| |
| |
| |
Op it harspit:
Eksperiminteel.
Yn syn artikel ‘Poëzij om de Poëzij’ yn de Tsjerne fan Juny op s. 186 seit Wadman: ‘En dan leau ik dat de eksperimintele poëzij yu prinsipe in suvere saek is, ntl. it bisykjen de poëzij to ûntdwaen fan har ûnsuvere bymingsels, fan har ynhâldkompleks, en de tael in poëticis to ûntslaen fan har al to swiere bilêsting oan bitsjuttings- en bigrypswearde’. Dit meije wy, tink ik, opfetsje as syn definysje fan eksperimintele poëzij. Prachtich, as ik nou mar wist hwat dat ‘ynhâldkompleks’ wie! Dat is dochs net alles hwat Wadman op s. 184 bineamt meiïnoar? Hy neamt dêr ‘de bigrypsynhâld, it biskreaune natûrtafriel, de anekdoate, de libbenswierheit, de filosofy, de morael om myn part’. Dat soe my dochs to bot oankomme! Ik tink dat hy hjir kompleks bidoelt as hwat sykliks, sa as ik wol ris sizzen heard haw: hy hat in kompleks. Dan kin ik der yn mei gean. Ik haw my ek ris ienkear ‘yn poëticis’ sa útlitten:
Soms moat ik fjochtsje tsjin dat útlizding,
Dy dûbel-punt - 't is dochs foar dichters net! -
En it al mar logysk gean fan 't ien nei 't oare ta.
- O, hwat ûnwizens bûten rede en wet!
Dan kin 'k binide jonge dichterfeint
Dy't sa as 't ropt it iene set nei it oar;
It gûlt en trillet, nimt it inerlikst mei
To dwalen earne, sa't net wiisheit doar.
Dat wie doe't ik pas ‘Lunchroom’ fan J.D. de Jong lêzen hie; mar ik leau net dat ik dizze fersen publisearre haw. Ik tink dat ik it letter to ûnwiis foun.
Mar nou it praktyske resultaet, it dicht ‘Langzaam’ fan Lodeizen. Wadman wol hawwe dat wy de ‘ynkringende charme’ fan dat gedicht ek wol ûntdekke sille. ‘Ynkringend’ liket my hwat sterk ta, mar alheel sûnder charme is it dochs net. Ik haw, by útsûndering, ris probearre út to finen hwer dy charme yn bistie of to minsten hwer hja út fuortkaem.
Ik haw dus om sa to sizzen de eleminten der fan opsocht; dêrta haw ik yn gedachten yn dy strofen komma's set, dy't de dichter, op twa nei, weilitten hie. Sa krije wy stikjes dy't apart hwat sizze kinne.
Wy bigjinne mei ‘winter, jij bent een slechtaard’, in wol aerdich klinkende boartlike oanspraek (mar freegje net hwerom de winter in ‘slechtaard’ is). Dan komt: ‘in de huizen verstop je je’; nou sjoch ik foar my in wol libben byld. Dan: ‘als een kind zie ik je alle scholen binnen hollen’; noch hwat libbener.
Ut de twadde strofe: ‘een klein beetje vuurwerk daarmee ben ik tevreden’; ek wol wer aerdich sein; ‘knip een stuk van deze middag af’; aerdige útdrukking. Ut de tredde: ‘dag slechte winter, scharenslijper’, boartsjend útskelden; ‘met geschramde knieën hol je over de speelplaats’, in tige libben byld! Dy boartlike sizwizen en dy libbene bylden jowe my meiïnoar eat fan ‘charme’. Mar dat wurdt dochs wol wer hwat bidoarn troch útdrukkingen, hwer ik net goed
| |
| |
út komme kin, sa as ‘met je lichaam in een tas’ en ‘gooi een sprookje in het water van de nacht’. Dan ûntbrekt alle bining; mar wy sjogge dochs wol dat de sfear alheel dy fan de skoalle en de bernetiid is. It dichtstik is dan, tinkt my, ek mear hwat foar bern as foar greate minsken; mar bern soenen dochs ek hwat rym hawwe wolle.
En hwerom moat it ‘Langzaam’ hjitte? It is dochs net de bedoeling dat it ‘langzaam’ reaunte wurde moat?
As wy nou de praktyk fan dit fers forgelykje mei de theory fine wy noch al hwat forskil. Yn de theory wurdt sprutsen fan in ûntslaen fan de tael ‘fan har al to swiere bilêsting oan bitsjuttings- en bigrypswearde’. Mar hjir is alle logysk forbân forsmiten; en dan is der hwat mear posityfs nedich as in bytsje charme sil der hwat goeds foar it ljocht komme.
