fan de tael. Sûnder tael is poëzij ûnbisteanber en elk tokoart dwaen oan it wêzen fan de tael yn in fers, docht ôfbrek oan de poëzij. Hwa't oer de fragen fan de poëzij skriuwe wol, moat him earst rekkenskip jaen fan it karakter fan it materiael dat de dichter brûkt, fan wêzen, struktuer en funksje fan de tael. Dat is in foarfrage, mar in needsaekliken ien; dêrnei earst komme eigenlike problemen fan de poëzij oan 'e oarder. Troch't Wadman hjir net genôch ûnderskie makke, hat er alles troch elkoar mjokse.
Tael dan bistiet allinnich yn in minskemienskip. Dêrbûten hat er gjin sin, It grânzg'jen fan in houn mei in bonke, it wrinzgjen fan in hynder, it mjêkjen fan in bist yn deadsneed, is gjin tael. Dy ûntstiet pas, dêr't analytysk formogen is en ûnthâld fan it forline, dus by minsken. Dan komme der wurden mei ynhâld, wurden dy't hwat bitsjutte, bitekenje, symbolisearje. Der wurdt in forkearsmiddel foarme, in mooglikheit om hwat oer to dragen fan de iene op 'e oare, der groeit in systeem fan ûnderlinge forsteanberheit. Gjin logysk, mar in taelkundich, in linguistysk systeem, dat him ûntjowt nei eigen aerd, neffens eigen ymmaninte wet. De útdrukking nea net (nooit nie) is net logysk, mar taelkundich goed; de umlaut fan lange a nei ea is logysk net to forklearjen, mar in taelkundich feit, dat út eigenwetlikheit fuortkaem.
Tael is dus basearre yn sosiale omg'ong en hat as funksje in relaesje to lizzen tusken minske en minske, om troch dy wei hwat oer to dragen. Sûnder dat is alle tael sinleas; net allinnich de dichterlike, dêr't Wadman op út wol. Alle tael, skreaun of sprutsen, proaza of poëzij, is teken fan hwat der efter leit, fan hwat der mei bidoeld en oantsjutten wurdt, en docht net in appèl op it logysk bisef, mar op it taelkundich formogen fan ‘de oare’, dat it teken, symboal, wurd, wer transformearret yn fysyske, psychyske, logyske en wit ik hwat foar oare oandwanings, fielings en ‘kategoryen’ mear.
It grounprinsipe fan de poëzij leit dan ek alhiel net yn ‘it yntegrael oars wêzen fan de dichterlike tael’, sa't Wadman wol. Deselde tael wurdt brûkt yn buorfrouspraetsje en gedicht; beide binne dy ûnderwurpen oan deselde taelregels. Allinnich it gebrûk forskilt mei de brûker. Yn it lêste gefal is it de kunstner dy't hwat nijs skept út itselde materiael, dat de oare mishannelet yn de rabberij fan de eamelsek.