mers sein wurde, dat it in dichterlik debút is, hwant as proazaskriuwer hat van Tuinen al twa publikaesjes efter de rêch, dy't yndertiid it omtinken fregen en mei rjocht en reden krigen. Lit ús hoopje dat dizze skriuwer it wol tige lytse espeltsje lju dat poëzij en proaza beide skriuwt yn Fryslân útwreidzje sil.
Hoe dan ek, wy hawwe nou syn earste bondel fersen en it earste dat ik der fan sizze woe, is dit: lokkich dat der wer ris in dichter foar it fuotljocht komt, dy't net bisocht hat om Hoornik, Nijhoff, Bertus Aafjes, de Mérode, Du Perron of Greshoff op side to kommen, mar dy't syn eigen paed siket. Hwat men ek fan van Tuinen syn wurk sizze wol, it is wurk fan in man, fan in ‘vent’, lykas de Forumgeneraesje it jerne útdrukke mocht, d.w.s. in dichter dy't yn 't earste en yn 't lêste plak libbet yn de forhâlding tusken syn eigen libben en syn kunst en dy't sadwaende suver fansels it stimpel fan dat libben set op dy kunst. Soksoarte figueren ken Fryslân yn in Obe Postma, in Douwe Kiestra, in Eeltsje Folkertsma, figueren dêr't men jin net by ôffreget: hwer haw ik dy jas en dat pak klean dochs earder sjoen? Dêrmei is fansels net sein, dat van Tuinen nou fuortdaliks yn ien sike neamd wurde kin mei de skriuwers dy't ik neamde, mar it feit dat hy fan itselde ras is, mei neffens my wol foaropset wurde.
Syn fersen binne dúdlikerwize skreaun út in ynwindige needsaek. Dizze kunst is gjin boarterij, of men soe it boarterij yn syn oarspronklikste en wêzentlikste bitsjutting neame moatte: de boarterij mei it libben, in direkt, net in ôflaet boartsjen. Alles yn dizze gedichten wiist dêr op. De wurdkar forriedt in foarleafde foar intensiteit, it rym wurdt stiifkoppich oan 'e kant set en allinne dêrre brûkt, dêr't it de intensiteit forsterkje kin. Dat jowt in eigenaerdige útwurking, dy't men b.g. ek fine kin by de like markante Hollânske dichter J.B. Charles: it rym is dan gjin regel mear, lykas meastentiids, mar it is útsûndering en dat útsûnderingskarakter jowt it syn krêft. It gefaer is fansels great, dat gemaksucht of machtleasheit gebrûk meitsje wolle fan dit dichterlik prosédé. Yn 't algemien is dat, liket my ta, by van Tuinen grif net it gefal, al lit dizze bondel wol swakke stéen sjen. Dat lêste is by in dichterlik debút gjin wûnder en grif net by in dichter, dy't sa fan syn libben, leafde en lijen biseten is as de dichter fan ‘Read en Grien’. In biseten dichter mei men van Tuinen