Om't ik goed naeije koe, kaem ik op in atelier en hja waerd Jossé's maman en ik syn petite maman. As ik jouns thúskaem, hie 'k soms in pear minuten tiid foar him, mar faek lei er ek wol op bêd. Ik bin hjir mar in frjemd, tocht ik dan; sels it bern en Michel wurde my frjemd. Ik seach Michel net faek mear, hy helle jouns gauris mei Jacques in pot bier, yn 'e herberch op 'e hoeke. Hy wist dat ik dêr net oer mocht; as er jouns thúskaem, wearzge ik soms fan him. Doe bigoun er wol ris to slaen.
Op in kear wie 'k sa dom der tsjin maman oer to kleijen, mar hja lake en sei: - Bistou dan sa'n domme goes, datst dàt net iens fordrage kinst? Dou bist hjir net yn it kâlde Noarden, forjit dat net. En oars, hwat let dy, to gean? - Sjoch, dit wie har troef, hja wist dat ik net gean woe, sûnder Jossé. En moed om to flechtsjen hie 'k net, nòch net.
Dy jounes wachte ik op Michel. Hy stonk nei drank, mar ik sei: - Lit ús noch in ein kuijerje. - Ik soe, ik moast mei him prate. - Lit ús hjir wei gean, sei ik, ik hâld it hjir net langer út, lit ús nei Fryslân gean! Ik kin hjir net aerdzje, dat witstou. Miskien wurde wy dêr wer like lokkich, as dat wy ienkear west ha. - Ik murk, dat Michel lilk waerd, it kaem miskien fan de drank. - Ik ha dy ienkear út 'e modder helle en dy troud, dat se dy net wer oppakke soene. En wy ha wrychtich noch in goede tiid hawn èk, al wie dat forrekte fabryk.... Hawar. Ik ha dy meinaem, bist myn wiif of bist it net? - Hy bigoun lûder to praten, aenst flokt er wer, tocht ik. - Ynsté fan tankber to wêzen, sangerest my om 'e kop mei allerhande ûnnoazele dingen. - Ik doarst to sizzen: - Yn Dútsklân hie 'k dy en ús jonkje, nou ha 'k dy net mear en it bern net.
Michel flybke op 'e groun; nou slacht hy my, tocht ik. Né, hy lake. - Dou wiest út in kamp flechte, dou hiest gjin famylje mear, dou hiest neat mear. Nou hast dus wer like folle, ha, ha.
Doe doarst ik to freegjen: Hâldstou dan net mear fan my? - Nayf bern, sei hy. Hy lake sa lûd, dat alles yn my kâld waerd, en dat alle leafde dy't ik noch foar him hie, stadich bistjurre.
- God, dit wie dochs net mooglik? Jossé, ús bern! It wie, as waerden my twa iiskâlde hannen om it hert lein. Ik stroffele en koe amper útbringe: - Ik haetsje dy! - Mar dat hearde hy doe net iens. Hwerom hie hy in hekel oan my, hwerom hie ik in hekel oan him? De oare moarns