dy't èk wichtich wiene; it meitsjen fan kostúms of it forsoargjen fan it iepenlofttheater.
Yn Diever hawwe hja yn de rin fan de jierren ek leard om mei de stikken in goede kar to dwaen. Hja hawwe ûnderfoun, dat hja har oan King Lear fortille moasten, mar dat de Midsimmernachtsdream har tige leit. En ek mei it lêste stik hawwe hja eare bihelle.
En nou de fraech hwat dit ús yn forbân mei it Fryske toaniel to sizzen hat. It enthousiasme fan Diever stekt tige gunstich by uzes ôf. It jin sa folslein ynlibjen en fortroud meitsjen mei it stik, it mear as hûndert kear repetearjen komt hjir praktysk net foar. Regisseurs, dy't der sa folle tiid by opsette en in part fan har libben bisteegje oan de kunstsinnige foarming fan in doarpsmienskip binne hjir amper to finen. It moat by ús amateurploegen almeasten hurder en makliker gean - en dan binne de resultaten der neffens.
Faeks soene wy fan De Sweach sizze kinne, dat it goede wurk dat dêr de lêste jierren op toanielgebiet forset wurdt, Diever wol sahwat bilykje kin. Lykwols, in great forskil is, dat wy op De Sweach de ûntjowing, lyk as wy dy yn Diever oanwize kinne, noch net sjogge. In noch al út elkoar rinnende en net altyd forstannige kar fan de stikken is dêr ien fan de oarsaken fan. Ek mei de regy binne hja dêr oant nou ta net sa lokkich as yn Diever; ôfsjoen fan de kwaliteiten fan de regisseurs is it in kearmannich foroarjen op himsels al in biswier.
Dochs wie de opfiering fan Arthur Miller's De dea fan in hannelsreizger (yn de treflike oersetting fan Marten Sikkema) ien fan de ljochtpuntsjes, dy't wy niis signalearre hawwe. Lykwols, dit stik is to swier foar amateurs en binammen foar in ploech, dy't noch mar yn it bigjinstadium fan syn ûntjowing is. Doe't wy de opfiering seagen, hawwe wy tocht oan in jiermannich forlyn, doe't wy de ploech yn Diever oant djip yn de nacht moedsum wrakseljen seagen mei King Lear. Hjir stie - yn Diever like goed as nou op De Sweach - yn it foar fêst, dat de krityske weardearring nea heger komme soe as: ‘Rekkene nei de swiere opjefte hawwe hja der noch gâns fan tolânne brocht.’ En dat is in útgongspunt, sà gefearlik, dat der net genôch foar warskôge wurde kin.
De Sweach het sûnder mis goede spilers. Eppy Kylstra hat, om mar ien to neamen, de rol fan Willy Loman spile op in wize, dy't foar in amateur tige knap neamd wurde mei. Mar der wiene to folle spilers, dy't dêr lang net oan ta kamen. Wy soene, it ien mei it oer, De Sweach foar de takomst in forstanniger kar tawinskje - wy leauwe, dat hja fan Diever ek op dit stik fan saken noch gâns leare kinne.
Ek in pear oare ploegen hawwe in oerset stik foar kar nommen. De krite Ljouwert spile Diggels fan M.J.H. Penning, yn it Frysk oerset troch Tabe Beintema. In wol ûnderhâldend, mar net botte sterk stik oer in sakeman, dy't ûnskuldich yn de finzenis sitten hat en yn it frije libben weromkomt, sûnder dat syn ûnskuld bikend is. Der waerd in opfiering fan jown, dy't gâns swakke stéën hie, mar dêr't wy tige knap spul fan Douwe de Haan yn de haedrol yn biwûnderje koene.
De slútjoun fan it Boun fan Fryske Toanielselskippen to Ljouwert moat it dwaen mei Misrekken, Barend van der Veen syn oersetting fan it wol tige swakke stik fan Willem van Boxtel Liefde is geen speelgoed. De ploech út Rien brocht fan dit drakerige stik net folle tolânne; sa net, it wie ek in ûnmooglike opjefte.