‘Mienst de Mieren grif?’
‘Wit ik folle fan Mieren. Ik ken inkeld de Wylde Mier, en syn omke de Wylde Meaner of menear, dêr wol ik ôfwêze, út it Frysk Lieteboek. In âldwrâldsk spul; ik hâld it op 'e masine fan Schuitmaker: hark dêr giet er rikketikketik.... Mar ik reitsje fan myn sjapiter. Jim biskermjende falanx dy't goedsizze moat foar de heidenske freugde, is oprôlle. Sjoch my net sa mâl oan. Oprôlle ja, of oanfretten troch de fyfte kolonne.
Fikse gearkomsten, kante resolúsjes, eptige organisaesjes? Ynoarder, ynoarder. Sa ha wy mannich tsjerke omhals brocht; suver yn 'e lear, foech yn 'e leafde.
Sjoch, ik haw my nea iepenlik tsjin 'e Fryske biweging forklearre; ik bin lid fan it Genoatskip, stiper fan 'e Akademy en lêzer fan 'e Tsjerne, en ik bin der neat to goed ta en hâld in lêzing foar de R.O.N. oer it ien of oare kulturele fraechstik. Mar - en dat is myn geheim - frijbliuwend. Dat is in aristokratyske geasteshâlding, dy't forskate fan jimme ek al ûnder bislach nimt.
Fielst wol dat it kâld wurdt, lûkerich? Dat is de berchloft, oars sein de splendid isolation. Witste, eartiids wie it sa: Frysk yn eigen formidden, Hollânsk dêrbûten. Dat wie karakterleas, jim sizze it op alle gearkomsten, en ik wit it ek wol. Doe haw ik de saek omkeard: Hollânsk yn eigen rounte, Frysk yn 'e kultuer. Sa skep ik my twa pikante formiddens, bin ik twaris ynteressant, earst foar mysels, dan foar in oar. En sa holje ik de saek fan binnen út.’
‘Ik haetsje dy’, brocht ik mei muoite út.
‘Dat lit my like kâld as datst fan my hâlde soest’, sei er leechlizzend. ‘Mar folle nijsgjirriger en bilangriker foar de ûntwikkeling fan 'e dingen is, dat it folk, dêr't jim op miene to bouwen, jim hatet. Fiele jim noch net hoe deaynein it wurden is fan jim kultuer? Dy libbene muorre stiet net mear om jim hinne; hy komt driigjend op jim ta en sil jim smoare. Ja, de prinsipiële lju op 'e foarposten, tochtste? Frijbliuwend, man, allegear frijbliuwend, lyk as ik. Striid? In primityf bigryp. Skôging, psychologyske forklearring, dêr bliuwt men sa lekker hol by.’
Hy sloech himsels mei de platte hân op it liif, en it hearde as in klap op in deakiste. ‘Avondtoilet verzocht’, sei er, en doe gyng er stean om g'nyskjend it lêste koeplet fan ‘It Heitelân’ mei to sjongen, dat de foarsitter, dy't net wist oft er it wol goed útspriek, krekt opjown hie.