De Harmonie en Vriva brochten nei elkoar Pirandello's Hendrik IV, spile troch it Rotterdams Toneel. Dit spul fan it leed dat de minsken inoar oandogge, mei't se dochs winliken maskere foar inoar oer steane, is de greatste triomf wurden foar de haedpersoan, Ko van Dijk, dy't yn syn wifkjen tusken waensin en wiisheit goede stipe foun by de oare leden fan it selskip.
Waensin en wiisheit soe men ek it thema neame kinne fan Charles Morgan's ‘Via Lissabon’; allinne wie de waensin (fan de oarlochsdemoralisaesje) hjir natuerliker en oannimliker yn forarbeide as de wiisheit dy't yn 'e metafysyske oplossing fan it drama to sykjen wie. Mei't al dochs in boeijend stik, dat Ank van der Moer en Ellen Vogel binammen goed brûkte kânsen bea, en Mien Duymaer van Twist tiid en taliz joech, to demonstrearjen hoe knap de ‘âldtsjes’ ek in lytse rol wisten to bringen.
Dat net elk serieus stik bilangryk hoecht to wêzen, biwiisde de opfiering fan ‘Het is tijd, dokter Schweitzer’ foar Vriva troch it Volkstoneel. In praetstik, dêr't men de goede bidoeling foar de died nimme moast, en lokkigernôch ek naem.
Yn it bigjin fan dit seisoen wiene Kunst aan Allen en Vriva beide ôfflein op ‘Een vrouw met een klein hart’ fan Crommelynck, dat de Nederlandse Comedie op har répertoire set hie. Ljouwert hat big'ryplikerwize syn favoriten ûnder de aktrises, en yn dit blijspul spile ien dêrfan: Mary Dresselhuys. Nou, it wie grif in amusant gefal, boppedat typysk Parizer boulevard-toaniel en dus sadanich op it kantsje ôf, dat guon memmen har hwat skammen foar de greatjonges dy't se sûnder erch meinommen hiene. De Harmonie folge doe mei ‘Bobosse’ (Bobbeltje) fan de boulevardier André Roussin, dy't fierders hwat mear yn syn marse hat as Crommelynck. It is it suksesstik fan Comedia wurden en de greate triomf fan Guus Hermus, dy't. Bobbeltje spile. Spitich dat Comedia, dat ek syn lêste seisoen bilibbe, yn 'e Maert ôfskie nimme moast mei in neatichheitsje as ‘Waarom jok je, Chérie?’, dat as tuskending tusken operette en toaniel allinne troch in perfekte opfiering to rêdden west hie, mar nou hwat earmtlik oankaem.
Mei de oare opfierings yn it ‘luftige’ soarte kin men koart krieme. De Kunst aan Allen-lju koene har noch fornuverje mei Mr. H.M. Planten's sabeare-detektivestik ‘Het geheim fan dr. Spencer’, in biskaefde en fordiverdearjende