hwat oan. En sa ûntdiek hy, hoe'n lêst en skea de boeren hiene fan de strieminne Wâldreden en Wâldpaden. Dêr moast nedich hwat oan dien wurde; en hy neam de foarstap. Hy skreau in foech manifest en hâldde in pear gearkomsten mei lju fan de kranten der by. It stik spile moai. Wisse wist, hoen bidroefd bytsje dominy Gouma en oaren yn him seagen; mar hwat die dat folk, dat it sa goed wist, foar de lytse boeren oan al dy bûten- en binnen- en efterwegen?
Der kaem in âld man by him, dy't him bitanke foar syn aksje en sei, dat er Jitze Sybrandy noch kend hie, in keardel mei singuliere talinten. Wisse joech him bliid de hân en sei: ‘Jo komme by my op 'e list.’ Sa barde it.
Twa riedsleden, en hwa wit hwat der noch mear ût fuortkommen wie, hwant Wisse praette net min en hie in tige oanliz foar demagogy. Efter de Rie wonken de Steaten yn Ljouwert en de Keamers yn Den Haech. Dominy Gouma hie it oer in teken fan 'e tiid: de minsken tochten langer yn wegen, de blinen, as soe ea lâns ien hurde wei it heil komme. En de politike partijen diene to witten, dat hja fansels ek foar hurde wegen wiene, mar foar noch withoefolle mear! It wie in griis, dat safolle minsken dat net ynseagen. Kânsen genôch foar Wisse, hwant hy wie it middelpunt fan de krityk, en elkenien wit dat dat de bêste manear is om fierder to kommen. Mar it roun oars, lyk as blike sil.
En nou it gefal-Rikele Warringa. Rikele Warringa wie de soan fan in jongstoarne gemeente-siktaris, opwoechsen ûnder swiere omstannichheden. Syn mem hie mar in lyts pinsioentsje, en der wiene noch twa famkes ûnder him. De húshâlding krige wol help fan ûnderskate kanten, mar al to stilswijend barde dat net en al to folle wie it ek net. Sa wist Rikele al hiel gau, hoe bêst de minsken wiene en hoe'n greate forplichtingen binammen hy as âldste fan de bern hie. Sunich wêze, kloek wêze, tankber wêze, dat wie it devys, dat him sels yn 'e sliep noch foar eagen stean moast. Flitich, altyd goede rapporten op skoalle, neat mocht der oan him mankeare; hwat soene oars al dy goede minsken wol tinke?
Hy waerd in stille jonge, hwat spjochtich en hwat ûnhandich. Rjocht meidwaen mei de oaren koed er net, en laitsjen seach men him hast nea. Doe't er sakke foar it eineksamen fan 'e
| |
| |
H.B.S., waerd dêr frijhwat ûntankberens yn sjoen. Dy fint moast dochs witte hoe't it der mei stie. Sa bêst hie elkenien foar de húshâlding west, en nou dit! Dan hie syn heit al in oare man west!
Dat wiene de jonge jierren fan Rikele Warringa; se hâldden nou op, hwant hy kaem op it ûntfangerskantoar en krige to hearren, dat hy hiel hwat goed to meitsjen hie. Hy joech der him wol by, waerd der sein; hwa wit soe it noch net hwat mei him wurde. Letter hearde men grútsjen, dat er de froulju sa nuver efternei seach; dat kaem fansels alhielendal net to pas, hwant hy wist tige skoan, dat hy kostwinder wie. En noch wer letter stie it party minsken mar matich oan, dat hy wolris by Wisse Sybrandy oer de flier kaem, dêr't er op in piano omslaen mocht en dêr't fan alles to lêzen wie. Dominy Gouma ûnderstie him der in kearmannich oer. Rikele Warringa sei mar inkelde wurden werom, mar dominy bisaude him oer de wjerstân, dy't der út bliek. En doe't dominy him ris by Wisse yn 'e auto sitten seach, achte er de tiid ryp om krêftich yn to gripen. Hy krige lykwols de kâns net mear, hwant fuort dêrnei wie Rikele der mei likernôch tsientûzen goune fan troch.
It doarp stie op 'e kop, en dominy Gouma sei planút tsjin Wisse Sybrandy, dat it dy syn kweade ynfloed wie; mar Wisse ornearre, dat hy der neat oan dwaen koe. Men seach it altyd en oeral dat minsken, dy't lange jierren koarthâlden wiene, op de ien of oare kear hwat weromdiene. Dominy hie him tige mei Rikele bimuoid, sei Wisse, en dochs hied er dit net keare kind; nou moast er net in man, dy't hannelsagint wie en gjin sedemaster, de skuld jaen.