By sommige fersen fan Gorter, sa as:
‘De avond aamt nu haar goudgroene licht,
Waar is uw gezicht, waar is uw gezicht?’ e.s.f.
is dat hwat greats, hwer ik gjin namme foar wit.
It is to hoopjen dat jonge Fryske dichters net to folle sa'n fers as dat fan Lodeizen as foarbyld nimme sille. Gorter doar ik har ek net oanriede. Mar nou tink ik al oan in gedicht fan Leopold, dat miskien ek wol eksperiminteel neamd wurde kin. Dat mochten hja dochs wol ris lêze. It is bititele ‘Regen’ en it bigjint sa:
‘Schaduwen van wie er gaat
Twa moajje rigels binne noch:
heeft ook zijn stil verlies gehad’.
| |
Misbigryp of mieningsforskil.
In ‘oerwoun misbigryp’ neamt Wadman it, as de foarm net sjoen wurdt as it essensiéle fan de dichtkunst en hy dekretearret dus, dat it probleem fan de poëzij noutiids de foarm is en oars neat. Mei itselde rjoeht kin ik nou wer krektoarsom sizze en dan binne wy noch altyd like fier. Lit ús earst ris kalm sjen, oft wy elkoar ek mistorsteane en der binammen acht op slaen, dat mei it ponearjen fan in stelling it biwiis noch net levere is. (Oft biwizen op it gebiet fan poëzij ea mûglik is, liket my tige de fraech ta!).
To'n earsten haw ik nearne biweard, dat de ynhâld primair en de foarm sekundair is. Like goed as: ‘As men de foarm foroaret sûnder ynderlike twang, dan hat dy foroaring gjin sin’, hie der yn myn opsteltsje stean kind: ‘As men de ynhâld.... ensfh.’ It is swier to sizzen, hokker fan dy twa nûmer ien is. Hjir binne twa dingen forboun ta in nije ienheit op in wize, dy't men net mei jins forstân útplúzje kin, hoefolle war minsklike skerpsinnigens der ek op docht. Hwerom de iene soarte fan poëzij jin wól hwat seit en in oaren nét, dat hinget der fan ôf, oft de dichter snaren trilje lit, dy't ek yn de harp fan jins eigen gemoed oanwêzich binne. En sa- | |
| |
dwaende fynt elk yn de literatuer fan de Griken ôf oan nou ta stikken, dy't him al en dy't Mm net ‘lizze’. My persoanlik sizze b.g. de fersen fan Vestdijk neat en ik lês Van Eeden (sels Ellen) graech. By Wadman is it oarsom. Dat seit oer ús beide mar ien ding, net mear en net minder: wy binne tige ûngelikense persoanlikheden. Fansels kin men ek hinnegean en siz: Hwa't nou noch fan ‘Lioba’ genietsje kin is by de tiid to'n efter en hwa't ‘Langzaam’ fan Lodeizen biwûndert is by. Of sa: Hwa't Achterberg forearet is in moade-snob, hwa't Verwey oanhinget, is in kenner en hwa't mei Vondel dweept, dat is pas in earsten leafhawwer fan poëzij. Dizze twa lêste útspraken binne der neffens my beide alhiel nêst; hja birêste op hwat ál to subjektive grounen.
Wadman wol der op út, it fers nat hwat oer to dragen, mear as mei to dielen. Mar is it earstneamde net in biheinder foarm fan it twadde? Kin men (troeh middel fan wurden dan) eat oerdrage sûnder meidieling? As immen fan ‘Ha!’ ropt, is dat in oerdracht. Mar as ik út syn útrop net forstean, hwerom er sa bliid is, seit it my formoedlik neat. En dat ‘hwerom’ sil er my troch meidieling witte litte moatte.
Fansels komt krityk oer minne forsteanberens fan moderne poëzij ek eartiids foar. De tael fan forskate tiidrekken wol wolris hwat út elkoar rinne en it dichterlik jargon fan Homerus is oars as dat fan, lit ús sizze, Vasalis. De iene dichter sil oan A. mear to sizzen ha en de oare oan B., mar as men dat wol, kin men beide min of mear folgje en bigripe en it sij mear, it sij minder ûndergean, hwat se oerdrage wolle. En hoe't it my ek muoit: it sitearre fers fan Hans Lodeizen jowt my syn ‘ynkringende charme’ net bleat. Myn ûngefoeligens is blykber to great: it spyt my! (Tusken heakjes: hwat sjocht men der dan dochs yn 'e goedichheit yn om gjin lêstekens to brûken? Komt soks ek fuort út forlet fan direkte oerdraehtt Of is dat nou in moade, hweroan men jin forslingerje kin?).
