| |
| |
| |
[Nummer 2]
Sjoerd Spanninga:
Winterbloei
De beammen ha in stilbilôke laitsjen
ûnder it geflinter fan de flokken, -
de maeitiid giet har suver oer de lea,
sa blossemt hiel de wrâld
it libben hat al oanstriid om to sjongen;
lykwols, it griene rekket hommels wei,
en alles hâldt him dea, -
binne hja ta wite fjilden krôke,
yn 'e hôing fan myn hert, -
inkeld hwat skerpe skrassen
| |
| |
| |
Toverlantearne
It moannegloeijen hie de teare glâns
fan tin; it wetter, stil en dize,
wie oeral en nearne, mar 't forline
libbe hjir de sé noch yn,
en âlde gloarje joech it grize
fan forware muorren en de haven sfear,
kwant ienris sylden nei oriënten
fan dizze oarde dryst de seilen út,
paedsikers nei it ûnbikende, -
ek kearden hja wol, widzjend yn 'e heupen,
rykbiladen oan ellinde thús,
in lytse karavaen fan krûderijen,
en leine letter wer de skippen op 'e ré,
de wite wjokslach fan de weagens om 'e stjûne,
dan liet men swijend soms de weefsels
fan 't lijen troch de taende hannen glide.
Mar neat hat hjir in bliuwend sté
op ierde; de ieuwen hawwe harren gean
en kommen as de tiden fan it tij,
de handel broazelt mei de wenten,
of siket om in nij ûntwyk, en hwer't alear
it rûzige biweech wie fan de kade en de strjitte,
komt jin it hjoed tomjitte, iensum gongler,
dy't frjemd-allinne toevet by in stik antyk,
dêr't skymrich mimert hûgenis' lantearne,
of foar in machtich pakhûs, dat it hechte byntwurk
fan geslachten yn him hat en jit de tinzen
skoarret fan in skaei mei sterke skouders, -
wylst legert him de nacht al op 'e swiere souders,
en draeft jong libben foar de âlde gevels lâns...
| |
| |
| |
Negro song
Ik bin noch lang net by Jo, Hear,
de himelen dy wurde klear
haw tank foar al it goede, Hear,
haw tank foar al it kwea,
hwant sa't myn herte nou bloeit, Hear,
| |
Simpel lietsje
Hja komme allegear op tiid,
de ien' hat dit, de oare dat,
ik bin in ivichheit to let,
en haw mar in earmoedich liet
fol dissonanten yn it hert,
oant it de melodij wer wit,
dy't alle dingen dounsje lit,
en spylman wurdt fan God.
| |
| |
| |
Spoetnik en konsorten
aenst fljocht it hiele alfabet
mei ús omheech as in raket,
dan is 't de kwesje fan in tel,
de himel wurdt ek ta in hel,
en men hat dêr deselde keet
as hjir by ús op de planeet, -
sa net, ik neam 't in wiis bistel,
dat hâldt it leger hwat mobyl,
men sjocht net op in projektyl,
en maelt net om in kontinint,
is it foar 't heil fan de regint,
en mei de duvel as pasjint, -
hwant splist men 't folk net yn atomen,
hwer bliuwe skielk ús ekonomen,
men kin net frette fan de dromen,
al sjit der nei moreel biried
soms lang om let in stien yn sied,
dy't fierder libbet by de graesje,
en nei de wetten fan it naesje, -
de minske is fan goede wil,
en jowt dus graech in oar in pil,
dat seit men doktorael syn sin,
is 't medisyn noch net sa min,
hwant wittenskippelik bisjoen
leit ider del foar in miljoen,
soks flikkert oan, sjocht men de winst
fan inkeld plicht en kristentsjinst,
oars wurdt de ierde ien stik fulles,
en kommunist, seit dûmny dulles, -
útsein in stille dei fan rêst,
dan skynt de moanne foar it lêst,
en hâldt de dea syn greate rede,
it libben lykwols hat nou frede,
| |
| |
| |
De preek
Miskien set men earst fatsoenlik nei tsjerke,
en hâlde jim dan mei de ingeltsjes merke,
sa preke de kânsel in kear op in sneine,
mar hwa wol de himel yn dideldomdeine?
al komme de minsken dêr krekt sa't se binne,
gjinien sil him mear by it sjongen forsinne,
hwant de hilligen geane mei hoeren to skoat,
en de snoaden dy steane foar idioat!
| |
| |
| |
Eleminten
Smyt ús mar by it skelve hout,
dat faklju út 'e hannen roun,
en nou forwjirmet op 'e groun,
in elemint fan waer en wyn, -
nim leaver dizze beam foar kar,
de swierste stamme, geef as goud,
dy't noch de moed hat ta forwar,
en nea bilies jowt of him woun, -
hy set him krekt salang to skoar,
oant him tofret de nôgerboar,
der wurdt gjin spyn oan him bifoun,
hwant hwat der ek oan spuonnen foel,
net alles doocht foar 't selde doel,
en hat itselde wêzen yn, -
de iene libbet fan de dream,
in oar is 't dy't de kiste sjout!
|
|