birekkenjen. O, dat haetlike koele swijen.... as er him ris ûnforwachts yn 't Frysk oanspriek?
It gounzjen fan 'e bannen helle oan, hja hiene de earste klim hawn, de wizer sprong foarút. De oar koe neat bigjinne sûnder sels risiko to rinnen. Hoe wie dy fint yn 'e goedichheit yn Amearika kaem? De lêste birjochten sprieken fan in hopeleas gefal, ûntslein út it tichthûs om yn 't sanatoarium to stjerren. En nou siet er hjir by him yn 'e auto. Wied er troch in wûnder rêdden?
Foar it gerjochtshôf hie de oar him doedestiids tafoege: ‘Myn tiid komt, de rekken wurdt dy oanbean’.
De presidint hie hammere en hy hie der om lake. Hwat soe dy fint him dwaen as er yn 't tichthûs siet? Hy wie doe al fan doel om nei Amearika.
De oar hate him om in troude frou, syn frou! en doe't it spul dy nachts platbarnde wist er dat de oar gjin alibi hie óm dy frou en hy hie dat tsjin him útspile.
‘Myn tiid komt’, hy waerd der kjel fan. Sei de oare it, of tocht er sels oan dy wurden?
Lyts wyld skeat oer de wei.... stel dat der ris in bân sprong, stel dat de motor it sitte liet. Gjin hoanne soe der nei kraeije yn dizze forgetten oarde.
De wei klom fannijs, hy hearde it oan it gounzjen fan 'e bannen. Fûl trape er op it pedael, mar de wizer kroep stadich tobek. Gong hâlde, foar alles gong hâlde, tocht er.
Ynienen koed er in gjalp fan freugde amper ynhâlde. Skean omheech seach er in skyn dy't aloan sterker waerd. In tsjinlizzer oan 'e oare kant fan 'e helling. It ljocht dounse al oer de beamtoppen, mei in minút soed er de koplampen sjen kinne.
Syn harsens wurken koartseftich, hy soe de wein op hûndert meter komme litte.... ha, dêr wied er al, de bistjûrder dimme de ljochten. Hy dimme net, noch net, aenst op hûndert meter....
De man njonken him kichte, soed er rûke dat syn kâns.... De oare auto knipere mei it ljocht. Ja, wachtsje mar, aenst soed er dimme, aenst op hûndert meter....
Ynienen gierden de bannen, it stjûr fleach him hast út 'e fingers, de wein skeat nei lofts, makke doe in gisel nei rjochts en stie dwers oer de wei.
Hy treau it portier op, mar de oar fette him bliksemsfluch by de kraech en skuorde him nei rjochts. Doe fielde er in ûntsettende slach, it wie as waerd er fan boppeminsk-