Ik haw sa'n idé, dat net follen neffens Wadman geskikt en knap genôch binne om eksperimintele poëzij to, bioardieljen. Hwa fan uzen kin him losmeitsje fan de ieuwenâlde bigrypswearde fan it wurd? En hwat bliuwt der fan de tael oer, as men de wurden fan har groeide bitsjutting losmakket? Dichtkunst hat dochs hwat mei tael út to stean?
My tinkt, it lân leit sa: wurden hawwe in, lit ús sizze, gewoane, deistige bitsjutting, dy't Jan en alleman bigrypt. Hja ha ek in symboalyske ynhâld, roppe bylden op, by dy't der gefoelich foar is, dy't gearhingje mei in dreamtastân, in oare foarm fan biwustwêzen. Miskien kin men it ek sa sizze: hja hawwe in eksotearyske en in esotearyske ynhâld. Dichters hawwe de eigenaerdichheit, dat hja, troch de eksotearyske foarm to brûken de esotearyske bitsjutting oproppe. Hwa't dêrfoar gefoelich is, ûndergiet dat as poëtyske oandwaning. En dat to sterker, neidat de oproppen bylden sterker harmoniëarje mei eigen ynderlik.
Dy ynderlike ynhâld fan it wurd is, tinkt my, itselde, dat Wadman mient, as er it wurd losmeitsje wol fan syn deistige wearde. Mar is it ús mûglik, dy ynderlike, miskien archayske wrâld, dy't prélogysk, licht wol superlogysk is, to bineijerjen, oars as útgeande fan dizze ús bikende wrâld fan foarm en kleur en lûden? De eksperimintelen bianderje dy frage fansels mei ‘ja’, de konvinsionelen mei in
| |
| |
min of mear orthodoks ‘né’. Neffens de lêsten leit de poarte, dy't tagong jowt ta it ûnthjitten lân, yn dizze ús biwende libbensfoarmen. Oan de dichter is it, de wei to finen, dy't de diesseitige lûden transforinearret yn jenseitige bylden. Hy fynt dy wei op yntuïtive wize, net troch redenearjen. It is dêrta nedich, dat er de tael yn perfeksje bihearsket en it diehterlik hantwurk goed forstiet.
It probleem fan de eksperimintele dichtkunst is itselde as dat fan de abstrakte kunst fan de skilders en byldhouwers. As reäksje op oerdreaune en deadzjende foarmforgoading binne hja to bigripen. Mar - lyk as altyd - binne de skealjes nou wer nei de oare kant oerslein en nou wol men linea recta, sûnder tuskenkomst fan de diesseitige foarm, de dêrefter skûljende jenseitige wierheit ôfbyldzje. En troch dat to dwaen, eliminearret men nou krekt de kunst. Hwant har taek is it, just yn diesseitige foarmen it jenseitige sprekke to litten en sa oandwaning op to roppen by hwa't der gefoelich foar is. Om by de poëzij to bliuwen: de dichter sprekt de tael fan al-den-dei en as er dat goed docht, skimeret ús hiel hwat oars foar eagen, as de wrâld fan al-den-dei. Mar dat oproppene moat er net bisykje direkt út to byldzjen, hwant dêrta binne ús wurden en bigripen ûnmachtich. Ek fan in minske kinne wy allinne de siel waernimme, salang it lichem libbet: wy kinne him der net útsnhe en siz: hjir is nou in siel.
Sjoch ik it goed, dan sit der efter de striid foar of tsjin de eksperimintele kunst in forskeel yn libbensskôging. Men wol it Geheim, it Jenseitige, hjir op ierde bineist komme; men sifert sa to sizzen it ûnderskie tusken tiid en ivichheit wei. Men wol oars neat kenne as dizze wrâld fan klank en foarm en kleur en mient, dat ‘it oare’, dat, hwat de dichter eins biroeret, sûnder mear hjirre to finen is. It liket my in aspekt fan it moderne tinken, dat him yn alle mûglike politike, filosofyske en sels religieuze foarmen tsjinwurdich oan ús presintearret: ‘Dizze wrâld is al hwat wy kenne en kenne kinne en dêryn moatte wy ús forwêzentlikje’. Is it net in neibloeijer fan it rasionalistyske en yntellektualistyske tinken fan de 18de, de 19de..., sels de 20ste ieu?
