moderne kunstner ideëel bistean kinne moast, like ideëel as syn wurk is. Hy moast bistean kinne fan roes, skientme en leafde, en oars jild genôch hawwe om sûnder materiële soargen net fan, mar foar syn kunst to libjen. Mar salang't dat sa net is, ûnderwrot er mei syn moderne kunst eigen maetskiplike posysje. Maetskiplik stiet it einliken sa, dat de moderne kunst allinne bigoedige tsjinners hawwe kin. En dat soe noch neakener bliken dwaen, as moadiëuzens en snobisme har rol fan filantroop net spilen.
Hwat de moderne kunstners maetskiplik yn 'e twade pleats bilije moatte, is it konflikt fan kunst en seedlikheit, of oars wol sede. De moderne kunst dóchs forkeart net allinnich op 'e grins fan itjinge sein wurde kin, mar ek op dy fan itjinge sein wurde mei. Of hwer't hja safier noch net is, giet hja yn alle gefallen dy kant fierhinne út. By de mannichte dy't út ûnbigryp en maklikens net fan har witte wol komme sadwaende noch brede formiddens dy't har op prinsipiële grounen ôfwize, foar har warskôgje en har safolle mûglik mije.
Nou is dat konflikt djipper en net sa djip to bigripen. Men kin it taskriuwe oan boargerlikheit, konvinsionalisme en geastlik provinsialisme, mar der ek karakter, forantwurdlikheit, barmhertichheit, gewisse en hearrichheit oan heger wet efter sykje. Men kin it forklearje út 'e naïviteit fan it swart-wyt skema en it noflik forlet om de ûndeugd sa tsjuster en de deugd sa blinkend mûglik foar eagen to krijen, mar ek út it djippe forlet fan rjochtfeardiging en bifêstiging fan 'e (in) seedlike wrâldoarder. Men kin der in oanslach yn sjen op 'e frijheit en de souvereiniteit fan 'e kunst, mar ek stelle, dat de kunst gjin mear gerjochtichheit hat as hokker oare libbensutering en ‘wetsrounte’ ek en it foaral net minder fan biheining hawwe moat. Men kin komme op it binypte en it ûnbigryplike fan gâns seedlike krityk, mar ek op 'e warskôgingen krekt fan fan 'e greatste kunstners: Platoon, Augustinus, Pascal, Kierkegaard, Nietzsche, foar de forliedende macht fan 'e kunst.
It is hjir lykwols de gelegenheit net ta in bisykjen de ûngelikense bigripen datoangeande to skieden. Dat soe nammers ek neat jaen ta oplossing fan 'e kwestje. It konflikt bistiet, sa reëel mûglik en hjoed de dei feller as ea fan to foaren. Hjir giet it lykwols allinnich oer de maetskiplike kant, de gefolgen foar it materiële bistean fan 'e kunstner. En dy hoege net folle útliz; hja sprekke kleardernôch