Yn 'e fierrekiker:
By de dea fan in Bretonsk skriuwer. Roperzh ar Mason.
De 19de Febrewaris forstoar hommels en ûnforwachts to Hourtin by Bordeaux de Bretonske skriuwer Roperzh ar Mason, amper 52 jier âld. Hy wie krekt klearkommen mei in wiidweidige studzje ‘De patria’, dêr't er syn idéen oer de heitelânsleafde yn útiensette, en arbeide oan in boek oer Bretonske muzyk. Hy hie gâns oare plannen yn 'e holle, dêr't wy nea hwat fan sjen sille. Mar hwat er ús neilitten hat: in bondel poëzij, in philosofyske stúdzje, in roman, in mannich koarte toanielstikken en ûnderskate artikels, is foldwaende om him rjocht to jaen op 'e tankberens fan 'e takomstige Bretonske generaesjes.
Yn 'e Bretonske litteratuer en yn 'e Bretonske biweging beide naem Roperzh ar Mason in tige apart plak yn: dat komt nei alle gedachten troch de omstannichheit dat hy earst by de biweging kaem doe't er tritich jier wie (navenant net jong, dus) - wierskynlik yn 'e selde snuorje dat hy wer, nei in tiid fan ûnleauwe, in from Katholyk waerd; it komt ek mei troch it feit dat hy al ridlik gau yn de Frânske Marine posten fan greate bitsjutting bisette, en dat de Frânsken, om it sêftsedich to sizzen, net botte wiis binne mei de idéen dy't Roperzh ar Mason sines wiene. Mar, en dat is wol sa goed as wis, meast kaem it troch de aparte struktuer fan syn geast.
It liket dat Roperzh ar Mason, nei lange en swiere stúdzje op 'e siik nei de wierheit, yn Bretagne in soarte fan yntellektuële feilichheit, fan geastlike frede foun. Dat wie de fornaemste yndruk dy't men krige as men him moete: dat er in man wie dy't yn frede wie mei himsels, en mei oaren. Hy wie guodlik, geduldich, tsjinstré, immen dy't sûnder wurch to wurden syn gystene en koartkearige lânslju de dingen útlei en jitris útlei, ienheit preekjende en der neffens libjende. As skriuwer wie hy alhiel net ien fan it revolusjonnaire slach, net yn syn stoffe - lyk as Roparz Hemon - net yn syn kunstprinsipes - lyk as Youenn Drezen. Syn ynspiraesje, en de foarm dêr't er dy yn stal joech, binne folslein tradysjoneel fan wêzen: syn poëzij komt fuort út in djippe leafde foar it lân en it leauwe dêr't er yn berne is, en hja brûkt de rimende fersfoarm dy't de Bretonske skriuwers fan foar it tydskrift ‘Gwalarn’ fan de Frânsken oernommen hiene. Nei bûten út en nei binnen ta is syn dichtwurk forfolle fan frede: de wanhope komt nea oan de dwylsin ta, en de leafde brekt nea de swetten troch. Roperzh ar Mason wie in kristlik dichter.
De roman dy't er in jier forlyn publisearre, ‘Evit ket ha netra’ (‘Foar neat en nimmen’) tsjûget noch dúdliker fan dy freedsume ynstelling fan syn geast: tsjin de âlderwetske eftergroun fan boargerlik libben op it Bretonske plattelân jowt er in leafdesstoarje dêr't mar mkelde - hiel inkelde - forbeane tuten talitten wurde. Dit proaza is licht, rêstich en it hiele boek jowt de yndruk fan kalmte, in kalmte lyk as dy fan syn bertestreek, de kontreijen fan Gwened, oan 'e ein fan 'e Maitiid. Mar der is ek noch hwat oars yn dit