Hja fynt tsjin har oer de skôging, sa âld as it minskdom sels, pré-logysk en mystyk, dat der wrâlden bisteane, neger en better as dizze en dy't har net direkt útbyldzje litte. Men kin se allinne oproppe, as men it wurd, it biswarrende, sprekt. Dat koe eartiids de pryster, dy tagelyk de dichter en de wize wie. Nou moat de dichter it kinne, al is er gjin pryster en al sjogge follen ek gjin wize - faeks krekt oarsom - yn him.
It sil wol dûdlik wêze, dat ‘poëzij om de poëzij’ (L'art pour l'art!) my nèt wier taliket. Alle kunst - hokker ek - hat gjin doel yn harsels. De minske yndachtich meitsje op de dingen, dy't net fan dizze ierde binne - in leauwend Kristen sil sizze: de eare Gods forkundigje - dat is de funksje fan de kunst en dus ek fan de poëzij.
A. JOUSMA.
| |
Fuortset petear.
Wadman is it mei my iens, dat it der biroerd foarstiet, mar hy wiist myn argumentaesje yn 't algemien as romantysk en pathetysk, hjir en der sels as rankuneus en ûnwierhaftich ôf, en pleitet fierders
| |
| |
forheftich foar it isolemint fan de Fryske skriuwer. Hawar, as er nou mar posityf oare en better wegen wiisd hie, om it fordjêr, dat ús folk bidriget, tobek to slaen. Ynpleats dêrfan hat er in ynteressant, mar negatyf démasqué fan skiednis, folk en biweging jown. Wy komme der gjin stap fierder mei, it helpt ús earder fan de wâl yn 'e sleat. As dit démasqué de wierheit oangeande Fryslân wie, dan moasten wy faillissemint oanfreegje. As de biweging in clan is, dy't ta eigen gloarje it folk as materiael brûkt en net as doel sjocht, dan kinne wy de firma better opdoeke en sykje oare fordivendaesje. Mar it is sa net. Mei al har lek en brek, mei al har forsinnen en mislearringen, is hja de fuortsetting fan Fryslâns ieuwene striid om op eigen groun to libjen sa't God it skepen hat. Dit is har djipste driuw, har iennichste rjochtfeardiging. En dit doel is great genôch, om jin der mei de hiele hûd foar yn to setten. Derby hawwe wy gjin forlet fan in Umwertung der Werte, wol fan saeklike, byneed skerpe krityk, lyk as Fokke Sierksma dy bygelyks jown hat yn syn kommentaer op ús polemyk foar de R.O.N. Hy hat de biweging sokke essensiële fragen foarlein, dat it in griis is, dat mar sa'n lytse keppel Friezen dizze fjouwer lêzingen biharkje koe.
It is de taek fan de Fryske skriuwer net, seit Wadman yn it Augustusnûmer, om de tâsten (Fryslân en de biweging, sa't hja der hinne lizze) to foroarjen. Ik siz mei klam: it is syn taek al. Kinne de skilder en de byldhouwer, de akteur en de musikus, de professor en de studint, de boer en de bakker, elk út syn eigen Walhalla wei, net mei itselde birop op 'e needsaek ta selsforwurkliking frijstelling freegje? Of moatte hja allegearre in helt of in fearn út har komplisearre wêzen losmeitsje, dat strider hjit, en dan mei tsjinsin en ûnder protest meidwaen? Fan sa'n mismoedich selskip forwachtsje ik net folle heil. Allinne hwa't sels oertsjûge is, kin in oar oertsjûgje, allinne hwa't sels leaf hat, kin in oar ta leafde biwege. Foar de selsforwêzentliking set ik in oar bigryp oer: solidaire en birette tsjinst. Tsjinst oan it eigen folk, dat foar de lêste mooglikheit fan syn takomst stiet. Dy earme jonge dichters, dy't neffens Wadman Fryslân as probleem kwyt moatte, hawwe, as hja net konsekwint mei Fryslân brekke, mar ien alternatyf: de striid konsekwint akseptearje, ien en ienriedich mei de kameraten. Dan wurde hja it kompleks kwyt en bigjinne ek sûnder mis to sjongen.
Wadman syn birop op Hollân is wol tigo ûngelokkich. Hy hie ús sitewaesje forlykje moatten mei Flaenderen, Wales, Bretagne, Súd-Afrika, Suriname. De Hollânske dichter libbet (alteast nou noch) yn de feilige swetten fan in festige en fan alle kanten biskerme kultuer. Mar doe't it faei stie, tsjin 1940, hat bygelyks de yndividualist pur sang, Jan Greshoff, alarm slein: ‘Ik sla de trom en dreun de dromers wakker’.
As it knypt, wit ek de dichter syn plak oan it front.
INNE DE JONG.
|
|