De Tsjerne. Jaargang 8(1953)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 33] [p. 33] Marten Brouwer: Taboe as 't brune hjerstblêd rûgelestou foarby wylder giselje roun de caroussellen o sinneskroei hoe twingend lokket my de rook fan fûgelnêsten yn struwellen mar twivel fangt my yn syn plastic-hûd de hannen fan de langst klibj' yn wanten nachts yn dreamen wurdt de branning lûd oerdeis spegeldize oan alle kanten de tsjoen fan donkre lippen: dampe watten foarby as blossums yn in blauwe nacht hwant wé de fruchten: folkleaze mulatten tusken ús eagen hâlde foeten wacht Vorige Volgende