D.A. Tamminga:
Fan it Skylger lan.
Haww' jimm' wol west oan it waed by Kinum, en binne de keech syn nuver birin goun -
De huzen in kloft, de mendoar nei 't lij keard?
In tsjerke koe net wurde; folslein oars de himrik.
Of dan to Hoarne - forsakke - de tsjerke yn in kalklaech.
Of op Stryp, forsloopt, mar it hôfke bihâlden?
By Halfweg fansels binn' jimm' kundich; mar haww' jimm' ek stien to Stortum,
Of to Horp op it heechste en de mienskar oereage deun om jimm' hinne
Dat alles is Skylge.
Kenn' jimm' it Gat yn de Kaeidyk by 'Strein?
Haww' jimm' bilibbe op it strân om uterste Aest oan it Boarndjip Wytsinge plondertocht?
Faeks binne jimm' tein mei Douwe Spanjer syn reau nei briedplak en Bosplaet ta
Om de kobben to hearren en de ‘barningen’ rizen to sjen!
Mar haww' jimm' ek west mank it reid en de prip fan de blaustikel field?
En haww' jimm' de cranberries preaun út de seame fan 't Hordredersplak
Dat alles is Skylge.
Op Dellewal hawwe jimm' west, mar haww' jimm' de dyk by de Oelisjes sjoen en de wiel lyk efter de lobbe?
En hawwe jimme wol ris biklommen - sa moat ik noch freegje - de Stins, Sintrum fan Popma's gesach, kearn fan de eilanner frijmacht?
Kenn' jimm' de nammen Actania en Wexalia yn skiednis' forrin, En de koaijen, de swarte, help ta it âldste wurk?
En haww' jimme stien by Kaerdt of by Hee en de âlden dêr ‘preitse’ heard oer strân en oer sibben?
Dat alles is Skylge.
(O. Postma's ‘Fan it Fryske lân’ neifolge.)