‘Jo draeije de boel wer om, lyk as altyd’, sei dominy lulk, mar noch brûkte er it wurd nihilist net. Rikele Warringa fordwoun yn 'e maitiid, en waerd oppakt yn Súd-Frankryk yn 'e hjerstmoanne, sûnder in sint en libjend fan fruchten, dy't er gnobbe. Doe't er foar it rjocht kaem, hiene de goede minsken al wer folle foar him dien. De reklassearing wie ré om him to helpen, en der wie in tûke advokaet dy't it foar him opnaem. Oatmoedich en dimmen joech Rikele alles ta: hy wie foar de forlieding biswykt; hy bigriep nou wol hwat er misdien hie tsjin syn famylje en tsjin de minsken, dy't him holpen hiene. De offisier fan justysje lei doe út, hoe earnstich dizze saek wie, hoe bûtenwenstich hjir misbrûk makke wie fan in bitrouwensposysje, en hoe't de maetskippij wêze soe, dy't dizze dingen al to licht opnaem. In heal jier sitte en nochris in heal jier, as er him net oan in rige bitingsten hâldde, dat wie, tocht
| |
| |
him, wol it minste dat er freegje koe. En dêrnei die de advokaet in forhael oer de fatsoenlike húshâlding, dêr't Rikele út kaem, de swiere sile, dy't er lûke moatten hie, en syn foarnimmen, alles oant de lêste sint werom to biteljen yn syn letter libben. Dizze swiere lêst soed er lang tôgje moatte, en de smet op syn namme soe syn hiele libben bliuwe, dat de advokaet die in tige birop op de barmhertichheit fan de hearen rjochters foar dizze jongkeardel, dy't noch in hiel libben foar him hie.
It wie gien lyk as it gean moast, trystich en earnstich. Der hiene triennen yn Rikele syn eagen stien, en sa hearde it ek. Op 'e gong waerd er fuortbrocht fan in polysjeman fan it parket, en doe seach er Wisse Sybrandy fan de publike tribune kommen. Op dat stuit heldere syn troanje ynienen op. Hy woe Wisse de hân jaen, mar dat kearde de polysjeman, hwant detineerdenstart fûstkje net op 'e gong. Lykwols, Rikele syn ûle koe de polysje net slute. ‘Sybrandy’, sei er,‘,op Korsika, dêr is it moai...!’
Dominy Gouma wie der by, en waerd sa wyt as in deade. Hy hie tige syn bêst dien foar Rikele; en dat alles gien wie lyk as it gean moast, hie foar in great part syn wurk west. En nou dêr op 'e gong foel einliken alles yn mekoarren: de hiele opset, de hiele regy, it hiele stik.
Bûten it gebou skeat dominy op Wisse Sybrandy ôf.
‘Jo ha gjin morael. Hja moasten jo libbenslang opslute!’
Mar Wisse liet him net forswarre.
‘Ik sil 't jo krekt sizze: jo en jou maten moasten in pak op 'e hûd hawwe. Jimme ha fan Rikele in Hieronimus van Alphen-jonkje meitsje wold. Gjin wille hat er hawn, lange jierren, en gjin wille sil er fierders hawwe. Foar in lyts skoft hat er nou hwat wille stellen, en jimme forgunne it him. Nou, fordeald, ik forgun it him net. It is faeks letter it iennichste, dat him noch in bytsje oerein hâldt.’
Dominy Gouma foun earst gjin wurden, hwant fan dy kant hied er de saek noch net bisjoen. Mar doe sei er: ‘Ik hâld út, dat jo in stik bidjer fan 'e maetskippij binne. Us libbensskôgingen hawwe neat gemien. Ik groetsje jo!’
En doe, dyselde jouns, yn in lyts formidden, neamde dominy Gouma Wisse Sybrandy in nihilist; in man dy't blyn, sûnder skuldgefoel, sûnder leauwe en sûnder ideäel troch it libben gyng.
Dominy Gouma hie Wisse Sybrandy groete, net lang dêrnei groete er it hiele doarp. Hy waerd dominy yn in greate stêd.
| |
| |
Gyng er fuort om Wisse? It soe wêze kinne, dat er him yn de saek-Rikele Warringa net mear sa wis fan himsels heide as earst. Mar der wie mear. Hy hie ûnrêstigens merkbiten yn syn gemeente, om't it Wisse Sybrandy sa oan ien stik wei foar de wyn gyng, wylst de froeden en frommen nea ris in fortúntsje hiene. Koartlyn hie de man, dy't nei God noch gebod harke, noch wer in hynder woun yn in lotterij. De greatste auto, de moaiste frou, lid fan 'e Rie, dat koene Roel de Jong en Durk Metskes en al dy oaren mar min fortarre. En dominy achte nou, dat in oar moast it mar ris dwaen.
De stjer fan Wisse Sybrandy stie heech. De jierren dêrnei bisleat de Rie, in rychje sânwegen oan to pakken. Dat koe foar net folle jild, om't der in middel ûntdutsen wie om de boppeste laech fan it sân ta in hurde massa to meitsjen. It trof wol bisûnder, dat dat krekt útfoun waerd, doe't Wisse lid fan de Rie wie. Dy man hie it altyd yn streken. Wisse syn stjer stie heech; mar lang soe dat net mear duorje.
Der waerd in nij bernesikehûs op it doarp boud, en doe't it oan 'e oanliz fan de sintrale forwaerming ta wie, kaem de wite man. Bleker hiene se op it doarp noch nea immen sjoen; dochs like er wol soun to wêzen. Hy hie in great technysk forstân, mar hy koe ek noch oare dingen. Hy wist frijhwat fan hypnose, en jouns, yn de jachtweide fan It Reahert, liet er dêr nuvere staeltsjes fan sjen. It koe hast net oars of hy rekke bifreone mei Wisse Sybrandy, mei hwa't er faek moarns út to fiskjen gyng. Der waerd grute, dat hja dan froasken fongen en dêr de biltsjes fan bakten en opieten.
De wite man bleau in hjerst, in winter en in maitiid oer; en doe stiene der wer forkiezingen foar de doar, earst foar de Rie en dan foar de Steaten. Wisse mikte diskear heech. Hy woe ek nei Ljouwert. En hy kaem op it idé om nei syn gearkomsten de wite man mei to nimmen, dy't yn it skoft inkelde fan syn kunsten sjen litte koe. As dat net holp, holp neat!
De earste gearkomste wie yn in boeredoarp. Wisse hie him net forsind; groatfol wie de seal, en de kastlein sei it him letter sels: noch nea wie in forkiezingsgearkomste dêr sa goed slagge. Wolkeleas like de himel foar Wisse Sybrandy, dy't nou fiif man op syn list stean hie en rekkene, dat dêr dochs wol trije of fjouwer fan keazen waerden. Hwa wit levere dat in wethâlderskip op. Wethâlder Wisse Sybrandy. Wolkeleas like de himel.
Mar der wurken ek oare krêften. Hwant doe't hja werom soene, hy, Fim en de wite man, die it bliken dat der twa
| |
| |
bannen fan de auto fornield wiene. Hja wiene yn de Wâlden. Wisse achte it net sa slim. ‘Reklame’, sei er, ‘allegear reklame!’ Mar hja moasten yn in oare auto nei hûs. De garaezjehâlder liende harren in twapersoansweintsje. De wite man koe yn 'e kattebak efteryn.
Op 'e weromreis kamen hja de Suwei lâns. By de trijesprong stiene in mannich lantearnen, dy't in sé fan frjemd ljocht joegen. Wisse hie se lykwols net nedich, hy wie der wol tûen kear foarby kaem en koe it paed blynseach wol fine. En dochs kaem it diskear net goed. De auto hie lofts in baes spegel, en dêr seach Wisse deun by de trijesprong de dea yn stean. It wie deselde wite, gnizende troanje, dy't er sa faek op printen sjoen hie. Wisse koe in soad forneare, mar dit wie him to mânsk. Der kaem earne ûnder út syn kiel in heaze flok, en noch gjin sekonde letter stau de wein mei faesje tsjin in beam op 'e hoeke op. Fim fleach der út nei de iene kant en de wite man, dy't út syn kattebak wei by de auto lâns foarút sjoen hie, nei de oare kant. Der mankearde harren suver neat. Mar Wisse Sybrandy efter it stjûr wie kroandea. Dêrmei wie de wrâld wer yn 'e foegen.
Lang hoecht it forhael net mear to duorjen. Der wie de oare deis tafallich sitting fan de Rie, en de boargemaster bitocht yn in koarte taspraek Wisse Sybrandy, dy't, sei er, aktyf en net sûnder fortuten it bilang fan de gemeente tsjinne hie.
By de rounfraech krige foar it earst it boerke, Wisse Sybrandy syn maet, it wurd. Hy sei, dat dy beam op 'e trijesprong der ôf moast. De gemeente hie der wol lantearnen set, mar it ûngelok, dat it libben koste hie fan it achte lid, de hear Sybrandy, biwiisde wol dat it dêr net mei ta koe. Hy koe persoanlik tsjûgje, dat de hear Sybrandy in take rider wie.
De boargemaster woe der gjin rûzje oer meitsje. Yn de Wâlden sjocht men net op in beamke. Hy sei, dat hy dit forsiik wol ynskikke koe en dat de beam der ôf kaem. It hie faeks al earder barre moatten.
Doe't de beam in deimannich letter kappe waerd, stie it boerke, dat Jitze Sybrandy noch kend hie, op in distânsje der nei to sjen. Hy knikte. Hy wie gjin nihilist.
|
|